Opsterlânsk Belang
Opsterlânsk Belang (OB) is in lokale politike partij yn de gemeente Opsterlân. Sûnt 2010 is it de grutste partij yn de gemeenteried.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oprjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]“Besteande partijregels en struktueren behinderje riedsleden om it Opsterlânsk belang te tsjinjen.” Dit binne de wurden dy’t de Gerdykster Wietse Veenstra spruts, yn de riedsgearkomst fan jannewaris 1970. Hy kundige oan, net langer nammens de CHU yn de ried sitte te wollen, mar foar in troch him sels oprjochte nije partij, Opsterlânsk Belang. Riedslid Jan de Boer fan de Boerenpartij slute him hjir by oan.
Ferkiezingsresultaten 1974 - 1998
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ferkiezings yn 1974 kaam Opsterlânsk Belang mei fjouwer sitten yn de ried. Nettsjinsteande de 4 sitten mocht Opsterlânsk Belang net op in plak yn it kolleezje rekkenje. Yn 1978 sakke de lokale partij werom nei twa sitten. Yn 1986 en 1990 helle de partij trije sitten. Yn 1994 en 1998 groeide de partij út nei 4 riedssitten. Opsterlânsk Belang bleau al dy jierren in opposysjepartij.
Ferkiezingsresultaten 2002 - hjoed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de ferkiezingen fan 2002 waard de partij de grutste mei 6 fan de 21 sitten. Yn 2006 waarden se, ûndanks dat harren 6 sitten net de grutste partij. Yn 2010 is lykwols, troch ferlies fan de PvdA, de kopposysje wer oernomd mei 7 sitten.
Koalysje 2010 - 2014
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de lêste ferkiezingen hat Opsterlâns Belang it foartou nomd by de koalysjefoarming en hjirút is in akkoard komd mei it CDA en de ChristenUnie.