Springe nei ynhâld

Skotlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skiednis fan Skotlân)
Skotlân
Scotland / Alba
flagge wapen
Skotsk: In My Defens God Me Defend
("As Ik Ferdigening Brek Bin, Sil My God Ferdigenje")
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk
pol. status dielútmeitsjend lân mei
   selsbestjoer
haadstêd Edinburch
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 5.328.000 (2013)
befolkingstichtens 68,0 / km²
oerflak 78.387 km² (ynkl. wetter)
76.898 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid Britske pûn (£) (GBP)
(ynkl. Skotske pûn)
tiidsône UTC (S.T. UTC+1)
tillefoan +44
ynternetekstinsje .scot (ek .uk)
webside www.scotland.org

Skotlân (Ingelsk: Scotland, útspr.: ['skɒtlənd]; Skotsk: Scotland, útspr.: ['skɔtɫənd]; Skotsk-Gaelysk: Alba, útspr.: ['al̪ˠapə]) is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. It hat sûnt 1999 in beheinde foarm fan selsbestjoer, mei in eigen parlemint en in eigen regear. It gebiet bestiet út 'e noardlike ein fan it eilân Grut-Brittanje, ynkl. in grut tal lytsere eilantsjes foar de westkust (de Hebriden) en yn 'e Noardsee (de Orkney- en de Sjetlâneilannen). Neffens in skatting út 2013 hie Skotlân doe 5.328.000 ynwenners.

Fan 'e Iere Midsiuwen ôf wie Skotlân in ûnôfhinklik keninkryk, it Keninkryk Skotlân, dat gauris yn oarloch wie mei Ingelân, dêr't it yn it suden oan grinzget. Nei't kening Jakobus VI fan Skotlân yn 1603 as Jakobus I op 'e Ingelske troan kaam, waarden de beide lannen lykwols yn in personele uny mei-inoar ferbûn. Dy bân waard yn 1707 omset yn in politike uny, wêrby't Skotlân syn selsstannigens en selsbestjoer ferlear en ûnderdiel waard fan Grut-Brittanje, dat út 'e Ingelske haadstêd Londen wei regearre waard.

Nei ferskate mislearre opstannen yn 'e santjinde en achttjinde iuw wiene de Skotten twongen om har ûnder it Britske bewâld del te jaan, mar sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw is der yn it lân in sterke ûnôfhinklikheidsbeweging ûntstien, dy't oanfierd wurdt troch de nasjonalistyske partij SNP. Yn 2014 waard foar it earst in referindum oer ûnôfhinklikheid holden, wêrby't 45% fan 'e Skotten foar stimde.

De namme "Skotlân" is ôfkomstich fan it wurd Scoti, de Latynske namme foar de Gaelen (de Kelten yn it noardwesten fan 'e Britske Eilannen, dêr't behalven de Skotten ek de Ieren en de Manksen ta hearre). Hoewol't de Latynske term Scotia oarspronklik in oantsjutting foar Ierlân wie, kaam de namme troch de Gaelyske ferovering fan westlik Skotlân, yn 'e sechsde iuw, op dat gebiet te slaan. Neitiid ferwiisden de kenings fan it feriene Skotlân nei harsels as Basileus Scottorum of Rex Scottorum ("kening fan de Gaelen"; basileus is Gryksk foar "soeverein", en rex is Latyn foar "kening"), of ek wol Rex Scotiae ("kening fan Gaelelân"). Dy lêste foarm wie nei gedachten in oanpassing dy't feroarsake waard trochdat de Ierske hege kening Brian Borúma himsels yn 1005 de titel Imperator Scottorum ("keizer fan 'e Gaelen") oanmeat. Oant yn 'e alfde iuw bleau "Skotlân" in term dy't inkeld brûkt waard foar it Gaelysktalige diel fan it lân, benoarden de rivier de Forth. (Dêrnjonken waard ek "Albaanje", in ôflieding fan it Skotsk-Gaelyske Alba, wol brûkt foar dat gebiet.) Pas fan 'e Lette Midsiuwen ôf rekke de term "Skotlân" yn gebrûk foar hiel it lân.

In lânkaart fan Skotlân.

It fêstelân fan Skotlân beslacht it noardlike trêdepart fan it eilân Grut-Brittanje, dat foar de kust fan Noardwest-Jeropa yn 'e Atlantyske Oseaan leit en ta de Britske Eilannen heart. Skotlân hat in totaal oerflak fan 78.387 km², wêrfan't 1,9% út wetter bestiet. Dêrmei is it kwa grutte ferlykber mei Tsjechje. De iennichste lângrins fan Skotlân is dy mei Ingelân, dy't yn it suden oer in ôfstân fan 96 km fan it súdwesten nei it noardeasten rint, fan 'e Solway Firth yn it westen oant de mûning fan 'e rivier de Tweed yn it easten.

Skotlân wurdt oan trije kanten troch see omjûn: yn it easten en noardeasten troch de Noardsee, yn it noarden en westen troch de iepen Atlantyske Oseaan, en yn it súdwesten troch de Ierske See en it Noarderkanaal, dy't de eilannen Grut-Brittanje en Ierlân faninoar skiede. Yn dyselde krite rikt de útein fan it skiereilân Kintyre oant op 30 km ôfstân fan 'e kust fan Noard-Ierlân. It tichstbye diel fan it fêstelân fan Jeropa is de kust fan súdwestlik Noarwegen, op 305 km ôfstân nei it noardwesten, wylst de autonome Deenske Fêreu-eilannen op 270 km nei it noarden lizze.

In reliëfkaart fan Skotlân.

It Skotske fêstelân kin rûchwei opdield wurde yn trije kriten, wêrfan't de bercheftige Skotske Heechlannen geografysk sjoen fierwei de grutste binne, mei't se de hiele noardwestlike helte fan it lân beslane. De Heechlannen kinne sels ek wer opspjalten wurde yn twa parten, ntl. de Noardwestlike Heechlannen yn it uterste noardwesten, en de Grampians yn it midnoarden. Dy beide kriten wurde faninoar skaat troch de Great Glen, in sintrale delling dy't fan it súdwesten nei it noardeasten dwers troch it berchlân rint, en dêr't û.m. it ferneamde Loch Ness, de djipste mar fan 'e Britske Eilannen, yn leit. De Heechlannen omfiemje ek de heechste berch fan 'e Britske Eilannen, de Ben Nevis, mei in hichte fan 1.344 m, en Skotlâns langste rivier, de Tay, mei in lingte fan 180 km. Fierders lizze se besiedde mei marren, wêrûnder it ferneamde en skildereftige Loch Lomond.

Súdlik fan 'e Heechlannen leit it Skotske leechlân, in relatyf smelle bân fan flak gebiet dat fan kust nei kust rint. Dat gebiet is fierwei it tichtst befolke, mei as foarnaamste wenkearnen de Skotske haadstêd Edinburch, oan 'e eastkust, en de yndustrystêd Glasgow, oan 'e westkust. Hjirby moat trouwens oantekene wurde dat "leechlân" en "flak" yn Skotlân mar relative begripen binne. Yn eardere geologyske tiidrekken hat it leechlân nammentlik ek bergen kend; sa is Arthur's Seat, binnen de beboude kom fan Edinburch, in útdôve fulkaan. Besuden it leechlân wurdt it gebiet tsjin 'e Ingelske grins oan dominearre troch it Súdskotsk Berchlân, in rige heuvels fan hast 200 km lang, dy't fan Stranraer oan 'e Ierske See oant East-Lothian oan 'e Noardsee rikt. Dit gebiet wurdt trochsnien troch brede dellingen en telt withoefolle heuvelpjutsen, wêrfan't de heechste de Merrick, yn 'e krite Gallowegen is, mei in hichte fan 843 m.

In útsjoch oer it skildereftige Loch Lomond.

Skotlân telt fierders mear as 790 eilannen, dy't rûchwei yn trije arsjipels yndield wurde kinne. De Hebriden, dy't foar de noardwestkust lizze, foarmje de grutste fan dy trije groepen, en wurde ek wol fierder opspjalten yn 'e Binnenste en de Bûtenste Hebriden. De grutste Binnenste Hebriden binne Skye, Mull, Islay en Jura; it eilân Arran, dat oare kant it skiereilân Kintyre leit, wurdt yn 'e regel net ta de Binnenste Hebriden rekkene. De grutste Bûtenste Hebriden binne Lewis, Harris, Noard-Uist en Súd-Uist. It petiterige en no ûnbewenne Sint-Kilda leit westlik fan 'e Bûtenste Hebriden in hiel ein de Atlantyske Oseaan yn. Noardlik fan Skotlân lizze de oare beide grutte eilannegroepen, de Orkney-eilannen (foar de Noardskotske kust) en de Sjetlâneilannen (fierder de Noardsee op). Dêrnjonken lizze der ek eilannen yn 'e riviermûnings fan 'e Firth fan Clyde en de Firth fan Forth.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skotlân is ferneamd om syn natoerskientme, hoewol't ferskate gruttere sûchdieren der yn 'e histoaryske perioade troch de minske mei oerbejaging útrûge binne, lykas de lynks, de brune bear, de wolf, de eland, it everswyn, de bever en de walrus. Tsjintwurdich binne der yn 'e Heechlannen noch altyd grutte populaasjes reaharten, reeën, wylde katten, beamotters, fiskotters, harmelingen, murden en sniehazzen. Oan 'e Skotske kusten libje grutte koloanjes gewoane en grize seehûnen. Foar it reade iikhoarntsje, dat yn oare dielen fan Grut-Brittanje yn 'e knipe kommen is troch de opmars fan it út Amearika ôfkomstige grize iikhoarntsje, binne de nullewâlden fan 'e Skotlân in wier taflecht wurden. Der binne sûnt 2000 eksperiminten geande mei it op 'e nij útsetten fan bevers en everswinen.

De sniehazze, dy't yn 'e Skotske Heechlannen rûnom foarkomt.

Wat fûgels oangiet is de keningsearn min ofte mear in nasjonaal symboal fan Skotlân wurden. De sniehin, dy't winterdeis in wyt fearreklaad kriget, komt rûnom foar yn 'e Heechlannen. Op rotsen foar de kust nestelje ûnbidige koloanjes ginten, seepappegaaien en oare seefûgels. Ferskate rôffûgelsoarten dy't ferdwûn wiene, binne sûnt 1975 wer op 'e nij yntrodusearre, wêrûnder de see-earn en de reade glee.

De floara fan Skotlân bestiet út sawol mingd wâld as nullewâld, mei dêropta heide- en toendrasoarten. Hoewol't it lân mar in relatyf leech oantal faskulêre planten (Tracheophyta) telt, komme der nammenste mear moassen (Bryophyta) foar. It op grutte skaal oanplantsjen fan produksjebosken, en it behearbelied oangeande weidlân foar skiep en kommersjele fjildsportaktiviteiten (golfbanen) hat in negative ynfloed hân op 'e fersprieding fan lânseigen planteguod. In spjirrebeam oan 'e igge fan Loch Fyne, dy't dêr yn 'e 1870-er jierren plante is, hat de namme de heechste beam fan it Feriene Keninkryk te wêzen, wylst de Taksisbeam fan Fortingall nei gedachten omtrint 5.000 jier âld is en dêrmei mooglik it âldste libbene organisme yn Jeropa.

It is ûnbekend hoenear't de earste minsken har yn 'e Prehistoarje yn Skotlân nei wenjen setten, mei't de opmars en weromtocht fan 'e gletsjers ûnder ferskate iistiden alle spoaren fan minsklike bewenning fan foàr it Mesolitikum útwiske hat. Yn alle gefallen kamen de earste minsklike jager-sammelders fan nei de lêste iistiid omtrint 12.800 jier lyn yn Skotlân oan. Permaninte wenten waarden ynsafier bekend foar it earst likernôch 9.500 jier lyn boud, en de earste doarpen waarden omtrint 6.000 jier lyn oanlein. Ut dy snuorje datearret it goed bewarre bleaune doarp Skara Brae, op it haadeilân fan 'e Orkney-eilannen. Wenten, grêven en fynplakken fan rituële betsjutting út it Neolitikum binne fral goed bewarre bleaun op 'e Orkey- en Sjetlâneilannen en op 'e Bûtenste Hebriden, dêr't de lju troch in tekoart oan beammen twongen wiene om mei stien te bouwen.

It âldste steande hûs fan noardlik Jeropa, yn it Skotske Knap of Howar, út 3.500 f.Kr.

Yn 2009 waard te Forteviot, deunby Perth, in 4.000 jier âlde grêftombe mei rike grêfgeskinken fan in fierders ûnbekende hearsker út 'e iere Brûnstiid opdobbe. Saakkundigen wolle wol hawwe dat Skotlân doedestiden diel útmakke fan in hannelskultuer dy't de Atlantyske Brûnstiid neamd wurdt en dêr't ek oare Keltyske riken yn Ingelân, Frankryk en op it Ibearysk Skiereilân ta heard hawwe soene. Ut dy tiid datearje in grut tal monolityske monuminten (wêrûnder stiensirkels) en grêftombes.

De Romeinske Tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske boarnen oer (sij it net út) Skotlân begjinne mei de ferovering troch de Romeinen fan it súdlike twatrêde part fan it eilân Grut-Brittanje, yn it jier 43. Yn dy tiid waard Skotlân fan Kaledoanje neamd, en de bewenners fan dat lân hiene neat op mei útlânske oerhearsking. Neffens de Romeinske skiedskriuwer Tasitus namen de Kaledoaniërs as ien man de wapens op tsjin 'e Romeinen. Se foelen Romeinske fortifikaasjes oan en fierden in soarte fan guerilja-oarloch tsjin 'e Romeinske legioenen, wêrby't se soms spektakulêre súksessen behellen. Sa wisten se by in nachtlike oanfal hast it hiele Romeinske 9e Legioen út te rûgjen foar't dat ûntset wurde koe troch in ôfdieling hynstefolk.

De Muorre fan Hadrianus.

Yn 83 of 84 waarden de Kaledoaniërs lykwols yn 'e Slach by Mons Graupius ferslein troch de Romeinske fjildhear Gnaius Julius Agrikola. Neffens Tasitus soe harren lieder in Kalgakus west hawwe, dy't de Romeinen derfan beskuldige de wrâld ta in woastenije te meitsjen en dat "it bringen fan frede" te neamen. Nei Agrikola syn oerwinning teagen de Romeinen einlings op nei it noarden, dêr't se deunby de grins tusken it leechlân en de Heechlannen in ferdigeningsliny begûnen oan te lizzen. De ferovering rûn lykwols op 'e non, en trije jier letter hiene de Romeinen har alwer weromlûke moatten oant yn it Súdskotsk Berchlân. Dêr leine se de ferneamde Muorre fan Hadrianus oan, dy't fan 'e Ierske See oant de Noardsee rûn, en de noardgrins waard fan 'e Romeinske provinsje Brittanje.

Yn twa koarte perioaden (de lêste fan 208 oant 210) wisten de Romeinen de grins in eintsje op te skowen nei it noarden, dêr't se yn it sintrale leechlân de minder bekende Muorre fan Antoninus bouden. Mei't de Romeinske besetting fan in oansjenlik part fan súdlik Skotlân mar in fjirtich jier duorre, kin steld wurde dat Skotlân bûten it Romeinske Ryk bleau, al soarge de neite fan 'e provinsje Brittanje derfoar dat it tusken de earste en de fyfde iuw wol deeglik in sterke romanisaasje ûndergie.

In Piktysk monolitysk monumint by Aberlemno.

De fiif folken fan Skotlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Midsiuwen ûntjoech Skotlân him ta in grienmank fan folken en riken. It noarden en noardeasten fan it lân waard bewenne troch de Pikten, in folk fan ûndúdlik komôf. It wurdt tsjintwurdich wierskynlik achte dat hja ôfstammelingen wiene fan 'e earste weach fan Keltyske lânferhuzers dy't yn it lêste milennium f.Kr. fan it fêstelân fan Jeropa oerstiek nei de Britske Eilannen en him dêr fermong mei de besteande Pre-Yndo-Jeropeeske bewenners. Mei't der lykwols net genôch fan 'e Piktyske taal oerlevere is om ta in wisse klassifikaasje te kommen, is it net út te sluten dat se eins gjin Kelten wiene, mar it lêste selsstannige restant fan 'e oerbefolking fan Skotlân.

