Clint Eastwood

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Clint Eastwood
Clint Eastwood (by de Berlinale 2007)
Hântekening fan Eastwood op Hollywood Boulevard.

Clinton (Clint) Eastwood (San Francisco, 31 maaie 1930) is in Amerikaansk filmakteur, filmprodusint, filmregisseur en politikus. Hy hat yn ferskate grutte films spile en letter ek sels grutte films regisearre en makke. Fierders hat er yn syn lettere jierren boargemaster west en hat er him dwaande hâlden mei oare polityk.

De politikus[bewurkje seksje | edit source]

Fan 1986 tot 1988 wie Eastwood nammens Republikeinse Partij boargemaster fan Carmel-by-the-Sea yn Kalifornje.
Fan 2002 ôf wie er ficefoarsitter fan de park- en rekreaasjekommisje fan Kalifornje; syn termyn einige yn 2008.

De regisseur[bewurkje seksje | edit source]

Clint Eastwood hat as regisseur mear as 25 films makke en hat dêrfoar in protte Oscars krige. Hy heart by de grutte Amerikaanske filmregisseurs.

Yn 1992 fernuvere Eastwood in soad minsken mei de troch him regissearre film Unforgiven. Hoewol't Eastwood al yn 1971 syn regydebút makke mei Play Misty for me, waard Unforgiven yn earsten syn hichtepunt: hy wûn de Oscars foar bêste film en bêste regy.

Yn 2005 wûn er in twadde Oscar as bêste regisseur foar Million Dollar Baby.

Yn hast alle films dy't er regissearre spile er sels ek de haadrol.

Filmografy (ûnfolslein)[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.