Morgan Freeman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Morgan Freeman yn 2006.

Morgan Freeman (Memfis, 1 juny 1937), is in Amerikaansk akteur en regisseur fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy briek yn 1989 troch mei syn rol yn 'e film Driving Miss Daisy, en hat sûnt yn sokke kaskreakers spile as The Shawshank Redemption, Robin Hood: Prince of Thieves, Unforgiven, Se7en, Deep Impact, Kiss the Girls, Along Came a Spider, Million Dollar Baby, The Dark Knight-trilogy en Invictus. Freeman fersoarge fierders ek de kommentaarstim by withoefolle natoer- en oare dokumintêres, wêrûnder it bekroande March of the Penguins.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | edit source]

Freeman waard yn 1937 berne yn Memfis, yn 'e steat Tennessee, as de soan fan 'e hierknipper Morgan Porterfield Freeman en de skoaljuffer Mayme Edna Revere, en groeide op yn gesin mei trije âldere bern. Neffens in (frij resint dien) DNA-ûndersyk wiene syn foarâlden etnyske Songhai en Tûaregs út Niger. As bern waard Freeman nei syn beppe oan heitekant ta stjoerd, yn Charleston, yn 'e steat Mississippy, dy't him foar in part grutbrocht. Hy ferhuze yn syn bernetiid gauris, en wenne yn Greenwood (Mississippy), yn Gary (Indiana) en úteinlik yn Chicago (Illinois).

Yn Greenwood folge er de middelbere skoalle, dêr't er in aktearwedstryd op steatsnivo wûn en as beleanning meidwaan mocht oan in harkspul op 'e radio, dat opnommen waard yn Nashville. Nei't er yn 1955 slagge wie foar syn eksamen, sloech er in stúdzjebeurs ôf en naam er tsjinst by de Amerikaanske Loftmacht, dêr't er as radartechnikus wurke. Nei syn tsjinsttiid gied er nei Los Angeles ta, dêr't er aktearlessen naam, en letter nei San Fransisko, dêr't er dûnslessen folge, wylst er himsels ûnderhold mei ferskate kantoarbaantsjes.

Morgan Freeman mei syn tsjinspylster Paz Vega yn Madrid, by de premiêre fan harren film 10 Items or Less.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1965 makke Freeman syn filmdebút as in figurant yn The Pawnbroker. Yn 1968 stied er foar it earst op Broadway, mei in rol yn 'e musikal Hello Dolly! Yn 'e santiger jierren lei er him fral ta op toaniel, al hied er ek rollen yn in pear tillevyzjesearjes. Yn 1980 wûn er in Obie Award foar syn fertolking fan 'e titelrol yn Shakespeare syn Koriolanus. In twadde Obie Award wûn er yn 1984 foar syn rol as de preker yn it stik The Gospel at Colonus. Freeman syn grutte trochbraak kaam lykwols pas yn 1989, mei syn haadrol yn 'e film Driving Miss Daisy, as de swarte sjauffeur fan in Joadske dame op jierren (spile troch Jessica Tandy) yn it Amerikaanske Suden.

Oare withoe súksesfolle films folgen, lykas Robin Hood: Prince of Thieves (1991), mei Kevin Costner; it mei in Oscar foar bêste film bekroande Unforgiven (1992), mei syn freon Clint Eastwood; The Shawshank Redemption (1994), mei Tim Robbins; Outbreak (1995), mei Dustin Hoffman en Rene Russo; Se7en (1995), mei Brad Pitt; en Amistad (1997), mei Matthew McConaughey en sir Anthony Hopkins. Yn 1997 rjochte Freeman mei Lori McCreary syn eigen filmstudio Revelations Entertainment op. Datselde jiers spile er yn Kiss the Girls Alex Cross, in profiler fan searjemoardners, dy't persoanlik yn in saak behelle rekket as syn omkesizzer ûntfierd wurdt. Yn 2001 kroep er nochris yn Cross syn hûd foar de film Along Came a Spider. Underwilens hied er doe meispile yn û.m. Deep Impact (1998), mei Téa Leoni, en Hard Rain (1998), mei Christian Slater en Minnie Driver.

Nei de ieuwiksel sette Freeman syn karriêre fuort mei rollen yn û.m. Bruce Almighty (2003), yn 'e rol fan God, mei Jim Carrey; An Unfinished Life (2005), mei Robert Redford; 10 Items or Less (2006), mei de Spaanske aktrise Paz Vega; Evan Almighty (2007), op 'e nij yn 'e rol fan God; The Bucket List (2007), mei Jack Nicholson; en Invictus (2009), wêryn't er Nelson Mandela spile, in rol dy't er al jierren neistribbe. Teffens wied er te sjen yn 'e The Dark Knight-trilogy: Batman Begins (2005), The Dark Knight (2008) en The Dark Knight Rises (2012), yn 'e rol fan Lucius Fox, in wittenskipper dy't Batman fan al syn technysk gerei foarsjocht. Nei't er trijeris foar in Oscar nominearre west hie (foar bêste byrol fan in akteur yn Street Smart (1987) en twaris foar bêste akteur yn Driving Miss Daisy en The Shawshank Redemption), wûn er yn 2004 einlings en te'n lêsten ien (foar bêste byrol fan in akteur) foar syn rol yn Clint Eastwood syn film Million Dollar Baby (2004). Njonken syn aktearwurk liende Freeman ek geregeldwei syn (tige werkenbere) stim foar kommentaar by dokumintêres, lykas de mei in Oscar bekroande natoerdokumintêre March of the Penguins, út 2005.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

Freeman wie fan 1967 oant 1979 troud mei Jeanette Adair Bradshaw. Yn juny 1984 wertroude er mei Myrna Colley-Lee, fan wa't er yn 2010 skiede, nei't se yn 2007 al útinoar gien wiene. Tegearre mei syn twadde frou naam er syn styfpakesizzer út syn earste houlik oan en brocht er dy grut. Freeman wennet yn Charleston, yn Mississippy, hat in fleanbrevet en is mei-eigner fan in restaurant en in bluesklub yn Clarksdale, yn Mississippy. Hy hat him troch de jierren hinne ek ynset foar ferskate goede doelen, lykas de weropbou fan it Karibyske eilânsteatsje Grenada nei't dat yn 2004 troffen wie troch de orkaan Ivan. Freeman is fierders in fûleindich Demokraat. Yn 2011 soargen syn útspraken yn it CNN-praatprogramma Piers Morgan Tonight foar grutte opskuor, doe't er de Republikeinske Tea Party-beweging beskuldige fan rasisme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.