Springe nei ynhâld

Teksas

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Texas (steat))
Steat Teksas
State of Texas
flagge wapen
Friendship
(Ingelsk, "Freonskip")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting TX
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1845)
haadstêd Austin
grutste stêd Houston
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 27.695.284 (2015)
befolkingstichtens 40,8 / km²
oerflak 696.241 km² (2,5% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Lone Star State
tiidsône UTC –6 (uterste westen –7)
simmertiid UTC –5 (uterste westen –6)
webside www.texas.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Teksas. Foar oare betsjuttings, sjoch: Teksas (betsjuttingsside).

Teksas (Ingelsk: Texas; útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus"; Spaansk: Tejas of Texas; útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"), offisjeel de Steat Teksas (Ingelsk: State of Texas), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Teksas, byneamd de Lone Star State, leit yn it suden fan 'e Feriene Steaten, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko en tsjin 'e grins mei Meksiko oan. Histoarysk heart it ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Austin, mar de grutste stêd is Houston. Neffens in skatting út 2015 hie de steat doe krapoan 28 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 2e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei Kalifornje. Oangeande oerflak is Teksas mei goed 696.000 km² ek de 2e steat, nei Alaska. Teksas stiet bekend om syn cowboykultuer, syn ierdoaljeyndustry en in 'eigenheid' dy't gjin inkele oare steat belykje kin en dy't troch de Teksanen koestere wurdt.

De namme Teksas is in ferfrysking fan it Ingelske Texas (útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus"), dat wer ôflaat is fan 'e Spaanske foarm Tejas of Texas (útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"). Uteinlik giet de namme tebek op it wurd táyshaʔ, dat ôfkomstich is út 'e Yndiaanske Keddo-taal, mei de betsjutting "freonen" of "bûnsmaten". Oarspronklik wie it in oantsjutting dy't troch de Spaanske kolonisators brûkt waard foar de Keddo (Caddo), dy't harren, oars as in protte oare Yndiaanske folken, tagedien wiene. De offisjele bynamme fan Teksas is Lone Star State, de "Steat fan 'e Iene Stjer", in oantsjutting dy't op 'e Teksaanske flagge slacht.

It heuvellân fan eastlik Teksas.

Teksas hat in oerflak fan 696.241 km², wêrfan't 2,5% út wetter bestiet. Dêrmei is it de op ien nei grutste Amerikaanske steat, nei Alaska. Teksas leit foar it meastepart yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5), mar de westlike punt makket diel út fan 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). De steat leit yn it midsuden fan 'e Feriene Steaten en heart histoarysk ta de regio fan it Amerikaanske Suden. Teksas grinzget yn it easten oan Louisiana, yn it noardeasten oan Arkansas, yn it noarden oan Oklahoma en yn it westen oan Nij-Meksiko. Yn it noardeastlike part fan 'e steat foarmet de Reade Rivier de grins mei Oklahoma; yn it noardwesten stiket de Panhandle fan Teksas in hiel stik nei it noarden ta út, dêr't dy krite grinzget oan 'e Panhandle fan Oklahoma. Yn it súdwesten foarmet de meänderjende Rio Grande de ynternasjonale grins mei Meksiko en de Meksikaanske steaten Chihuahua, Coahuila, Nij-Leön en Tamaulipas. Yn it súdeasten leit Teksas oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, wêrby't it fêstelân ôfskerme wurdt troch in rige barriêre-eilannen.

Teksas kin ferdield wurde yn in fjouwertal geografysk-geologyske regio's. De Kustflakte fan de Golf fan Meksiko omfiemet it hiele, flakke súdeasten fan 'e steat, mei greidlân en fersprate bosken. It Ynlânsk Leechlân foarmet in oergongssône mei licht gloaiende heuvels dy't oarspronklik oerdutsen wiene mei mingd wâld. Sintraal Teksas wurdt behearske troch de súdlike útein fan 'e Grutte Flakten, dêr't behalven de Panhandle fan Teksas ek de Llano Estacado en de heuvelige krite om 'e steatshaadstêd Austin hinne ta hearre. De Flakten binne oerdutsen mei gerzige prêrje dy't mear nei it westen ta stadichoan oergiet yn in steppe. De Llano Estacado is in plato dat foar in diel ta de krite fan West-Teksas rekkene wurde moat. It uterste westen fan Teksas, ek wol de Transpecos neamd, is in woastyngebiet mei sândunen, dellings, it Stocktonplato en ferskate berchtmen, wêrûnder it Guadalupeberchtme en it Delawareberchtme.

Yndianereservaten yn Teksas.

Wichtige rivieren yn Teksas binne de Reade Rivier, de Rio Grande, de Pecos, de Brazos, de Kolorado (Teksas) en de Sabine, dy't de eastgrins mei Louisiana foarmet. It heechste punt yn 'e steat is Guadalupe Peak, op 2.667 m boppe seenivo, en it leechste punt is it strân oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, dat op seenivo leit. Hoewol't Teksas net folle natuerlike marren omfiemet, binne der mear as hûndert opslachmarren oanlein. Der binne yn Teksas trije lytse Yndianereservaten:

Prekoloniale tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Teksas troch de Jeropeänen waard it gebiet bewenne troch in grut tal Yndiaanske folken. It suden fan 'e lettere steat stie yn it earste milennium ûnder ynfloed fan 'e Middenamerikaanske kultueren, yn 't bysûnder dy fan Teotihuacan, dy't om it jier 500 hinne syn hichtepunt berikte en tusken de achtste en de tsiende iuw stadichoan ferdwûn. Westlik Teksas hearde ta it domein fan 'e Pûeblo-Yndianen, wylst eastlik Teksas diel útmakke fan 'e Mississippiaanske kultuer fan heuvelbouwers. Tsjin 'e tiid dat de earste blanke ûntdekkingsreizgers Teksas oandiene, yn 'e sechstjinde iuw, waard it gebiet bewenne troch û.m. de Alabama, Apachen, Atakapa, Karankawa, Kajowa (Kiowa), Keddo (Caddo), Koäwylteken (Coahuiltecans), Komantsjen (Comanche), Tsjoktou (Choctaw), Kûsjatta (Coushatta), Tonkawa en Witsjitta (Wichita).

