Konsily

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In Konsily is in gearkomste fan regionale Kristlike lieders/amtsdragers. It wurd Konsily, offisjeel Oekumenyske Konsily, waard yn it earstoan allinnich brûkt as beneaming foar de byienkomst fan kristlike patriarchen meiinoar tusken de jierren 325 en 787 fan ús jiertelling. Sûnt it Earste Fatikaans Konsily waard mei it wurd konsily ek doeld op de gearkomsten fan de Roomsk-Katolike biskoppen ûnder lieding fan de paus yn Rome.

In konsily op provinsjaal nivo wurdt ek wol synoade neamd.