Arianisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Konsily fan Nisea (mozayk)

It arianisme wie yn it iere Kristendom, in streaming dy't nei har stifter Arius (256-336), presbiter fan Aleksandrje neamd waard.

Yn it arianisme wurdt it dogma fan de trije-ienheid net akseptearre. De oanhingers fan dit leauwen, seagen sawol Jezus Kristus as de Hillige Geast as skepsels fan God de Heit, dêr't sy ûnderhearrich oan wienen. Hjirby wie Jezus allinnich ûnderhearrich oan God, wylst de Hillige Geast sawol ûnderhearrich wie oan Jezus as oan God.

It ferskil tusken de ortodoksy en arianisme kaam hjir op del: de ortodoksy seit dat Jezus God is, wylst it arianisme sprekt oer godgelikens.

It Romeinske Ryk[bewurkje seksje | edit source]

Yn de 4e ieu wie it konflikt tusken arianisten en de neifolgers fan it dogma fan de trije-ienheid it grutste striidpunt binnen de tsjerke. Om it konflikt op te lossen waard it Konsily fan Nicea (325) by inoar roppen. De dêr opstelde belidenis fan it Leauwen, alhoewol't it akseptearre waard troch sawol de arianen as de net-arianen, hâlde in feroardieling fan it arianisme yn. Dit fanwege de sin dat de Heit en de Soan "fan deselde substânsje" binne.

Utsein dizze fersmiting bleau it arianisme noch in skoft ynfloedryk. Yn bepaalde perioades wie it sels de oerhearskjende teology. In nije fersmiting folgde op it Konsily fan Konstantinopel (381). Troch hurd tafege fan keizer Theodosius I tsjin de folgers fan it Arianisme, wie dit leauwen by de Romeinen om-ende-by 400 sawat útroege.

De Germaanske keninkriken[bewurkje seksje | edit source]

Yn de bloei fan it arianisme wie Ulfila begûn mei sindingswurk ûnder de Goaten. Hy soarge foar in Bibeloersetting yn it Goatysk. De Goatyske lieder Fritigern bekearde him ûnder it regear fan de ariaanske keizer Falens ta it arianisme en as gefolch hjirfan bekearden de measte oare Germaanske stammen yn it Romeinske Ryk har ek ta it arianisme. Dit gou ek foar de Fisigoaten, de Ostrogoaten, de Fandalen, de Boergonden en de Langobarden.

Allinnich de Franken bleaunen heidensk oant it westlik Romeinske Ryk - dêr't sy foederaty yn wienen - ferdwine soe. Sy stapten pas let, ûnder kening Klovis oer op it Kristlik leauwen, mar oars as by de oare Germaanske folken, hingen sy it Roomske leauwen oan. Dêrby hienen sy in foardiel, want troch dit leauwen soenen sy in bettere oansluting krije mei de foarhinne Romeinske ûnderdanen as oare Germaankse folken.

By de Ariaanske keninkriken bleau lykwols de kleau tusken de Germaanske eallju en de Romaanske en roomske befolking grut. Yn de roomske tsjerke waard yn it Latyn preke, wylst dit by de Arianen yn it Germaansk dien waard. Yn it Fandalenryk yn Noard-Afrika late dizze tsjinstelling ta in soad geweld en ferfolgings fan de katoliken (alteast neffens Gregorius fan Toers, in roomske skriuwer).

De Ariaanske riken gongen lykwols ien foar ien ferlern. De Fandalen en Ostrogoaten waarden troch keizer Justinianus I yn de 6e ieu ferneatige en de Boergonden troch de Franken. De Sueben gongen út eigen beweging oer nei it katolisisme, om mear stipe tsjin harren machtige Fisigoatyske buorlju te krijen.

Allinnich de Fisigoaten yn Spanje bleaunen fêsthâlden oan it ariaanske leauwen oant kening Rekkared I him bekeare liet ta it katolisisme yn 589. Hy woe dêrmei krekt as de Sueben syn keninkryk in bettere oansluting krije litte mei lannen om Spanje hinne, ek woe hy de tsjinstellings ûnder syn befolking út'e wei romje. Dizze oerstap fan Rekkard wie sawol foar it arianisme en de Goatyske taal it begjin fan'e ein.