Springe nei ynhâld

Alzey

Ut Wikipedy
Alzey
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringAlzey-Worms
Stedsyndieling5 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal19.468 ((31.12.2024)[1]
Oerflak35,22 km²
Befolkingsticht.553 ynw./km²
Hichte194 m
Oar
Postkoade55232
Koördinaten49° 45' N 8° 6' E
Offisjele webside
www.alzey.de
Kaart
Alzey (Rynlân-Palts)
Alzey

Alzey is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is de Kreisstadt fan 'e lânkring Alzey-Worms.

Alzey is ien fan 'e Nibelungenstêden mei't yn it epos in Volker fan Alzey neamd wurdt. De stêd wurdt dêrom ek wol Volkerstadt neamd.

Alzey leit westlik fan 'e Ryndelte yn in heuveleftich gebiet mei in sterk agrarysk karakter, dat de namme Alzeyer Hügelland hat. Troch de stêd rint it rivierke de Selz, dat yn 'e Ryn útmûnet.

Njonken Alzey sels bestiet it stedsgebiet út fjouwer Stadtteile:

It besjen wurdich (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fiskmerk.
  • It kastiel fan Alzey datearret út de twadde helte fan 'e 12e iuw, mar waard yn 1689 foar in part ferneatige. Yn 'e jierren 1901-1903 folge in werbou yn histoaryske foarmen.
  • De resten fan 'e stedsmuorren fan Alzey binne foar in part yn gebouwen yntegrearre en datearje út ferskate boufazen.
  • It riedshûs (1586) oan 'e Fischmarkt heart ta de rykste renêssânse riedshûzen fan Rynhessen.
  • De protestantske St. Nikolaus is in letgoatyske, trijeskippige halletsjerke út de 15e iuw. De spits fan 'e toer waard yn 1905-1906 neffens in ûntwerp fan Karl Krauß út Darmstadt boud.
  • Yn it eardere hospitaal oan 'e Antoniterstraße is tsjintwurdich it museum ûnderbrocht. It renêssânse gebou mei in toer datearret út 1540.
  • De letbarokke Kleine Kirche of Lytse Tsjerke yn 'e Amtgasse is de eardere lutherske parochytsjerke.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: