Opsterlân
Opsterlân | |
---|---|
Kij weidzje oan it Alddjip. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Opsterlân | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Andries Bouwman (CU) |
sifers en geografy | |
haadplak | Beetstersweach |
grutste plak | De Gordyk |
ynwennertal | 30.039 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 132,3 / km² |
oerflak | 227,64 km² |
● wêrfan lân | 224,63 km² |
● wêrfan wetter | 3,01 km² |
tal doarpen | 16 |
ferkearsieren | A7, A31, N381 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Opsterlân |
oar | |
netnûmer | 0512, 0513, 0516 |
postkoade | 8401–8409, 9241–9249 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.opsterland.nl |
Opsterlân (Opsterland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân, mei in oerflak fan 227,64 km², wêrfan 3 km² wetter. Op 1 jannewaris 2024 hie dizze gemeente 30.039 ynwenners (boarne: CBS). It haadplak fan Opsterlân is Beetstersweach, en de oare plakken yn de gemeente binne: Bakkefean, Fryske Peallen, De Gordyk, De Himrik, Jonkerslân, Langsweagen, Lippenhuzen, Lúkswâld, Nij Beets, Oerterp, Olterterp, Sigerswâld, Terwispel, De Tynje en Wynjewâld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grûnfynst jout oan dat der 150.000 lyn al bewenning west hat yn Opsterlân, mar der is earst in trochgeande rige fynsten fan 15.000 jier lyn. Fan 1000 f.Kr. oant 1000 n.Kr. hawwe der minsken wenne yn it westlike, lege part fan de gemeente, mar úteinlik wie der safolle oerlêst fan it wetter dat de minsken nei it eastlik part ferhuzen. Dat is de hege grûn dêr't it Alddjip, dat wol sizze, de Boarn begjint. Yn dy tiid wie dat allegear iepen heidefjild, mei oan de noard- en súdkant heechfean.
Oan it begjin fan de 18e iuw is it heechfean doe ôfgroeven, en dêrfan binne de fearten en wyken noch werom te finen. Ek waard der yn de 18e en 19e iuw in soad bosk oanplante, en dêrtroch is eastlik part fan Opsterlân no sa grien. Yn it westlik part is yn de 19e iuw it leechfean ôfgroeven en oant yn de 20e iuw hat men dwaande west mei it drûch meitsjen fan de plassen dy't dêr fan oerbleaunen. Dat part fan de gemeente is no meast greidlân.
De gritenij Opsterlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Opsterlân wurdt troch 64% fan de ynwenners Frysk sprutsen. Nederlânsk is foar 29% de memmetaal. Dêrnjonken binne der lytse mannichten dy't Stêdsk (4% fan de befolking), Stellingwerfsk (2%) of in útlânske taal (1%) as memmetaal hawwe.[1]
Wapens en flaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wapens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Flaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak Drachten-Asân hat gjin wapen en/of flagge.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeenteried fan Opsterlân telt 21 sitten. De útslaggen fan 'e gemeenteriedsferkiezings binne (fan 2018 ôf):
partij | ferkiezings 2018[2] | ferkiezings 2022[3] | ||
---|---|---|---|---|
% | sitten | % | sitten | |
Opsterlânsk Belang | 23,9 | 6 | 24,1 | 5 |
CDA | 14,9 | 3 | 12,3 | 3 |
PvdA | 12,6 | 3 | 12,4 | 3 |
KristenUny | 11,6 | 2 | 10,5 | 2 |
VVD | 9,9 | 2 | 9,2 | 2 |
D66 | 5,1 | 1 | 6,4 | 1 |
FNP | 4,3 | 1 | 15,6 | 3 |
GrienLinks | - | - | 9,4 | 2 |
oare partijen | 17,8 | 0 | 0 | 0 |
ûnjildich & blanko | 0,6 | - | 0,5 | - |
opkomst/totaal sitten | 57,9% | 21 | 55,0% | 21 |
Berne yn Opsterlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dirkje Postma (1951), heechlearaar Patofysiology en winnares fan û.o. de Aletta Jacobspriis 1995
- S.A. Veenstra (1893-1981), arsjitekt
- Gerrit Roorda (1890-1977) politikus, Frysk steatelid
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryske doarpen
- Fryske gemeenten
- List fan grytmannen fan Opsterlân
- List fan boargemasters fan Opsterlân
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Opsterland fan Wikimedia Commons. |
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
· · |