Taksis fan Fortingall
Appearance
(Trochferwiisd fan Taksisbeam fan Fortingall)
De Taksis fan Fortingall (Ingelsk: Fortingall yew) is in tige âlde Jeropeeske taksis (Taxus baccata) op it tsjerkhôf fan it doarp Fortingall, Perthshire, yn Skotlân. Saakkundigen fan distiid rûze de âldens fan de beam op 2000 oant 3000 jier. It soe kinne dat it de âldste beam yn Grut-Brittanje is en ien fan de âldsten fan Jeropa. De stam, dy't wilens skoarre is, hie ein 18e iuw in omfang fan 16 meter.
Leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in pleatslike leginde soe Pontius Pilatus yn it skaad fan dizze beam berne wêze en dêr as bern boarte hawwe.[1] De krite hearde doe lykwols noch net ta it Romeinske Ryk.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Fideo oer de Taksis fan Fortingall
- (in) BBC news "Mapping nature's ancient monuments"
- (in) Alde Taksisbeammen, www.ancient-yew.org
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |