Tsjerkelearaar

Ut Wikipedy
Isidoar fan Sevilla, mei it boek fan de Tsjerkelearaars.
Gregorius de Grutte

De titel Tsjerkelearaar (Doctor Ecclesiae) is in earetitel yn de Roomsk-Katolike Tsjerke dy't troch it tsjerklik bewâld yn it ferlyn, ferline waard oan skriuwers dy't opfoelen troch harren hillige libbenswize, harren trou oan de tsjerklike lear en harren grutte geleardheid. De titel is ûntstien troch de ferearing fan de fjouwer westerske tsjerkefâden, de hilligen: Gregorius de Grutte, Ambrosius, Augustinus fan Hippo en Hiëronymus. Paus Bonifatius VIII wie dejinge dy't haren yn 1295 de earetitel fan tsjerkelearaar joech.

Troch Paus Pius V waard yn de 16e iuw oan dizze rige tafoege de trije Easterske hiërargen, Jehannes Krysostomos, Basilius de Grutte en Gregoarius fan Nazianze (1568). Dizze groep soe, útwreide mei de hillige Atanasius fan Aleksandrje yn it westen, fereare wurde as de fjouwer Easterske tsjerkefaars.

Letter waard oan dizze list fan tsjerkelearaars noch de folgjende hilligen tafoege:

Op inisjatyf fan Paus Paulus VI waarden yn 1970 twa froulju ta tsjerkelearares ferklearre: Teresia fan Avila en Katarina fan Siëna.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]