Springe nei ynhâld

Oliveberch

Ut Wikipedy
Oliveberch

De Oliveberch (Hebriuwsk: הר הזתים, Arabysk: جبل الزيتون, الطور) is in heuvel yn it eastlike, bestriden, diel fan Jeruzalim yn Israel. De heuvel waard ferneamd nei de olivebeammen dy't op de hellings stienen, mar de romeinen kapten by de belegering fan Jeruzalim de measte olivebeammen, om't se it sicht weinamen en ynwenners fan Jeruzalim de beammen brûkten om út de stêd wei útfallen te dwaan.

De Oliveberch is ien fan de trije piken yn in rige fan in rige bergen fan 3,5 kilometer lang eastlik fan de âlde stêd. De Scopusberch is mei 826 meter de heechste top en leit noardlik. De súdlikste berch is de Berch fan de Argewaasjes (om't kening Salomo dêr plakken foar ôfgoaderij stifte; 1 Keningen 11:7; 2 Keningen 23:13) en is 740 meter heech. De sintrale berch fan de rige, de bibelske Oliveberch, is 812 meter heech.

Flevit super illam (Lukas 19:41, "Hy skriemde om har"; Enrique Simonet, 1892)

Oer de Oliveberch wurdt ferskate kearen yn de Bibel skreaun, benammen yn it Nije Testamint yn ferbân mei de ferhalen oer Jezus.

Neffens de evangeeljes Lukas 21:37 en Jehannes 8:1-2 gyng Jezus wol nei de Oliveberch om dêr te oernachtsjen as Er yn Jeruzalim wie. Hy ûnderwiisde dêr syn dissipelen (Mattéus 24:3; Markus. 13:3) en oan de foet fan de Oliveberch sette Jezus' yntocht yn Jeruzalim útein. De doarpen Betfage en Betanië leine eastlik fan de Oliveberch. De hôf fan Getsémané, dêr't Jezus troch de Romeinen arrestearre waard, grinzget westlik oan de Oliveberch.[1][2]

Neffens de Bibel fûn ek de himelfeart fan Kristus plak fan de Oliveberch ôf.

Tombe fan de profeet Sacharja

Al sûnt bibelske tiden waard de Oliveberch troch de joaden brûkt om harren deaden te beïerdigjen. Hjoed-de-dei lizze der sa'n 150.000 grêven. Ek de grêven fan de profeet Sacharja en Absalom, de soan fan kening David, binne op de Oliveberch te finen.

Begraafplak

Nei de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 kamen Israel en Jordaanje oerien dat der ôfspraken makke wurde soene oer de frije tagong ta de hillige plakken, kulturele ynstellings en it gebrûk fan it begraafplak op de Oliveberch. Mar yn de 19 jier tiid dat Jordaanje it gebiet kontrolearre waarden der gjin risselwaasjes makke om in komitee te foarmjen. It waard net-Israelyske kristenen tastien om in besite te bringen oan de berch, mar alle joaden fan 'e wrâld, ek al wennen hja net yn Israel, en ek de measte net-joadske boargers fan Israel mochten net nei Jordaanje reizgje en koene it gebiet dus net yn.

Salang't Jordaanje it gebiet behearske waarden der grêven plondere, likernôch 38.000 grêven waarden fernield. Yn dy tiid lei Jordaanje fjouwer nije diken troch it begraafplak oan. Ek grêven fan bekende persoanen moasten dêrby wike. Kening Hoessein stie de bou fan it Intercontinental Hotel ta op de top fan de berch en de wei dy't nei it hotel dwers oer it begraafplak oanlein waard, fernielde op 'e hûnderten grêven. Guon dêrfan wiene sa âld as út de tiid fan de Earste Timpel Perioade. Grêfstiennen waarden brûkt om der parkearplakken en in tankstasjon fan it meitsjen of foar latrines foar it Jordaanske leger. De Feriene Naasjes hawwe dy polityk fan de Jordaanske oerheid nea feroardiele.

Nei de Seisdeiske Kriich yn 1967 waard der restaurearre en koe it begraafplak wer iepene wurde foar begraffenissen. De anneksaasje fan Israel yn 1980 fan East-Jeruzalim waard feroardiele as it skeinen fan it ynternasjonale rjocht en troch de Feilichheidsrie yn resolúsje 478 neatich ferklearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Mount of Olives