Oarlochfiering op 'e Grutte Flakten: in Komantsjekriger (rj.) besiket in Osadzjekriger dea te stekken mei in spear. (Skildere troch George Catlin, 1834.)

De earste Jeropeaan dy't Teksas besocht, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Alonso Álvarez de Pineda, dy't yn 1519 in lânkaart fan 'e Teksaanske kust makke. Op 6 novimber 1528 waarden Álvar Núñez Cabeza de Vaca en syn bemanning de earste Jeropeänen dy't der oan lân giene doe't harren skip foar de Teksaanske kust breksloech. Yn 1541 wie Francisco Vázquez de Coronado de earste Jeropeaan dy't Teksas mei opsetsin besocht. Yn 1685 stifte de Frânsman René-Robert Cavelier de La Salle by fersin in koloanje op 'e kust fan 'e Matagordabaai (de bedoeling wie om in koloanje oan 'e Mississippy te fêstigjen). Dizze delsetting hold it fjouwer jier út ear't de oerlibbenen fuortteagen fanwegen de drege libbensomstannichheden en de fijannigens fan 'e Yndianen.

De Spanjerts, dy't Teksas as ûnderdiel fan harren koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) beskôgen, waarden har om dyselde snuorje hinne bewust fan 'e bedriging dy't de Frânsen foarmen, en stiften yn 1690 ferskate missyposten yn eastlik Teksas om harren oanspraken krêft by te setten. Tagelyk waard Teksas doe ta in provinsje fan Nij-Spanje útroppen. Doe't Frankryk oan it begjin fan 'e achttjinde iuw it gebiet kolonisearre dat letter de steat Louisiana wurde soe, wie dat foar Spanje oanlieding om yn 1716 in nije rige missyposten yn eastlik Teksas op te rjochtsjen, en yn 1718 stiften se boppedat San Antonio, de earste permaninte delsetting op it grûngebiet fan Teksas.

In byld út 'e begjintiid fan El Paso, dat yn 1680 troch de Spanjerts stifte waard.

Troch de fijannige hâlding fan in protte Yndianestammen en teffens fanwegen de ôfstân ta it sintrum fan Nij-Spanje loek Teksas yn 't earstoan mar in bytsje Spaanske kolonisten en bleau it lange tiid ien fan 'e tinst befolke provinsjes. Yn 1749 sleaten de Spanjerts in ferdrach mei de Lipan-Apachen, dat in protte oare stammen tsjin harren yn it harnas jage, yn 't bysûnder de Komantsjen en de Tonkawa. Yn 1785 waard der in ferdrach sletten tusken Spanje en de Komantsjen, wêrnei't dy de kolonisators holpen om 'e Lipan-Apachen en de Karankawa te ferslaan. Underwilens waarden de sedintêre folken, lykas de Pueblo-Yndianen, troch Spaanske misjonarissen ta it kristendom brocht. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw wiene inkeld de nomadyske stammen noch net bekeard.

Doe't de Feriene Steaten yn 1803 de Frânske koloanje Lousiana oankochten, holden se lange tiid fol dat ek Teksas dêrta hearde, wat dúdlik net sa wie. Uteinlik waard yn 1819 in oerienkomst sletten dy't de eastgrins fan Teksas fêststelde as lykfallend mei de rivier de Sabine. In protte Amerikaanske kolonisten negearren dy grins lykwols en setten har dochs yn Teksas nei wenjen. Nei de Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch makke Meksiko (it eardere Nij-Spanje) him yn 1821 los fan it memmelân. Teksas kaam doe ek ta it nije steatsferbân te hearren, mar om't dêr amper in kop wenne, dielde it Meksikaanske bestjoer it gebiet yn by de dielsteat Koäwila en Teksas (Coahuila y Tejas).

De flaggen fan alle lannen dy't sizzenskip oer Teksas hân hawwe. Fan loftsboppen ôf mei de klok mei: Spanje, de Feriene Steaten, de Republyk Teksas, de Konfederearre Steaten fan Amearika, Frankryk (keninklike leeljebanier) en Meksiko.

Meksikaansk Teksas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e hope dat mear kolonisten de oanhâldende oanfallen fan 'e Komantsjen en Lipan-Apachen tsjinkeare kinne soene, liet Meksiko ta dat har yn 'e desennia dêrnei grutte oantallen Amerikanen yn Teksas nei wenjen setten. Dêrmei hellen se lykwols it Hynder fan Troaje binnen. Yn 1825 hie Teksas 3.500 (blanke) ynwenners, wêrfan't fierwei it grutste part út Meksikanen fan Spaansk komôf bestie. Tsjin 1834 wiene der krapoan 38.000 (blanke) ynwenners, wêrûnder mar 7.800 Meksikanen. In soad fan 'e Amerikaanske nijynkommelingen lapen iepentlik de Meksikaanske wet oan harren lears, ynklusyf it ferbod op slavernij. Dat feit, yn kombinaasje mei it oanhâldende besykjen fan 'e Feriene Steaten om Teksas fan Meksiko te keapjen, wie yn 1830 foar it Meksikaanske regear oanlieding om 'e grins op slot te smiten en gjin nije Amerikanen mear ta te litten.

