Gerrit Roorda

Ut Wikipedy
Gerrit Roorda

Gerrit Roorda (De Tynje, 4 septimber 1890 - dêre, 9 febrewaris 1977) wie in Frysk kommunistyske politikus en in polityk aktivist. Nei in earder houlik yn de Feriene Steaten troude hy op 9 maaie 1923 mei Pytsje Loopstra, mei wa't er in dochter krige.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roorda wie de soan fan in ûnderwizer op De Tynje. Syn heit wie lid fan de SDAP. As timmerfeint hie hy sûnt syn 13e jier ferskate bazen. Ut in wisse langstme nei aventoer emigrearre hy yn 1910 nei de Feriene Steaten, dêr't er, nei in tiid as timmerfeint wurke te hawwen yn Iowa, in timmerbedriuw begjinne koe. Troch in anty-militaristyske hâlding, en letter troch fakbûnsaktiviteiten, waard hy in pear kear troch de Amerikaanske autoriteiten finzen setten.

Yn 1919 kaam hy werom yn Nederlân en waard mei troch de ynfloed fan L. de Visser lid fan de Kommunistyske Partij Hollân (CPH), dy't doe krekt oprjochte wie. Roorda kaam yn Amsterdam te wurkjen en hie in goed kontakt mei de partijlieding. Yn 1922 kaam hy yn Fryslân werom, dêr't er him kenne liet as stakingslieder, sawol yn de bou as yn de [pwurkferskaffing. Hy rjochte in pleatslike CPH-ôfdieling op en waard yn 1927 yn de gemeenteried fan Opsterlân en yn de Provinsjale Steaten keazen, dêr't hy him sterk makke foar de posysje fan wurkleazen. Yn 1939 makke er in reis nei de Sovjet-Uny.

As meiwurker fan it yllegale kommunistyske blêd Het Noorderlicht waard hy yn maart 1941 arrestearre troch de besetter, en yn Kamp Skoarl ynternearre, dêr't er nei oardel moanne wer frijlitten waard. Fanwege help oan ûnderdûkers waard Roorda yn de simmer fan 1944 opnij fêstsetten, yn in kamp yn Grinslân. Dêrút koe hy lykwols ûntsnappe en troch ûnder te dûken koe hy oant de befrijing fierder út hannen fan de Dútsers bliuwe.

Nei de befrijing waard hy wer aktyf foar de CPN, mar Roorda fersette him tsjin ferskate stânpunten fan de partijlieding, wat him dêrmei yn hieltiten fûlder konflikt brocht. Roorda wie lykwols populêr, en wist opnij yn de gemeenteried en yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân keazen te wurden. Dochs ferhurde it konflikt en úteinlik waard Roorda by de ferkiezings yn 1949 út de partij setten, wêrnei't er him oansluet by de Sosjalistyske Uny. Dy partij rôp ein jierren fyftich op ta it lidmaatskip fan de Pasifistysk Sosjalistyske Partij (PSP), dêr't Roorda úteinlik yn 1966 foar betanke. Hy bleau him lykwols nau belutsen fielen by de wrâldpolityk fanút in kommunistyske fyzje, en engasjearre him ûnder mear mei it ferset tsjin de oarloch yn Fietnam.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: