Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2010
Siden fan de wike yn 2010
[boarne bewurkje]Wike 1
Koart nei it jier 1505 is It Bilt yn opdracht fan Joaris mei it Burd (ien fan de soannen fan Albrecht fan Saksen), troch trije Súdhollânske bruorren bedike en drûch makke yn de mûning fan de eardere Middelsee. De seedyk dy't dêrby oanlein waard, is no de Aldebiltdyk.
Wike 2
Eagum is it lytste doarp fan de gemeente Boarnsterhim, it leit tusken Idaerd en Wergea yn op fjouwer kilometer fan Grou. Eagum hat 28 ynwenners, dy't de 6 pleatsen en noch wat oare wenten fan it doarp bewenje. Fierders is der yn it doarp in âlde tsjerketoer dy't al sûnt 1856 de tsjerke misse moat.
It is net dúdlik hoe âld it doarpke no krekt is, mar neffens de bouwize fan de tsjerketoer is dy yn de 13e iuw boud. It doarp wurdt foar it earst neamd yn 1450 as Aegum
Neffens folksoerlevering en in âld rymke is Eagum it middelpunt fan de wrâld.
Wike 3
It Sealterfrysk is in taal dy't sprutsen wurdt in de Dútske gemeente Sealterlân, yn de dielsteat Nedersaksen troch noch sa'n 2.000 minsken praat wurdt is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. It Sealterfrysk is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de Iems oant de Weser sprutsen waard.
Dat it Sealterfrysk har dêr steande hâlde koe hat alles te krijen mei de lokaasje van Sealterlân. It gebiet hat iuwenlang isolearre fan 'e bûtenwrâld west troch syn lizzing op in sâneilân middenmank ûnbegeanbere heechfeansompen. De iennichste manear om it gebiet te berikken wie ornaris fia de Sealter Ie. Allinne winterdeis, as de moerassen beferzen wienen, koe men Sealterlân oer lân berikke.
Tegearre mei it Noardfrysk, it Nederdútsk en fjouwer oare talen waard it Sealterfrysk yn 1998 troch it Dútske regear opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeeske Ferdrach foar Regionale of Minderheidstalen.
Wike 4
De Krakatau is een aktive fulkaan yn Yndoneezje. As gefolch fan de útbarsting yn 1883 is fierwei it grutste part fan it fulkaaneilân weiwurden. Yn 1932 kaam in nije aktive fulkaan boppe wetter dy't Anak Krakatau neamd wurdt, wat "Bern fan Krakatau" betsjut.
Wike 5
De Earrebarre wie om 1970 hinne hast hielendal út Nederlân ferdwûn. Troch in fokprogramma fan de fûgelbeskerming is it tal earrebarren wêr op itselde peil as yn 1910. It binne echte trekfûgels dy't oerwinterje yn Afrika.
Wike 6 Jesse Owens wie in Amerikaanske atleet dy't op de Olympyske Spullen yn Berlyn yn 1936 fjouwer gouden medaljes wûn. Eins hjitte hy James Cleveland, mar doe't syn nije skoaljuffer witte hoe't er hjitte sei er "J.C.". Sy koe syn aksint net folgje en tocht dat er "Jesse" sei. Sa waard er "Jesse Owens".
Wike 7
Johan van Oldenbarnevelt waard op 13 maaie1619 terjochtsteld yn De Haach. Hy wie de belangrykste Nederlânske steatsman yn de earste faze fan de Tachtichjierrige oarloch. Hy waard slachtoffer fan in politike moard troch oanhingers fan Prins Maurits fan Oranje.
Wike 8
De Muorre fan Hadrianus waard boud ûnder Hadrianus, keizer fan it Romeinske Ryk fan 117 oant 138. Hy liet de 117 km lange muorre bouwe, as ûnderdiel fan de limes (fersterke grinsline fan it ryk). De muorre is noch altiten foar in grut part yntakt en der is in kuierrûte bylâns.
Wike 9
Ubbo Emmius waard op 5 desimber 1547 berne yn Greetsiel. Hy is in ferneamd Frysk histoarikus, teolooch, pedagooch en stifter fan de Grinzer Universiteit dêr't er de earste rektor wie. Hy is de skriuwer fan "Rerum Frisicarum historiae libri 60", ek wol de sechtich boeken fan de Fryske skiednis neamd.
Wike 10
De Earste Wrâldkriich (1914 - 1918) wie in kriich om it machtlykwicht yn hiel Jeropa. Ien fan de skaaimerken wie de rinfuorgenoarloch dêr't gâns lannen yn behelle waarden. It tal deaden fan dizze kriich leit om de fjirtich miljoen hinne.
Wike 11
Freddie Mercury, berne as Farrokh Bulsara yn Stone Town op Sansibar op 5 septimber 1946 wie in Britsk popmusikus. Hy waard ferneamd as sjonger fan de groep Queen en waard ien fan de meast populêre popartysten ea.
Wike 12
De Dútske hartoch Albrecht fan Saksen krige as betelling foar syn tsjinsten oan de Dútske keizer Maksimiliaan I Fryslân, de Grinzer Ommelannen ynbegrepen, tawiisd. Dit markearre de ein fan de Fryske frijheid.
Wike 13
De Markomannenoarloch wie it earste teken dat de Romeinske macht oer har hichtepunt hinne wie. Foaral de Germaanske stammen krekt bûten de Romeinske grinzen wienen hjirby belutsen. De striid fan de Romeinen tsjin de ynfallers gong moedsum.
Wike 14
Mei 'sjamanisme' wurde de hannelings en leauwensopfettings fan in sjamaan oantsjut. It komt yn 'e hiele wrâld foar, mar wie it fierst ûntwikkele by folken yn Sibearje. It lân dêr't it sjamanisme tsjintwurdich it measte foarkomt is Súd-Korea. It sjamanisme hat dêr ek in grutte ynfloed hân op oare, úthiemske religys, lykas it Boedisme en it Kristendom.
Wike 15
It Hillige Roomske Ryk (Sacrum Romanum Imperium Nationis Germanicae) wie in polityk konglomeraat fan lannen yn West- en Sintraal-Jeropa yn de Midsiuwen. It ryk is ûntstean út it eastlike part fan it Frankyske ryk neidat it yn 843 ferdield waard by it Ferdrach fan Ferdun. Offisjeel hat it ryk sa om-ende-by tûzen jier bestien, oant en mei 1806 doe't it ûntbûn waard.
It Ryk waard 'Roomsk' neamd omt it ynsteld waard as fuortsetting fan it Romeinske Ryk. De term 'Hillich' waard brûkt om de nauwe bân mei de Roomsk-Katolike Tsjerke oan te jaan. In bekende wurdboarterij fan Voltaire seit dat it Ryk net Romeinsk, net Hillich en likemin in Ryk wie.
Wike 16
Albert Einstein wurdt faak sjoen as ien fan de wichtichste natuerkundigen út de skiednis en waard benammen ferneamd troch syn formulearring fan de algemiene relativiteitsteory yn 1915.
Wike 17
Grutte Pier is de namme dêr't Pier Gerlofs Donia as Fryske frijheidsstrider bekend ûnder wurden is. Hy is nei alle gedachten de ferneamdste persoan út de Fryske skiednis. Om syn figuer hat safolle mytefoarming west dat it slim te sizzen is hokker ferhalen op wierheid berêste en hokker net.
Wike 18
It Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld is in Nasjonaal park dat bestiet út in grut oaniensletten natuergebiet op de grins fan de Fryslân en Drinte. It mear as 6100 hektare grutte Nasjonale Park bestiet út bosk, heide en stosân ...
Wike 19
Mei de oerweldiging fan Nederlân yn 12 f.Kr. troch de Romeinske generaal Drusus begûn de Romeinske tiid yn Fryslân. De Friezen waard in skatting oplein yn kowehûden en moasten tsjinst nimme yn it Romeinske leger.
