Syrillus fan Jeruzalim

Ut Wikipedy
Syrillus fan Jeruzalim
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ± 314-315
berteplak Mooglik Caesarea Maritima
stjerdatum 18 maart 386
stjerplak Jeruzalim
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke, Eastersk Otterdokse Tsjerken
hjeldei 18 maart
attributen Boek, stêf

Syrillus (ek: Kirill fan Jeruzalim; berne ± 315, ferstoarn op 18 maart 386) wie fan 349 oant 386 patriarch fan Jeruzalim. Yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, de Eastersk-Otterdokse Tsjerken, de Anglikaanske Tsjerke en de Syrysk-Otterdokse Tsjerke wurdt er as hillige beskôge. Yn 1883 waard Syrillus troch paus Leo XIII útroppen ta tsjerkelearaar.

Syrillus waard om 335 hinne troch Makarios fan Jeruzalim ta diaken en yn 343 troch biskop Maksimus fan Jeruzalim ta preester wijd.

Episkopaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ariaanske metropolyt Akasius wijde him yn 349 ta patriarch fan Jeruzalim. Yn dy tiid fûn der in fûle striid plak tusken de oanhingers fan it arianisme en de oanhingers fan it Konsylje fan Niséa, dêr't in oanset jûn waard ta de belidenis fan Niséa-Konstantinopel oer de minskewurding fan God yn de persoan fan Jezus Kristus.

Der binne oanwizings dat Syrillus ynearsten ek nei it arianisme nige of dat er him teminsten om politike redens wat op de flakte hold oer de op it Konsylje fan Niséa adoptearre twanatuerenlear. Nei 350 soe Syrillus stadichoan de kant fan Niséa keazen ha, en dat brocht him yn konflikt mei Akasius, dy't it foar inoar krige dat Syrillus ferballe waard. Hy kaam werom, mar by it konsylje fan Seleucia yn 359 wist Akasius him foar in twadde kear te ferbaljen. It ferstjerren fan keizer Konstantius II en de opfolging troch Julianus Apostata makke in ein oan dy twadde ferballing. De ariaanske keizer Falins (364-378) naam op 'e maatregels tsjin de oanhingers fan Niséa en Syrillus waard foar in tredde kear ferballe. Oan it ein fan it regear feroare keizer Falins syn polityk en Syrillus koe definityf werom nei Jeruzalim. Falins'opfolger, de út it Romeinske Hispanje ôfkomstige Theodosius I, makke in ein oan it arianisme en fierde it trinitêre kristendom as steatsgodstsjinst yn.

Yn it jier 381 waard mei it Konsylje fan Konstantinopel de belidenis fan Niséa befêstige. Nei alle gedachten waard dy belidenis foar in grut part troch Syrillus skreaun.

Syrillus ferstoar op 18 maart 386 in natuerlike dea.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan syn hân bleaune 24 kategezes bewarre. It wichtichste tema foarmje de kristlike ynstruksjes foar kandidaten dy't mei Peaske doopt wurde soene, werfan't er de ynhâld wiidweidich taljochtet. Fan grutte wearde yn dy mystagogyske kategezes binne de beskriuwings en teologyske yntepretaasjes fan de doop.

Dêrnjonken bleaune in preek oer de lamme yn Betzada (Jehannes 5:1-18) en in brief oan keizer Konstantius II bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: