Springe nei ynhâld

John Erskine, greve fan Mar (1675-1732)

Ut Wikipedy
John Erskine, greve fan Mar
politikus
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 1675
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum maaie 1732
stjerplak Aken (Hillige Roomske Ryk)
etnisiteit Skotsk
23e of 6e greve fan Mar
amtsperioade 16891716
foargonger Charles Erskine
opfolger John Erskine
Britsk minister (sûnder portefúlje)
amtsperioade 17071714

John Erskine, greve fan Mar (Skotlân, 1675Aken, maaie 1732) wie in Skotsk ealman en politikus, dy't by syn libben frijwat wifke tusken it Britske regearingskamp en it kamp fan 'e jakobiten, de oanhingers fan it ferballe Hûs Stuart. Dêrom waard er ek wol Bobbing John ("Jan Dobber") neamd. Doe't er yn 1714 troch de nije Britske kening George I út syn publike funksjes set waard, stied er op as de lieder fan 'e Jakobityske Opstân fan 1715. Yn novimber fan dat jier waard er lykwols ferslein yn 'e Slach by Sheriffmuir, en neitiid brocht er de rest fan syn libben yn ballingskip troch yn Frankryk.

John Erskine waard yn 1675 berne as de âldste soan fan Charles Erskine, de greve fan Mar en haadman fan 'e Clan Erskine. By de dea fan syn heit, yn 1689, urf hy mei fjirtjin jier it greefskip Mar. John Erskine wie de 23e greve fan Mar as men útgiet fan 'e earste kreaasje fan dy titel, of de 6e greve fan Mar as men útgiet fan 'e sânde kreaasje (yn 1565). (Yn it Britske aadlike jargon is de creation fan in titel de ferheffing fan in persoan ta in titel dy't oars gjin rjocht op it dragen fan dy titel hawwe soe. Sûnt de earste kreaasje wie de greeflike line fan Mar dus sân kear yn 'e rjochte line útstoarn.) Soms wurdt John Erskine ek wol oantsjut as de 11e greve fan Mar (rekkene sûnt de twadde kreaasje, yn 1426). De lânerijen dy't er fan syn heit urf, wiene beladen mei in swiere skuldelêst.

De greve fan Mar troude twaris, de earste kear op 6 april 1703 mei Margaret Hay, de dochter fan Thomas Hay, 7e greve fan Kinnoull. Ut dit earste houlik hie Mar in soan, Thomas, berne yn 1705. Syn frou ferstoar lykwols yn 1707, wêrnei't er wertroude mei Frances Pierrepont, de dochter fan Evelyn Pierrepont, 1e hartoch fan Kingston-upon-Hull. Dat wie in treflike partij foar him, mei't syn frou sa'n slompe jild meibrocht, dat er doe einlings en te'n lêsten begjinne koe om 'e skulden dy't er fan syn heit urven hie, ôf te beteljen.

Koart nei 1700 hearde Mar ta de partij dy't it regear tagedien wie, en yn 1707 wied er as Skotsk minister lid fan 'e kommisje dy't belêstge wie mei it trochfieren fan 'e politike uny tusken Skotlân en Ingelân. Nei't de uny in feit wie, besette er foar Skotlân in sit yn it Britske Hegerhûs, wylst er teffens lid wie fan 'e Privy Council, de Britske Ried fan Steat. Yn 1713 krige er foar de Tories in ministerspost yn it Britske regear taparte, mar it liket der sterk op dat er syn partij net botte trou wie, en like ree wie om him by de rivalisearjende Whigpartij te jaan. Yn 1714, doe't mei de dea fan keninginne Anne de (protestantske) line fan it Hûs Stuart útstoar, en har fiere neef George I, de Dútske karfoarst fan Hannover, op 'e Britske troan kaam, bewissige Mar de nije foarst fan syn trou. Lykwols waard er ûnder it nije rezjym, krekt as in protte oare Tories, út syn funksjes set.

De Jakobityske Opstân fan 1715

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jakobityske Opstân fan 1715.

Yn augustus 1715 reizge Mar yn momkape nei Skotlân ta, dêr't in rebûlje broeide ûnder de jakobiten, de oanhingers fan Jakobus III en VIII, de saneamde Alde Pretendint, dy't sûnt 1688 as balling yn Frankryk libbe en mei alle oare roomske tûken fan it Hûs Stuart fan 'e Britske troanopfolging útsletten wie. Yn Aboyne wenne Mar yn syn hoedanichheid fan haadman fan 'e Clan Erskine in moeting fan Heechlânske clanhaden by, dêr't er himsels oan it haad pleatste fan wat de Jakobityske Opstân fan 1715 wurde soe. Op 6 septimber fan dat jier hyste er te Braemar de standert fan Jakobus III en VIII, en rôp dyselde út ta kening fan Skotlân, Ingelân, Ierlân en Frankryk.

John Erskine, greve fan Mar.

Mar wist ûnder de jakobityske clans witwat oanhing te mobilisearjen, en it grutste part fan syn leger waard foarme troch leden fan 'e clans Cameron, Stewart fan Appin, MacLean, Murray, Gordon, Mackenzie, Drummond, MacDougall, MacRae, MacDonald fan Clanranald, MacDonald fan Sleat, MacDonald fan Glencoe, MacDonnell fan Glengarry, Campbell fan Breadalbane, Robertson en Maule.

Hoewol't Mar as diplomaat en politikus net ûnfertsjinstlik wie, roaide er as legeroerste folslein by de planke troch. Hy fergriemde kostbere tiid by Perth, die in skynoanfal op Stirling dy't folslein om 'e nocht wie, en boppedat slagge it him net om 'e Ingelske jakobiten, dy't û.m. yn it oan Skotlân grinzgjende Kumbria opstien wiene, de stipe te jaan dêr't se sa wanhopich ferlet fan hiene. Op 13 novimber gie Mar te Sheriffmuir de striid oan mei in loyalistyske legermacht ûnder befel fan John Campbell, hartoch fan Argyll. Hoewol't Mar trije kear safolle troepen hie as Argyll, einige de slach yn gelykspul, mei't de rjochterflank fan elts leger de lofterflank fan 'e fijân fersloech.

De wifelriedigens fan Mar yn 'e neisleep fan 'e slach betsjutte lykwols dat yn strategysk opsjoch de jakobiten in ferpletterjende nederlaach lit hiene. Want hoewol't Argyll trije kear safolle mannen ferlern hie as de jakobiten, besleat Mar om him werom te lûken op Perth wylst er efterôf besjoen dúdlik trochpakke moatten hie. Underwilens wie Jakobus III en VIII oerkommen út Frankryk, en Mar mette syn kening te Fetteresso. De opstân wie doe lykwols al ferlern, dat Mar flechte mei Jakobus werom nei Frankryk, dêr't er de rest fan syn libben yn ballingskip trochbringe soe. It Britske Parlemint naam yn 1716 in wetsûntwerp oan mei dêryn in feroardieling fan Mar foar heechferrie, mei beslachlizzing op al syn besit. Dizze wet soe pas opheft wurde yn 1824.

Ballingskip en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn ballingskip besocht Mar om bûtenlânske hôven waarm te krijen foar de jakobityske saak, mar dat slagge him net, en geandewei rekke er it fertrouwen fan 'e oare jakobiten kwyt. Yn 1721 naam er in pinsjoen fan £3.500 jiers oan fan kening George I, en it jiers dêrop waard er neamd as dejinge dy't de jakobityske biskop Francis Atterbury ferret hawwe soe oan it Britske regear. Hoewol't dy beskuldiging nea bewiisd is, wie Mar syn hâlden en dragen op syn sêfts sein ûnferstannich. Uteinlik briek Jakobus III en VIII yn 1724 mei Mar. De rest fan syn libben brocht de greve fierhinne troch yn Parys en yn Aken, yn it Hillige Roomske Ryk, dêr't yn maaie 1732 kaam te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 57 jier. Syn frou Frances wie yn 1728 sljochtsinnich wurden fanwegen de stress dy't de ballingskip fan har man yn Frankryk by har opsmiet. Lykwols soe hja Mar 35 jier oerlibje, mei't hja stoar yn 1767.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.