Springe nei ynhâld

Tiidline fan de Fryske skiednis

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 okt 2020 om 11.55 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (1987: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân


0 500 1000 1500 2000

Hjirûnder wurdt de skiednis fan Fryslân, harren ynwenners, taal, kultuer en literatuer op tiidsfolchoarder beskreaun.

  • In folk fan jagers en samlers komt oan yn it lân fan de Tsjonger. Dy prehistoaryske bewenners wurde nei it fynplak fan harren oerbliuwsels "de Tsjongerkultuer" neamd. De minsken fan de Tjongerkultuer hawwe nei alle gedachten yn de Fryske omkriten wenne ûnder de oergongsfaze fan de iistiden nei in waarmer geologysk tiidrek, it Holoseen.
  • De Friezen begjinne harren nei wenjen te setten yn Fresia.
  • Yn Fryslân begjint de earste perioade fan it opsmiten fan de terpen.
  • De Romeinske fjildhear Germanikus organisearret in grutte fjildtocht tsjin de Germaanske lieder Harmen. Hy lit tûzen skippen bouwe en falt oan oer de Noardsee en de mûning fan de Iems, wêrby de Sjauken en Friezen help oanbeane. By de Weser komt it earst ta striidpetear tusken Harmen en syn broer Flavus en letter ta in fjildslach op de flakte fan Idavisto, beëasten fan de Weser. Germanikus wint en driuwt de Germanen op de flecht. By de Romeinen wurdt sein dat de Sjauken Harmen ûntkomme litten hawwe.
Skriuwplankje fan Tolsum
  • De Ryn wurdt troch keizer Klaudius as grins fêststeld tusken it Fryske gebiet en it Romeinske Ryk. Wol bliuwe de Friezen ûnder Romeinsk bestjoer.
  • De Fryske keningen Maloriks en Ferritus komme nei Rome. Sy ûntfange it Romeinske steatsboargerskip. Harren besyk smyt net folle op, want de Friezen moatte it stik lân dat sy besuden fan de Ryn beset hâlde, ferlitte.
  • Om it stigen fan de seespegel wurdt in twadde generaasje terpen opsmiten.
  • De Friezen, ûnder lieding fan in kening dêr't de namme fan net oerlevere is, ferslaan yn de Slach oan de Ryn de Deenske ynkringers dy't ûnder Hygelac.
  • Klotar I feroveret in part fan Fryslân. Neffens Frankyske gewoante is syn ryk in persoanlik gebiet en wurdt by syn dea ûnder syn soannen ferdield. De bruorren krije lykwols spul mei elkoar, wat soarget dat de Friezen wer gebiet feroverje kinne.
Dorestêd en wichtige handelsrûtes
Aldgillis, yn de "Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt" fan P. Winsemius.
  • Nei in tiidrek fan boargerkrigen yn Frankryk, wêrtroch't de ynfloed fan de Franken tebekrint komt de Frankyske kening Dagobert mei in leger nei it noarden ta en leveret striid tsjin de Friezen. Hy feroveret it gebiet fan de Alde Ryn op de Friezen. Yn Utert lit er in tsjerke bouwe. Nei it ferstjerren fan Dagobert rint de Frankyske macht wer tebek en it tsjerkje rekket yn ferfal.
  • Om dizze tiid hinne meitsje foargongers fan kening Aldgillis harren master fan it lân besuden de Ryn. It sintraal rivieregebiet fan de tsjintwurdige provinsjes Hollân en Utert wurdt it gebiet fan in machtich Frysk ryk.
  • Yn de winter fan 678 ûntfangt kening Aldgillis de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert en jout him in ûnderkommen. Hy wegeret te foldwaan oan it fersyk fan de Frankyske hofmeier Ebroin om Wilfried oan him út te leverjen.
  • De misjonarissen Wilfried en Wigbert krije tastimming fan Aldgillis om it kristendom te preekjen.
  • Om-ende-by dizze tiid komt de Fryske kening Aldgillis te ferstjerren. Hy wurdt opfolge troch Redbad.
Willibrord, de Apostel fan de Friezen.
  • Willibrord wurdt de aartsbiskop fan de Friezen, syn haadsit wurdt Utert.[1]
  • De bou fan in tredde generaasje terpen begjint.
  • april - Grimoald de skoansoan fan kening Redbad wurdt fermoarde troch in slûpmoardner as er op beafeart giet nei it grêf fan de Hillige Lambert fan Maastricht by Luik.