It Súdskotsk Berchlân en it grutste part fan it leechlân waard al foarôfgeande oan 'e Romeinske Tiid bewenne troch Brytoanyske Kelten dy't opdield wiene yn ferskate stammen. Hja wiene nau besibben oan soartgelikense stammen oare kant de Muorre fan Hadrianus, wêrûnder de sterk romanisearre Briganten, dy't al yn 'e earste iuw troch de Romeinen ûnderwurpen wiene. Dizze Brytoanyske Kelten sprieken dialekten dy't nau besibbe wiene oan it Welsk, en sadwaande wurdt it Midsiuwske suden fan Skotlân en it oangrinzgjende diel fan noardlik Ingelân troch wittenskippers wol oantsjut mei de Welske namme Hen Ogledd, "it Alde Noarden". It wichtichste ryk fan 'e Brytoanyske Kelten yn súdlik Skotlân wie Strathclyde, dat syn sintrum hie by it hjoeddeiske Glasgow.

It strân op it eilân Harris, yn 'e Bûtenste Hebriden.

Fierders setten omtrint 500 de earste Gaelen (of Skotten) út Ierlân har nei wenjen oan 'e Skotske westkust. Hja namen taal en kultuer mei út Ierlân, en út harren Gaelyske Keltyske taal soe him neitiid it Skotsk-Gaelysk ûntjaan. Ek wiene sy it dy't (yn 'e persoan fan 'e tsjerkfaar Kolumba) it kristendom nei Skotlân ta brochten. Oan 'e ein fan 'e sechsde iuw waarden de lytse Gaelyske rykjes troch kening Aidan feriene ta it keninkryk Dalriada, dat Dunadd as haadplak hie. De riken fan 'e Gaelen en de Pikten rekken meitiid almar mear mei-inoar fergroeid, oant de Gaelyske kening Kenneth MacAlpin yn 843 op 'e Piktyske troan kaam. Om't bekend is dat de erfopfolging by de Pikten fia de mem rûn, wurdt wol tocht dat Kenneth syn mem in Piktyske prinsesse west hawwe moat.

Underwilens wiene de Germaanske Angelen mei de Saksen en guon Jutten en Friezen by it Germaanske Folkeferfarren oan 'e ein fan 'e Romeinske Tiid nei de Britske Eilannen tein. Yn 'e sânde iuw hiene hja yn noardlik Ingelân it keninkryk Noardumbrje stifte, en dêrwei begûnen se yn 'e achtste iuw oan in opmars yn súdlik Skotlân, ta skea fan 'e ûnderskate riken fan 'e Brytoanyske Kelten dêre. Op it hichtepunt fan har macht behearsken de Angelen it hiele súdeasten fan Skotlân, oan Edinburch ta, mar fan likernôch 800 ôf brochten ynterne strideraasjes harren hegemony ûnder fuotten. Boppedat waarden ek de Angelen doe slim teheistere troch de ynfallen fan 'e Wytsingen.

It Kastiel fan Edinburch.

Dy Wytsingen wiene yn it gefal fan Skotlân Noaren en Denen, mar hoewol't ek de Denen mei harren ynfallen grutte skea en slim lijen oer it lân brochten, wiene de Noaren wichtiger. Dy beheinden har nammentlik net inkeld ta ynfallen, mar setten har ek nei wenjen yn it lân, benammen yn it uterste noarden fan 'e Heechlannen (it skiereilân Caithness) en op 'e Hebriden. Op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen waard de oarspronklike Piktyske befolking folslein troch de Noarske kolonisten assimilearre, mar dy beide eilannegroepen foelen yn dy tiid ûnder de Noarske Kroan, en waarden hielendal net ta Skotlân rekkene.

It Skotske keninkryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de berte fan it Keninkryk Skotlân wurdt ornaris de kroaning beskôge, yn 843, fan Kenneth MacAlpin ta kening fan Piktlân. Op dat barren folge in stadige ekspânsje fan it mienskiplike keninkryk fan 'e Pikten en de Gaelen, dat tsjin 'e alfde iuw "Skotlân" kaam te hjitten. Tsjin 'e tolfde iuw hiene de Skotske kenings it Brytoanyske súdwesten en it Angelsaksyske súdeasten ferovere, en waarden se as lienhear erkend troch de hearskers fan it Gaelyske skiereilân Gallowegen, yn it uterste súdwesten, en it Noarske Caithness, yn it uterste noarden. Mei de komst fan in feriene keninkryk ûntstie ek in proses wêrby't Skotlân omtrint de tolfde iuw stadichoan begûn te feodalisearjen, in ûntwikkeling dy't allinnich mar fuortsterke waard troch de ymmigraasje fan Anglo-Normandyske ealju út Ingelân en Frankryk wei.

It stânbyld fan 'e Skotske frijheidsstrider William Wallace, yn Aberdeen.

De steatkundige grinzen fan Skotlân waarden úteinlik fierhinne fêstlein yn it Ferdrach fan York, út 1237, mei Ingelân, en yn it Ferdrach fan Perth, út 1266, mei Noarwegen. Dêr wiene trije wichtige útsûnderings op. It eilân Man, yn 'e Ierske See, hearde lange tiid by Skotlân, mar gie yn 'e trettjinde iuw ferlern oan Ingelân en ûntjoech him letter ta in selsbestjoerend gebiet dat tsjintwurdich ôfhinklik is fan 'e Britske Kroan mar net fan it Britske regear. Fierders slagge it de Skotten pas yn 1472 om 'e Orkney- en de Sjetlâneilannen los te weakjen fan Noarwegen, en gie yn it uterste súdeasten de stêd Berwick-upon-Tweed noch yn 1482 ferlern oan Ingelân.

Frijheidsstriid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan kening Aleksander III yn 1286, fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de Faam fan Noarwegen, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau en it lân regearre waard troch de saneamde beskermhearen. Dat machtsfakuum bea in iepening foar Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ferskate troanpretendinten, in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Op Edwert syn oanstean waard yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane, wylst er sels fan 'e Skotten erkenning ôftwong as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.

De brêge fan Stirling, it toaniel fan 'e Slach by Stirling yn 1297.

Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it Jeropeeske fêstelân tsjin 'e Frânsen focht. Dat gie sels Jan te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei de Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje"), dy't fan 1295 oant 1560 duorje soe. Edwert die dêrop in ynfal yn Skotlân, sette Jan fan Balliol ôf en griep sels de macht yn it lân. Dat late ta de saneamde Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, wêrby't Andréas fan Moray en William Wallace as de wichtichste lieders fan it Skotske ferset tsjin 'e Ingelske oerhearsking nei foarren kamen. Hja fersloegen de Ingelsen yn 'e Slach by Stirling, yn 1297, mar litten it jiers dêrop in slimmen nederlaach yn 'e Slach by Falkirk. Hoewol't Wallace úteinlik troch ferrie yn Ingelske hannen foel en yn 1305 op in Londensk skavot einige, wie dat net de ein fan 'e striid, sa't Edwert hope hie.

Want yn 1306 fermoarde Robert de Bruce, greve fan Carrick, ien fan 'e wichtichste Skotske troanpretendinten, yn 'e Greyfriars Kirk yn Dumfries syn foarnaamste rivaal Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch. Minder as sân wiken letter waard er ta kening fan Skotlân kroane. As Robert I wraksele er dêrnei mear as tweintich jier lang, earst om 'e ûnôfhinklikheid fan syn heitelân werom te winnen, en dêrnei om dy ûnôfhinklikheid feilich te stellen foar de takomst. Mei de oerwinning oer de Ingelsen yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, bewiisden de Skotten dat se wer baas yn eigen hûs wiene. It jiers dêrop waard Robert syn broer Edward fan Bruce ta hege kening fan Ierlân kroane ûnder de koartduorjende Skotske ynfaazje fan dat troch de Ingelsen bestjoerde eilân. Yn 1320 liet Robert de Ferklearring fan Arbroath ôfkundigje, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring. Doe't dy de stipe krige fan paus Jehannes XXII, moast ek de Ingelske Kroan him úteinlik by in selsstannich Skotlân dellizze.

It stânbyld fan Robert de Bruce op it slachfjild fan Bannockburn.

Nettsjinsteande dat holden de beide Britske keninkriken noch iuwenlang in muoisume en by fleagen fijannige relaasje. De oarloch mei Ingelân gie noch desennia lang troch nei de dea fan Robert I yn 1329. Boppedat late de bittere rivaliteit tusken de Bruce-dynasty en de Comyn/Balliol-famylje ta ynterne rebûlje yn Skotlân en sels ta in boargeroarloch dy't oant de midden fan 'e fjirtjinde iuw oanhold. Hoewol't de Bruce-dynasty de winner yn dy striid waard, feroarsake it brekme oan manlike erfgenamten fan kening David II yn 1371 dat mei syn omkesizzer Robert II it Hûs Stuart op 'e troan kaam. De Stuarts (eins: Stewarts) hearsken dêrnei oant de Renêssânse oer Skotlân, en ûnder harren bewâld makke it lân in gruttere woltier troch as ea tefoaren, nettsjinsteande de oanhâldende konfrontaasjes mei Ingelân en de swierrichheden dy't feroarsake waarden troch de almar djippere kulturele kleau tusken it leechlân en de Heechlannen.

De uny mei Ingelân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1502 tekene Jakobus IV fan Skotlân it Ferdrach fan Ivige Frede mei Hindrik VII fan Ingelân. Om dat te besegeljen naam er Hindrik syn dochter Margareta Tudor ta frou, in houlik dat late ta in famyljebân tusken de Tudors fan Ingelân en de Stuarts fan Skotlân. In goede tsien jier letter, yn 1513, waard Jakobus troch omstannichheden, de Auld Alliance mei Frankryk en Ingelske agresje twongen en doch in ynfal yn noardlik Ingelân, mar de ekspedysje waard in fiasko, en it Skotske leger waard ferneatigjend ferslein yn 'e Slach by Flodden, dêr't Jakobus IV by omkaam. Syn soan, Jakobus V, stoar yn 1543 sûnder manlike opfolgers, sadat syn dochter Marije Stuart op 'e troan kaam as keninginne. Yn 1560 moast Skotlân ûnder Ingelske druk mei it Ferdrach fan Edinburch de Auld Alliance mei Frankryk beëinigje.

Kening Jakobus VI fan Skotlân, dy't as Jakobus I ek op 'e Ingelske troan kaam.

Datselde jiers, 1560, fierde Skotlân de troch de tsjerkeherfoarmer John Knox beïvere Reformaasje troch en waard it sadwaande in kalvinistysk lân. Dat late ta nije ynterne striid, mei't de yn Frankryk goedroomsk grutbrochte Marije der neat fan witte woe om nei it protestantisme oer te gean. Yn in barbaarske boargeroarloch waarden de oanhingers fan 'e keninginne lytsman makke, en Marije sels waard yn 1567 ôfset, wêrnei't Skotlân regearre waard troch in rige reginten foar har jonge soan Jakobus VI. Nei in mislearre besykjen om 'e troan werom te winnen, flechte Marije de grins mei Ingelân oer, dêr't se troch har efternicht Elizabeth I krapoan tweintich jier lang finzen holden waard, oant har eksekúsje yn 1587.

Doe't mei Elizabeth yn 1603 it Hûs Tudor útstoar, waard Jakobus VI fan Skotlân as har neiste famyljelid har erfgenamt, en kaam er as Jakobus I op 'e Ingelske troan. Sadwaande waarden Skotlân, Ingelân en ek Ierlân doe feriene yn in personele uny, mei ien en deselde kening oan it bewâld. Hoewol't it lân tenei fierhinne út it Ingelske Londen wei regearre waard, bleau Skotlân lykwols noch in iuw lang yn namme in selsstannich lân, útsein ûnder de koarte perioade fan it Protektoraat (1657-1659) en it dêropfoljgende Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (1659-1660), doe't Oliver Cromwell en de Ingelske republikeinen de Britske Eilannen ta ien steat ferienen.

John Graham fan Claverhouse, byneamd Bonnie Dundee, besocht yn 1689 om 'e nocht en behâldt Skotlân foar kening Jakobus VII.

Pas yn 1707 waard mei de beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny it feriene keninkryk fan Grut-Brittanje skepen, mei ien parlemint en ien regear (allebeide yn Londen). Dat barde nei it jammerdearlik ferrûne besykjen om in Skotske koloanje te stiftsjen yn wat no Panama is, dêr't nei't sein wurdt frijwol alle grûnbesitters yn Skotlân jild yn stutsen hiene. It bankrot fan 'e Skotske elite, dat dêr it gefolch fan wie, die in protte om sokken derfan te oertsjûgjen dat de uny mei Ingelân in goed ding wie (foar de miening fan it gewoane folk hie doedestiden nimmen belangstelling), en Ingelske drigeminten dat der oarloch komme soe as de Skotten net omlyk woene, beklonken de kwestje.

De jakobityske opstannen en ûnderdrukking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e santjinde en yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw fûnen der yn Skotlân ferskate jakobityske opstannen plak. Dat hie dermei te krijen dat kening Jakobus VII (Jakobus II fan Ingelân) yn 1688-1689 fanwegen roomske sympatyen fan 'e troan staat wie, by wat yn Ingelân de Glorieuze Revolúsje neamd waard, troch syn dochter Marije II en har Nederlânske man Willem III fan Oranje-Nassau. Hoewol't it Hûs Stuart yn 'e persoan fan Marije II en letter yn dy fan har suster Anne (dy't Willem nei dy syn dea yn 1702 opfolge) noch oant 1714 oan 'e macht bleau, fûnen in protte Skotten dizze revolúsje hielendal net sa glorieus, en bleaune trou oan 'e ôfsette kening Jakobus en dy syn rjochtlike opfolgers: syn soan Jakobus VIII, de saneamde Alde Pretendint, en syn pakesizzers Karel III, de Jonge Pretendint, en Hindrik I, de lêste manlike Stuart, in kardinaal fan 'e Tsjerke, dy't yn 1807 sûnder bern ferstoar.

Karel Edwert Stuart, skildere troch Allan Ramsay.

Hoewol't de jakobityske opstannen tsjintwurdich gauris beskôge wurde as in ier nasjonalistysk besykjen om 'e Skotske ûnôfhinklikheid werom te winnen, wie it eins earder in striid fan roomsen tsjin protestanten, of oars fan politike oanhingers fan it âlde rezjym tsjin dy fan it nije. Boppedat woene de Stuarts net inkeld de Skotske troan, mar ek de Ingelske weromwinne, en as dat harren slagge wie, soe der oangeande de politike status fan Skotlân nei alle gedachten gjin sprút feroare wêze. Mar hoe't it ek sij, de earste jakobityske opstân, as dy sa neamd wurde kin, fûn plak yn 1689, fuort nei de Glorieuze Revolúsje, doe't John Graham fan Claverhouse, 1e boarchgreve Dundee, dy't doedestiden de offisjele befelhawwer fan it Skotske leger wie, in striidmacht mobilisearre om Skotlân foar Jakobus VII te behâlden en de út Ingelân optsjende willemityske legers op te kearen. Behalven reguliere troepen makke er dêrby gebrûk fan in grut tal leden fan 'e Heechlânske clans, dy't de namme hiene fûleindige fjochters te wêzen (mei't se al sûnt de Midsiuwen allegeduerigen ûnderling deilis wiene). Hoewol't Bonnie Dundee, sa't er neitiid neamd waard, yn 'e Slach by Killiecrankie in grutte oerwinning behelle, sneuvele er sels op it slachfjild, wêrnei't syn leger as snie foar de sinne fuortteide en Skotlân foar de jakobityske saak ferlern gie.

Nei't Skotlân yn 1707 syn ûnôfhinklikheid kwytrekke wie en nei't yn 1714 de Dútske karfoarst fan Hannover as George I op 'e Britske troan kommen wie, fûn der yn 1715 in nije jakobityske opstân plak, dy't yn Skotlân bekend kaam te stean as the Fifteen. Dêrby brocht John Erskine, greve fan Mar de clans gear om tsjin it nije Hannoveraanske bewâld te striden, mar syn legerke waard yn 'e Slach by Sheriffmuir ferslein, wêrnei't Mar de lêste santjin jier fan syn libben as balling yn Frankryk trochbrocht.

De Slach by Culloden, yn 1746, op in skilderij fan David Morier.

De meast ferneamde jakobityske opstân, the Forty-Five, fûn plak yn 1745, doe't de Jonge Pretendint Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie, op 'e Skotske kust lâne en de Heechlânske clans oprôp ta rebûlje, en in grut diel fan 'e clans gehoar joech oan dy oprop. Hoewol't dizze opstân begûn sûnder ienige foarm fan tarieding, hiene de jakobiten diskear it elemint fan 'e ferrassing oan har kant, en boppedat wiene de measte Britske troepen op it fêstelân fan Jeropa behelle yn 'e Eastenrykske Súksesjeoarloch. Nei in flugge oerwinning yn 'e Slach by Prestonpans wisten de jakobiten grutte parten fan Skotlân, mei dêrûnder de haadstêd Edinburch, yn 'e hannen te krijen. Dêrnei begûn prins Karel mei syn Heechlânske leger oan in opmars troch Ingelân, mar wat fierder oft de Skotten fan har heitelân ôf rekken, wat minder oft it har noaske en wat mear oft desertearren. Likegoed wisten de jakobiten Derby, yn súdlik Ingelân, te berikken foar't se tsjinkeard wurde koene troch guon mei tûzen hasten fan it kontinint weromhelle Ingelske troepen. In weromtocht wie doe net oan te ûntkommen, en prins Karel moast him mei syn leger weromlûke yn 'e Skotske Heechlannen, dêr't lykwols nije troepen wûn wurde koene. De opstân einige op 't lêst yn 'e klimaktyske Slach by Culloden, dêr't de moed fan 'e Heechlânske clans op 16 april 1746 smoard waard yn it boalderjen fan Ingelske kanonnen.

It Culloden-monumint, oprjochte yn 1881.

Karel Edwert Stuart doarme neitiid in simmer lang troch de Heechlannen en de Hebriden fan skûlplak nei skûlplak, oant er úteinlik ûntkomme koe nei Frankryk, dêr't er oant syn dea yn 1788 neat mear út 'e wei sette. Underwilens krige Skotlân nei ôfrin fan 'e opstân slim te lijen fan Ingelske ûnderdrukking. It Britske leger hold plonderjend en brânskattend hûs yn it lân en 120 fan 'e jakobityske lieders krigen de deastraf, wylst mear as 1.100 oaren fan hûs en hiem ferballe waarden nei de koloanjes. It dragen fan 'e kilt waard oant 1782 by wet ferbean, en de befolking fan 'e Heechlannen en de Hebriden waard fierder troffen troch in miltêre besetting dy't noch jierren oanhold. De opstân fan 1745 wie in ramp dy't it clanwêzen yn Skotlân nea wer te boppe komme soe.

Achttjinde en njoggentjinde iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de opskuor fan 'e jakobityske opstannen wist benammen it Skotske leechlân yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw al rillegau wer de tried op te pakken. De saneamde Skotske Ferljochting, mei figueren as de natuerkundigen James Clerk Maxwell en William Thomson baron Kelvin en yngenieurs as James Watt en William Murdoch, klearre it paad foar in Yndustriële Revolúsje dy't fan Skotlân in ekonomyske grutmacht makke. It wie yn dy tiid dat de yndustrystêd Glasgow foar it earst yn oansjen kaam, benammen as ien fan 'e wichtichste sintra fan skipsbou fan 'e wrâld. De yndustrialisaasje gie lykwols ek mank mei abominabele wurk- en wenomstannichheden foar de arbeiders fan 'e almar úttynjende fabriken. Yn 'e njoggentjinde iuw hie Glasgow fierwei it heechste bernestjertesifer fan Skotlân en ûnder de deun opinoar libjende arbeiderspopulaasje koene besmetlike sykten as tuberkuloaze en goalera har as diggelfjoer ferspriede.

"Skipfeart op 'e Clyde", in skilderij fan John Atkinson Grimshaw, út 1881.

Ek op kultureel mêd droech Skotlân yn dy tiid o sa by oan 'e Ingelsktalige wrâld, mei skriuwers as sir Walter Scott en letter Robert Louis Stevenson, sir Arthur Conan Doyle en George MacDonald. Op it mêd fan 'e keunst kaam oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw de Glasgowske Skoalle ta bloei, dy't in Keltyske weroplibbing yn 'e moderne keunst kombinearre mei in beskate Japanske styl. Under it tiidrek fan 'e Romantyk waarden yn 'e 1820-er jierren de kilt en it tartan oannommen troch de Skotske elite.

Dat wie lykwols net folle mear as symboalpolityk, mei't deselde grûnbesitters yn 'e Heechlannen en op 'e Hebriden de saneamde Heechlânske Frijmakkings (Highland Clearances) trochfierden, wêrby't tsientûzenen lytse pachtboeren ûnmeilydsum fan 'e grûn ferdreaun waarden dy't harren famyljes faak al iuwenlang bewenne en bewurke hiene, inkeld en allinnich sadat dy omset wurde koe yn winstjaander weidlân foar skiep. It grutste part fan 'e ûnteigene en fan har lân ferdreaune clanleden hie gjin oare kar as om te emigrearjen, om yn in nij lân op 'e nij te begjinnen. Tusken 1841 en 1931 ferfearen nei skatting 2 miljoen Skotten nei Noard-Amearika en Austraalje, en nochris 750.000 nei Ingelân. Oan 'e oare kant wie der fan 'e 1820-er oant de 1960-er jierren oanhâldend sprake fan ymmigraasje út Ierlân, troch lju dy't ôfkamen op it wurk op 'e skipswerven fan Glasgow.

Sir Walter Scott beävensearre mei syn romantyske literatuer in werwurdearring fan 'e Skotske kultuer.

Skotlân spile in wichtige rol yn 'e Britske oarlochsynset yn 'e Earste Wrâldoarloch. Behalven dat in grut part fan 'e Britske oarlochsskippen fan Skotske makkelei wie, waarden der mear as in heal miljoen soldaten nei it front ta stjoerd (op in befolking fan 4,8 miljoen minsken), wêrfan't goed 125.000 omkamen en likernôch 150.000 swier ferwûne weromkearden. Yn dyseldichste snuorje krige de sosjalistyske Labourpartij foar it earst fêste foet oan 'e grûn yn Skotlân, benammen ûnder de arbeiders fan Glasgow.

Yn it Ynterbellum waard it lân troffen troch ekonomyske stagnaasje, folge troch de Grutte Depresje, mei as gefolch dat in protte fral jonge Skotten it heitelân ferliet, op 'e siik nei in better libben om utens. Iroanysk genôch wie it de Twadde Wrâldoarloch dy't Skotlân nije wolfeart trochdat der doe fannijs grutte fraach ûntstie nei oarlochsskippen en oar swier materieel. Nei 1945 rekke Skotlân troch in ferâlderjende yndustry stadichoan ekonomysk wer yn 'e ûnderwâl. Benammen de skipsbousektor is sûnt alhiel opdoekt, mei slimme earmoede yn Glasgow ta gefolch. Underwilens ûntstie fan 'e santiger jierren ôf oan 'e oare kant fan it lân in nije yndustry mei as sintrum Aberdeen, troch de oaljeboarrings yn 'e Noardsee.

Skotske militêren yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei in bútmakke Japanske flagge.

Nei de Twadde Wrâldoarloch stiek ek it Skotske nasjonalisme foar it earst de kop op, dat polityk fertsjintwurdige waard troch de Skotske Nasjonale Partij (SNP). Yn 't earstoan waarden de nasjonalisten, dy't de ûnôfhinklikheid fan Skotlân foarstiene, troch de fêstige politike oarder yn it Feriene Keninkryk útlake, mar nei ferkiezingsoerwinnings fan 'e SNP oan 'e ein fan 'e jierren sechstich en yn 'e earste helte fan 'e jierren santich, fergie harren tsjinstanners it laitsjen al gau. Hoewol't de nasjonalisten fan 1979 ôf in soad stipe ferlearen, diene de ympopulêre en as anty-Skotsk ûnderfûne maatregels fan 'e Konservative premier Margaret Thatcher yn 'e twadde helte fan 'e tachtiger jierren in protte om 'e eardere ferliezen fan 'e nasjonalisten goed te meitsjen.

De oanwaaksende rop om selsbestjoer late yn 1997 ta it hâlden fan in referindum, wêrby't de Skotske befolking yn oerweldigjende mjitte keas foar in eigen parlemint en in eigen autonoom regear. De earste ferkiezings foar it Skotske parlemint waarden holden yn 1999, en neitiid waard in koälysjeregear gearstald fan Labour en de Liberaal-Demokraten, dat oant 2007 oan 'e macht bleau. Tsjin dy tiid wie de SNP sa groeid dat dy op eigen manneboet en mei stipe fan 'e Skotske Griene Partij in minderheidsregear foarmje koe, en nei in nije ferkiezingsoerwinning yn 2011 behellen de nasjonalisten sels in nipte mearderheid yn it Skotske parlemint. Dêrnei fielden se har sterkernôch om einlings in referindum oer ûnôfhinklikens út te skriuwen, mar doe't dat holden waard, op 19 septimber 2014, die bliken dat de Skotske befolking (noch) net ree wie om it lân fan 'e rest fan it Feriene Keninkryk los te meitsjen: de foarstanners ferlearen it fan 'e tsjinstanners mei 45% tsjin 55%.

Alex Salmond, de earste SNP-premier fan Skotlân.

Premier en SNP-lieder Alex Salmond besleat dêrnei om ôf te treden, en waard opfolge troch fise-premier Nicola Sturgeon. Mei't de Britske premier David Cameron út namme fan it nee-kamp de deis foar de ferkiezings de Skotske befolking alderhanne ûnthjitten op it mêd fan mear jild en mear selsbestjoer die as men mar tsjin ûnôfhinklikheid stimme soe, en de deis nei de oerwinning fan 'e nee-kampanje tebekklaude, liket it derop dat in protte Skotten har bedragen fiele. Nei it referindum groeide de SNP dan ek fan minder as 26.000 leden oant mear as 115.000 leden yn maaie 2015, doe't der lanlike Britske ferkiezings holden waarden. Dêrby boekten de nasjonalisten in meunsteroerwinning troch 56 fan 'e 59 Skotske sitten yn it Britske Legerhûs te winnen.

Nicola Sturgeon, de earste froulike premier fan Skotlân.

Mei't Skotlân ûnderdiel útmakket fan it Feriene Keninkryk is it steatshaad fan Skotlân de Britske monarch, en dat is sûnt 1952 keninginne Elizabeth II. Doe't dyselde op 'e troan kaam ûntstie der yn Skotlân rebûlje oer it feit dat hja harsels net inkeld yn Ingelân, mar ek yn Skotlân Elizabeth II neamde, mei't der nea in Skotske keninginne Elizabeth I west hie. Yn 'e rjochtsaak dy't dêroer fierd waard, stelde de rjochterlike macht lykwols de Kroan yn it gelyk, en dêrby waard fêstlein dat tenei altyd de heechste nûmering oanholden wurde sil. Dus as der yn 'e takomst nochris in kening Jakobus (James) op 'e Britske troan komt, dan sil dy Jakobus VIII neamd wurde, ek al hat Ingelân mar twa Jakobussen as kening hân. De Britske troanopfolger, dy't yn Ingelân de titel "prins fan Wales" draacht, wurdt yn Skotlân de "hartoch fan Rothesay" neamd.

De gearkomstseal fan it Skotske Parlemint te Holyrood.

Skotlân is in "dielútmeitsjend lân" (constituent country) fan it Feriene Keninkryk, krekt as Ingelân, Wales en Noard-Ierlân. Oan dy oantsjutting is gjin politike status ferbûn (mei't Ingelân bgl. hielendal gjin selsbestjoer hat). Skotlân beskikt sûnt 1999, nei't de Skotske befolking dêr twa jier earder by in referindum ta besletten hiene, wól oer in foarm fan selsbestjoer, sij it in beheinden-ien. It hat in eigen Skotsk Parlemint, dat fêstige is yn 'e Edinburchske wyk Holyrood, en dêrom ek wol mei dy namme oantsjut wurdt. Dit parlemint bestiet út ien keamer en is opmakke út 129 leden, wêrfan't 73 in beskaat kiesdistrikt fertsjintwurdigje, wylst de oare 56 yn acht ferskillende regio's keazen wurde op grûn fan it kiesstelsel fan proporsjonele represintaasje (sa't bgl. Nederlân hat). Ien fan 'e leden fan it parlemint wurdt op foardracht fan datselde parlemint troch de Britske monarch beneamd ta premier fan Skotlân, en kin dan sels oare parlemintsleden ta ministers yn syn regear beneame.

It Skotske parlemint en regear hawwe sizzenskip oer in soad saken, wêrûnder it ûnderwiis, de sûnenssoarch en beskate juridyske kwestjes. Sa kin it dat it heger ûnderwiis en syktekosten foar de âlderein yn Skotlân no fergees binne, wylst dy saken yn 'e rest fan Grut-Brittanje almar djoerder wurde. Fierders wie Skotlân it earste diel fan it Feriene Keninkryk dêr't it ferbean waard om yn iepenbiere gelegenheden te smoken, en sette it ek as earste lânsdiel de legalisaasje fan it homohoulik yn gong (hoewol't it op dat mêd letter ynhelle waard troch Ingelân en Wales). It Skotske parlemint hat ek it rjocht om in beskate mjitte fan belestings yn Skotlân te heffen. Mar definsje, bûtenlânsk belied, de sosjale útkearings en it meastepart fan 'e belestingheffing is noch altyd stevich yn 'e hannen fan it lanlike Britske parlemint en regear.

Bute House, de offisjele residinsje fan 'e premier fan Skotlân.

Skotlân telt sân offisjele stêden: Aberdeen, Dundee, Edinburch, Glasgow, Inverness, Stirling en Perth. It lân is lid fan 'e Britsk-Ierske Ried en fan 'e Britsk-Ierske Parlemintêre Assimblee. Der binne 59 Skotske kiesdistrikten fertsjintwurdige yn it Britske Legerhûs (fan yn totaal 750); en Skotlân hat seis sitten yn it Jeropeesk Parlemint.

Hoewol't de skipsbou, de koaleminen en de stielyndustry, sektors dy't ienris fan krúsjaal belang wiene foar de Skotske ekonomy, nei de Twadde Wrâldoarloch alhiel yn it ûnleech rekken troch ynternasjonale konkurrinsje, ferâldere en yneffisjinte masinery en deilisskip tusken wurkjouwers en wurknimmers, is Skotlân sûnt de tachtiger jierren wer by de wâl opklaud. Ien fan 'e wichtichste pylders fan 'e Skotske ekonomy is no de oalje- en gasyndustry mei syn boarplatfoarms yn 'e Noardsee, dy't ûnderstipe wurdt troch in útwreide ynfrastruktuer fan oaljeraffinaderijen en oanleveringsbedriuwen fan spesjalisearre ark en reau op it Skotske fêstelân, benammen yn 'e krite om Aberdeen hinne. As Skotlân ûnôfhinklik wêze soe, dan soene 95% fan 'e Britske oalje- en gasfoarrieden binnen de Skotske grinzen lizze.

In boarplatfoarm yn 'e Noardsee.

Troch de frij algemiene deyndustrialisaasje fan Skotlân is fierders de úttynjende tsjinstesektor fan grut belang, wêrfan't it bank- en fersekeringswêzen it wichtichste plak ynnimt, mei in stikmannich grutte bedriuwen dy't harren haadkertier yn Edinburch hawwe, lykas de Lloyds Banking Group, de Royal Bank of Scotland, de Bank of Scotland en Standard Life. De Skotske haadstêd besette yn 2007 noch it fyftjinde plak op 'e list mei de grutste finansjele sintra fan 'e wrâld, hoewol't it sûnt dy tiid in stik sakke is. Ek wichtich foar de Skotske ekonomy is de produksje fan elektroanika, dy't konsintrearre is yn en om Glasgow hinne – in krite dy't dêrom nei analogy fan it Amerikaanske Silicon Valley wol de Silicon Glen neamd wurdt.

De lânbou en fiskerij, dat ienris ek tige wichtige sektors wiene foar de Skotske ekonomy, binne geandewei de tweintichste iuw alhiel marginalisearre rekke. Oan 'e oare kant is it toerisme noch altyd groeiende, en datoangeande hat Skotlân hiel wat te bieden, mei syn natoerskientme, syn libbene kultuer en syn fassinearjende skiednis. Ien fan 'e grutste trekpleisters wurdt noch altyd foarme troch de troebele wetters fan it mysterieuze Loch Ness, dêr't wierskynlik net (of dochs al?) in meunster yn huzet. Om alle toeristen, sakelju, oaljelju en oaren tagong ta it lân te ferskaffen, beskikt Skotlân njonken ferskate feartsjinsten dy't reguliere ferbinings ûnderhâlde mei Noarwegen, Ierlân en Nederlân, oer fiif grutte ynternasjonale lofthavens, te Glasgow, Edinburch, Aberdeen, Prestwick en Inverness.

Loch Ness, mei op de foargrûn it Kastiel Urquhart.

De wichtichste eksportprodukten fan Skotlân (ynkl. hannel mei oare dielen fan it Feriene Keninkryk) binne wisky, elektroanika en finansjele tsjinsten. Yn totaal hie de Skotske eksport yn 2012 in wearde fan £26 miljard. De wichtichste net-Britske hannelspartners fan Skotlân binne Ierlân, de Feriene Steaten, Nederlân, Dútslân, Frankryk en Noarwegen. Yn oktober 2014 hie Skotlân in wurkleazens fan 5,5%, wylst it Feriene Keninkryk as gehiel in wurkleazens fan 6,0% hie.

Skotlân hat deselde muntienheid as de rest fan it Feriene Keninkryk, te witten: it Britske pûn. Lykwols, op it mêd fan papierjild jout it fia in trijetal banken (de Bank of Scotland, de Royal Bank of Scotland en de Clydesdale Bank) noch altyd eigen biljetten út. It Skotske papierjild kin eins net foar in eigen faluta oanmurken wurde (allinnich al om't Skotlân gjin eigen muntjild hat), en is earder in regionale foarm fan it Britske pûn. De Skotske biljetten binne likefolle wurdich as Britske biljetten fan deselde denominaasje, en binne net inkeld yn Skotlân, mar yn it hiele Feriene Keninkryk jildich, krekt sa't it Britske pûn ek yn Skotlân jildich is. Ien ynteressant detail is noch dat der fan it Britske pûn biljetten fan £5, £10, £20 en £50 binne, wylst it "Skotske pûn" ek in briefke fan £1 hat. Yn 2013 wiene der foar £3,8 miljard oan Skotske bankbiljetten yn omrin, wêrfan't de wearde garandearre is troch de Bank of England, de Britske steatsbank.

Edinburgh Airport, ien fan 'e drokste lofthavens fan Skotlân.

Neffens de folkstelling fan 2011 hie Skotlân doe 5.313.600 ynwenners, mei in befolkingstichtens dy't 67,5 minsken de km² bedroech. Neffens in skatting út 2013 wie de befolking doe oanwoeksen ta 5.327.700 minsken. Dêrfan wenje fierwei de measten yn 'e saneamde Sintrale Gurdle, in brede bân dy't yn it leechlân dwers troch Skotlân rint, fan Glasgow, oan 'e westkust, nei Edinburch, oan 'e eastkust. Hoewol't Edinburch de haadstêd fan it lân is, is Glasgow fierwei de grutste stêd, mei mear as 584.000 ynwenners. As alle foarstêden meirekkene wurde komt de agglomeraasje Grut-Glasgow sels út op 1,2 miljoen ynwenners. Oare wichtige stêden yn 'e Sintrale Gurdle binne Dundee en Perth. De grutste stêd dy't bûten dat gebiet falt, is Aberdeen. De Heechlannen, de Hebriden en de Orkney- en Sjetlâneilannen binne mar tige tinbefolke, en ek it Súdskotsk Berchlân is winliken in plattelânsgebiet, dat dominearre wurdt troch lânbou en boskbou.

De skyline fan Glasgow.

Op it mêd fan etnisiteit joech by de folkstelling fan 2011 62% fan 'e befolking op "inkeld Skotsk" te wêzen, wylst 18% himsels seach as "Skotsk en Britsk" en 8% as "inkeld Britsk". Ek wie der 4% dy't in oare nasjonaliteit opjoech. Fan dy oaren hearden de measten ta de lju út it eardere Britsk-Ynje dy't har sûnt de Twadde Wrâldoarloch yn Skotlân nei wenjen set hawwe. Dizze Aziaten, sa't se yn Grut-Brittanje yn 'e regel neamd wurde, binne yn Skotlân fral konsintrearre yn Glasgow, hoewol't Edinburch en Dundee ek oansjenlike Aziatyske mienskippen hawwe. Yn 2011 waard de grutste allochtoane minderheid yn Skotlân foarme troch de likernôch 49.000 Pakistanen, folge troch krapoan 33.000 Ynjers en hast 4.000 Bingalezen.

De fersprieding fan Skotsktaligen neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011.

Ek hat it lân in Sineeske mienskip fan likernôch 34.000 minsken en dêropta noch sa'n 30.000 Afrikanen, 10.000 Arabieren en 6.500 Karibiërs. Jeropeeske minderheden binne der ek, wêrûnder Ingelsen en Welsen (mei-inoar 417.000), Ieren (54.000) en fan oarsprong nomadyske groepen, lykas Skotske en Ierske Reizgers en Roma (mei-inoar 4.200). Under de frijheid fan reizgjen binnen de Jeropeeske Uny binne der ek in protte lju út East-Jeropa nei Grut-Brittanje kommen, en fan dy groepen wiene yn 2011 yn Skotlân de Poalen it talrykst, mei sa'n 61.000 minsken.

De oarspronklike taal fan it leechlân, it Súdskotsk Berchlân en de Skotske eastkust oant benoarden Aberdeen is it Skotsk, in nau oan it Ingelsk besibbe Westgermaanske taal, dy't foarhinne ek wol as in Ingelsk dialekt beskôge waard, mar sûnt 1997 yn Grut-Brittanje erkenning genietet as in selsstannige taal. Hoewol't by de Skotske folkstelling fan 2011 troch 1.540.000 minsken (oftewol 30,0% fan 'e befolking) opjûn waard dat men Skotsk sprekke koe, wie it mar foar 125.000 minsken (2,4%) de memmetaal.

Op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen waard oarspronklik in lânseigen, út it Noarsk ûntstiene Noardgermaanske taal sprutsen, it Norn. De lêste sprekker dêrfan stoar lykwols yn 1850, en sûnt hearre de beide arsjipels ta it taalgebiet fan it Skotsk, al is it dialekt dat dêr sprutsen wurdt, it saneamde Eilânskotsk, min te ferstean foar Skotsksprekkers fan it fêstelân.

De fersprieding fan Skotsk-Gaelysktaligen neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011.

Yn 'e Noardwestlike Heechlannen en op 'e Hebriden is de lânseigen taal it Skotsk-Gaelysk, dat ta de Keltyske taalgroep heart. Oars as dat faak tocht wurdt, hat it Skotsk-Gaelysk nea de taal fan hiel Skotlân west, en hjoed de dei is it foar de oergrutte mearderheid fan 'e Skotten ûnfersteanber, mei't it al sûnt de Lette Midsiuwen stadichoan terrein priisjaan moat. Neffens de folkstelling fan 2011 binne der sa'n 87.000 lju (1,6%) dy't Skotsk-Gaelysk sprekke kinne, mei dêrûnder sa'n 57.000 memmetaalsprekkers (1,1%).

Yn Skotlân wurde sawol it Skotsk as it Skotsk-Gaelysk erkend as minderheidstaal en yn 1997 binne se allebeide troch it Britske regear as sadanich opjûn foar it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Under de Wet op 'e Skotsk-Gaelyske Taal, fan 2005, hat de Bòrd na Gàidhlig ("Skotsk-Gaelyske Taalried") de opdracht krigen om "derop ta te sjen dat it Skotsk-Gaelysk him ûntjout ta in offisjele taal fan Skotlân, dy't likefolle respekt kriget as it Ingelsk." Yn kontrast dêrmei wurd it Skotsk inkeld erkend as in "tradisjonele taal".

