Hildegard fan Bingen
| Hildegard fan Bingen | ||
| Hildegard fan Bingen set har fisioenen op waakstabletten. Har sektaris Volmar skriuwt se oer op perkamint | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertedatum | 1098 | |
| berteplak | Bermersheim vor der Höhe of Niederhosenbach | |
| stjerdatum | 17 septimber 1179 | |
| stjerplak | Bingen | |
| wurkpaad | ||
| berop | abt | |
| kleasteroarder | Benediktinen | |
| titels | doctrix ecclesia | |
| hillichferklearring | ||
| hillich ferkl. | 10 maaie 2012 | |
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| hjeldei | 17 septimber | |
| attributen | stêf, boek, pinne, fear, do, tsjerkemodel | |
| patroan fan | dokters, komponisten, skriuwers, teologen, miljeubeskermers | |
Hildegard fan Bingen (Bermersheim vor der Höhe (doopplak) by Alzey of Niederhosenbach by Idar-Oberstein, 1098 – Bingen (kleaster Rupertsberg), 17 septimber 1179) wie in Dútske benediktynske abdis, dy't jildt as earste fertsjintwurdichster fan 'e Dútske midsiuwske mystyk. Hja wie ûnder mear warber op it mêd fan religy, kosmology, wittenskippen, filosofy, komposysjes, poëzy, plantkunde en linguïstyk. Hja wie de earste komponiste út de skiednis fan 'e klassike muzyk fan wa't de namme witten is.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De krekte bertedatum fan Hildegard is net dúdlik. Hja waard om 1098 hinne as dochter fan Mechtild fan Merxheim en Hildebert fan Hosenbach berne, in famylje fan 'e frije legere adel yn tsjinst fan 'e greve Meginhard fan Sponheim. As berteplak wurdt meast Bermersheim von der Höhe neamd, dêr't Hildegard doopt waard, mar nei 20e-iuwsk ûndersyk soe it berteplak ek Niederhosenbach wêze kinne om't de famylje dêr oarspronklik wenne en besit hie. Hildegard wie it tsiende en lêste bern fan 'e famylje en waard fuortendaliks ornearre foar in libben fan tsjerklike tawijing. Dat wie doe wenst yn 'e Dútske adel as in famylje in tsiende bern krige.
Hildegard waard op 'e hearebuorkerij fan har heit grutbrocht en lykas doe gewoan wie op har achtste troch har âlden as oblaat ornearre en krige doe in religieuze foarming fan 'e acht jier âldere Jutta fan Sponheim. Jutta wie al twa jier earder yn 'e âldens fan 14 jier troch de Mainzer aartsbiskop Ruthard ta breid fan Kristus wijd.

Op 1 novimber 1112 waard Hildergard mei Jutta en in tredde frou yn in klus by it kleaster Disibodenberg opsletten, dat sûnt 1108 bewenne wie troch benediktynske muontsen. Wylst Jutta har ûnthjitten op dy dei die foar abt Burchard (1108–1113), die Hildegard dat letter foar biskop Otto fan Bamberg oer, dy't de finzen aartsbiskop fan Mainz, Adalbert, fan 1112 oant 1115 ferfong.
Nei't Jutta ferstoar yn 'e yntusken ta in kleaster útgroeide klús, waard Hildegard yn 1136 ta magistra keazen. Der wie jimmeroan skeel mei abt Kuno fan Disibodenberg, om't Hildegard de askese, ien fan 'e prinsipes fan it kleasterlibben, matige. Sa ferlichte hja de dieetregels fan 'e nonnen en ferkoarte se de tige lange gebeds- en oanbiddingstiden dy't troch Jutta ynsteld wiene. In iepen konflikt ûntstie doe't Hildegard mei har mienskip in eigen kleaster oprjochtsje woe. De Benediktinen fan Disibodenberg wiene dêr tige op tsjin, om't Hildegard harren kleaster yntusken populêr makke hie.
Fisioenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al hiel betiid krige Hildegard fisioenen, mar hja hie al gau foar it ferstân dat oare minsken yn har omjouwing dy net seagen en net begrepen. Dêrom hold hja har stil oant dy yn 1141 by in breder oantal minsken bekend waarden. Doe wie Hildegard al 42 jier âld. Hja beskreau in helder, fjoereftich ljocht dat har oerfoel en ynsicht joech yn 'e Hillige Skrift. Tegearre mei de muonts Volmar sette hja útein om dy fisioenen op te skriuwen, in proses dat likernôch seis jier yn beslach naam en resultearre yn har wurk "Scivias". De fisioenen wienen net allinnich in persoanlike ûnderfining, mar ek in boarne fan teologyske ynsichten en profetyske warskôgings foar tsjerke en maatskippij. It wurk bestie út 35 miniatueren, dy't tige keunstsinnich yn heldere kleuren ynkleurd waarden en tsjinnen om de yngewikkelde yn djipsinnige teksten foar ienfâldige minsken begrypliker te meitsjen. It orizjinele manuskript is sûnt de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich ferdwûn, mar yn'e Sint-Hildegardabdij fan Eibingen wurdt in kopy út de jierren 1930 bewarre.
