Fransiskus fan Sales

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Fransiskus fan Sales
Christian cross.svg   hillige
Reliëf fan de hillige oan de kommunybank fan de Ljouwerter Sint-Bonifatiustsjerke
Reliëf fan de hillige oan de kommunybank fan de Ljouwerter Sint-Bonifatiustsjerke
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum 21 augustus 1567
berteplak Thorens-Glières
stjerdatum 28 desimber 1622
stjerplak Lyon
hillichferklearring
sillich ferkl. 18 desimber 1661
hillich ferkl. 19 april 1665
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke, Anglikaanske Tsjerke
hjeldei 24 jannewaris
hillichdom Basilique de la Visitation, Annecy
attributen boek, skriuwfear, hert
patroan fan dôven
sjoernalisten
skriuwers
de stêden Geneve, Annect en Chambéry
wicht. wurken Introduction à la vie dévote
Trait de l'Amour de Dieu

Fransiskus fan Sales (François de Sales; * 21 augustus 1567 op de boarch Sales, Thorens-Glières; † 28 desimber 1622 yn Lyon) wie prinsbiskop fan Genève, mystikus, tsjerkelearaar en de stifter fan in kleasteroarder. Hy is patroanhillige fan skriuwers, sjoernalisten, dôven en de stêden Genève, Annecy en Chambéry.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fransiskus yn 'e âldens fan 12 jier

Fransiskus stamde út in aadlik laach út Savoye. Syn heit wie François de Boisy en syn mem Françoise de Sionnaz. Hy wie de earste fan tolve bern. Syn heit woe foar syn earste soan de alderbêste oplieding en stjoerde syn soan nei de skoalle fan La Roche-sur-Foron en Annecy. Yn 1578, doe't er tolve wie, besocht er it Collège de Clermont yn Parys. Dêr fersile er in pear jier letter yn geloofskrisis. Hy wie op hichte mei de teologyske ferhannelings oer de kalvinistyske lear oer de predestinaasje, dy't ha wol dat God fanôf it begjin al fêstlein hat hokker minske ta de silligens en hokker minske ta de ferdommenis feroardiele wurdt. Sokke fraachstikken brocht Fransiskus in soad betizing.

Fransiskus leaude sels in skoft dat God him al feroardiele hie. Yn desimber 1586 namen de twifels en betizings sa bot ta, dat er der lichaamlik siik fan waard. Yn jannewaris 1587 wist er himsels mei grutte muoite noch yn de Saint-Etienne des Gres-tsjerke te slepen. Mei it bidden fan de ''Memorare'' dêr, in bekend roomsk gebed, wist er oer sys krisis hinne te kommen. Tenei wijde er syn hiele libben oan de Heare. Fransiskus rekke derfan oertsjûge dat wat God fierder ek mei him foarhie, it goed wêze soe, om't God leafde is. It betrouwen yn in tawijing oan de God fan de leafde makke in ein oan syn krisis en beynfloede de rest fan syn libben en foarming. Syn positive Gods- en minskbyld en optimisme geane op dy ûnderfining oan it ein fan syn krisis yn Parys werom.

Yn 1588 gyng Fransiskus nei de universiteit fan Padua. Dêr studearre er njonken rjochtwittenskip ek teology. Yn him ripe de winsk op preester te wurden. Mei de promoasje ta dokter fan tsjerklik en wrâldsk rjocht slette er syn stúdzje ôf. Nei in beafeart nei Loreto gyng er nei hûs werom, dêr't syn heit al in soad war dien hie it paad foar in fierdere juridyske karriêre frij te meitsjen; hy hie foar Fransiskus û.o. al in sit yn de senaat fan Chambéry regele. Mei grutte muoite koe syn heit it akseptearje dat syn soan in hiel oar paad gyng.

Misjonaris yn de Chablais[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fransiskus by paus Klemens VIII

Op 7 maart 1593 beneamde paus Klemens VIII him ta domproast fan Annecy. Dêr waard Fransiskus op 18 desimber fan itselde jier ta preester wijd. Al gau nei de wijing wied er ree om him yn te setten foar de rekatolisaasje fan de Chablais, in op it kalvinisme oergien diel fan it bisdom Geneve. Om't de kalvinisten de minsken straften as hja nei syn preken hearden, brûkte Fransiskus it doedestiids nij medium fan in fluchskrift om syn tinzen by de minsken oer te bringen. En dêrmei hied er súkses: nei fjouwer jier wie hast de hiele befolking fan de Chablais werom by de memmetsjerke. Dy wurkwize wie ien fan de redenen wêrom't Fransiskus fan Sales yn 1923 yn it ramt fan de 300-jierrige betinking fan syn stjerdei troch paus Pius XI ta de patroanhillige fan de skriuwers en sjoernalisten beneamd waard.

Koadjutor fan de biskop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn opdracht fan syn biskop Claude de Granier reizge Fransiskus yn 1598 nei Rome. Dêr brocht er ferslach út oer de sitewaasje yn it bisdom. Ek slagge Fransiskus mei flagge en wimpel by Klemens VIII en in kardinaalskollegium foar in biskopstoets. Yn 1599 waard er de biskoplike koadjutor fan it bisdom Geneve-Annecy, in hulpbiskop mei it rjocht fan opfolging (cum iure successionis).