Yn alle gefallen is it Ingelsk op dit stuit noch altyd de iennichste offisjele taal fan Skotlân, dy't troch de grutte mearderheid fan 'e befolking as memmetaal sprutsen wurdt. Eins is it Ingelsk in útlânsk ynslûpsel dat sûnt likernôch 1600 in noch altyd net tsjinkearde opmars yn Skotlân makket. It meast sprutsen dialekt fan it Ingelsk yn Skotlân is it saneamde Skotsk-Ingelsk (dat net betize wurde moat mei it Skotsk), en dat him benammen fan it Standertingelsk ûnderskiedt troch in rôljende r, in tige tsjûke l en in protte regionale wurden en wurdfoarmen dy't faak ûntliend binne oan it Skotsk en minder faak oan it Skotsk-Gaelysk. Yn 'e Heechlannen, dêr't it Ingelsk it Skotsk-Gaelysk almar fierder tebek twingt, wurdt fierders it Heechlânsk-Ingelsk sprutsen, dat minder ynfloed fan it Skotsk en mear fan it Skotsk-Gaelysk fertoant.

De haven fan Aberdeen.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 bestiet 54% fan 'e Skotske befolking út kristenen, wylst ateïsten en agnosten krapoan 37% fan 'e befolking útmeitsje. Sûnt de Skotske Reformaasje fan 1560 is de presbyteriaanske Tsjerke fan Skotlân, dy't bekendstiet as de Kirk (Skotsk foar "tsjerke"), de steatstsjerke fan it lân. Yn 2011 wie likernôch 12% fan 'e Skotske befolking (638.000 minsken) lid fan 'e Kirk, wylst nochris 40% gjin lid wie, mar him der wol mei ferbûn fielde.

De oare grutte kristlike denominaasje fan Skotlân is de Roomsk-Katolike Tsjerke, mei 19% fan 'e befolking oftewol sa'n 975.000 minsken, fral konsintrearre yn it westen fan it lân. Nei de Reformaasje bleau in diel fan 'e Heechlannen nammentlik roomsk, en guon fan 'e Hebriden, wêrûnder Uist en Barra, ek. Boppedat waard de Roomsk-Katolike Tsjerke dêre, mar fral ek yn Glasgow, yn njoggentjinde iuw fuortsterke troch ymmigraasje út Ierlân wei. Fan 'e oare kristlike groepearrings yn Skotlân moat fral de Frije Tsjerke fan Skotlân (ek wol bekend as de Wee Frees, de "Lytse Frijen") neamd wurde, in swiere kalvinistyske tsjerke dy't him yn 1843 fan 'e Kirk ôfspjalte. In soartgelikense denominaasje wurdt foarme troch de Frije Presbyteriaanske Tsjerke fan Skotlân, in sels noch swierdere tsjerke dy't him yn 1893 ôfskate fan 'e Wee Frees. De oanhing fan dizze beide "frije" tsjerken is benammen konsintrearre op 'e Bûtenste Hebriden, wat it foar toeristen ferfelende gefolch hat dat se (as se net goed fan 'e sitewaasje op 'e hichte binne) dêr sneins in dei fêst komme kinne te sitten om't de fearboaten op 'e "dei fan God" net farre meie. Njonken ferskate oare miniskule presbyteriaanske splintertsjerkjes is der dan fierders noch de Skotske Episkopaalske Tsjerke, de Skotske ôfdieling fan 'e Anglikaanske Tsjerke, dy't sa'n 35.000 leden hat.

De Abdij fan Iona, dêr't it kristendom wei ferspraat waard oer hiel Skotlân.

Fan 'e net-kristlike religyen is de islaam tsjintwurdich it grutst, mei sa'n 40.000 oanhingers (minder as 0,9% fan 'e befolking). Der binne ek oansjenlike joadske, hindoeïstyske en sikh-mienskippen, benammen yn Glasgow. De likernôch 7.000 oanhingers fan it moderne heidendom binne mear oer it lân ferspraat. Fierders is it Samyé Ling-kleaster, by Eskdalemuir, dat yn 2007 fjirtich jier bestie, it âldste boedistyske kleaster fan West-Jeropa.

Wa't oan Skotlân tinkt, sil al gau de kilt yn 't sin komme, de Skotske manljusrok, dy't makke is fan tartan, de ferneamde weve wollene stof yn rútsjepatroan. Oan dat patroan kin de kenner daliks weromsjen ta hokker clan oft de drager heart. De kilt wurdt û.m. noch droegen troch de dielnimmers oan 'e saneamde Highland games, in krêftsport wêrby't men û.m. mei beamstammen smite en grutte stiennen tille moat.

De wapenbanier fan Skotlân.

In symboal fan 'e Skotske identiteit dat men yn Skotlân oeral tsjinkomt, is it skeankrús fan 'e apostel Andréas (Saint Andrew), de beskermhillige fan it lân. It stiet ek op 'e flagge fan Skotlân, dy't bestiet út in blau fjild mei wyt skeankrús. As alternative flagge wurdt trouwens ek gauris de Skotske wapenbanier brûkt, dy't bestiet út in giel fjild mei in klimmende reade liuw en in dûbele reade binnenseame fersierd mei reade leeljes. It fieren fan 'e wapenbanier, dy't ûntliend is oan it wapen fan Skotlân, is feitliks by wet inkeld tastien foar it keningshûs en net foar de befolking, mar dêr litte de Skotten har neat oan gelegen lizze. Noch wer in oar Skotsk symboal is de stikel (thistle) de nasjonale plant fan Skotlân. It folle minder bekende nasjonale bist fan Skotlân is de ienhoarn.

Tige wichtich foar de Skotske kultuer is ek de lânseigen muzyk, dy't tradisjoneel makke wurdt op 'e bekende doedelsek, mar ek op 'e harpe, de tromme, de fidel en de akkordeön. It ûnoffisjele Skotske folksliet is Flower of Scotland, dat faak spile wurdt foarôfgeande oan sportwedstriden en by oare spesjale gelegenheden. In oar wichtich en tige ferneamd Skotsk liet is Scotland the Brave. De Skotske nasjonale feestdei is St. Andrew's Day, op 30 novimber, dat sûnt 2007 in by wet fêstleine frije dei is. Foar Burns' Night, wijd oan 'e ferneamde Skotsktalige dichter Robert Burns (en holden op Burns syn bertedei, 25 jannewaris), wurde lykwols mear aktiviteiten organisearre, fral yn Skotske mienskippen bûten Skotlân. Tartan Day, op 6 april (de dei dat yn 1320 de Ferklearring fan Arbroath ôfkundige waard) is in resint ferskynsel, dat syn oarsprong fynt yn Kanada.

Tiree, oan 'e westkust, ien fan 'e sinnichste plakken fan Skotlân.

Skotlân hat in tuskenbeiden seeklimaat, mei koele simmers en relatyf mylde winters. Troch de noardlike lizzing en it bercheftige terrein is it der winterdeis lykwols in stik kâlder as yn 'e rest fan Grut-Brittanje, en falt der ek folle mear snie. By 't winter is it yn it leechlân trochinoar 6 °C, en by 't simmer 18 °C. Rekôrtemperatueren wiene –27,2 °C op 11 febrewaris 1895 yn 'e Grampians, en 32,9 °C op 9 augustus 2003 deunby de Ingelske grins.

In doedelsek-spiler yn tradisjonele Skotske dracht.

Yn it westen fan Skotlân is it yn 'e regel waarmer as yn 'e rest fan it lân, wat feroarsake wurdt troch de waarme Golfstreaming yn 'e Atlantyske Oseaan. Delslachhoemannichten rinne sterk útinoar. De westlike Heechlannen, dêr't op guon plakken mear as 3.000 mm oan reinwetter jiers falt, binne it wietst, wylst it leechlân ornaris minder as 800 mm kriget. Wat heger oft men komt, wat mear snie oft der falt. Yn 'e Grampians leit trochinoar 59 dagen yn 't jier snie, wylst dat oan 'e kust trochinoar mar 10 dagen jiers it gefal is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.