Springe nei ynhâld

Antiochje

Ut Wikipedy
Antiochje
Antakya
Polityk
Lân Turkije
Provinsje Hatay
Sifers
Ynwennertal 216.960 (2012)
Oerflak 858,08 km² (distrikt)
Befolkingsticht. 550 / km² (distrikt)
Stêdekloft 470.833 (distrikt)
Hichte 67 m
Oar
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Offisjele webside
www.antakya.bel.tr
Sint Pitertsjerke yn Antiochje
De rivier Asi Nehri/Orontes yn Antiochje

Antiochje (Turks: Antakya; Gryksk: Αντιόχεια η επί Δάφνη, Αντιόχεια η επί Ορόντου of Αντιόχεια η Μεγάλη; Latyn: Antiochia ad Orontem; of Antiochia dei Siri), is de haadstêd fan de Turkse provinsje Hatay. It leit by de Middellânske See benoarden Libanon, westlik fan Syrje. De fiertaal yn Antiochje is meast Turksk.

Antiochje wie yn de Aldheid de haadstêd fan it Seleusidyske Ryk en letter fan de Romeinske provinsje Syria.

Antiochje waard yn 300 f.Kr. troch Seleucus I Nikator (ien fan de generaals fan Aleksander de Grutte) stifte oan de rivier Orontes en al gau ta haadstêd ferklearre. Dat betsjutte in ferskowing fan it machtssintrum fan Babylon yn Mesopotaamje nei Syrje. Seleucus en syn opfolgers stiften op oare plakken noch oare stêden mei de namme Antiochje.

Al gau groeide de stêd út ta grutte metropoal, mei troch de soad hannelswegen út Aazje wei dy't hjir gearkeamen en de grutte haven yn it oanbuorjende Seleukia. Se waard ien fan de wichtichsste hellenistysske kultuersintra en kaam op it twadde plak nei Aleksandrje yn Egypte. De stêd wie lange tiid ien fan de westlike einpunten fan de siderûte. Ek yn de Romeinske tiid bleau it ien fan de grutste stêden fan it ryk. Meardere keizers ferfraaiden Antiochje mei grutte timpels en oare iepenbiere gebouwen.

De stêd spile in wichtige rol yn de ûntwikkeling fan it iere kristendom en wurdt mear as ien kear neamd yn it boek Hannelingen fan de Apostels. Neffens de oerlevering wie de Grot fan Sint Petrus it plak dêr't de apostels Paulus en Barnabas gearkamen. It Patriargaat fan Antiochie wie de sit fan ien fan de fiif kristlike Patriargaten yn it Romeinske Ryk.

De stêd rekke yn ferfal nei de Perzyske ynvaazje yn 540 en de ferovering troch it islamityske Arabyske ryk yn 636. De grutste oarsaak wie, neist de iderkear wer plonderings en ferwoastings, de ferskowing fan de hannelsrûtes dy't faak oer Konstantinopel gienen neidat dit de haadstêd waard fan it East-Romeinske Ryk.

Yn de 11e iuw wisten de Byzantinen de stêd te weroverjen op de Arabieren, mar yn 1084 makken de Seltsjoeken, yn ien fan de soad Byzantysk-Seltsjoekske oarloggen, har master fan Antiochje.

De krúsfarders feroveren de stêd yn 1098 ûnder lieding fan Bohemund I. By it belis soe de hillige Sint-Joaris ferskynd wêze. De krúsfarders makken fan Antiochje de haadstêd fan it Prinsdom Antiochje, ien fan de krúsfarderssteaten.

Antiochje waard ferovere troch de Mammelukken yn 1268. Yn 1322 foelen de Mongoalske legers de stêd binnen. Se waard sa yngreven ferwoaste dat it neat meard as in provinsjestêd wurde soe. Har rol as hannnelsstêd waard oernomd troch it oanbuorjende Iskenderun.

Nei de Earste Wrâldoarloch hearde Antiochje earst ta it Frânske mandaatgebiet Syrje, mar yn 1939 waard de stêd Turks grûngebiet.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende persoanen út Antiochje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]