Reade glee

Ut Wikipedy
reade glee
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôffûgels (Accipitriformes)
famylje haukfûgels (Accipitridae)
skaai gleeën (Milvus)
soarte
Milvus milvus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     stânfûgel en teffens wintergast út oare kriten


De reade glee (Milvus milvus) is in fûgel út de famylje fan de haukfûgels.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade glee is 61 oant 72 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 140 oant 180 sm. Dêrmei is er grutter as de mûzefalk, mar hy is wol in stik slanker. Yn ’e flecht is er net te ferwikseljen mei de mûzefalk, om’t er in djip ynsnijde swellesturt hat, wêrmei’t er yn ’e loft balansearret sadat sa no en dan de readbrune kleur fan de sturt opljochtet. De rest fan de fûgel is read mei brúngriis. Syn kop is griis en hy hat in giele heakfoarmige snaffel mei in swarte punt.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade glee komt foar yn in grut part fan Europa. Yn Spanje, Portegal, Itaalje en op de Balkan is de fûgel it hiele jier rûn. Yn Frankryk, Midden- en East-Europa is it in trekfûgel.

Aai fan de Milvus milvus

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade glee yt lytse sûchdieren, fûgels, ynsekten en wjirms, mar hy yt ek wol deade dieren, dy't bygelyks oanriden binne, of ôffal fan it stoart.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de maityd begjint de reade glee mei syn baltsflecht; dêrby stoart er himsels fan grutte hichte op syn nêst. De reade glee hat syn nêst heech yn de beammen, meastentiids yn leafbosken, hy brûkt faak âlde nêsten fan krieën of mûzefalken. It wyfke leit 3 of 4 aaien dy't yn 32 dagen útbret wurde. De jongen bliuwe dêrnei noch sa'n 50 dagen op it nêst.