Springe nei ynhâld

Arius

Ut Wikipedy
Arius

Arius (om 256 - Konstantinopel, 336) is de stifter fan it Arianisme, in religeuze streaming binnen it iere Kristendom.

It is slim om mei wissichheid wat te skriuwen oer it libben en lear fan Arius omdat net ien fan syn oarspronklike skriften noch bestean. Keizer Konstantyn joech, wylst Arius noch yn libben wie, opdracht al syn skriften te ferbaarnen en wat oerbleau is letter ferneatige troch syn ortodokse tsjinstanners. Wat fan syn wurk oerbleau stiet beskreaun yn de skriften fan geastliken dy't him ôfskildere as in ketter en is fansels net altyd like betrouber.

Arius waard berne yn Afrika. Hy wie nei alle gedachten fan Berber komôf. Der wurdt fan útgean dat er studint wie oan de eksegeten skoalle yn Antiochje dêr't hy studearre by de letter hillige Sint Lusian In grut part fan syn libben brocht hy troch yn Aleksandrje, in grutte stêd yn it Romeinske ryk, dêr't hy yn de tsjerke in wichtige rôl spile.

Hoewol't swier oerfallen wurdt troch syn tsjinstanner, liket Arius in grutte persoanlikheid west te hawwen, mei in atletysk bou, goeie manieren en in suver moraal. Yn de kristlike mienskip fan dy tiid wienen syn lykwols ideeën omstriden. Troch de biskop Peter fan Aleksandrje waard hy yn 311 foar syn stipe oan Meletius út de tsjerke set, mar troch syn opfolger wer talitten en ta pryster wije.

Arius ferstoarn nei alle gedachten om-ende-by 336.

Under ynvloed fan de Grykske filosofy en fersmiet Arius de sintrale gedachte dat Jezus Kristus, de soan fan God, sels ek God is. Hy learde dat Jezus it earste skepsels wie dat skepen waard. Om dizze lear waard hy fûl bestriden troch biskop Atanasius fan Aleksandrje, wat der ta liede soe dat de tsjerke lang om let, nei de dea fan Atanasius syn lear, foar altyd as ketterij ferwurp.

De belidenis dat Kristus de soan fan God is en ek God sels, is fûneminteel foar it kristlik leauwen yn it algemien. Under oaren troch de debatten dy't om dizze kwestje holden waarden kaam de tsjerke ta de fêstlizzing fan de lear fan de trije-ienheid fan God en de Twa-natoerenlear fan Jezus Kristus. Yn de leauwensbelidenis fan Nisea út 325 is de lear fan de trije-ienheid fêstlein. Dêrnei wienen noch tal fan konsilys (tsjerkegearkomsten) nedich om dizze teologyske kwestje foar altyd ôf te sluten.