Stifting kleaster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1150 stifte se tichteby de mûning fan 'e Nahe yn 'e Ryn it nije kleaster Rupertsberg by Bingen. De abt fan Disibodenberg aksele tsjin dat inisjatyf om't syn kleaster dêrmei ynkomsten kwytrekke. Hildegard wie nammentlik yn dy tiid al ferneamd en joech mei har ferneamdens ek Disibodenberg glâns, mar hja krige stipe fan hegere tsjerklike autoriteiten lykas paus Eugenius III en Bernardus fan Clairvaux. De mienskip op 'e Rupertsberg bestie út in grut tal benediktynske nonnen, faak út de adel of hegere boargerij. It wiene net allinnich jonge froulju, mar ek folwoeksenen dy't har bewust ûnder Hildegard's lieding deljoegen. Hildegard hie kontakt mei in protte geastliken, biskoppen en ek leken. Har brieven waarden foar in part gearstald en kopiearre troch har mienskip op 'e Rupertsberg. It kleaster waard yn 'e Tritichjierrige Kriich yn 'e 17e iuw ferneatige troch Sweedske troepen. De ruïnes binne der net mear, mar it plak fan it kleaster is bekend.
Fyftjin jier nei't Hildegard it kleaster op 'e Rupertberg stifte hie, stifte hja in twadde nonnekleaster oan 'e oare kant fan 'e Ryn yn Eibingen. Hja reizge regelmjittich nei dat kleaster en late de beide mienskippen as ien mienskip. It kleaster yn Eibingen waard yn 1802 opheft yn it ramt fan 'e sekularisaasje fan tsjerklik besit troch Napoleon en de Dútske steaten. De nonnen waarden doe ferdreaun en de eigendommen ferkocht of yn beslach nommen. De gebouwen binne doe foar in grut part ôfbrutsen. Yn 1904 waard net fier fan Eibingen in eintsje hegerop de hellingen in nije benediktynske abdij Sint-Hildegard boud. Dat kleaster bestiet noch jimmeroan.
Preken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tusken likernôch 1158 en 1171 makke Hildegard fjouwer grutte reizen troch it Dútske Ryk om te preekjen en minsken ta ynkear oan te trunen. Dat wie bysûnder om't dat foar froulju tige tsjin de hearskjende tradysjes wie. Hildegard waard lykwols rûnom respektearre as mystika en profetes en yn Trier preke hja yn 1160 op Pinksterdei foar in grut publyk. Har preken wienen kritysk foar de tsjerke oer en hja rôp op ta it suverjen fan it leauwen. Ek hie Hildegard kontakt mei keizer Freark I Barbarossa. Hja joech him geastlik en polityk rie, nei alle gedachten yn syn palts yn Ingelheim, net fier fan har kleaster by Bingen. Yn 1163 joech Barbarossa har kleaster keizerlike beskerming, in belangrike erkenning dy't har mear frijheid en beskerming joech.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn har lêste jierren wie Hildegard noch altyd aktyf as skriuwster, komponiste en geastlik liedster fan har kleaster op 'e Rupertsberg. Hildegard stoar op 17 septimber 1179 op 'e Rupertsberg. Neffens de Vita Hildegardis fan har learlingen Gottfried en Teoderik fan Echternach waarden by har dea twa strieljende ljochten oan 'e himel sjoen, itjinge as in godlik teken fan har hilligens útlein waard. Se waard begroeven op it terrein fan har kleaster op 'e Rupertsberg, dêr't har grêf in plak fan ferearing waard.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuort nei har dea waard Hildegard yn benediktynske rûnten en it Rynlân al as in hillige fereare en op regionale kalenders fan hilligen set. It grêf fan Hildegard waard in pylgerplak en nei't de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e 12e of 13e iuw in sintraal proses fan kanonisaasje ynfierde, binne der ferskillende oanfragen dien foar in offisjele hillichferklearring. Dochs duorre it noch oant maaie 2012 doe't paus Benediktus XVI in ein makke oan 'e ynformele status fan Hildegard en har mei de prosedure Canonizatio aequipollens (lykweardige kannonisaasje) offisjeel hillichferklearre. Yn oktober fan itselde jier waard Hildegard útroppen ta tsjerkelearaar (doctrix ecclesia), in tige seldsume en hege titel yn de Roomsk-Katolike Tsjerke en in titel dy't hja mei û.o. Theresa fan Ávila, Katarina fan Siena en Theresia fan Lisieux dield.

