Kamera

Ut Wikipedy
Voigtländer fototastel, Vitoret F
iepenwurke fototastel

In kamera is in ôfsluten romte of kastke wêryn't troch in gat of lins foarwerpen op ien fan de wanden ôfbylde wurde. It wurd kamera komt út it Latyn en is it earste wurd fan de oarspronklike útdrukking camera obscura ('donkere keamer').

Sa'n donkere keamer is in romte dy't hielendal fertsjustere is, mei in lyts gatsje yn de wand. Is der bûten genôch ljocht, dan is op de wand foar it gatsje oer it byld fan de bûtenwrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De camera obscura waard beskreaun yn in manuskript fan Leonardo da Vinci. It orizjinele manuskript fan Da Vinci bestiet net mear, mar der is in oersetting út 1797 bekend fan de natuerkundige Venturi. Ek yn de Grykske âldheid (Aristoteles) wienen der lykwols al beskriuwings fan ôfbylden troch in lyts gatsje op de wand fan in donkere keamer.

Wurdt it gatsje grutter makke, dan wurdt it byld helderder, mar ek minder skerp. De oplossing dêrfoar is om foar it gatsje in positive lins te setten.

Sûnt de 16e iuw waard de kamera obskura mei matglês en lins brûkt as helpmiddel foar skilders en tekeners. Troch in projektearre byld op tin papier oer te lûken wie men yn steat perspektivysk goede tekeningen te meitsjen. Nei de ûntwikkeling fan it fotografyske gemyske prosedee waard de kamera brûkt om fotografy mei te bedriuwen.

Tsjintwurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fideokamera's, filmkamera's en telefyzjekamera's binne geskikt foar it meitsjen fan opnamen fan bewegende of feroarjende bylden, neamd fideo, telefyzje-opnamen, of films, meastal ynklusyf lûd. Fotokamera's binne inkel geskikt foar it meitsjen fan stilsteande opnamen, foto's sûnder lûd. Neist fotokamera's binne ek digitale kamera's (ynklusyf mobile telefoans mei ynboude kamera's) benammen bedoeld om foto's mei te meitsjen, al ha se bytiden de mooglikheid om fideo-opnamen te meitsjen fan minne kwaliteit (lege resolúsje en in lyts oantal bylden de sekonde).

In oar wichtich ûnderskied wurdt makke tusken de kamera's dy't elektroanysk wurkje (sjoch digitale kamera's en fideokamera's) en kamera's dy't wurkje mei ljochtgefoelige film (sjoch fotokamera's en filmkamera's). De measte moderne kamera's wurkje elektroanysk mei útsûndering fan profesjonele kamera's foar it meitsjen fan films.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cameras fan Wikimedia Commons.