Tsjin dy tiid wie it lykwols al te let. Nije tolheffings op ynfier en útfier út en nei de Feriene Steaten makken de saak noch helte minder. Yn 1832 fûn de saneamde Opskuor fan Anahuac plak, in rige gearkomsten fan protestearjende Teksanen tsjin it almar autoritêrdere Meksikaanske bewâld yn 'e provinsje, dy't laten ta in stikmannich opstjitsjes en gewelddiedige konfrontaasjes foarôfgeande oan it útbrekken fan 'e eigentlike oarloch. Rebûlje yn súdliker dielen fan syn lân setten de Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna der omtrint dyselde tiid ta oan om hurd fanwegen te kommen tsjin eltse foarm fan opstannigens. De steat fan belis waard yn it hiele lân útroppen, en de deastraf waard beoardere foar in elk dy't him iepentlik tsjin it Meksikaanske regear kearde.

Meksiko yn 1824. Koäwila en Teksas is de meast noardeastlike provinsje.

Yn Teksas, mei syn grutte befolkingsgroep fan Amerikaansk komôf, wie soks krekt oalje op it fjoer. De Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, wiene it Meksikaanske regear stadichoan as in útlânske oerhearsking begûn te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de saneamde Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak foar in grut part oan 'e kant fan 'e Amerikanen. By de Konvinsje fan 1832 easken de Teksanen dat Teksas in selsstannige dielsteat fan Meksiko wurde soe, los fan Koäwyla. It jiers dêrop werhellen se harren easken by de Konvinsje fan 1833.

Unôfhinklik Teksas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin 1835 begûnen de Teksanen 'komitees foar korrespondinsje en feilichheid' te foarmjen, wat delkaam op in soarte fan boargerwacht. Yn it neijier briek einlings en te'n lêsten in iepentlike striid út doe't de Slach by Gonzales plakfûn tusken Teksaanske opstannelingen en Meksikaanske troepen. Dat wie it begjin fan 'e Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêrby't de Teksanen ûnder oanfiering fan foaroanmannen as Stephen F. Austin en Henry Smith binnen in fearnsjier alle Meksikaanske troepen yn 'e provinsje fersloegen en nei it suden ta ferdreaune. Neitiid fûn der in ferkiezing plak fan ôffurdigen nei de saneamde Konsultaasje, dy't in provysjoneel regear ynstallearre dat lykwols al rillegau te sink gie oan ynterne deilisskippen. Sadwaande bestie der de earste pear moannen fan 1836 gjin dúdlik bestjoer yn Teksas.

De Alamo, by San Antonio.

Under dy snuorje fan polityk trelit late de Meksikaanske presidint Santa Anna persoanlik in leger nei it noarden ta om foar iens en foar altyd in ein oan 'e rebûlje te meitsjen. Yn 't earstoan wie it Meksikaanske offinsyf súksesfol. Generaal José de Urrea drukte alle Teksaanske ferset by de Golfkust lâns de kop yn, mei as hichtepunt it Bloedbad fan Goliad. By de Slach om de Alamo wist Santa Anna sels op 6 maart, nei in belis fan trettjin dagen, de Alamo te oerweldigjen en yn te nimmen. Dat wie in ta fêsting omboude âlde missypost by San Antonio. By dat barren kamen hast alle 180 oant 260 Teksaanske ferdigeners om, en de inkelingen dy't har oerjoegen waarden neitiid op befel fan Santa Anna eksekutearre. Under de deaden wiene James Bowie en William B. Travis, dy't tegearre it befel oer de fêsting fierd hiene, en teffens de ferneamde Tennesseeske frontiersman Davy Crockett.

Underwilens hie de mei tûzen hasten gearroppen Konvinsje fan 1836 op 2 maart de Teksaanske Unôfhinklikheidsferklearring útfurdige, mei as gefolch dat de Republyk Teksas as ûnôfhinklik lân ûntstie. Nei't der nije bestjoerders oanwiisd wiene, waard de konvinsje opheft en joech it nije regear him by de oare Teksanen yn in weromtocht mei oanhâldende efterhoedegefjochten dy't bekend waard as de Runaway Scrape. Nei ferskate wiken tebekwykt te wêzen, fersloech it Teksaanske Leger ûnder lieding fan Sam Houston de Meksikanen yn 'e Slach oan de San Jacinto, wêrby't Santa Anna kriichsfinzen nommen waard. Doe't dyselde neitiid twongen wie om 'e Ferdraggen fan Velasco te ûndertekenjen, waard dêrmei de ûnôfhinklikheid fan Teksas feilichsteld, en kaam der in ein oan 'e oarloch.

Antonio López de Santa Anna, de presidint fan Meksiko, jout him oer oan 'e Teksanen nei syn nederlaach yn 'e Slach oan de San Jacinto.

Teksas waard doe it toaniel fan bittere politike strideraasjes tusken twa partijen binnen de nije republyk. De nasjonalisten, oanfierd troch fise-presidint Mirabeau B. Lamar, stiene de trochgeande ûnôfhinklikheid fan Teksas foar, de deportaasje fan alle Yndianen nei it bûtenlân en de útwreiding fan 'e republyk nei it westen oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan ta. De federalisten, oanfierd troch oarlochsheld Sam Houston, dy't ûnderwilens ta presidint fan Teksas keazen wie, seagen mear yn oansluting by de Feriene Steaten en freedsum gearlibjen mei de Yndianen. Dit konflikt waard karakterisearre troch in ynsidint dat bekend kommen is te stean as de Teksaanske Argyfoarloch, wêrby't Houston-en-dy in ynfal diene yn it argyf fan 'e nije (troch Lamar-en-dy beävensearre) haadstêd Austin, mei as doel om 'e argyfstikken werom te stjoeren nei eastlik Teksas, dêr't neffens harren de haadstêd bliuwe moast (mar dat waard harren behindere troch de skandalisearre boargerij fan Austin).

Underwilens seach Meksiko Teksas noch altyd as in opstannige provinsje, en die yn 1841 en 1842 ferskate healslachtige ynfallen yn súdlik Teksas, wêrby't de stêd San Antonio twaris yn Meksikaanske hannen foel en de Teksanen ferslein waarden by it Bloedbad fan Dawson. Meksiko sette lykwols net troch, en sadwaande koe de Republyk Teksas bestean bliuwe nettsjinsteande syn dúdlike ûnfermogen om himsels ôfdwaande te ferdigenjen. Dy sitewaasje joech de federalisten ekstra munysje yn harren striid foar oansluting by de Feriene Steaten, dêr't al yn 1837 oer ûnderhannele waard.

De Republyk Teksas fan 1836 oant 1845:
     gebiet dat Teksas behearske
     gebiet dêr't Teksas oanspraak op makke
     (de rest fan) Meksiko
     de Feriene Steaten

Amerikaansk Teksas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de wjerstân fan 'e nasjonalisten yn Teksas en de abolysjonisten yn 'e Feriene Steaten (de Republyk Teksas hie ntl. de slavernij legalisearre) de saak fertrage, koene se de opname fan Teksas yn 'e Feriene Steaten net tsjinkeare. De Anneksaasje fan Teksas troch it Amerikaanske Kongres fûn úteinlik plak op 29 desimber 1845, nei't de op geografyske útwreiding taleine James K. Polk de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1844 wûn hie. Sadwaande waard Teksas op dy datum fan in ûnôfhinklike republyk ta in dielsteat fan 'e Feriene Steaten.

Nei de anneksaasje ferbriek Meksiko de diplomatike relaasjes mei de Feriene Steaten. Noch ôfsjoen fan it feit dat Meksiko Teksas as in opstannige provinsje beskôge, lei de histoaryske súdwestgrins fan Teksas by de rivier de Nueces. De Republyk Teksas hie oanspraak makke op alle gebiet oan 'e Rio Grande ta, en hoewol't de Teksanen net it fermogen hiene om harren oanspraken militêr te ûnderstypjen, hiene de Feriene Steaten dat wol. Sterker noch, presidint Polk hie ek de politike wil om dat te dwaan, en op 13 jannewaris 1846 stjoerde er in ôfdieling fan it Amerikaanske Leger ûnder lieding fan generaal Zachary Taylor nei westlik Teksas ta om it hiele grûngebiet fan 'e nije steat oan 'e Rio Grande ta feilich te stellen.

Foarstellen út 1850 foar de westgrins fan Teksas.

Doe't Meksikaanske troepen in pear moanne letter by de saneamde Thornton-affêre sechstjin leden fan in Amerikaanske kavalerypatrûlje deaden, wie dat it startsein foar de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. It die al gau bliken dat de Amerikanen de sterkere partij wiene yn dit konflikt. De earste treffens waarden útfochten yn Teksas; by it Belis fan Fort Texas, de Slach by Palo Alto en de Slach by Resaca de la Palma boekte it Amerikaanske Leger klinkende oerwinnings. Neitiid krongen Amerikaanske troepen djip yn Meksiko troch en nei ferrin fan tiid moasten de Meksikanen belies jaan. Uteinlik kaam yn 1848 in ein oan 'e oarloch mei it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo, wêrby't Meksiko yn ruil foar $18.250.000 foargoed ôfstân die fan Kalifornje en frijwol it hiele Amerikaanske Súdwesten.

By dizze saneamde Meksikaanske Sesje waard ek de súdwestgrins fan Teksas by de Rio Grande fêststeld. De oare westlike en noardlike grinzen fan 'e steat Teksas waarden fêstlein by it Kompromis fan 1850, wêrfoar't senator James Pearce fan Marylân de úteinlike tekst opstelde. Teksas joech doe syn oanspraken op gebieten op dy't letter de eastlike helte fan Nij-Meksiko, it sintrale diel fan Kolorado en (lytsere) dielen fan Kansas, Oklahoma en Wyoming wurde soene. Yn ruil dêrfoar naam it Amerikaanske regear de $10 miljoen bedragende steatsskuld fan 'e Republyk Teksas oer. Omtrint dyselde tiid woeks de befolking fan fral East-Teksas fluch oan, om't no neat Amerikaanske kolonisten mear yn 'e wei stie om har yn 'e katoenboukrite deunby de grins mei Louisiana en Arkansas te fêstigjen. De plantaazje-eigners brochten ek harren negerslaven mei. Tusken 1850 en 1860 fertrijefâldige it tal slaven yn Teksas fan likernôch 58.000 nei 182.566.

Dútske ymmigranten ûnderweis om har te fêstigjen yn New Braunfels (Teksas).

