Konstantius II
Flavius Julius Constantius (7 augustus 317 - 3 novimber 361), bekend as Konstantius II, wie keizer fan septimber 337 oant 3 novimber 361.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Konstantius waard berne yn Sirmium, yn Illyrikum, as de twadde soan fan Konstantyn de Grutte en syn frou Fausta. Syn bruorren en sussen wienen de lettere keizers Konstantyn II en Konstans en de twa famkes Helena en Konstantina. Op 13 novimber 324 waard hy troch syn heit ta Caesar beneamd. Likernôch 335 troude hy mei syn earste frou, in dochter fan syn omke Julius Konstantius en healsuske fan syn neef Julianus Apostata. Hy hie allinnich in dochter, dy't troude mei de lettere keizer Gratianus.
Opkomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe Konstantyn de Grutte stoar yn maaie 337 wie Konstantius der fuort by om safolle mooglik macht te gripen. Hy wie wierskynlik dejinge dy ferantwurdlik steld wurde kin foar it útrûgjen fan de heale manlike famylje fan Konstantyn. Yn septimber datselde jier ferdielde hy it ryk tegearre mei syn bruorren Konstantyn II en Flavius Julius Constans. Konstantius krige it eastlike diel, mei útsûndering fan Traasje, Achaea en Masedoanje, dat by Konstans hearde.
Allinne hearskippij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 340 stoar Konstantyn II, de âldste fan de trije bruorrren, hy kaam om it libben by in fjildslach tsjin syn jongste broer Konstans. Yn 350 waard ek Konstans deade, troch in opstân fan de usurpator Magnentius. Hjirtroch waard Konstantius yn theory de keizer fan it hiele ryk. Mar dêrfoar moast hy earst Magnentsius út de wei romje. Konstantius beneamde dêrta syn neef Flavius Claudius Konstantius, in broer fan Julianus Apostata, ta Caesar sadat dizze it easten yn 'e gaten hâlde koe, wylst hy sels nei Itaalje gie. Konstantius fierde twa fjildslaggen tsjin Magnentsius, by Mursa yn 351, dy't net útmakke einige, en by Mons Seleucus yn 353, wêr't hy der wol yn slagge om't Magnentsius foargoed te ferslaan. In jier letter liet Konstantsius Gallus deadzje, omdat hy him te opstannich fûn.
Striid tsjin de Perzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under Konstantsius syn hiele hearskippij wienen der geregeld ynfallen fan de Perzen. Sawat al dizze ynfallen koe hy ôfslaan, eat wat net sein wurde kin fan oare keizers. Hy wie ek súkselfol tsjin ferskate Jeropeeske barbaarske stammen.
Dea en opfolging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op oanrieden fan syn twadde frou Eusebia beneamde hy yn 355 in oare neef fan him Julianus Apostata ta Caesar, en stoerde him nei Galje dat te stellen hie mei Germaanske ynfallen. Julianus hie lykwols safolle súkses dat syn troepen him yn 360 ta keizer útrôpen. In boargeroarloch waard foarkommen troch de (natuerlike) dea fan Konstantsius op 3 novimber 361. Konstantsius hie gjin manlike opfolger sadat Julianus keizer waard fan it hiele ryk.