William Forbes Skene

Ut Wikipedy
William Forbes Skene
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Forbes Skene
nasjonaliteit Britsk
berne 7 juny 1809
berteplak Rubislaw (Skotlân)
stoarn 29 augustus 1892
stjerplak Edinburch (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje (skiednis), essay's
jierren aktyf 18321892
offisjele webside
n.f.t.

William Forbes Skene (útspr.: ['wɪljəm fɔrbz ski:n], likernôch "wiljem fôrbz skiin"; Rubislaw, 7 juny 1809Edinburch, 29 augustus 1892) wie in tige foaroansteand Skotsk skiedkundige, âldheidskenner en publisist. Syn wichtichste fertsjinste wie dat er in begjin makke mei de demystifikaasje fan 'e iere Skotske skiednis, wêrby't dy fan iuwen fan legindefoarming en oare ûnûnderboude opskik ûntdien waard, sadat de feiten bleatlein waarden.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skene waard yn 1809 yn in begoedige fermidden berne yn it doarp Rubislaw, deunby Aberdeen, as de soan fan James Skene (1775-1864), dat in goede freon wie fan 'e ferneamde skriuwer sir Walter Scott. Hy genoat syn oplieding oan 'e Akademy fan Edinburch, yn 'e Skotske haadstêd Edinburch, en oan 'e Universiteit fan St. Andrews, yn St. Andrews, wêrby't er him benammen talei op 'e stúdzje fan Keltyske taalkunde en literatuer. Yn 1832 waard Skene talitten ta de prestizjeuze Society of Writers to Her Majesty’s Signet, en koarte tiid letter krige er in offisjele oanstelling as griffier oan it Court of Session (it boargerlik heechgerjochtshôf fan Skotlân), in funksje dy't er behold oant 1865.

Skene syn iere belangstelling foar de skiednis fan 'e Skotske Heechlannen resultearre yn 1837 yn syn earste grutte skiedkundige wurk, mei as titel The Highlanders of Scotland, Their Origin, History and Antiquities ("De Heechlanners fan Skotlân, Harren Oarsprong, Skiednis en Aldheid"). Yn 1847, ûnder de Heechlânske Jirperhongersneed (1846-1857) waard Skene oansteld as siktaris fan 'e Sintrale Rie foar Help oan de Heechlannen (Central Board of Highland Relief). Yn dy hoedanichheid wurke er nau gear mei sir Charles Edward Trevelyan, de Britske ûnderminister fan Finânsjes.

Yn it moderne Skotlân wurdt de oantins oan Skene lykwols fral libben holden troch syn magnum opus Celtic Scotland: A History of Ancient Alban ("Keltysk Skotlân: In Skiednis fan it Alde Alba"). Dat wie in skiedkundich wurk oer de Skotske skiednis fan 'e Aldheid oant de Lette Midsiuwen, dat tusken 1876 en 1880 yn fiif dielen ferskynde. It wurdt noch altyd beskôge as miskien wol de wichtichste bydrage oan 'e Skotske skiedskriuwing yn 'e hiele njoggentjinde iuw. Yn 1879 ûntfong Skene in masterskip yn 'e rjochten fan 'e Universiteit fan Oxford, en yn 1881 waard er beneamd op 'e prestizjeuze post fan keninklik skiedskriuwer fan Skotlân. Skene wie fierders ek in aktyf en foaroansteand lid fan 'e Skotske Episkopaalske Tsjerke, de (lytse) de Skotske ôfdieling fan 'e Anglikaanske Tsjerke. Hy stoar yn Edinburch, yn 1892, yn 'e âlderdom fan 83 jier.

Wichtichste wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(ûnfolsleine opsomming)

eigen wurk
  • 1837 – The Highlanders of Scotland, Their Origin, History and Antiquities
  • 1869 – Essay on the Coronation Stone of Scone
  • 1876-1880 – Celtic Scotland: A History of Ancient Alban (5 dielen)
  • 1887 – Memorials of the Family of Skene of Skene
redaksje
  • 1867 – Chronicles of the Picts and Scots
  • 1868 – Four Ancient Books of Wales
  • 1871-1872 – Chronica gentis Scotorum
  • 1874 – Vita Sanctae Columbae (hilligelibben oer de Sint Kolumba)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.