Drachten-Asân
Drachten-Asân (Nederlânsk: Drachten-Azeven), is in plak yn de gemeente Opsterlân, provinsje Fryslân. It plak hat lykwols gjin ynwenners; it is inkeld in bedriuweterrein dat wol blauwe kombuorden hat. Dat terrein leit oan en om it knooppunt Drachten (A7/N31/N381).
Drachten-Asân wurdt de facto meast as part fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân beskôge.
It sudlike part fan it bedriuweterrein hat in McDonald's-restaurant.
Oan de Bohr-, Cury- en Fahrenheitlaan leit in fytspaad dat Azeven-Zuid ferbynt mei Drachten fia de yn maitiid fan 2006 iepene fytsbrêge De Ring oer de sneldyk A7 en krekt as it bedriuweterrein in mienskiplik projekt fan de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân. De brêge is ûntwurpen troch it Britske yngenieursburo Arup en hat in opfallende reade sirkel yn'e midden wêrmei't de ûntwerpers in fytstsjil mei speaken útbyldzje wolle. [1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|