Springe nei ynhâld

Mystyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mystike)
De goadinne Persephone, fan it grutte Eleusinaaske reliëf yn it Nasjonaal Archeologysk Museum yn Atene

Mystyk hâldt meastentiids yn: 'heimsinnich, ferburgen of riedseleftich', mar kin ek in oare mear djippere betsjutting hawwe en hat dan mear te krijen mei belibjen of stribjen nei ienheid mei God troch fuortendaliks ûnderfining, yntuysje, of ynsjoch. Yn dizze lêste betsjutting wurdt it oerhingjen nei mystyk ek wol oantsjutten as mystisisme.

Mystike ûnderfinings hawwe mienskiplik, dat de eigen persoanlikheid min ofte mear ferdwynt en de wrâld as ien gehiel erfaren wurdt. De mystikus besiket himsels te ferienigjen mei it Alwêzen, dêr't er him om sa mar te sizzen mei oer in grins hinne stekt fan it gewoane waarnimmen of bewust wêzen.

Aktive en passive mystike erfaring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt wol ûnderskied makke tusken natuerlike en religieusk mystike ûnderfinings. Natuerlike mystike ûnderfinings binne bygelyks, it gefoel dat ûndergien wurdt by ienwêzen mei de natuer op in lange boskkuier. Dat soarte ûnderfinings binne faak fan in hiel oare aard as de religieusk mystike ûnderfinings, faaks omdat hja passyf binne. Meastentiids 'oerkomt' soks immen sûnder dat men de ûnderfining sels neistribbet. Natuerlike mystike ûnderfinings wurde net beskôge as religieuske ûnderfinings omdat se net ferbûn binne mei in tradysje. It binne lykwols likegoed spirituele ûnderfinings en kinne in djipgeande ynfloed hawwe op de persoan sels.

Religieusk mystike ûnderfinings binne faak folle aktiver as de passyf natuerlike ûnderfining, omdat de mystike ûnderfining oproppen wurde kin troch gebed, kontemplaasje of meditaasje.

Fierders kinnen neffens guons in mystike erfaring opwekt wurde troch it brûken fan psychedelyske drugs, lykas LSD of paddo's. Yn in protte net-westerske kultueren wie (en is) gebrûk fan dat soarte middelen in wichtich ûnderdiel fan de religy.

Mystyk en rationalisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mystiek stiet meastentiids heaksk op rasjonele wize krigen wittenskiplike kennis. De reden hjirfoar leit him yn it folsleine karakter fan de mystike ûnderfining. Fanút rasjonele hoeke sjoen is der in probleem, omdat mystike kennis net ferifiearre wurde kin. Sadwaande is mystike kennis tige persoanlik, mar net folslein ûnwier.

Foarmen fan mystike kennis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mystyk kin dus faak betsjutte it op ien of oare wize yn ferbining besykje te kommen mei God, it godlike of it boppenatuerlike, of it berikken fan in djippe steat fan meditaasje (sa as jhanas) en spirituele realisaasjes (sa as Nirvana). Meastentiids bart dit middels gebed, beskôging of meditaasje. Yn oare gefallen is sprake subjektive ûnderfinings fan boppenatuerlike aard, ofwol kontakt mei in oare werklikheid as de gewoane. Sokke kontakten kinne mear of minder yntinsyf wêze. Al neigeraden de ôfstân ta it boppe-ierdske kinne sokke ûnderfinings útien rinne fan in ienfâldich besef fan it hegere oant-en-mei in fûleindich ekstaze, bûten jinsels trede of in yngeande godlike gewaarwurding.

Aldous Huxley yllustrearret yn syn boek "perennial philosophy" oan de hân fan sitaten út de meast útien rinnende boarnen, wat mystiek ynhâldt:

Oan alle grutte religys leit ien grutste miene dieler ta grûnslach, it hat te krijen mei de grûnslach dêr't de mearfâldige en troch de tiid bûne geast yn woartele is, in ienfâldich, tiidleas bewustwêzen. Troch ús sels leafdefol, rein fan hert en earm fan geast te meitsjen kinne wy dat bewustwêzen ûntdekke en ús mei ferienje.

Bekende mystisy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mystyk en minsken mei mystike erfaringen komme troch de hiele skiednis foar: