Kenneth I fan Skotlân
Kenneth I (Kenneth MacAlpin) | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 810 | |
berteplak | Iona (Skotlân) | |
stjerdatum | 13 febrewaris 858 | |
stjerplak | Cinnbelachoir (Skotlân) | |
dynasty | Hûs fan Alpin | |
etnisiteit | Skotsk | |
kening fan Dalriada | ||
regear | 841? – 843? | |
foargonger | ? | |
opfolger | gjint (opgien yn Skotlân) | |
kening fan Skotlân | ||
regear | 843 – 858 | |
foargonger | gjint (keningskip ynsteld) | |
opfolger | Donald I |
Kenneth I (Midsiuwsk Skotsk-Gaelysk: Cináed mac Ailpín; modern Skotsk-Gaelysk: Coinneach mac Ailpein; anglisearre foarm: Kenneth MacAlpin; Iona, 810 – Cinnbelachoir, 13 febrewaris 858) wie yn 'e midden fan 'e njoggende iuw kening oer de Pikten. Neffens de leginde soe hy de keninkriken fan 'e Gaelen en de Pikten yn 843 mei geweld gearfoege hawwe om dêrnei de earste kening fan it feriene Skotlân te wurden. Sadwaande waard him letter de postume bynamme an Ferbasach, "de Feroverder", taparte. De wiere tadracht wie nei alle gedachten hiel oars, mar it stiet net yn 'e kiif dat Kenneth mei syn dieden de grûnslach lei foar it lettere Skotske keninkryk.
Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kenneth waard neffens de tradysje yn 810 berne op it eilân Iona, foar de Skotske westkust. Hoewol't bekend is dat syn heit Alpín mac Echdach wie, is Kenneth syn fierder komôf ûndúdlik. De measte histoarisy akseptearje noch altyd it tradisjonele ferhaal dat er, alteast oan syn heitekant, ôfstamme fan 'e Gaelyske bewenners fan it keninkryk Dalriada, yn wat tsjintwurdich noardwestlik Skotlân is. Unbekend is oft en sa ja, hoe't er besibbe wie oan oare keningen fan Dalriada en de Pikten.
Regear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de (folle letter gearstalde) Kronyk fan 'e Keningen fan Alba waard Kenneth kroane ta kening fan Dalriada twa jier foàr't er kening fan 'e Pikten waard, dus yn 841. Dat wurdt lykwols net troch in protte histoarisy foar wier oannommen, mei't der nei Kenneth syn dea in proses fan mytefoarming oangeande syn persoan op gong kaam. Dêrby begûnen auteurs lykas Giraldus Cambrensis en George Buchanan op in stuit eleminten te betinken of sels stikken fan folslein oare ferhalen oer te nimmen en oan 'e skiednis fan Kenneth MacAlpin ta te foegjen. Pas oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw begûn de Skotske skiedkundige William Forbes Skene datoangeande regaad te meitsjen, en waard alle ûnûnderboude opskik oan kant reage sadat de keale en seldsume feiten oer Kenneth bleatlein waarden.
Doe kaam oan it ljocht dat, oars as dat de leginden oer Kenneth hawwe woene, hy it keninkryk fan 'e Pikten net fan bûtenôf ferovere hie, mar dat er ynstee in rjochtlike troanopfolger wie. Men tinkt no dat de opfolging by de Pikten troch de mem rûn, eat dat al troch de Midsiuwske skiedskriuwer Beda beweard waard, en dat ek de iennichste manear is om 'e keningslisten fan 'e Pikten, sa't dy jûn wurde yn 'e Piktyske Kronyk, begryplik te meitsjen. Nei alle gedachten moat de mem fan Kenneth dus in Piktyske prinsesse west hawwe, fia wa't er de Piktyske troan urf. Under de Piktyske kenings binne sûnt men ta dizze konklúzje kommen is, oare Gaelen identifisearre, lykas Konstantyn en Óengus II, en ek Angelen lykas Talorgan I, en Brytoanen lykas Bridei III.
