Spagettywestern

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Spagettywestern is de troch mannichfâld gebrûk offisjeel wurden bynamme foar Italjaanske westerns. Dy films wienen benammen yn de twadde helte fan sechstiger jierren en it begjin fan santiger jierren tige populêr. It sjenre tanket har namme oan it feit dat de films troch Italjaanske studio's produsearre waarden. Ynearsten hie de namme in wat negative betsjutting omdat de kwaliteit fan it meastepart fan de films striemin wie. Alhoewol't in protte fan de spagettywesterns gau en goedkeap makke waarden en ek net altyd orizjineel wienen, sitte der guon tusken fan tige hege kwaliteit dy't útwoeksen binne ta kultfilms.

Foarbylden fan spagettywesterns[bewurkje seksje | edit source]

  • Per un Pugno di Dollari, (A Fistful of dollars), 1964
  • Per Qualche Dollaro in Più, (For a Few Dollars More), 1965
  • Il Buono, il Brutto, il Cattivo, (The Good, the Bad and the Ugly), 1966
  • Django, 1966
  • I Quattro dell'Ave Maria, (Ace High), 1968
  • C'era una Volta il West, (Once Upon a Time in the West), 1969
  • Giù la Testa, (A Fistful of Dynamite))), 1971
  • Lo Chiamavano Trinità, (They Call me Trinity), 1971
  • Continuavano a Chiamarlo Trinità, (Trinity is Still My Name), 1972
  • Il Mio Nome è Nessuno, (My Name is Nobody), 1974

Regisseurs[bewurkje seksje | edit source]