Tsjin it ein moast Fransiskus foar it earst op in diplomatike missy om yn Parys mei kening Hindrik IV te praten oer it rekatolisearjen fan de Frânske dielen fan it bisdom Geneve. Fransiskus wist yn Parys mei syn preken de minsken tige fêst te hâlden, mar syn petear mei de kening helle neat út. Yn dy tiid learde Fransiskus madame Barbe Acarie kennen, dy't letter as Soeur Marie de l'Incarnation (= Suster Marije fan de Minskwurding) sillich ferklearre waard. Tegearre mei har man liede hja in rûnte fan kristlike leken, dy't it religieuze libben fan Frankryk fernije woene.

Prinsbiskop fan Geneve[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Biskopswapen fan Fransiskus fan Sales

Doe't Fransiskus werom reizge nei Geneve hearde er fan de dea fan syn biskop. Op 8 desimber 1602 waard er yn de tsjerke fan Thorens-Glières by Annecy ta prinsbiskop fan Geneve wijd. Om't de kalvinisten yn de stêd Geneve baas wiene, moasten de biskoppen fan Geneve yn Annecy residearje. As biskop wie Fransiskus oant syn dea benammen dwaande mei de ynfiering fan de herfoarmings fan it Konsylje fan Trente en de reorganisaasje fan de kleasters en de geastlikens. Hy besocht as earste biskop alle 311 parochytsjerken fan syn bisdom en hold mear as 3000 preken. Hy wie warber foar it godstjinstûnderwiis foar bern en de foarming fan folwoeksenen. Foar dat doel stifte er yn 1606 tegearre mei Antoine Favre de Académie Florimontane, in ûnderwiisynstelling lykas de tsjintwurdige Académie française, dêr't net allinne praat waard oer fraachstikken fan de moderne wittenskippen, mar dy ek yn de gearhing mei it kristlike leauwe brocht waarden. As jurist waard him by skeel faak om ried frege. Hy makke mei syn sêfte en hertlike karakter grutte yndruk op de minsken. Yn in soad fan de likernôch 20.000 brieven, dy't er yn syn libben skreau, jout er advys oan minsken oer libbensfragen en saken oer it leauwe.

Johanna Fransiska fan Chantal en de stifting fan de Marije-Fisitaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fransiskus oerlanget yn 1610 de Susters fan Marije-Fisitaasje de oarderregels (Noël Hallé (1711-1781))

Yn 1604 kaam Fransiskus yn kontakt mei de widdo Johanna Fransiska Frémyot, barones fan Chantal. Hja koene it op geastlik mêd tige mei inoar fine en op 6 juny 1610 liede dy freonskip ta de stifting fan de Oarder fan de Susters fan Marije-Fisitaasje, tsjintwurdich ek Fisitandinnen neamd. Paus Paulus V ferliende de oardermienskip op 6 oktober 1618 erkenning.

Skriuwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1609 publisearre er syn boek Introduction à la vie dévote of Philothea (yn Nederlân publisearre ûnder de titel "Inleiding tot het devote leven").[1] It boek leit yn praktyske sin út hoe't minsken yn harren berop en it deiske libben kristen wêze kinne. It waard tige goed ferkocht en heart oant hjoeddedei ta de meast ferkochte boeken fan de kristlik wrâldliteratuer. It wichtichste teologyske wurk publisearre Fransiskus yn 1616 ûnder de titel Traité de l'Amour de Dieu of Theotimus (De ferhanneling oer de Leafde Gods).[2] Mei dat wurk krige Fransiskus in plak yn de rige fan de meast ferneamde kristlike mystisi fan de 17e iuw.

Syn lêste jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de jierren 1618-1619 makke Fransiskus in twadde diplomatike reis nei Parys. Oanlieding foar de reis wie it houlik fan prins Fiktor Amadeus fan Savoye mei prinses Kristine fan Frankryk, de suster fan kening Loadewyk XIII. Fransiskus wist it kontakt tusken de Frânske kening mei syn mem Maria de' Medici wer yn oarder te meitsjen. Hy besocht ek de noch jonge kardinaal Richelieu der fan te oertsjûgjen him net as biskop yn de polityk te mingen, mar slagge dêr net yn.

Mei it ôfnimmen fan syn sûnens woed er graach as biskop ôftrede en him yn klausuer ôfsûnderje, om dêr God mei it skriuwen en it bidden fan de roazekrâns te earjen. Sa fier kaam it net mear, yn de lette hjerst fan 1622 gyng er mei de hartoch fan Savoye nei Avignon foar in moeting mei kening Loadewyk XIII. Op de weromreis krige er yn Lyon in beroerte. Hy ferstoar yn 'e âldens fan 55 jier op 28 desimber 1622.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deadsmasker fan Fransiskus de Sales (Basilique de la Visitation, Annecy)

It lichem fan Fransiskus waard nei Annecy brocht en yn jannewaris 1623 yn de tsjerke fan it Marije-Fisitaasjekleaster yn Annecy byset. Tsjintwurdich leit Fransiskus yn de Basilique de la Visitation boppe de stêd.

Paus Aleksander VII ferklearre Fransiskus op 18 desimber 1661 sillich en op 19 april 1665 hillich. Op 19 july 1877 krige Fransikus fan paus Pius IX de titel doctor ecclesiae. Mei de betinking fan syn 300-jierrige stjerdei beneamde paus Pius XI Fransiskus ta patroanhilige fan skriuwers en sjoernalisten. Al earder wie Fransiskus patroanhillige fan de dôven en de stêden Geneve, Annecy en Chambéry.

Feestdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Roomsk-Katolike Tsjerke: 24 jannewaris
  • Anglikaanske Tsjerke: 24 jannewaris

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Franz von Sales