Springe nei ynhâld

Barnabas

Ut Wikipedy
Byld fan Barnabas oan de Barnabaschurch te Mitcham, Ingelân

Barnabas (ek Sint-Barnabas, Joazef fan Syprus of de apostel fan Antiochje en Syprus; begjin 1e iuw, PalestinaSalamis (Syprus), ferstoarn yn it jier 61, wie, alhoewol't hy net ta de tolve apostels hearde, in wichtige apostel út de earste iuw nei Kristus. Syn oarspronklike namme wie Joazef en hy wie ôfkomstich fan Syprus. De apostels joegen him de namme Barnabas, dat "soan fan 'e fertreasting" betsjut (Hannelingen 4:37). Guon bibelgelearden stelle lykwols dat de namme "soan fan Nebo" betsjut.

Barnabas wurdt omskreaun as in wichtige skeakel tusken de apostels yn Jeruzalim en de bekearde Paulus, tusken joadske en net-joadske kristenen en tusken de twa kristlike gemeenten fan Antiochje en Jeruzalim.

Barnabas wie in tawijd kristen út Syprus, dêr't er in soad lân besiet dat er ferkocht en de opbringst dêrfan droech er oer oan 'e jonge kristlike mienskip. Hy wie de apostel dy't it opnaam foar de ta it kristendom bekearde kristenferfolger Paulus, dy't doe noch Saulus hiet, wylst de oaren it net op Paulus stean hiene, om't hja tochten dat dy him allinnich mar foardie as kristen.

Tegearre mei Paulus reizge Barnabas nei in kristlike gemeente fan benammen net-joaden yn Antiochje. In soad Griken wiene dêr ta it leauwen yn Jezus Kristus kaam en doe't de gemeente yn Jeruzalim dat fernaam, stjoerden se Barnabas en Saulus nei dy gemeente om harren dêr in jier lang te ûnderwizen. Doe't der ûnder keizer Klaudius in yn oerienstimming mei de wurden fan 'e profeet Agabus in grutte hongersneed yn Judeä ûntstie, sette Barnabas tegearre mei Saulus hjir in grutte solidariteitsaksje op om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers yn Jeruzalim en Judeä.

Paulus en Barnabas yn Lystra.

Ienris waard Barnabas tegearre mei Paulus foar in god oansjoen. Dat barde yn Lystra, doe't Paulus in man dy't nea rinne kind hie oantrune om wer te rinnen. Doe't de man yndied stean gyng en rûn tochten de minsken dat Barnabas Zeus wie en Paulus Hermes. It koste de twa apostels in protte krewearjen om de lju oan it ferstân te krijen dat hja ek mar gewoane minsken wiene. Mar krekt as yn Ikoanium besochten hjir ek joaden de beide apostels te stiennigjen en dêrom reizgen hja doe fierder nei Derbe.

Mei't der jimmeroan mear net-joaden ta it kristlike leauwen oergyngen, kaam fan joaden út Judeä de fraach oft dy eardere heidenen harren ek neffens de wet fan Moazes besnije litte moasten. Dat makke de jonge net-joadske gemeente yn Antiochje oerémis en Paulus en Barnabas gyngen nei Jeruzalim om dêr mei de apostels en de âldsten oer dy saak te praten. Lang net elkenien tocht itselde oer it antwurd op dy fraach en it feroarsake in grutte striid yn 'e jonge mienskip. Inkelde eardere Fariseeërs dy't kristen woarn wiene, stiene der op dat ek de net-joaden harren besnije litte moasten. Barnabas en Paulus wisten de harkers lykwols te oertsjûgjen dat it besnijen net nedich wie om beholden te wurden, ommers God hie de Hillige Geast likegoed oan de bekearde heidenen jûn as oan de bekearde joaden. Barnabas, Paulus en mei har Judas en Silas gyngen dêrnei nei Antiochje mei in brief, wêryn't it beslút stie dat de net-joadske kristenen gjin oare ferplichtings oplein krige, útsein it ferbod op it nimmen fan fleis fan offers fan ôfgoaden, fan bloed, fan fleis wêr't noch bloed yn sit en fan ûntucht. De gemeente yn Antochje wie optein doe't de brief oan har foarlêzen waard en Judas en Silas bleaune noch in skoftke ear't hja werom reizgen.

