Wapen fan Opsterlân

Ut Wikipedy
Gemeentewapen Opsterlân

It gemeentewapen fan Opsterlân waard fêsteld op 25 maart 1818 mei de beskriuwing:

Fan sulver, beladen mei 5 poppelierbeammen, steande op in griene grûn, dêr't in hazze oer rint fan keel, neisitten troch in hûn fan deselde kleur, wêrfan it foarste stik allinnich sichtber is. It skyld dekt mei in gouden kroan fan 5 blêden.

It wapen skynt om 1622 ûntstien te wêzen. De betsjutting fan de foarstelling is net bekend. Foar 1739 wie allinnich de hazze te sjen, letter ek de heale hûn. De haze rint op de ôfbylden ek net altiten de selde kant út, soms nei links, soms nei rjochts.

Van den Bergh neamt in âlder segel fan de gritenij, mei ôfdrukken út 1418 en 1425. Op dizze segels stiet in steande kriichsman links sjende, yn de rjochterhân in opheft swurd, rjochts fan him in leelje, links in rûn skyld, beladen mei in krús fan bollen, ien yn de midden en fjouwer oan de fjouwer siden; oan syn foet rjochts in steande frou mei in stobbe yn de hân, links in man mei in swurd yn de hân en efter him in ôfsleine holle njonken in blok, it gehiel besaaid mei stjerren.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van den Bergh, 1878;
  • Sierksma, 1962