  • Kening Redbad makket plannen om twaris it Frankyske ryk oan te fallen en lûkt dêrta in grut leger gear [2]. Hy krijt lykwols net mear de gelegenheid dêrta, want hy wurdt troch in slimme sykte troffen en komt te ferstjerren yn de neisimmer of iere hjerst fan 719[3]. Redbad lit Fryslân ûntheistere efter sûnder in gaadlike opfolger.
  • Troch hofmeier Karel Martel wurdt koart nei de dea fan Redbad in part fan de Friezen ûnderwurpen. Fan 720 ôf is it Fryske gebiet bewesten fan it Fly (Seelân, Hollân en Utert) yn Frankyske hannen.
  • Karel Martel stelt Willibrord by steat de sinding ûnder de Friezen fan Utert te dwaan.
  • De Slach oan de Boarn hat plak tusken in Frysk leger laat troch kening Poppo en in Frankyske leger laat troch Karel Martel. De Fryske kening wurdt ferslein en dêrtroch wurdt nei Fryslân westlik fan it Fly ek Fryslân tusken Fly en Lauwers oan de Franken ûnderhearrich.
De grêftombe fan Karel Martel, yn de Katedraal fan Saint-Denis, it is makke ûnder de Gotyk.
  • De gebieten fan Karel Martel wurde ûnder syn folwoeksene soannen ferdield: Karloman krijt Austraasje dêr't ek it lân fan de Friezen by heart as fasaalsteat.
  • It lân fan de Friezen boppe de grutte rivieren wurdt fan healwei de 8e iuw ôf yntinsyf kerstenje.
  • De Saksen komme yn opstân tsjin de Frankyske besetting. De misjonarissen hâlde harren mear mei belêstingsheffing dwaande as kerstenjen.
  • De Saksyske opstân slaat oer nei Easterlauwersk Fryslân dêr't de Friezen ûnder lieding fan de haroggen Unno en Eilrad rebellearje tsjin it Frankyske Ryk. In protte nij boude tsjerken wurde yn brân stutsen en prysters op de flechte jeie.
  • De fjirde, en lêste, generaasje terpen wurde opsmiten.
Midsiuwske ôfbylding fan Bruno
  • Greve Liudolf komt ferstjerren en wurdt opfolge troch syn soan Bruno.
  • Nei de dea fan Egbert I wurdt er opfolge troch syn soan Egbert II, dy't de lêste telch út de Brunoanen-dynasty is dy't as greve Fryslan bestjoert. Hy ferset him fjouwer kear tsjin syn lienhear, de Dútske keizer Hindrik IV, dy't ek in neef fan him wie. Likefaak wurdt him it greefskip ûntnommen, de lêste kear foar altyd.
  • Greve Egbert wurdt troch de kening fûgelfaai ferklearre en sneuvelt by in opstân tsjin de keizer.
  • Nei Egbert syn dea makket Hindrik de Fette fan Northeim oanspraak op it Greefskip Mid-Fryslân.
  • Greve Hindrik de Fette wurdt op 10 april troch Friezen fermoarde as er besiket syn bewâld oer Mid-Fryslân út te oefenjen. De Friezen stean ûnder lieding fan de biskop fan Utert.
  • De earste bekend gearkomste wurdt hâlden by de Upstalbeam, it âld Fryske gerjochtsplak.
De lizzing fan it Kreiler Wâld ± 1000.
  • Yn de nacht fan 13 desimber op 14 desimber 1287 woedet de Grutte Stoarm ek wol de Sint-Lusiafloed. De wettersneed treft benammen Fryslân, Grinslân en East-Fryslân, mar ek East-Anglia. De gefolgen binne ôfgryslik, it westlike bekken fan de Waadsee wurdt foarme dêr't it eilân Gryn hast hielendal by ferdwynt.
  • De Stellingwerven wurde oermastere troch hartoch fan Saksen, en wurdt by Fryslân foege.
Grutte Pier yn de striid.
  • Troch de Steaten-Generaal wurdt fêstlein dat de maritime ferdigening fan de Republyk troch fiif admiraliteiten dien wurdt. De Fryske Admiraliteit moat tegearre mei fjouwer oare admiraliteiten de Republyk beskermje.
  • Op 29 july komt de earste edysje fan de Ljouwerter Krante út. It is dêrmei de âldste krante fan Nederlân dy't noch hieltyd ûnder deselde namme ferskynt.
  • Eise Eisinga syn planetarium yn syn hûs yn Frjentsjer is ree, dêr't er oan begûn is om de minsken sjen te litten dat se net benaud hoegden te wêzen foar it gearkommen fan Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de Moanne op 8 maaie 1774. Eisinga hie tocht dat er nei seis moanne wol klear wêze soe mei it planetarium, mar it hat him mear as seis jier koste.
  • By de stifting fan it Bataafske Mienebest wurde de parten fan it eardere Fryslân wer gearfoege, ta it Departemint Fryslân. De hjoeddeiske provinsje Grinslân komt yn it Departemint Grins te lizzen.

