Ben Nevis
Ben Nevis (Skotsk-Gaelysk: Beinn Nibheis) is de heechste berch fan Skotlân en leit yn it Grampian Berchtme yn it greefskip Inverness oan de yngong fan de Glenmore. De Ben Nevis is teffens de heechste berch fan it Feriene Keninkryk.
Ben Nevis is 1344 meter heech en leit ûnder Fort William, sa'n 160 km benoarden Glasgow. De berch bestiet út gneis en granyt, de top út porfier. De top sit trochstrings 355 dagen yn 't jier yn de wolken.[1] Dat feit yn kombinaasje mei in delslach fan 4350 mm it jier makket dat it beklimmen fan de berch foar klimmers sûnder ûnderfining net sûnder risiko is. Tusken 1990 en 1995 binne teminsten 13 minsken omkaam[2] (dêrfan wiene 8 rotsklimmers).
Op de top stiet de ruïne fan in waarstasjon (mei dêrop in skûlplak), dat fan oktober 1883 oant oktober 1904 permanint bemanne waard, en in oarlochsmonumint.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ben Nevis
-
Ben Nevis
-
Paad nei boppe
-
Ben Nevis
-
De súdkant
-
Ben Nevis
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ben Nevis fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|