Sadwaande kin Kenneth syn troansbestiging pleatst wurde yn it ramt fan 'e ûndergong fan 'e foargeande Piktyske dynasty, dy't Fortriû, it lân fan 'e Pikten, twa oant fjouwer generaasjes lang dominearre hie. Doe't kening Uen (Skotsk-Gaelysk: Eóganan mac Óegusa), dy syn broer Bran, de skimige Áed mac Boanta "en hast wol ûntelbere oaren" yn 839 omkamen by in fjildslach tsjin 'e Wytsingen, rekken de Pikten yn ien klap suver harren hiele hegerein kwyt. Fan gefolgen waard neitiid, alteast neffens de keningslisten fan 'e Piktyske Kronyk, troch fjouwer pretendinten om 'e troan fan Fortriû striden, wêrfan't Kenneth úteinlik as oerwinner út 'e bus kaam.
Hoewol't syn regear ornaris fanôf 843 datearre wurdt, fersloech Kenneth nei alle gedachten pas yn 848 syn lêste rivaal. En ek al wurdt er tradisjoneel beskôge as de earste kening fan Skotlân, ek dat is eins in misfetting. Feitliks neamde er himsels nea kening fan Skotlân, en der wiene noch fjouwer Piktyske kenings (of alteast monargen dy't har "kening fan 'e Pikten" neamden) nei him, oant syn pakesizzer Donald II himsels yn 889 as earste "kening fan Skotlân" neamde. Oer it regear fan Kenneth is eins mar in hiel lyts bytsje bekend. Hy liet yn 849 it stoflik omskot fan 'e Ierske sindeling Kolumba, dy't it kristendom yn Skotlân yntrodusearre hie, oerbringe fan it eilân Iona nei it Relikwarium fan Monymusk, te Dunkeld. Fierders foel er neffens de Kronyk fan 'e Keningen fan Alba seis kear it troch Angelsaksen bewenne súdeasten fan it tsjintwurdige Skotlân binnen, dêr't er Melrose ferovere en Dunbar platbaarnd hawwe soe. Ek soene yn syn tiid de Wytsingen djip yn it lân fan 'e Pikten trochkrongen wêze mei harren plondertochten.
Under it regear fan Kenneth setten har ek almar mear Noarske kolonisten nei wenjen yn 'e rânegebieten fan Skotlân, lykas op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen, de Hebriden en it eilân Man, mar ek yn Caithness, Ross en Sutherland, yn it noarden fan it Skotske fêstelân. Oare fêstigingsgebieten foar fral Deenske kolonisten wiene Kumbria en noardeastlik Ingelân. Dêrtroch waarden de ferbinings mei Ierlân dreger makke, en dy mei Ingelân en it Jeropeeske fêstelân suver trochsnien. Fan gefolgen waarden de ûnderlinge bannen tusken de Pikten en Gaelen oanhelle en fuortsterke, in oanhâldend proses dat in heale iuw letter ta it wiere ûntstean fan in feriene Skotlân liede soe. Sadwaande kin men dus stelle dat Kenneth wol deeglik de grûnslach foar it lettere Skotske keninkryk lein hat.
Dea en neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kenneth MacAlpin stoar op 13 febrewaris 858 oan in tumor te Cinnbelachoir, miskien deunby Scone. Hy waard opfolge troch Donald I. Op 'e tiid fan syn dea hied er teminsten fjouwer bern, twa soannen en twa dochters. Syn soannen wiene Konstantyn I en Aed, dy't letter allebeide kening oer Skotlân wurde soene. Ien fan syn dochters, fan wa't de namme net oerlevere is, wie troud mei Run, de kening fan Strathclyde. Har soan Eochaid soe letter om 'e nocht besykje om 'e Skotske troan te bemachtigjen. Kenneth syn oare dochter wie Máel Muire, dy't mei twa wichtige Ierske kenings út 'e Uí Néill-clan efterinoar troud wie. Har earste man wie Aed Finliath fan 'e Cenél nEógain, oan wa't se de soan Niall Glúndub skonk, de stamheit fan 'e lettere O'Neill-dynasty. Har twadde man wie Flann Sinna fan Clann Cholmáin. Doe't Máel Muire yn 913 stoar, waard har dea optekene yn 'e Annalen fan Ulster, wat doedestiden oangeande froulju mar by hege útsûndering dien waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side. |