Boargeroarloch en Weropbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1860, nei de ferkiezing fan Abraham Lincoln as presidint, de spannings tusken it noarden en it suden fan 'e Feriene Steaten einlings ta útbarsting kamen, skate Súd-Karolina him ôf fan 'e Feriene Steaten, folge troch fiif oare steaten út it Djippe Suden. Yn Teksas waard op 28 jannewaris 1861 in steatskonvinsje iepene, wêrfan't de leden op 1 febrewaris mei 166 tsjin 8 stimmen in Ordinânsje fan Sesesje fan 'e Feriene Steaten oannamen. By in referindum dat op 23 febrewaris holden waard, karde it Teksaanske elektoraat dy gong fan saken goed, wêrnei't Teksas him op 4 maart by de nij oprjochte Konfederearre Steaten fan Amearika oansleat en op 23 maart de Konfederearre Grûnwet ratifisearre. Net alle Teksanen wiene foar ôfskieding; de bekendste útsûndering wie de eardere presidint Sam Houston, dy't no de gûverneur fan 'e steat wie. Lincoln bea him help fan it Amerikaanske Leger oan om him oan 'e macht te hâlden, mar Houston, dy't it spul net slimmer meitsje woe as it al wie, wegere dat. Nei't er ek wegere hie om trou te swarren oan 'e Konfederearre Grûnwet, waard er ôfset.

It monumint yn Galveston foar de Teksaanske fallenen yn 'e Boargeroarloch.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) dy't op 'e ôfskieding fan úteinlik alve fan 'e Súdlike steaten folge, waard der net folle yn Teksas fochten, hoewol't Noardlike troepen by de Earste Slach om Galveston koarte tiid Galveston besetten, it wichtichste havenplak yn Teksas. Likegoed droech de steat in protte troepen en materieel by oan 'e oarlochsynset fan 'e Konfederaasje. Fierders stie Teksas bekend as "de efterdoar fan 'e Konfederaasje", om't in protte guod fia de Meksikaanske grins de Konfederaasje berikte nei't de Noardlike float in blokkade foar de Konfederearre kust lein hie. Alle Noardlike krewearjen om dy rûte ôf te snijen waard troch de Súdliken tsjinkeard. Doe't mids 1863 nei de Noardlike oerwinning yn 'e Slach by Vicksburg de hiele rin fan 'e Mississippy yn Noardlike hannen foel en de Konfederaasje dêrmei yn in eastlik en in westlik diel midstwa snien waard, rekke de rol fan Teksas as befoarrieder fan it Suden útspile. Nei't de Konfederaasje him yn april 1865 al oerjûn hie, mar foar't dat nijs Teksas berikke koe, waard deunby Brownsville noch de Slach by Palmito Ranch útfochten, de lêste fjildslach fan 'e Boargeroarloch, dy't einige yn in Konfederearre oerwinning.

Nei de Súdlike nederlaach regearre yn Teksas twa moannen lang de anargy, oant de generaal Gordon Granger Galveston berikte om dêr mei in Noardlike besettingsmacht it bestjoer oer te nimmen. Under it Tiidrek fan de Weropbou ferklearre presidint Andrew Johnson yn 1866 dat it boargerlik regear yn Teksas wer oan 'e macht wie. Op 30 maart 1870 waard Teksas as tsiende fan 'e alve Konfederearre steaten wer talitten ta de Amerikaanske Uny, ek al hie de steat doe noch net foldien oan alle easken dy't dêr yn 't foar oan steld wiene. Underwilens groeiden, fral yn East-Teksas, de maatskiplike spannings tusken de (no frije) swarten en de blanken, en hie dat diel fan 'e steat ek te kampen mei in lânboudepresje en arbeidsskelen. Yn West-Teksas bloeide yn 'e perioade nei de Boargeroarloch de feehâlderij, wêrby't it fral gie om in lânseigen koweras, de Texas longhorn. Troch dat diel fan syn skiednis is Teksas foargoed assosjearre rekke mei it byld fan 'e cowboy. Yn dyselde snuorje waarden de Komantsjen, Kajowa, Flakte-Apachen en Lipan-Apachen ferslein en ûnderwurpen. De earste trije folken waarden nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ta deportearre, wylst de Lipan-Apachen suver hielendal útrûge waarden.

De Steinhagen-opslachmar.

Op 8 septimber 1900 waard Teksas troffen troch de deadlikste natoerramp yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten, de Orkaan fan Galveston, dy't de havenstêd Galveston mei de grûn lyk makke en nei skatting oan 6.000 oant 8.000 minsken it libben koste. Op 10 jannewaris 1901 waard yn 'e neite fan Beaumont de Spindletop oanboarre, de earste grutte ierdoaljeboarne yn Teksas. Neitiid waarden oare grutte oaljefjilden ûntdutsen yn East-Teksas, West-Teksas en ûnder de seeboaiem fan 'e Golf fan Meksiko. De resultearjende Teksaanske oalje-boom berikte syn hichtepunt yn 1972, doe't der yn 'e steat trochinoar 3 miljoen fetten oalje deis produsearre waarden.

Ek yn 1901 waard troch it troch de Demokraten behearske Steatskongres in wet oannommen dy't belestingheffing oer it kiesrjocht mooglik makke. Yn 'e praktyk waard dêrmei oan 'e measte swarten en oan in protte earme blanken en Latino's it kiesrjocht ûntnommen om't se dy belesting net opbringe koene. Dat effekt wie fansels ek wêr't it de rike blanke elite yn Teksas om te dwaan wie.

Spindletop, de earste grutte ierdoaljeboarne dy't (yn 1901) yn Teksas oanboarre waard.