Wike 20
De Universiteit fan Frjentsjer, oprjochte yn 1585, stie destiids bekend as de Universiteit fan Fryslân. Yn 1811 is de oplieding by dekreet fan Napoleon sletten. Yn alle jierren fan har bestean hawwe sawat 15.000 studinten ynskreaun stien.
Wike 21
Hiphop is in libbensstyl, benammen bekend as in muzykstreaming. It is yn de jierren '70 fan de 20e iuw ûntstien yn it New Yorkse stêdsdiel de Bronx, dêr't doe in soad Afro-Amerikanen en Latinos wennen. Ornaris brûkt men it begryp rapmuzyk as in synonym fan Hiphop, alhoewol't rappen in tiidwurd is, ferwiist it ek nei it oefenjen fan Hiphopsjongers en -sjongsters.
Wike 22
It Noardfrysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan de Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.
It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlike part fan de Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), dy't yn it noardwesten fan de dielsteat Sleeswyk-Holstein leit en dêr't Hüsem de haadstêd fan is.
Wike 23
De Oarsprong fan religy by de minske leit yn de prehistoarje, it tiidrek fan de minsk dêr't gjin skriftlike boarnen fan binne. Sadwaande kin oer it ûntstean neat mei wissichheid sein wurde. Lykwols hawwe wy in oantal hoekhâldende teoryen, dêr't dy fan de Dútske pater Wilhelm Schmidt oer de Himelgod en de Memmegoadinne de meast wierskynlike fan binne.
Neolityske byldsjes fan de Memmegoadinne binne ûnder mear weromfûn by de opgravings fan Çatal Hüyük yn Turkije en Harappa en Mohenjo-Daro yn Pakistan.
Wike 24
Sir Isaac Newton wie in Britsk natuerkundige, filosoof, wiskundige, astronoom, teolooch en algemist. It wurk fan Newton betsjutte in wichtige oanset ta de revolúsje yn de wittenskip. Oer it generaal wurdt er sjoen as ien fan de grutten; likegrut as Argimedes en sûnder mear de wichtichste natuerkundige oant Einstein. By de Newtonpindel is de tredde wet fan Newton yn de praktyk te sjen.
Wike 25
It Frysk Hynder is it âldste ynlânske hynsteras fan Nederlân. Syn woartels geane fier werom yn’e tiid. Al yn de 13e iuw wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden. It Fryske Hynder waard nei alle gedachten al mear as 3.000 jier lyn brûkt. Ut âlde boarnen docht bliken dat it hynder al brûkt waard troch de Romeinen, dy’t it hynder tige wurdearren.
Wike 26
De Renêssânse (letterlik werberte) wie yn de skiednis fan Jeropa in tiidrek fan it opbloeien fan keunst, wittenskip en letterkunde dy't har grûnslach hie yn de werberte fan de ferwurvenheden fan de Klassike Aldheid. De Renêssânse begûn yn Itaalje yn de 13e of 14e iuw en fersprate him ...
Wike 27
Hans Vredeman de Vries berne yn Ljouwert, wie in Fryske arsjitekt mei ynternasjonale alluere dy't ek op oare gebieten útblonk. Hy wie in keunstner fan kwizekwânsje út de 16e iuw fanwege de behearsking fan it perspektyf, syn publikaasjes, syn ûntwerpen en fersieringen. Hy ûntwurp folle mear as dat er útfierde.
Wike 28
De Blokhûspoarte is in âld gebou yn Ljouwert dat fral bekend stie as it hûs fan bewarring. It is boud om 1500 hinne en stiet op de súdeastlike hoeke fan de âlde binnenstêd. It hat troch de iuwen hinne in soad oanpassings en útwreidings ûndergien en wie sûnt 1580 in finzenis. Yn de foarm dy't it no hat is de finzenis 130 jier âld.
Wike 29
De Wytsingen of Noarmannen wienen Skandinavyske bewenners fan Súd-Noarwegen, Sweden en Denemark. Yn in protte gefallen wurdt ûnderskied makke tusken beide termen, dêr't de term "Noarmannen" stiet foar de folsleine befolkingsgroep, wylst mei de term "Wytsingen" allinnich it seefarrende part bedoeld wurdt dat eartiids fanút Skandinaavje Jeropa ynluts...
Wike 30
In bijefolk is in sterke sosjale ienheid, dêr't it yndividu net yn mei telt. Sy feroaret fan sterkte as it seizoen kâlder of waarmer wurdt. Yn it heechseizoen bestiet in bijefolk út 50.000 oant 60.000 bijen, wylst der yn de iere maaitiid mar 15.000 fan binne.
Der binne trije typen bijen: in keninginne, wurksters en darren. De keninginne soarget foar de neiteam. De wurksters binne net fruchtber en dogge al it nedige wurk, De darren binne manlike bijen, sy moatte de keninginne befruchtsje. Yn augustus binne se net mear nedich en wurde se troch de wurksters ôfmakke.
Wike 31
De PC is de wichtichste keatspartij foar manlju en is dit jier jier op woansdei 4 augustus 2010. Sûnt 1854 wurdt de PC alle jierren hâlden yn Frjentsjer en tsjintwurdich nimme oan dizze partij 16 partoeren diel. Allinne troch de KNKB selektearre haadklassers en earsteklassers komme yn de beneaming om diel te nimmen oan de PC.
Wike 32
Magna Frisia (Grut Fryslân) is in moderne namme foar it Fryske Ryk yn it tiidrek 650-734. Dat ryk ûntstie healwei de 7e iuw. Doe't kening Redbad yn 719 stoar, liet er in grut en heidensk Fryslân nei. Yn de slach oan de Boarn yn 734 waarden de Friezen ferslein troch de Franken. It Fryske Ryk bewesten de Lauwers waard doe Frankysk. Oarekant de Lauwers hat Karel de Grutte yn 772 de heidenske Friezen ûnder syn bewâld brocht. It ryk waard bestjoerd troch keningen en rûn fan it Swin by Brugge yn Belgje oant de Wezer yn Dútslân. It sintrum fan de macht wie de stêd Utert. Yn midsiuwske skriften waard de Latynske namme Fresia brûkt.
Wike 33
De Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO), is in ynternasjonale organisaasje foar kollektive feiligens. It waard oprjochte yn 1949 en it haadkertier is fêstige yn Brussel, Belgje. Ynternasjonaal wurdt faak de Ingelske ôfkoarting NATO, foar North Atlantic Treaty Organisation brûkt.
De NAFO is in militêr ferdrach dy't yn earsten oprjochte waard om inoar beskerming jaan te kinnen tsjinoer de Kommunistyske lannen fan it Eastblok. De kearn fan it ferdrach stiet yn kêst 5, dat ynhâldt dat yn gefal fan in oanfal op ien fan de steaten, dizze troch de oaren opfetten wurde sil as in oanfal op allegearre en dat alle lannen meihelpe om de oanfaller tsjin te hâlden.
Wike 34
Willem Loadewyk fan Nassau, wurdt wol beskôge as de bekendste steedhâlder fan Fryslân. Hy stiet der bekend ûnder de bynamme Us Heit, omdat er in protte goeie dingen die. Sa joech er Fryslân in universiteit en befrijde op snoade wize de provinsje Grinslân op de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch.
Wike 35
De Beatles, in popgroep út Liverpool wurdt wol beskôge as de meast ynfloedrike band út de skiednis. De band helle har grutte súksessen yn de sechstiger jierren en bestie út John Lennon, Paul McCartney, George Harrison en Ringo Starr wêrfan Paul McCartney en Ringo Starr noch libje. Harren nûmers jilde as "evergreens" en binne noch geregeld te hearren op de radio. Dit jier is tritich jier lyn dat de meast súksesfolle popgroep oait útinoar foel.
Wike 36
Roald Amundsen wie in Noarske ûntdekkingsreizger. Op 14 desimber 1911 berikte hy as earste minsk de Súdpoal. Amundsen waard berne te Borge, krekt bûten Sarpsborg yn it súdeasten fan Noarwegen, yn in famylje fan skipseigeners en kapiteins. As jonge rekke hy tige ûnder de yndruk fan Fridtjof Nansen's oerstek fan Grienlân yn 1888 dat hy sels ek besleat om ûntdekkingsreizger te wurden.
Wike 37
De Fryske literatuer hâldt in samling yn fan alle as literêr oan te merken Frysktalige wurken mei yn it bysûnder dy't skreaun binne yn it Frysk sprutsen yn de provinsje Fryslân fan Nederlân. De earste teksten skreaun yn it Frysk ferskynden om-ende-by de 13e iuw en wienen yn earsten foar it grutste part wetteksten en oarkonden dy't faaks as oanfolling brûkt waarden op it Latyn, de taal fan de ûntwikkele minsken fan de dy tiid, de geastliken en gelearden.
Wike 38
De Romeinske histoarikus Publius Kornelius Tasitus wie de earste skriuwer dy't ferslach die oer in Germaansk folk dat hy de Frisii neamde en dêr't de Friezen nei bedoeld binne. Troch syn boek De origine et situ Germanorum ofwol 'Germanen' kaam in ein oan de prehistoarje fan Fryslân. Fan de Romeinske histoarisy wurdt er sjoen as de grutste. Hy skriuwt oer de keizers en machthawwers fan syn tiid mar ek oer persoanen fan minder belang en jout dêrmei in prachtich ynsjoch yn it libben fan syn tiid.
Wike 39
Baruch Despinoza wie in Nederlânske filosoof en linzesliper, soan fan Portegeesk-Joadske ymmigranten. Hy wie ien fan de rasjonalisten fan de iere moderne filosofy tegearre mei René Descartes en Gottfried Leibniz. Syn ferneamdste wurk de Ethica, waard nei syn dea útjûn.
It talint fan Baruch waard tidens syn libben net ûnderkend, mar nei syn dea soe de widens en wichtigens fan syn wurk pas ynsjoen wurde. Tsjintwurdich wurdt hy beskôge as ien fan de grutste 17e iuwske filosofen, dy't mei syn wurk it fûnemint lein hat foar de 18e iuwske Ferljochting en it modern kritysk bibelûndersyk.
Wike 40
It Wetterskip Fryslân is in wetterskip yn Fryslân. It hat de noed foar alle diken yn en om de provinsje en is dêrneist ferantwurdlik foar it kwantitative en kwalitative behear fan it oerflaktewetter.
It hjoeddeiske Wetterskip Fryslân waard yn 2004 foarme, mar hat in skiednis dy’t al yn de midsiuwen begjint. Fan de 10e iuw ôf waard yn Nederlân op grutte skaal ferfeante om te foarsjen yn it branjeferlet fan in sûnt dy tiid sterk tanimmende befolking. Dêrby bleau in legere boaiem oer, wat noch fuortsterke ...
Wike 41
Muorrekeatsen is in foarm fan keatsen dêr't in bal mei de hân of de fûst by tsjin in muorre slein wurde moat, sûnder dat de bal de grûn rekket. Doel is om de bal sa te slaan dat de tsjinstander de bal dêrnei net jildich weromslaan kin.
De sport wurdt sawol binnen- as bûtendoar spile en der bestean ferskate farianten fan muorrekeatsen. De meast-spile farianten binne ûntliend oan it tradisjonele Ierske "one-wall handball". Yn Frankryk, mar benammen ek yn Spanje en Itaalje besteane in tal farianten dy't in mjuks binne fan it muorrekeatsen en it plein- en fjildkeatsen.
Wike 42
De fioele is in strykynstrumint mei fjouwer snaren. De klank wurdt makke troch de snaren trilje te litten mei in strykstôk. De fioele wurdt ornaris bespile troch it muzykynstrumint tusken kin en skouders te klemmen en mei de fingers fan de linkerhân de snaren tsjin de ebbenhouten toets te drukken om sadwaande de snaar lytser te meitsjen (en dus de toan) heger klinke te litten.
Wa't de earste fioele makke hat is net bekend. Algemien wurdt oannomd dat de fioele om 1550 yn Itaalje ûntstie. Yn de midsiuwen wiene der in soad ferskillende snaarynstruminten. Guon waarden tokkele, lykas de lút, oaren waarden strutsen, lykas de vedel en de rebec.
Wike 43
De Frysk-Frankyske oarloggen wie in rige fan oarloggen en wapene konflikten tusken de Germaanske folken fan Friezen en Franken. Dizze oarloggen barden fan de 7e oant de 8e iuw en ynset wie meastentiids de behearsking fan de delta fan Ryn en Maas. Sokke perioades waarden ôfwiksele mei tiidrekken fan frede. De oarloggen einigen úteinlik mei de pasifikaasje fan de Friezen troch Karel de Grutte ...
Wike 44
De Turks- en Kaikoseilannen binne in oerseesk gebietsdiel fan Grut-Brittanje en bestien út twa lytse eilannekloften yn de tropen, yn it Karibysk gebiet, besúdeasten de Bahama's. Geografysk sjoen binne de Turks- en Kaikoseilannen in part fan de Bahama's, mar hawwe in dúdlik eigen identiteit.
De earste bewenners wienen de Lukayanen, nei alle gedachten in Arawakske Yndianestamme. It liket wierskynlik dat de Lucayanen harren om 800 nei Kristus hinne op de eilannen nei wenjen setten, nei’t se troch kannibalistyske Kariben fan de súdliker eilannen fan it Karibysk Gebiet ferdreaun wienen.
Wike 45
Hongkong is in stêd yn Sina. It is de namme fan in stêdekloft en is mei Makau ien fan de twa bysûndere bestjoerlike ienheden fan Sina.
De stêd wie fan 26 jannewaris 1841 oant 1 july 1997 in Britske kroankoloanje. De earste Opiumkriich wie einige mei de besetting fan Hongkong troch de Britten, wêrnei't de stêd de status fan kroankoloanje krige. Troch de Britten waard it gebiet fan de Sinezen pachte en it grûngebiet soe twa kear útwreide wurde, de lêste kear wie dat yn 1898 mei de tafoeging fan de New Territories. Hjirtroch koe de koloanje himsels fan iten en drinken foarsjen en koe it út militêr eachpunt better ferdigene wurde. It pachtkontrakt mei Sina wie tekene foar 99 jier.
Op 1 july 1997 rûn it kontrakt ôf en kaam Hongkong wer by Sina te hearren.
Wike 46
Freed 16 novimber 1951 is de skiednis yngien as Kneppelfreed. In rjochtsaak oer it brûken fan de Fryske taal yn de rjochtseal, rûn út op in opskuor wêrby't de plysje it publyk – dat foar it gerjochtsgebou op it Saailân gearklofte – mei wapenstôk en wetterkanon útelkoar dreau.
Twa Fryske sjoernalisten stienen dy dei foar de Ljouwerter polysjerjochter. It wiene Fedde Schurer, haadredakteur fan de op It Hearrenfean ferskinende Heerenveense Koerier, en Tsjebbe de Jong, redakteur fan it Bolswards Nieuwsblad. Beide sjoernalisten hiene yn har kranten de kantonrjochter fan It Hearrenfean mr. S.R. Wolthers misledige en dat wie omdat Wolthers yn syn rjochtseal in fertochte dy’t Frysk prate de gek oanstutsen hie.
Wike 47
It poalljocht, ek wol noarderljocht, suderljocht of aurora neamd, is in barren dat gearhinget mei sinne útbarstingen. Partsjes dy't by de útbarstingen frij komme wurde fuortsmiten en kringe mei grutte snelheid de atmosfear fan de ierde binnen en dêr't in soad enerzjy by frij komt dy't dêrnei yn it hege noarden jûns en nachts sjoen wurde kin.
Wike 48
It rjocht yn Fryslân hat al in lange skiednis. Oarspronklik bestie it allinnich yn de mûnlinge oerlevering. Om 800 hinne waard it Fryske rjocht foar it earst fêstlein yn de Lex Frisionum. Yn de iuwen dêrnei waard noch mear op skrift steld, meast yn it Frysk. De Fryske lannen wienen sûnt Karel de Grutte ûnderhearrich oan it Hillige Roomske Ryk, mar healwei de midsiuwen wie de praktyk sa, dat sy harren eigen bestjoer en rjochtspraak regelen.
Wike 49
Yn Warsjau, de haadstêd en de grutste stêd fan Poalen, wenje sa likernôch 1,7 miljoen minsken. De stêd leit oan de beide iggen fan de rivier de Wisla yn it midden fan Poalen, sa'n 350 kilometer súdlik fan de Baltyske See. It earste skriftlike bewiis fan it bestean fan Warsjau is út it jier 1224. Doe wie Warsjau it haadplak fan Mazovje, dat yn 1526 ûnder de Poalske kroan kaam. Yn 1596 waard de stêd de residinsje fan de Poalske kening.
Wike 50
Antoninus Pius wie fan 138 oant 161 keizer fan it Romeinske Ryk en wurdt beskôge as ien fan de betûftste keizers út de Romeinske skiednis. Syn lange bewâld wie in tiidrek fan frede en wolfeart dêr't it keizerryk ta grutte bloei yn kaam.
Antoninus Pius waard berne yn de Gallyske provinsjestêd Nemausus (tsjintwurdich Nîmes) yn it jier 86. Hy kaam út in foaroansteande Romeinske famylje en soe nei de dea fan de bedoele troanopfolger Aelius Caesar op 1 jannewaris 138, de nije kandidaat wurde om keizer Hadrianus op te folgjen. Keizer Hadrianus adoptearre him op 25 febrewaris as soan. Antoninus wie doe al 52 jier âld.
Wike 51
Desjima wie eartiids in lyts keunstmjittich eilân yn de haven fan Nagasaky yn Japan. It eilân wie hiel even fan Portegal en dêrnei, fan 1641 oant 1859, in Nederlânske hannelspost, of faktorij. Dat wie yn de tiid fan it sels-keazen isolemint fan Japan (de sakoku) fan de Edo perioade.
It hiele tiidrek lang wie Desjima it ienichste plak yn it keizerryk, dêr't Japanners fia de Nederlanners kontakt hawwe koenen mei de wrâld dêrbûten.
Wike 52
Harns is ien fan de Alve stêden en de wichtichste havenstêd fan de provinsje Fryslân. De stêd hat likernôch 15.000 ynwenners en is dêrmei fyfde plak fan Fryslân wat grutte oangiet. De Harnzers prate meastentiids gjin Frysk, mar hawwe har eigen dialekt fan it stêdsfrysk, it Harnzers. Yn 1234 krige Harns stedsrjochten en is dêrmei âlder as bygelyks Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer of Amsterdam. In diel fan de ferdigeningswurken is noch altyd te sjen yn it sintrum fan de stêd en de oarspronklike grêftengurdles binne noch foar it grutste part yntakt.
Wike 53
Keninklike Tichelaar Makkum is it âldste bedriuw fan Fryslân en ien fan de âldste yn Nederlân. It bedriuw bestiet al mear as 300 jier en begûn mei it meitsjen fan bakstiennen, mar om 1670 hinne feroare dit nei ierdewurk. Sûnt 1890 leit it bedriuw har it meast ta op it meitsjen fan sierierdewurk.