Op 1 jannewaris 1811 wurden deselde gebieten departeminten fan it Earste Frânske Keninkryk. It departemint Fryslân kriget de namme "Frise", Grinslân komy tegearre mei Drinte yn it Ems-Occidental te lizzen. East-Fryslân komt by it keizerryk as Ems-Oriental.

Prusen moat East-Fryslân ôfstean oan it Keninkryk Hannover.

  • 3 july is de dei dat de earste edysje fan it Frysk Deiblêd útkomt. Op it stuit is de krante de lytste regionale selsstannige krante fan it lân.[4]
Guon fan de dielnimmers oan de earste Alvestêdetocht.
  • Der wurdt begûn mei de oanlis fan de Ofslútdyk fan Fryslân nei Noard-Hollân. De dyk wurdt oanlein nei plannen fan de yngenieur Cornelis Lely, dy't dy plannen al yn 1886 makke hie.
Arbeid oan de Ofslútdyk.
  • De Ofslútdyk wurdt nei tolve jier ticht makke. Troch de dyk is de Waadsee skieden fan de Iselmar. In jier letter giet de dyk iepen foar it weiferkear.
  • De Fryske Akademy wurdt stifte yn Ljouwert. De organisaasje docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. De Akademy hat sûnt dy tiid hûnderten publikaasjes dien.
Minsken yn Ljouwert wiuwe nei de Kanadeeske soldaten dy't Fryslân befrijden.
  • Fryslân is op 15 april 1945, op de eilannen nei, folslein befrije troch de Kanadezen. Op 8 maaie fan dat jier stoppet de wrâldkriich yn Jeropa en op 15 augustus 1945, nei't twa atoombommen op Hirosjima en Nagasaky smiten binne, komt ek yn it Easten in ein oan de kriich.
  • De Fryske Rie wurdt offisjeel stifte. De organisaasje is al tritich jier aktyf, sûnt 1926, mar is nea offisjeel stifte.
  • De Fryske Nasjonale Partij (FNP) wurdt stifte troch aktivisten fan de Fryske Beweging. It stiften fan de partij is in reaksje op de grutte nasjonale partijen yn Fryslân, neffens de oprjochters binne de Fryske ôfdielingen fan dizze partijen tefolle op de Rânestêd rjochte. De partij set him yn foar in federalistysk polityk systeem yn Fryslân, de FNP wol mear autonomy foar Fryslân
  • It fak Frysk wurdt ferplicht makke op basisskoallen yn de provinsje Fryslân.
  • Tûzenen Friezen om utens komme werom nei de provinsje yn it ramt fan Simmer 2000. It wurdt tagelyk organisearre mei it Frysk Festival. Der wurde kulturele manifestaasjes hâlden. Der wurde ûnder oare reúnys hâlden, útstallingen, téaterproduksjes, sporteveneminten.[6]
  • Troch de gemeente Smellingerlân en de útjouwer Fryske Parse Boekery wurdt de Rink van der Veldepriis, neamd nei de yn 2001 ferstoarne Rink van der Velde, ynsteld. De sjuery wurdt ynsteld troch de Stifting It Fryske Boek. De priis wurdt mei yngong fan 2004 alle twa jierren útrikt. It is in priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynd as in selsstannige boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen dy’t yn Fryslân brûkt wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marco Mostert (1999) – 754: Bonifatius bij Dokkum vermoord. Utjouwerij Verloren BV. Side 28
  2. Halbertsma, H. (2000): Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, op s. 90.
  3. Halbertsma, H. (2000): Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, op s. 93.
  4. It earste Frysk Deiblêd, Frysk Deiblêd, 7 juli 2003 (10 desimber 2009)
  5. De opmars fan de Fryske plaknammen (Ljouwerter Krante), Grutsk op Fryslân.eu (sjoen op 10 desimber 2009)
  6. Simmer 2000, (sjoen op 10 desimber 2009)
  • Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. ISBN 9789001779047