Koart nei't de Konsylje fan Jeruzalim byinoar west hie, kaam der troch in bittere striid in ein oan 'e gearwurking tusken Paulus en Barnabas. Paulus beskuldige Barnabas der fan dat er him beynfloedzje liet troch de joadsk-kristlike delegaasje fan Jeruzalim (Galatiërs 2:13). Paulus woe boppedat mei Barnabas op 'e nij alle stêden oandwaan, dêr't de beide apostels earder it bliid boadskip ferkundige hiene. Barnabas woe dan ek Jehannes Markus, dy't oan him besibbe wie, meinimme, mar dat wie Paulus min nei't sin om't dy harren earder yn Pamfylje yn 'e steek litten hie. De twa krigen dêr spul oer en lang om let gyngen hja elk in eigen wei. Barnabas gyng mei Jehannes Markus nei Syprus, wylst Paulus tegearre mei Silas troch Syrje en Sylysje teagen.

De dea fan Barnabas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ikoan fan Barnabas yn 'e eardere kleastertsjerke fan it ikoanemuseum Sint-Barnabas yn Enkomi, Syprus

Neffens de tsjerklike tradysje ferstoar Barnabas yn it jier 61 op Syprus. Hy waard begroeven yn it antike Salamis, tsjintwurdich in ruïnestêd noard fan Famagusta yn it troch de Turken besette diel fan eilân. De oanwêzichheid fan it grêf ferliende de legitimiteit foar in selsstannige posysje fan 'e Tsjerke fan Syprus. By it Konsylje fan Efeze yn 431 waard nei in lange striid tusken de tsjerkelieding fan Syprus en de patriarchen fan Antiochje om dy selsstannigens yn it foardiel fan 'e Tsjerke fan Syprus keazen.

Yn it jier 477 soe Barnabas foar aartsbiskop Antemios fan Syprus ferskynd wêze en him it plak fan syn grêf wiisd ha. Dêr fûnen hja de oerbliuwsels fan 'e apostel mei op syn boarst in eigen skreaun ôfskrift fan it Mattéus-evangeelje. Njonken it lege grêf fan 'e apostel is in boarne, wêrfan't men seit dat it wetter heilsum is en benammen genêzend wurket foar hûdsykten en ûnfruchtberens.

Nei't it grêf ûntdutsen wie, soene de oerbliuwsels fan 'e apostel yn opdracht fan keizer Zeno krekt as it ôfskrift fan it Mattéus-evangeelje meinommen wêze nei de Barbaratsjerke fan Konstantinopel.[1]

Boppe it lege grêf waard yn 1953 in kapel boud.[2][3] Op in hûndert meter ôfstân fan it grêf stiet it Barnabaskleaster. Nei de etnyske suveringen yn 1974 as gefolch fan 'e Turkske ynfal yn Syprus ferlieten yn 1976 de trije lêste muontsen it kleaster om harren âlde dei yn it Grykske diel fan it eilân troch te bringen. Tsjintwurdich is der in ikoanemuseum yn 'e tsjerke ûnderbrocht.[4]

De apostel waard neffens de oerlevering troch oergeunstige joaden tidens nei in dispút yn in synagoge nei bûten sleept. Dêr waard Barnabas martele en kaam er troch stienniging oan syn ein. Jehannes Markus makke dat allegear fan tichteby mei en begroef Barnabas dêrnei. Ek binne der ferhalen dat Barnabas nog wurke hat yn Grikelân en Rome en dat er biskop west hat fan Milaan.

Barnabas is de patroanhillige fan it eilân Syprus en fan 'de stêden Florence, Milaan en Logroño. It is ek de beskermhillige fan 'e kûpers en wevers.

  • Roomsk-Katolike Tsjerke: 11 juny
  • Luterske Tsjerke: 11 juny
  • Anglikaanske Tsjerke: 11 juny
  • Eastersk-otterdokse Tsjerke: 4 jannewaris en 11 juny
  • Syrysk-Ottersdokse Tsjerke: 11 maaie, 11 juny en 17 desimber
  • Armeenske Tsjerke: 9 april, 11 juny en 29 oktober
  • Koptyske Tsjerke: 11 juni, 17 desimber [5]

Barnabas wurdt fakentiden ôfbylde mei in stien (in ferwizing nei de stienniging) of it evangeeljeboek fan Mattéus, dat yn syn grêf fûn waard. Somtiden wurdt Barnabas as biskop foarsteld, dat hat te meitsjen mei de oerlevering dat Barnabas biskop west hat fan Milaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nije Testamint, Bibelboek Hannelingen 13-15