Springe nei ynhâld

Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân

Ut Wikipedy
Mienebêst fan Ingelân,
Skotlân en Ierlân
Commonwealth of England,
Scotland and Ireland
1659 – 1660
flagge wapen
Latyn: Pax Quæritur Bello
("Frede Siket Men mei Oarloch")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Londen
offisjele taal Ingelsk
steatsfoarm republyk
ûntstien út it Protektoraat
opgien yn Keninkryk Ingelân
Keninkryk Skotlân
Keninkryk Ierlân
no diel fan Feriene Keninkryk
sifers
ynwennertal ±8,5 miljoen (1659)
befolkingstichtens 3,7 / km² (1659)
oerflak ±314.000 km² (1659)
bykommende ynformaasje
muntienheid Ingelsk pûn, Skotsk pûn,
   Iersk pûn

It Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (Ingelsk: Commonwealth of England, Scotland and Ireland) wie in steat yn Jeropa dy't bestie fan 1659 oant 1660. It wie in fuortsetting ûnder in oare namme fan it Protektoraat, en omfieme de hiele arsjipel fan 'e Britske Eilannen. Weromsjend kin it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân beskôge wurde as in, frijwat gaoatyske, oergongsperioade tusken it Protektoraat en de keninkriken Ingelân, Skotlân en Ierlân, dy't nei de Restauraasje fan it Hûs Stuart yn 1660 yn âlde steat werombrocht waarden.

It Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân wie in sintralisearre steat dy't bestie út Ingelân, Wales, Skotlân, Ierlân en Man. It hie dêrmei in oerflak fan krapoan 314.000 km², dat de hiele arsjipel fan 'e Britske Eilannen besloech.

Oan 'e ein fan 'e Twadde Ingelske Boargeroarloch, yn 1649, waard kening Karel I fan Ingelân terjochtsteld. Neitiid rôp it Rompparlemint it Mienebêst Ingelân út, dat yn it plak kaam fan it âlde Keninkryk Ingelân. De wiere macht yn it Mienebêst lei by it Nije Modelleger en de befelhawwer dêrfan, Oliver Cromwell. Dy ferovere yn 1651 Skotlân, dat de earste jierren ûnder it bewâld fan in Ingelske gûverneur kaam. Yn 1652 waard troch Cromwell ek it Keninkryk Ierlân bemastere, dat daliks by it Mienebêst foege waard.

Yn 1653 stjoerde Cromwell it Rompparlemint nei hûs. Nei in oergongsperioade loek er alle macht nei himsels ta as beskermhear (Lord Protector). It Mienebêst Ingelân gie sadwaande oer yn it Protektoraat, dat feitliks in militêre diktatuer wie. Under Cromwell fungearre it Protektoraat as in stabile steat, en in weromkear nei it ancien régime liek dêrom ûnwierskynlik. By in grûnwetlike herfoarming yn 1657 waard Cromwell syn macht sa útwreide, dat er suver in kening waard yn alles behalven namme.

Doe't er it jiers dêrop frij hommels kaam te ferstjerren, waard er opfolge troch syn dryste en ûnbelearde soan Richard Cromwell. Nei't dy bewiisd hie dat er noch it parlemint, noch it leger yn 'e stringen hâlde koe, rôpen de opperofsieren fan it Nije Modelleger it âlde Rompparlemint wer gear. Dat stelde op 7 maaie in Komitee foar Feilichheid yn dat it foech oernaam dat earder troch de Ried fan Steat fan 'e beskermhear útoefene wie. Op 19 maaie waard it Komitee ferfongen troch in nije Ried fan Steat dy't folslein ûnder it gesach fan it Rompparlemint stie.

Richard Cromwell waard nea formeel ôfset of arrestearre , mar oan syn bewâld waard stap foar stap in ein makke, en hysels ferdizene stadichoan út it regear oant er op 25 maaie syn ûntslach yntsjinne. It Protektoraat waard fan dat stuit ôf beskôge as it wurk fan in usurpator, nammentlik Oliver Cromwell, en yn it plak dêrffan kaam in nije steatsferbân, it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân.

It Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it nije regear waard Charles Fleetwood, ien fan 'e sân kommissarissen foar it leger en lid fan sawol it Komitee foar Feilichheid as de nije Ried fan Steat, op 9 juny útornearre as de nije oerbefelhawwer fan it leger. Syn foech waard lykwols ûndermine troch it parlemint, dat it gesach fan it leger negearre krekt sa't it dat ek foar de Ingelske Boargeroarloggen dien hie. Op 12 oktober waard Fleetwood ûnder it gesach fan 'e parlemintsfoarsitter oansteld as haad fan in militêre ried, mar tagelyk dêrmei waarden generaal John Lambert en guon oare hege ofsieren ôfset. De folgjende dei oardere Lambert dat de doarren fan it Legerhûs op 't slot dien en de parlemintsleden by de doarren heind en keard wurde moasten.

Op 26 oktober waard in nij Komitee foar Feilichheid oansteld, dêr't Fleetwood en Lambert beiden diel fan útmakken. Lambert krige it befel oer alle troepen yn Ingelân en Skotlân. Dêrop waard er troch it Komitee útstjoerd nei Skotlân, dêr't er in moeting hawwe moast mei generaal-op-see George Monck, dy't it befel fierde oer de Ingelske troepen yn Skotlân. Monck hie him (noch) net deljûn ûnder it bewâld fan it nije Komitee, en Lambert moast him dêrta mei ûnderhannelings oerhelje of mei geweld twinge.

Yn dy sfear sette Monck de hakken yn it sân en marsjearre mei syn leger út Skotlân op nei it suden. Lambert, dy't him yn 'e mjitte gie, mei de bedoeling om him te ferslaan, kaam ta it foar him grif skokkende besef dat syn troepen gjin sin oan in nije boargeroarloch hiene. De desersje fan inkelingen woeks ta oant er troch hiele ienheden yn 'e steek litten waard. Uteinlik moast er tebekwike om suver allinnich wer yn Londen oan te kommen. Monck naam no de macht oer en op 21 febrewaris 1660 werbeneamde hy de presbyteriaanske leden fan it Lange Parlemint dy't yn 1648 by de Suvering fan Pride út har amt set wiene (wêrmei't it Rompparlemint ûntstien wie). Fleetwood waard út syn funksjes set en moast foar it parlemint ferskine om ferantwurding ôf te lizzen foar syn dieden.

Op 3 maart waard Lambert nei de Toer fan Londen stjoerd, dêr't er in moanne letter út wist te ûntsnappen. Hy besocht de Boargeroarloggen nij libben yn te blazen troch in proklamaasje útgean te litten oan alle oanhingers fan 'e "Goede Alde Saak", om gear te kommen op it slachfjild fan Edgehill. Ear't it safier komme koe, waard er lykwols finzen nommen troch kolonel Richard Ingoldsby, in keningsmoardner dy't amnesty foar syn eigen dieden hope te krijen troch Lambert oan it nije rezjym oer te langjen. Op 16 maart ûntbûn it Lange Parlemint himsels nei't it tariedings makke hie foar it hâlden fan nije ferkiezings.

Underwilens hie Monck temûk kontakt socht mei Karel II, de soan fan 'e terjochstelde Karel I, dy't op dat stuit yn ballingskip yn Breda libbe, yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen. Op 4 april 1660 liet dyselde yn antwurd op Monck syn berjochten de Ferklearring fan Breda útgean, wêryn't er betingsten stelde foar syn akseptaasje fan 'e Kroan fan Ingelân. Monck organisearre it Konvinsjeparlemint, dat foar it earst gearkaam op 25 april. Dat makke op 8 maaie bekend dat Karel II de wettige kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân west hie sûnt de eksekúsje fan syn heit yn 1649. Mei dy Restauraasje fan it Hûs Stuart kaam in ein oan it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân, en waarden de keninkriken Ingelân, Skotlân en Ierlân yn âlde steat werombrocht.

Karel II kearde op 23 maaie út ballingskip werom en arrivearre op syn jierdei, 29 maaie 1660, yn Londen. Dat waard neitiid in algemiene feestdei, ûnder de namme Oak Apple Day. De seremoniële kroaning fan Karel II fûn op 23 april 1661 plak yn 'e Abdij fan Westminster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.