Yn 'e 1930-er jierren hie de Teksaanske ekonomy slim te lijen ûnder de Grutte Depresje sawol as de Dust Bowl, in perioade fan jierrenlang oanhâldende swiere stofstoarmen, feroarsake troch grûneroazje dy't wer in gefolch wie fan ûngaadlike foarmen fan lânbou op 'e Amerikaanske prêrjes. Tusken 1910 en 1940, mar yn 't bysûnder yn 'e tritiger jierren, ferlieten swarte Teksanen by de saneamde Afro-Amerikaanske Folksferhuzing massaal de steat om yn 'e yndustrystêden fan it noarden en Kalifornje in bettere takomst foar harrensels en har bern te sykjen.

De Twadde Wrâldoarloch hie in grutte ynfloed op Teksas, mei't der mei jild fan it federale regear legerbases, wapenfabriken, kriichsfinzenekampen en sikehuzen oanlein waarden. Goed 750.000 jonge Teksanen giene oersee om oan it front te fjochtsjen en hûnderttûzenen earme boeren en boere-arbeiders teagen nei de stêden ta foar better betelle banen yn 'e yndustry. Nei de oarloch kaam der yn 'e fyftiger jierren foar it earst betelbere airconditioning beskikber, dy't net allinnich de libbenskwaliteit yn Teksas dramatysk ferbettere, mar it foar grutte bedriuwen oantreklik makke om har der te fêstigjen. It wie yn dy tiid dat de romtefeartorganisaasje NASA syn haadkertier yn Houston krige.

In astronaut yn trening yn it Lyndon B. Johnson Space Center fan 'e NASA yn Houston.

Ferneamde foarfallen út 'e Teksaanske skiednis wiene fierders de moard op 'e Amerikaanske presidint John F. Kennedy, doe't dy op 22 novimber 1963 Dallas besocht, en de belegering fan de Branch Davidians, in wapene sekte wêrfan't it haadkertier yn Waco yn 1993 51 dagen lang belegere waard troch ATF, in federale plysjetsjinst. By de bestoarming fan it gebou, op 19 april 1993 kamen 76 minsken om. Ein augustus 2017 waarden Houston en súdeastlik Teksas troffen troch de orkaan Harvey, dy't benammen in ûnbidige soad rein en dêrtroch grutte wettersneed brocht. Der foelen 83 deaden en 194.000 huzen yn Houston en omkriten rekken slim skansearre, mei dêrûnder 9.000 dy't folslein ferneatige waarden.

Teksas bestiet bestjoerlik út 254 countys, it grutste oantal fan alle Amerikaanske steaten. De steatshaadstêd, Austin, leit yn Travis County, yn it sintrale part fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Teksas bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Parlemint fan Teksas, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 31 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 150 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Teksas, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch twa senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Teksas 36 sitten.

It Steatskapitoal fan Teksas, yn Austin.

It politike lânskip fan Teksas wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen ferfolje mar in hiel marzjinale rol. Teksas is in tige behâldende steat, dy't yn it ferline yn grutte mearderheid op 'e Demokraten stimde. Dat feroare lykwols doe't de Demokratyske Partij yn 'e perioade fan 'e 1950-er oant de 1970-er jierren almar progressiver waard, wylst de Republikeinske Partij krekt feroare yn in tige konservative partij. Dêrfandinne dat de measte Teksanen sûnt likernôch 1980 by ferkiezings op 'e Republikeinen stimme. Dêrby giet it lykwols benammen om blanken, wylst swarten en Latino's oer it algemien Demokratysk binne. Mei't it oandiel fan 'e Latino's yn 'e befolking fan Teksas almar fierder tanimt en dat fan 'e blanken krekt weromrint, wurdt ferwachte dat de Demokraten omtrint 2025 wer in kâns meitsje sille om yn Teksas by presidintsferkiezings mear as de helte fan 'e kiesmannen te winnen, wat nedich is om 'e Teksaanske leden fan it Elektoraal Kolleezje efter harren partij te krijen.

It Nasjonaal Park Big Bend, oan 'e Rio Grande.

De bekende Texas Rangers binne in paramilitêre plysjetsjinst mei jurisdiksje yn 'e hiele steat, dy't ressortearret ûnder it Teksaansk Departemint foar Iepenbiere Feilichheid. Dy organisaasje waard yn 1823 ynformeel yn it libben roppen troch Stephen F. Austin en wetlik formalisearre yn 1835. Yn 'e tiid fan it Wylde Westen wiene de Texas Rangers ferneamd om harren ûnbûchsume neifolging fan 'e wet, en troch de jierren hinne hawwe se misdriuwen ûndersocht dy't útinoar rinne fan moard oant politike korrupsje. Se binne ynset as mobile ienheid en as resjerzje en leverje de liifwachten fan 'e Teksaanske gûverneur.

Yn 2014 hie Teksas in bruto steatsprodukt fan $1.648 miljard, dat nei dat fan Kalifornje it heechste fan alle Amerikaanske steaten wie. It wie ek heger as it bruto nasjonaal produkt fan Austraalje of Súd-Koreä, dy't dat jiers it tolfde en trettjinde plak ynnamen op 'e ranglist fan grutste ekonomyen fan 'e wrâld. De Teksaanske ekonomy is de op trije nei grutste fan alle lânsdielen yn 'e wrâld, nei dy fan Ingelân, Kalifornje en de Prefektuer Tokio. Yn Teksas hawwe de grutte befolking, it ferskaat oan natuerlike helpboarnen, de groeiende stêden en de heech oanskreaune universiteiten allegear bydroegen oan in sterk diversifiëarre ekonomy.

In jaknikker yn Teksas.