It belangrykste plak dêr't reliken fan Hildegard bewarre wurde is de parochytsjerke fan Eibingen, dêr't in skryn út 1929 stiet mei har plasse, hert, tonge en bonken. Yn 'e Sint-Rochuskapel fan Bingen wurde lytsere reliken bewarre.
Hildegard wurdt net allinnich as mystika en wize fereare, mar ek as beskermhillige fan spesifike groepen en hja wurdt oanroppen tsjin bepaalde syktes. Hja is patroanhillige fan Bingen am Rhein (it plak fan har kleaster op 'e Rupertsberg), Eibingen (lokaasje fan har lettere kleaster en hjoeddeistige ferearing) en it Rynlân, dêr't har ynfloed tige grut wie. Ek wurdt hja faak beskôge as patroanhillige fan komponisten, dichters en skriuwers, teologen, natuergenêzers.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hildegard fan Bingen (1098–1179) hat in yndrukwekkend oeuvre fan grut ferskaat neilitten. Har wurken binne yn it Latyn skreaun en omfieme religieuze fizioenen, medyske ynsichten, teologyske refleksjes, muzyk en brieven.
Teologyske en mystike wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Scivias (Sci vias Domini - Wit de wegen fan 'e Hear), skreaun ± 1141–1151, mei 26 fizioenen oer de skepping, ferlossing en de rol fan 'e tsjerke.
- Liber vitae meritorum (It boek fan 'e fertsjinsten fan it libben), skreaun ± 1158–1163, beskriuwt de striid tusken deugden en ûndeugden (in soarte fan morele allegory)
- Liber divinorum operum (It boek fan godlike wurken), skreaun ± 1163–1173, oer de relaasje tusken minske, kosmos en God.
Korrespondinsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hildegard liet mear as 300 brieven nei, dy't hja skreau oan pausen, biskoppen, keizers, kleasterlingen en leken. Der is korrespondinsje mei keizer Barbarossa, paus Anastasius IV en Bernardus fan Clairvaux bekend. Har brieven jouwe in byld fan har ynfloed, har geastlike gesach en har miening oer tsjerklike saken.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Symphonia armoniae celestium revelationum (Symfony fan 'e harmony fan himelske iepenbieringen), in samling fan 77 lieten.
- Ordo virtutum (Spul fan 'e deugden), ien fan 'e âldste West-Europeeske moraalspullen út ± 1152 four froulju mei ien partij foar manlju (in razende duvel).
Natuernunde en medysk wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Physica (Natuerkunde), giet oer de medisinale eigenskippen fan planten, bisten, stiennen ensfh.
- Causae et curae (Oarsaken en genêzingen), wurket syktes út mei oarsaken, symptoanen en behanneling.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ikonografy fan Hildegard fan Bingen is goed dokumintearre en hja waard al yn har eigen tiid ôfbylde yn it wurk Scivias, itjinge seldsum is foar in midsiuwske frou. Hja wurdt dêr ôfbylde mei in pinne yn 'e hân en waakstabletten, dêr't se har fizioenen op fêstleit. Faak komt der op ôfbylden fan har in fjoerstriel út de himel op har holle as symboal foar de godlike ynjouwing. Ek wurdt hja regelmjittich beselskippe troch in skriuwer of muonts (Volmar, har sekretaris).
Hildegard draacht as abdis mei stef faak in swart habyt mei in wite of swarte sluier. Somtiden hâldt Hildegard in boek fêst mei de titel Scivias of Liber divinorum operum as symboal foar har wittenskip en profetyske autoriteit.
Yn moderner wurkt wurdt Hildegard ek wol útbylde mei in ferwizing nei har wurk as komponist, lykas in muzyknotysje of harp.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Dútsk abt
- Dútsk filosoof
- Dútsk teolooch
- Dútsk dokter
- Dútsk publisist
- Dútsk yllustrator
- Dútsk komponist
- Dútsk hymneskriuwer
- Midsiuwsk skriuwer
- Kristlik mystikus
- Profeet
- Tsjerkelearaar
- Benediktyn
- Dútske adel
- Dútsk hillige
- Roomsk-katolyk hillige
- Anglikaansk hillige
- Persoan berne yn 1098
- Persoan stoarn yn 1179
- Bingen am Rhein