Sûnt oan it begjin fan 'e tweintichste iuw ierdoalje ûntdutsen waard yn 'e steat, hat de oaljeyndustry sterk syn stimpel op 'e Teksaanske ekonomy drukt, al is de ynfloed fan dy bedriuwstûke fan 'e earste helte fan 'e 1970-er jierren ôf sterk belune. Likegoed hawwe ferskate Amerikaanske oaljemaatskippijen har haadkantoar noch altyd yn Teksas, wêrûnder de Anadarko Petroleum Corporation, Conoco-Phillips, Exxon-Mobil, Halliburton, Marathon Oil, Tesoro, de Valero Energy Corporation en Western Refining. Nettsjinsteande syn imago as oaljesteat is Teksas fierders ek in pionier op it mêd fan griene enerzjy, en produsearret it de measte wynenerzjy fan 'e Feriene Steaten. Yn 2014 waard 10,6% fan alle enerzjy dy't yn Teksas ferbrûkt waard, opwekke troch wynmûnen.

De lânbou spilet yn Teksas noch in wichtige rol, en de steat hat de measte agraryske bedriuwen en de measte hektares lânbougebiet fan alle Amerikaanske steaten. It is de liedende Amerikaanske steat op it mêd fan 'e feehâlderij, wêrby't it noch altyd benammen om kij giet, hoewol't Teksas ek op it earste plak fan 'e ranglist fan Amerikaanske steaten stiet op it mêd fan 'e skieppe- en geitehâlderij. Fierders is Teksas ek de grutste katoenprodusint fan 'e Feriene Steaten, en omfiemet it in oansjenlike nôtproduksje, wylst oan 'e kust in soad oan fiskerij dien wurdt. Ek mynbou op it mêd fan 'e produksje fan semint, kalkstien, sâlt, sân en gravel wurdt yn Teksas in protte oan dien.

Befolkingstichtens yn Teksas.

De yndustry yn 'e steat is sterk rjochte op 'e ûntwikkeling fan kompjûtertechnology en loft- en romtefearttechnology. De krite oan 'e noardkant fan Dallas dêr't har in protte kompjûterbedriuwen fêstige hawwe, wurdt wol de "Silicon Prairie" neamd, in ferwizing nei Silicon Valley, yn noardlik Kalifornje. Houston, mei it Lyndon B. Johnson Space Center, it haadkertier fan 'e NASA, is it klopjend hert fan 'e romtefeartyndustry. Yn Fort Worth binne ferskate loftfeartbedriuwen fêstige, wêrûnder Bell Helicopter Textron en in difyzje fan Lockheed Martin, dy't û.m. de F-16 Fighting Falcon en de F-35 Lightning II boud hat.

It toerisme is yn Teksas net ien fan 'e grutste pylders fan 'e ekonomy, mar likegoed wichtich. Trekpleisters binne û.m. it Nasjonaal Park Big Bend, oan 'e Rio Grande; it Steatspark Palo Duro Canyon, yn 'e Panhandle; de Alamo yn San Antonio; it Lyndon B. Johnson Space Center fan 'e NASA, yn Houston; it Texas School Book Depository, in museum wijd oan 'e moard op John F. Kennedy, yn Dallas; en de Texas Ranger Hall of Fame and Museum yn Waco.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Teksas yn 2015 27.695.284 ynwenners, wat in groei fan 5,2% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2015 40,8 minsken de km². Datselde jiers wennen der nei skatting sa'n 800.000 yllegale ymmigranten yn Teksas. De grutste stêd fan 'e steat is Houston, mei 2,2 miljoen ynwenners yn 2011. Oare gruttere stêden binne: San Antonio (1,4 miljoen), Dallas (1,3 miljoen), de steatshaadstêd Austin (885.000), Fort Worth (793.000) en El Paso (674.000).

Laredo (Teksas)Plano (Teksas)Corpus Christi (Teksas)Arlington (Teksas)El Paso (Teksas)Fort WorthAustin (Teksas)Dallas (Teksas)San Antonio (Teksas)Houston (Teksas)

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Teksaanske befolking doe sa: 45,3% blanken; 37,6% Latino's; 11,8% swarten; 3,8% Aziaten; 0,7% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 0,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De skyline fan Houston, de grutste stêd fan Teksas.

Blanke Teksanen binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (11,3% fan 'e totale Teksaanske befolking), Ingelsen (±10%), Ieren (8,2%), Frânsen (2,5%) en Italjanen (2,0%). Fierders libje der yn Teksas ek 200.000 lju fan Tsjechysk komôf, wat mear is as yn hokker oare Amerikaanske steat ek.

De measte Latino's yn Teksas binne ymmigranten of neikommelingen fan ymmigranten út 'e tweintichste iuw. Fierwei it meastepart fan harren bestiet út Meksikanen (31,6% fan 'e steatsbefolking). Oare gruttere groepen binne Salvadoranen (0,9%), Portorikanen (0,4%) en Hondoerezen (0,4%). Teksas hat ek in lânseigen Latino-minderheid, de saneamde Tejano's, dy't ôfstamje fan 'e oarspronklike Spaanske kolonisten fan Teksas. (By folkstellings wurde de Tejano's net as in aparte groep beskôge, mar meiteld mei de Meksikanen; se sitte dan ek by it boppeneamde persintaazje fan 31,6% yn.)

Mank de Aziaten yn Teksas wurdt de grutste groep foarme troch de Ynjers (1,0% fan 'e steatsbefolking), folge troch de Fjetnamezen (0,8%), de Sinezen (0,6%), de Filipino's (0,4%) en de Koreänen (0,3%). De grutste Yndiaanske etnyske groep yn Teksas wurdt foarme troch de Sjeroky (Cherokee), dy't mei 19.400 persoanen 0,1% fan 'e Teksaanske befolking útmeitsje. Teksas omfiemet 3 federaal erkende Yndianestammen:

In wolkomsboerd by Praha (ferneamd nei Praach, Tsjechysk: Praha), "de Tsjechyske haadstêd fan Teksas".

Dizze stammen hawwe allegear harren eigen (tige lytse) reservaat. Fierders binne der yn Teksas ek noch 2 stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:

Teksas hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar de facto ferfollet it Ingelsk dy funksje, dat neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 doe foar 65,8% fan 'e befolking de memmetaal wie. Dêrby giet it foar it meastepart om Teksaansk-Ingelsk, in aksint of dialekt dat yn it gruttere ferbân fan it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk pleatst wurde kin. Yn guon kriten, benammen de grutte stêden, binne Westlik Amerikaansk-Ingelsk en Algemien Amerikaansk-Ingelsk yn opmars, wylst de swarte mienskip fierhinne Afro-Amerikaansk-Ingelsk sprekt (fral ek wer yn 'e stêden) en de Latino's (njonken it Spaansk) it saneamde Chicano-Ingelsk, dat benammen wiid ferspraat is yn it suden fan 'e steat.

De skyline fan Dallas.

De op ien nei grutste taal fan Teksas wie yn 2010 it Spaansk, dat doe foar 29,2% fan 'e befolking (oftewol rom 6,5 miljoen Teksanen) de memmetaal wie. Oare minderheidstalen wiene it Fjetnameesk (0,75%), alle fariëteiten fan it Sineesk (0,56%), it Dútsk (ynkl. Teksaansk-Dútsk) (0,33%), it Filipynsk (Tagalog) (0,29%), it Frânsk (ynkl. Kadjunsk-Frânsk) (0,25%), it Koreaansk (0,24%), it Oerdû (0,24%), it Hindy (0,23%) en it Arabysk (0,21%). It Sjeroky wie de meast sprutsen Yndiaanske taal yn Teksas. Yn totaal hiene yn 2010 34,2% fan 'e Teksanen (oftewol 7.660.406 minsken) in oare memmetaal as it Ingelsk.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2014 77% fan 'e befolking fan Teksas út kristenen, wêrûnder 53% protestanten, 23% roomsen en 1% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de Súdlike Baptistekonvinsje mei goed 3,7 miljoen leden en de Feriene Metodistyske Tsjerke mei justjes mear as 1 miljoen leden. Teksas stiet bekend as de "gasp fan 'e Biblegurdle", wêrmei't men oantsjutte wol dat Teksanen oer it algemien tige leauwich en/of kristlik-fûnemintalistysk binne. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2014 18% fan 'e Teksaanske befolking. De oanhingers fan alle oare godstsjinsten mei-inoar makken 5% fan 'e befolking út. Dêrûnder wiene 422.000 moslims, 146.000 hindoes en sikhs en 128.000 joaden.

De Palo Duro Canyon, yn 'e Panhandle fan Teksas.

Teksas makket diel út fan ferskate klimaatsônes, dy't útinoar rinne fan in subtropysk klimaat oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko oant in lânklimaat yn 'e Panhandle. Sadwaande hat it suden fan 'e steat tige mylde winters, mei yn jannewaris temperatueren oerdeis fan om-ende-by de 20 °C, wylst it kwik yn it noarden, benammen nachts, yn dyselde tiid fan 't jier maklik oant djip ûnder it friespunt sakje kin. Simmerdeis lizze de temperatueren yn augustus yn it suden, easten, westen en de midden fan Teksas oerdeis trochinoar om 'e 35 °C hinne, wylst se yn it noarden stykjen bliuwe omtrint de 30 °C. Rekôrtemperatueren wiene 48,9 °C, op 12 augustus 1936 yn Seymour en jitris op 28 juny 1993 yn Monahans, en –30,6 °C op 8 febrewaris 1933 te Seminole.

Ek de delslachhoemannichten rinne útinoar, wêrby't de woastinige westpunt, de krite om El Paso hinne, jiers mar 220 mm rein kriget, wylst yn dielen fan súdeastlik Teksas wol 1.600 mm falt. Foar sniefal moat men winterdeis yn 'e Panhandle en yn bercheftige kriten fan West-Teksas wêze. Rûchwei de noardlike helte fan 'e steat heart ta Tornado Alley, it diel fan 'e Feriene Steaten dat yn 't bysûnder te lijen hat fan it foarkommen fan tornado's. Mei troch syn grutte hat Teksas de measte tornado's fan 'e hiele Feriene Steaten, yn trochsneed 139 jiers, dy't fral yn april, maaie en juny foarkomme.

De rotsformaasje El Capitan.

Oan 'e kust hat Teksas bytiden ek slim te lijen fan orkanen, dy't yn 'e regel út it Karibysk Gebiet wei de Golf fan Meksiko ynkomme. Yn 1875 kamen der by sa'n orkaan likernôch 400 minsken om yn Indianola, en yn 1886 waard datselde plak mei feerwuostge troch in oare orkaan. Yn 1900 makke de Orkaan fan Galveston de havenstêd Galveston mei de grûn lyk, wat nei skatting 6.000 oant 8.000 minsken it libben koste en dêrmei de deadlikste natoerramp út 'e Amerikaanske skiednis wie. Oare ferwuostgjende orkanen dy't Teksas troffen hawwe, wiene de twadde Orkaan fan Galveston yn 1915; Orkaan Audrey, dy't yn 1957 mear as 600 minsken fataal waard; Orkaan Carla yn 1961; Orkaan Beulah yn 1967; Orkaan Alicia yn 1983; Orkaan Rita yn 2005; Orkaan Ike yn 2008; en Orkaan Harvey yn 2017.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje