Springe nei ynhâld

Clint Eastwood

Ut Wikipedy
Clint Eastwood
akteur
Clint Eastwood yn 2011.
Clint Eastwood yn 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Clinton Eastwood jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 maaie 1930
berteplak San Francisco (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Ingelsk
Skotsk
Nederlânsk
jierren aktyf 1955 – no
prizen Oscar
Golden Globe
Gouden Eareliuw 2000
Gouden Earepalm 2009
offisjele webside
www.clinteastwood.net

Clint Eastwood (folút: Clinton Eastwood jr.; San Francisco, 31 maaie 1930) is in Amerikaansk akteur, filmregisseur, filmprodusint, komponist fan filmmuzyk en earder politikus. Hy sette yn 1955 útein mei in aktearkarriêre, en briek yn 1959 troch mei de rol fan Rowdy Yates yn 'e westernsearje Rawhide. Neitiid spile er yn 'e 1960-er jierren yn ferneamde spagettywesterns as A Fistful of Dollars, For a Few Dollars More en The Good, the Bad and the Ugly, en yn 'e 1970-er en 1980-er jierren yn al like ferneamde plysjefilms as Dirty Harry, Magnum Force en The Dead Pool. Sokke rollen hawwe fan Eastwood in kultureel ikoan fan manlikheid makke. Hy spile ek yn 'e westernfilms The Outlaw Josey Wales, High Plains Drifter, Pale Rider en Unforgiven, de oarlochsfilm Where Eagles Dare, de psychologyske skriller Play Misty for Me, de aksjefilm In the Line of Fire, de skrillers Absolute Power en Blood Work, it romantysk drama The Bridges of Madison County, it sportdrama Million Dollar Baby en de dramafilm Gran Torino. Foar Unforgiven en Million Dollar Baby wûn Eastwood beide kearen sawol de Oscar foar bêste regisseur as dy foar bêste film. As eigner fan syn eigen filmstudio, Malpaso Productions, regissearre en produsearre er ek films dêr't er sels net yn spile, lykas it detektivedrama Mystic River, de oarlochsfilm Letters from Iwo Jima en de sportfilm Invictus. Fierders skreau er gauris sels de filmmuzyk foar syn produksjes. Njonken syn karriêre yn 'e filmyndustry wie Eastwood fan 1986 oant 1988 ek boargemaster fan syn wenplak Carmel-by-the-Sea.

De stim fan Clint Eastwood (fragmint fan in radioprogramma fan 'e BBC út 2009).

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastwood waard yn 1930 berne yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan Clinton Eastwood sr. (1906-1970) en dy syn frou Ruth Runner (1909-2006). Syn mem naam letter de efternamme oan fan har twadde man John Belden Wood (1913-2014), mei wa't se troude nei it ferstjerren fan 'e heit fan Clint Eastwood. By syn berte weage Eastwood 5,2 kg, en dêrom joegen de ferpleechsters yn it sikehûs dêr't er te wrâld kommen wie, him de bynamme 'Samson', nei de bibelske rjochter dy't bekend stie om syn lichemskrêft. Hy hat in jongere suster, Jeanne Bernhardt (1934), en hy is fan mingd Iersk, Ingelsk, Skotsk en Nederlânsk etnysk komôf. Hy stammet ôf fan û.m. William Bradford, in gûverneur fan 'e iere Plymouthkoloanje, dy't mei it ferneamde skip de Mayflower de Atlantyske Oseaan oerstiek. Yn 'e line fan Bradford fertsjintwurdiget Eastwood de tolfde generaasje dy't yn Noard-Amearika berne is.

Yn syn iere jonkheid ferhuze Eastwood gauris, mei't syn heit ferskate banen efterinoar hie by de hiele westkust fan 'e Feriene Steaten lâns. Yn 1940, doe't Eastwood tsien jier wie, sette de húshâlding him lykwols foargoed nei wenjen yn Piedmont (Kalifornje), dêr't Eastwood fierder opgroeide. Hoewol't er letter yn ferskate fraachpetearen úthâlde soe dat er ek dêrnei noch allegeduerigen ferhuze wie, is it eins sa dat er fan 1940 oant 1949 ûnôfbrutsen yn Piedmont wenne. It hûs fan 'e Eastwoods stie yn in tige begoedige part fan it stedsje, en omfette in eigen swimbad. De beide âlden wiene lid fan 'e pleatslike country club en hiene elts in eigen auto.

Eastwood makke yn Piedmont de middelskoalle ôf oan 'e Piedmont Middle School, dêr't er fanwegen minne sifers in kear sitten bleau en in skoaljier oerdwaan moast. Fan jannewaris 1945 oant teminsten jannewaris 1946 folge er fuortset ûnderwiis oan 'e Piedmont High School, dêr't er fan skoalle stjoerd waard om't er in obsene suggestje rjochte oan in learkrêft op it skoareboerd fan it sportfjild skreaun hie, en om't er in pop dy't in oare dosint foarstelle moast, begroeven hie op it gazon fan 'e skoalle. Eastwood gie doe nei de Oakland Technical High School, dêr't er yn jannewaris 1949 foar syn eineksamens slagje moatten hie, hoewol't it ûndúdlik is oft er dat ek wier dien hat. Ferskate doetiidske freonen fan Eastwood hawwe yn fraachpetearen oanjûn dat er tsjin dy tiid fierstente drok mei oare dingen wie om him om syn skoaleksamens te bekroadzjen, en de útslach fan middelbere-skoaleksamens wurdt yn 'e Feriene Steaten beskôge as strang fertroulike ynformaasje, sadat it foar bûtensteanders net nei te gean is.

Nei't er fan skoalle gien wie, hie Eastwood in ferskaat oan banen, wêrûnder strânwacht, winkelbetsjinde yn in krudenierssaak, brânspuitman foar de bestriding fan boskbrannen en golfcaddy. Neffens Clintwood sels woed er him yn 1951 ynskriuwe litte oan 'e Universiteit fan Seattle, mar waard er doe oproppen foar de tsjinstplicht ûnder de Koreaanske Oarloch. Syn eardere partner Sondra Locke sei dêroer yn in fraachpetear: "Hy neamde altyd de Koreaanske Oarloch as er dat sei, yn 'e hope dat eltsenien oannimme soe dat er oan it front tsjinne hie en de iene of oare held wie. Mar eins brocht er syn hiele skoft yn it leger troch as strânwacht yn Fort Ord yn noardlik Kalifornje." Neffens Don Loomis, in maat fan Eastwood op 'e middelbere skoalle, gie Eastwood yn dy snuorje om mei in dochter fan in ofsier yn Fort Ord, dy't him de hân boppe de holle holden hawwe soe as der soldaten nei Koreä stjoerd wurde moasten. Yn dyselde snuorje regele Eastwood dat er ûnder syn ferlof yn Seattle in ôfspraakje mei in frommeske hie. Op 'e weromweis nei Fort Ord wied er in passazjier yn in Douglas A-1 Skyraider-bommesmiter dy't sûnder brânstof kaam te sitten en by Point Reyes yn see delstoarte. Eastwood en de piloat brûkten in rêdingsflot om mei help dêrfan 3,2 km nei de kust te swimmen.

Karriêre yn 'e filmyndustry

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst Eastwood legere wie yn Fort Ord, waarden dêr op in stuit opnamen makke foar in produksje fan Universal Studios. In assistint, neffens Eastwood syn offisjele biografy in Chuck Hill, dy't sels ek yn Fort Ord legere wie mar kontakten yn Hollywood hie, nûge Eastwood doe út om yn 'e kunde te kommen mei de regisseur. Dat wie de earste kear dat Eastwood yn oanrekking kaam mei de filmyndustry. It spriek him wol oan, en nei't er syn tsjinstplicht ferfolle hie, sette er nei Los Angeles ta, dêr't er Hill wer opsocht. Dyselde smokkele him it filmstudiokompeks fan Universal binnen en stelde him foar oan kameraman Irving Glassberg, dy't him in audysje besoarge by regisseur Arthur Lubin. Lubin wie tige ûnder de yndruk fan Eastwood syn uterlik en syn lingte fan 1.93 m, mar hy wie min te sprekken oer syn feardichheden op it mêd fan aktearjen. Dêrom rette er him oan om earst mar ris aktearlessen te folgjen, wêrnei't er him yn april 1954 in kontrakt oanbea foar $100 yn 'e wike. Foar syn earste lytse roltsjes krige Eastwood in protte krityk om syn stive manear fan aktearjen en om't er syn teksten útspriek suver sûnder dat er de tosken faninoar die, wat neitiid beide libbenslange hannelsmerken fan him waarden.

Yn maaie 1954 hie Eastwood syn earste echte audysje, foar in rol yn 'e film Six Bridges to Cross, mar hy waard ôfwiisd troch regisseur Joseph Pevney. Nei om 'e nocht op ferskate oare audysjes gien te wêzen, bemachtige er úteinlik in lyts roltsje as in laboratoariumanalist yn 'e horrorfilm Revenge of the Creature (1955), fan regisseur Jack Arnold, dat in ferfolch wie op it bekendere The Creature from the Black Lagoon. Hy hie ek in lyts roltsje as de lieder fan in strieljagersquadron yn in oare horrorfilm fan Jack Arnold, Tarantula (1955). Yn septimber 1954 wurke Eastwood trije wiken lang mei oan Lady Godiva of Coventry (1955), fan Arthur Lubin, en yn febrewaris 1955 hied er in lytse rol yn 'e film Francis in the Navy, oer it pratende mûldier Francis. Dêrnei hied er yn maaie 1955 fjouwer oeren wurk oan in lytse rol yn 'e film Never Say Goodbye, en datselde jier spile er ek in cowboy yn syn earste westernfilm Star in the Dust.

Op 2 july 1955 liet Universal Eastwood foar it earst op 'e tillefyzje spylje, yn 'e tillefyzjefilm Allen in Movieland, mei û.o. komyk Steve Allen, akteur Tony Curtis en muzikant Benny Goodman. Hoewol't Eastwood dúdlik foarútgong boekte yn syn ûntwikkeling as akteur, beëinige Universal syn kontrakt op 23 oktober 1955. Neitiid skreau Eastwood him yn by it ympressariaat Marsh Agency, en hoewol't Lubin him syn grutste rol oant doe ta joech yn 'e film The First Traveling Saleslady (1956), en him letter ek oannaam foar in rol yn Escapade in Japan (1957), wie it yn dy snuorje foar Eastwood dreech om finansjeel troch de tiid te kommen. Op oanrieden fan Irving Leonard, syn boekhâlder, stapte Eastwood yn 1956 oer nei it Kumin-Olenick Agency, en yn 1957 nei it ympressariaat fan Mitchell Gertz. Hy hie yn dy tiid ferskate lytse rollen op 'e tillefyzje, as in lid fan in motorbinde yn in ôflevering fan Highway Patrol, as in kadet oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn in ôflevering fan The West Point Story, en as in goudsiker mei selsmoardnigings yn seis ôfleverings fan Death Valley Days.

Yn 1958 fertolke Eastwood de rol fan in luitenant-op-see yn in ôflevering fan 'e rige Navy Log, en begjin 1959 wied er te sjen yn 'e gastrol fan in leffe smjunt dy't inkeld mei in ryk fanke trouwe wol om har jild, yn 'e westernsearje Maverick, as tsjinspiler fan James Gardner. Fierders hied er yn 1958 in lyts roltsje yn 'e Frânske film Lafayette Escadrille, en spile er datselde jiers in wichtige rol as âld-militêr fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika yn 'e western Ambush at Cimarron Pass. Eastwood fertelde letter dat er dat in freeslike film fûn en dat er syn eigen oandiel dêroan as it abslute djiptepunt fan syn aktearkarriêre beskôge.

Clint Eastwood yn 'e rol fan Rowdy Yates yn Rawhide (1961).

Yn 1958 waard Eastwood cast yn 'e rol fan Rowdy Yates yn 'e westersearje Rawhide. Hy wie net alhiel lokkich mei it personaazje dat er spile, want mei't er sels tsjin dy tiid al omtrint trichtich jier wie, fielde de jonge Rowdy (likernôch 20) foar him te jong en knoffelich oan. Nettsjinsteande dat naam er de rol fansels al oan, want yn dy tiid hied er der finansjeel it frij net ta om rollen te wegerjen. De opnamen begûnen yn 'e simmer fan 1958 yn Arizona, en de útstjoerings setten yn 1959 útein. Hoewol't Rawhide nea in Emmy Award wûn (de wichtichtste Amerikaanske tillefyzjepriis), ûntjoech it him binne trije wiken ta ien fan 'e populêrste programma's dy't doedestiden op 'e Amerikaanske tillefyzje wiene. De searje rûn dêrmei út op in grut súkses, en waard neitiid as ikoanysk beskôge. Foar Eastwood betsjutte dat de trochbraak dêr't er al fiif jier om socht. Oan it begjin fan 'e searje fertsjinne er $750 de ôflevering, en oan 'e ein $119.000 de ôflevering.

Rawhide rûn fan 1959 oant en mei 1965, en dat wie de swierste tiid fan Eastwood syn aktearkarriêre, mei't de opnamen faak seis dagen yn 'e wike trochgiene mei wurkdagen fan soms wol tolve oeren. Nettsjinsteande dat krige er fan guon regisseurs dochs noch te hearren dat er net hurd genôch wurke. Eastwood sette yn dy tiid sels ek de earste stappen as regisseur troch ferskate trailers foar de searje op te nimmen, mar it slagge him net de filmprodusinten te bepraten om him ek ris in ôflevering regissearje te litten. Tsjin 1963 begûnen de ideeën foar nije ôfleverings op te reitsjen en fan dat punt ôf giene de sjochsifers omleech. Uteinlik waard yn 'e midden fan it tillefyzjeseizoen 1965-1966 besletten om 'e searje stop te setten.

Ein 1963 wiisde Eric Fleming, ien fan Eastwood syn kollega-akteurs yn Rawhide, in oanbod ôf om 'e haadrol te spyljen yn in spagettywestern mei de titel A Fistful of Dollars, dy't yn in ôfhandige úthoeke fan Spanje opnommen wurde soe mei de ûnbekende Italjaan Sergio Leone as regisseur. Dêrop rette akteur Richard Harrison oan Leone oan om 'e haadrol oan Eastwood oan te bieden, mei't er wist dat dy in oertsjûgjende cowboy delsette koe. Eastwood seach yn A Fistful of Dollars benammen de kâns om te ûntkommen oan syn Rawhide-imago, mei't it him, sa seid er letter yn in fraachpetear, danich ta de kiel úthong "om hieltyd wer de tradisjonele held spylje te moatten dy't aloan en mar wer âlde wyfkes en hûnen tutet en Jan en alleman freonlik behannelet. Ik besleat dat it tiid waard om ris in antyheld te wêzen."

Dêrom tekene er in kontrakt foar $15.000 foar alve wiken wurk, mei as bonus in Mercedes as de film klear wie. Eastwood spile in wichtige rol yn 'e skepping fan it haadpersonaazje, de 'Man sûnder Namme', al stie Leone der op dat Eastwood, dy't sels net smookte, dat yn dy rol wol dwaan moast, om't er dat as in essinsjeel ûnderdiel fan 'e lichemsstyl fan it personaazje beskôge. A Fistful of Dollars (1964) waard in ûnbidich súkses en foarme in mylpeal yn 'e ûntwikkeling fan 'e spagettywestern en fan it westernsjenre yn it algemien. Der waard in wetteleazer en desolater wrâld yn ôfbylde as dat yn tradisjonele westerns gebrûklik wie, en de haadpersoan wie net it Amerikaanske stereotype westernheld, mar in moreel dûbelsinnige antyheld dy't him nearne oan bûn liek te fielen. Sergio Leone waard mei de film wrâldferneamd, en Eastwood wûn der grutte populariteit mei yn Itaalje. Hy waard dêrom troch Leone weromfrege foar de haadrol yn For a Few Dollars More (1965), dy't likefolle súkses hie.

Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn A Fistful of Dollars (1964).

Yn jannewaris 1966 mette Eastwood yn New York de Italjaanske filmprodusint Dino de Laurentiis, dy't him frege om yn 'e film Le Streghe ("De Heksen", 1967) te spyljen, in fiiflûk dêr't er De Laurentiis syn frou Silvana Mangano as tsjinspylster hawwe soe. It njoggentjin minuten duorjende segmint fan 'e film dêr't Eastwood yn spile, wie binnen in pear dagen opnommen, mar doe't de film útkaam, wiene de filmkritisy der min oer te sprekken, mei't it in tige "ûn-Clint-eftich optreden" wie, sa't ien fan harren it omskreau. Twa moannen letter begûnen de opnamen foar de trêde film fan Sergio Leone dêr't Eastwood yn spile: The Good, the Bad and the Ugly (1966), dy't draaide om 'e syktocht nei in bedobbe foarrie Konfederearre goud. Eastwood hie dêr fannijs de rol fan 'e mysterieze 'Man sûnder Namme' yn, en wurke yn 'e film gear mei Lee Van Cleef as in ûnmeilydsume skatsiker en Eli Wallach yn 'e rol fan 'e snoade Meksikaanske bandyt Tuco Ramírez.

De Dollars Trilogy fan Leone kaam yn 'e Feriene Steaten pas yn 1967 yn 'e bioskopen: A Fistful of Dollars op 18 jannewaris, For a Few Dollars More op 10 maaie, en The Good, the Bad and the Ugly op 29 desimber. Alle trije krigen se minne kritiken, en alle trije waarden se nettsjinsteande dat in kommersjeel súkses. Dat wie yn 't bysûnder sa mei The Good, the Bad and the Ugly, dy't yn 'e Feriene Steaten úteinlik $8 miljoen opbrocht en fan Eastwood in wiere filmstjer makke. Dêrtroch krige er ek rollen yn Amerikaanske films oanbean. Mei it jild dat Eastwood fertsjinne hie oan 'e Dollars Trilogy holp syn boekhâlder Irving Leonard him om syn eigen filmstudio op te rjochtsjen, dy't Eastwood de namme Malpaso Productions joech, nei de Malpaso Creek, in beekje dat troch lân streamde dat er besiet yn Monterey County, yn Kalifornje. Eastwood syn folgjende film wie de western Hang 'Em High (1968), dêr't er in man yn spile dy't troch figilantes lyncht wurdt, mar it oerlibbet en dan marshal wurdt om 'e wet te brûken en nim wraak op syn fijannen. Dêrmei fertsjinne wer $400.000 plus 25% fan 'e opbringst yn 'e bioskopen.

Oare iere súksessen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't Hang 'Em High útkaam, wie Eastwood al begûn mei wurk oan syn foljgende film, Coogan's Bluff (1968), oer in helpsheriff út Arizona dy't (yn 'e moderne tiid) in sochte psychopatyske krimineel efterfolget troch de stritten fan New York. Foar dy film krige er in salaris fan $1 miljoen útbetelle. Mei de regisseur fan Coogan's Bluff, Don Siegel, sleat Eastwood in freonskip dêr't fiif oare films út fuortkomme soene. Ek kaam Eastwood op 'e set fan Coogan's Bluff yn 'e kunde mei de Argentynske komponist Lalo Schifrin, dy't letter de jazz-eftige filmmuzyk foar ferskaten fan syn films út 'e 1970-er en 1980-er jierren skriuwe soe. Hoewol't Coogan's Bluff kontroversjeel wie fanwegen de werjefte fan geweld, wie de film hiel súksesfol. De trêde film fan Eastwood dy't yn 1968 útkaam, wie de oarlochsfilm Where Eagles Dare, nei it boek mei deselde namme fan Alistair MacLean, wêryn't in Alliëard kommandoteam in Gestapobasis yn 'e Alpen ynfiltrearret en dan ûntdekt dat harren team sels troch de nazys ynfiltrearre is. Yn Where Eagles Dare hie Eastwood Richard Burton as tsjinspiler. Hy fertsjinne mei syn rol fan 'e Amerikaanske luitenant Schaffer $750.000.

Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn For a Few Dollars More (1965).

Dêrnei besocht Eastwood wat nijs, troch yn 1969 yn 'e iennichste musical út syn karriêre te spyljen. Dat wie Paint Your Wagon, wêryn't hy en Lee Marvin goudsikers yn it Wylde Westen spilen dy't tegearre ien fan 'e froulju (Jean Seberg) fan in mormoan oerkeapje. De produksje fan 'e musical waard pleage troch fertragings en min waar, en koste úteinlik mear as $20 miljoen, wat foar dy tiid ekstreem djoer wie. Doe't er ienris útkaam, waard er troch de filmkritisy lau ûntfongen, en yn 'e bioskopen waard Paint Your Wagon likemin in súkses, hoewol't de film wol in nominaasje krige foar in Golden Globe yn 'e kategory 'bêste spylfilm (musical of komeedzje)'.

Yn 1970 hiene Eastwood en Shirley MacLaine de haadrollen yn 'e western Two Mules for Sister Sara, ûnder rezjy fan Don Siegel. Yn dy film spile Eastwood in rouwe Amerikaanske hierling dy't troch de dieden fan in as prostituee ferklaaide non tsjin wil en tank belutsen rekket by in groep Meksikaanske opstannelingen ûnder de Juaristyske Rebûlje tsjin it bewâld fan keizer Maksimiliaan I. Hoewol't de film midsmjittige resinsjes krige, stiet er wol deeglik op 'e list fan 'e 1.000 bêste films aller tiden fan The New York Times. Letter yn 1970 wie Eastwood te sjen yn 'e yn Londen en Joegoslaavje opnommen oarlochsfilm Kelly's Heroes, mei as tsjinspilers û.o. Donald Sutherland en Telly Savalas. Hja spilen leden fan in groep Amerikaanske soldaten dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch in skat oan goud fan 'e nazys stelle. Kelly's Heroes wie de lêste film dêr't Eastwood yn spile, dy't net produsearre wie troch syn eigen studio Malpaso Productions.

Mei Don Siegel makke Eastwood yn 1971 de film The Beguiled, oer in ferwûne Noardlike soldaat dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch finzen holden wurdt troch de op seksueel mêd geastlik betize eigneresse fan in Súdlike famkesskoalle (spile troch Geraldine Page). Yn 'e Feriene Steaten waard The Beguiled in flop om't de Amerikanen it net hiene op 'e 'ûntmanlike' rol fan Eastwood. Yn Frankryk betsjutte de film krekt Eastwood syn trochbraak, en dêr wurdt The Beguiled noch altyd sjoen as ien fan syn bêste films. 1971 wie ek it jier dat Eastwood foar it earst sels in film regissearre. Dat wie de psychologyske skriller Play Misty for Me, oer in discjockey by in lokaal radiostasjon dy't in losse seksuële relaasje hat mei syn harkster Evelyn (spile troch Jessica Walter), dy't him geregeldwei opskillet om 'e plaat Misty fan Erroll Garner oan te freegjen. As hy harren relaasje beëiniget, docht bliken dat se geastlik net ynoarder is, en begjint se him te stalken. Play Misty for Me waard rûnom priizge troch de filmkritisy en Jessica Walter waard foar har rol nominearre foar in Golden Globe foar bêste aktrise.

Clint Eastwood mei Susan Clark yn Coogan's Bluff (1968).

Fierders spile Eastwood yn 1971 ek foar it earst ien fan syn meast ikoanyske rollen, dy fan 'e bienhurde plysje-ynspekteur yn San Francisco Dirty Harry Callahan, basearre op it senario fan Harry Julian Fink en R.M. Fink. Yn Dirty Harry siet Eastwood yn dy rol efter in psychoatyske moardner oan, dy't er bûge of barste pakke wol. De film waard sa'n súkses dat fjoerwapenhistoarisy as Garry James en Richard Venola Dirty Harry as de reden beskôgje dat de oergrutte .44 Magnum-revolver, en yn 't bysûnder de troch Harry Callahan brûkte Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum, neitiid sa populêr waard. Allinnich al yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Dirty Harry $22 miljoen op, nettsjinsteande dat de film ek rûnom bekritisearre waard as "faksistysk". It súkses fan Dirty Harry soe letter oanlieding jaan ta ferskate oare films oer Harry Callahan mei Eastwood yn 'e haadrol.

Nei't Sean Connery oankundige hie dat er net wer geheim agint James Bond spylje woe, waard Eastwood oansocht foar dy rol, mar hy sloech it oanbod ôf om't er fûn dat Bond troch in Britsk akteur spile wurde moast. Syn folgjende film wie de western Joe Kidd (1972), nei in senario fan Elmore Leonard. Eastwood spile dêryn de titelrol, dy't basearre wie 'e histoaryske persoan fan Reies Lopez Tijerina, dy't yn juny 1967 in gerjochtsgebou yn Tierra Amarilla yn Nij-Meksiko bestoarme. De film krige in lauwe ûntfangst, hoewol't Eastwood syn aktearwurk oer it algemien priizge waard. Yn 1973 regissearre Eastwood syn earste westernfilm, High Plains Drifter, dêr't er sels ek de haadrol yn spile. Dat wie de rol fan in mysterieuze frjemdling dy't in stedsje yn it Wylde Westen ynriidt en dêr troch de bewenners ynhierd wurdt om harren te beskermjen tsjin trije kriminelen dy't mei koarten út it tichthús frijlitten wurde sille. It bliuwt ûnbeneamd oft de frjemdling no de broer is fan 'e helpsheriff dy't de trije kriminelen fermoarde hawwe, of de geast fan 'e helpsheriff sels. Gatten yn 'e plot fan 'e film folle Eastwood op mei swarte humor en allegory, nei foarbyld fan Leone. De film krige mingde kritiken, mar die it yn 'e bioskopen poerbêst.

Clint Eastwood (l.) as regisseur op 'e set fan Breezy (1973), mei akteur William Holden (rj.).

De twadde film dy't Eastwood yn 1973 regisearre, wie Breezy, in film oer de opbloeiende leafde tusken in man yn syn middeljierren en in tinerfamke. Sels wied er yn Breezy inkeld yn in kameoroltsje te sjen, omskreaun as 'man yn kloft folk op pier'. Op 'e set fan dizze film kaam Eastwood yn 'e kunde mei Sondra Locke, in aktrise dy't wichtige rollen yn seis fan syn lettere films spylje soe en mei wa't er ek in relaasje krije soe. De froulike haadrol yn Breezy gie lykwols nei Kay Lenz, om't Locke dêr mei 29 jier te âld foar wie. De film waard tige fluch en effisjint opnommen troch Eastwood en kameraregisseur Frank Stanley, sadat it projekt $1 miljoen útsparre op it budget en trije dagen earder klear wie as ferwachte. Breezy wie lykwols gjin súkses, hoewol't it ek wer gjin grutte flop wie, en it waard ien fan 'e ûnbekendere films fan Eastwood.

Nei't er klear wie mei Breezy, wie Eastwood ree om fannijs de rol fan Harry Callahan te spyljen yn 'e ferfolchfilm op Dirty Harry. Dat waard Magnum Force (1973), wêryn't Callahan op it spoar komt fan in groepke jonge, fan it paad rekke plysjeminsken yn San Francisco, dy't systematysk de minste kriminelen yn 'e stêd fermoardzje. Hoewol't de film it kommersjeel skoan die, mei in opbringst fan mear as $58 miljoen yn 'e Feriene Steaten allinnich al, moasten de filmkritisy der net folle fan hawwe. Yn 1974 spile Eastwood yn Thunderbolt and Lightfoot, in lichtfuottige roadmovie oer de âlde bankrôver Thunderbolt (Eastwood) en dy syn jongere partner, de oplichter Lightfoot (spile troch Jeff Bridges). De film krige loovjende resinsjes, mar wist mar in beskieden bedrach binnen te swyljen yn 'e bioskopen. Eastwood stie yn Thunderbolt and Lightfoot yn it skaad fan Bridges, dy't foar syn rol nominearre waard foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol. Neffens de ferhalen soe it brekme oan erkenning foar himsels Eastwood ta razernij brocht hawwe. Ek soed er doe sward hawwe dat er nea wer foar filmstudio United Artists wurkje soe.

Eastwood syn folgjende film wie it troch himsels regissearre The Eiger Sanction (1975). Hy spile dêryn de rol fan Jonathan Hemlock, dy't oarspronklik foar Paul Newman bedoeld west hie. The Eiger Sanction is in spionaazjefilm oer in hiermoardner yn 'e tsjinst fan 'e oerheid, dy't dosint oan in universiteit wurden is, mar yn syn âlde funksje weromkeart foar in lêste sanction (missy). As ûnderdiel dêrfan moat er ûnder nuodlike omstannichheden dielnimme oan in beklimming fan 'e noardkant fan 'e Eiger, in berch yn Switserlân. By wize fan tarieding foar syn rol liet Eastwood him ferskate wiken lang yn it Nasjonaal Park Yosemite traine troch profesjoneel berchbeklimmer Mike Hoover, foar't de opnamen op lokaasje yn it Switserske Grindelwald begûnen. Nettsjinsteande alle warskôgings krige de filmcrew ferskate ûngelokken, wêrby't ien persoan omkaam. Dochs stie Eastwood derop om sels al it klimwurk en alle stunts te dwaan. Doe't The Eiger Sanction útkaam yn 'e bioskopen, kamen Eastwood-en-dy mei in opbringst fan $14,2 miljoen mar kwealk út 'e kosten. De filmkritisy fûnen der ek net folle oan. Eastwood sels joech de skuld fan it teloarstellende bioskoopbesyk oan distributeur Universal Studios, dy't der mar wat mei de pet nei goaid hawwe soe wat de promoasjekampanje oangie. Hy kearde dêrop Universal foargoed de rêch ta en sleat ynstee in oerienkomst mei Warner Brothers, dy't foargoed fan krêft bliuwe soe.

Clint Eastwood by in opname op lokaasje yn Zürich foar The Eiger Sanction (1975).

Ien fan Eastwood syn moaiste westernfilms wie The Outlaw Josey Wales, út 1976, nei de roman út 1972 mei deselde namme fan Asa Earl Carter. De film soe earst regissearre wurde troch Philip Kaufman, mar dy syn wurkwize sinnige Eastwood net. Dêrom beprate er filmprodusint Bob Daley om Kaufman te ûntslaan, wêrnei't er sels de rezjy oernaam. Dy gong fan saken wie foar it Directors Guild of America oanlieding om 'e makkers fan The Outlaw Josey Wales in boete fan likernôch $60.000 op te lizzen. Eastwood spile yn 'e film de titelrol fan Josey Wales, in lid fan 'e Bushwackers, in histoaryske pro-Konfederearre guerriljagroep yn it Missoery fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, dy't oan 'e ein fan 'e oarloch wegeret de wapens del te lizzen om't de pro-Noardlike guerrilja's (de Jayhawkers) syn gesin fermoarde hawwe. Hy tsjocht dêrom nei it Wylde Westen mei in legerienheid op 'e hakken, wêrby't er geandewei almar mear folgelingen kriget. Yn 'e byrollen wiene û.o. Sondra Locke en opperhaad Dan George fan 'e Tsleil-Wautût te sjen, Locke as de frou dêr't Josey Wales in relaasje mei kriget, George as in âldere Sjeroky-Yndiaan mei wa't Wales befreone rekket. The Outlaw Josey Wales wie de earste Amerikaanske film wêryn't Yndianen net ôfbylde waarden as wrede en moardsuchtige smjunten, en likemin as nommele wylden dy't noch gjin mich kwea dwaan soene, mar as gewoane minsken mei al harren flaters, dêr't ek gewoan om lake wurde kin sûnder harren as folk bespotlik te meitsjen. De film krige rûnom loovjende kritiken en wurdt beskôge as ien fan 'e bêste westernfilms aller tiden.

Neitiid waard Eastwood de rol fan Benjamin L. Willard oanbean yn Francis Ford Coppola syn masterwurk Apocalypse Now, mar dy rol sloech er ôf om't er der neat foar fielde om wikenlang trochbringe te moatten yn 'e Filipinen (dêr't dy film opnommen waard). Om dy reden wegere er ek de rol fan pelotonkommandant yn Ted Post syn film oer de Fjetnamoarloch Go Tell the Spartans. Ynstee besleat er in trêde kear yn 'e hûd fan Harry Callahan te krûpen foar de plysjefilm The Enforcer (1976). Dêryn wurdt Callahan keppele oan in froulike plysje (spile troch Tyne Daly) om it op te nimmen tsjin in terroristyske groepearring yn San Francisco, dy't it Symbioneeske Befrijingsleger (SLA) net wanlyk is. De film, dy't einiget mei in sjitpartij op it finzeniseilân Alcatraz, yn 'e Baai fan San Francisco, wie mei 95 minuten oansjenlik koarter as de eardere beide Dirty Harry-films, mar it waard in grut kommersjeel súskes, mei in opbringst fan mear $100 miljoen wrâldwiid. Yn 1977 regissearre Eastwood The Gauntlet, in film dêr't er ek de haadrol yn spile, mei as tsjinspilers Sondra Lock, William Prince, Bill McKinney en Mara Corday. De film gie oer in yn 'e nederklits rekke plysjeman, dy't opdracht kriget en bring in prostituee hielhûds fan Las Vegas nei Phoenix om dêr te tsjûgjen yn in rjochtsaak tsjin 'e maffia. Hoewol't de film it ridlik die yn 'e bioskopen, fûnen de measte filmkritisy dat er te gewelddiedich wie.

Yn 1978 spile Eastwood foar it earst de haadrol yn in komeedzjefilm, Every Which Way But Loose, as Philo Beddoe, in knokkende frachtweinsjauffeur dy't yn it selskip fan syn broer (spile troch Geoffrey Lewis) en in nuete orang-oetan troch it westen fan 'e Feriene Steaten doarmet op 'e siik nei syn ferlerne leafde (op 'e nij spile troch Locke). De film die it ûnferwachte goed, en ûntjoech him ta de op ien nei meast opbringende film fan 1978 en Eastwood syn kommersjeel súksesfolste film oant doe ta. Yn 1979 sleat Eastwood de 1970-er jierren ôf mei Escape from Alcatraz, de lêste fan syn films dy't regisearre waard troch Don Siegel, dy't it poerbêst die by sawol kritisy as bioskooppublyk. It senario wie basearre op it histoaryske ferhaal fan Frank Lee Morris, dy't yn 'e mande mei de bruorren John en Clarence Anglin yn 1962 ûntsnapte út 'e beruchte Federale Finzenis Alcatraz, op it eilân mei deselde namme yn 'e Baai fan San Francisco.

Clint Eastwood en Sondra Locke yn 1975 by it filmjen fan The Outlaw Josey Wales

Yn 1980 regissearre Eastwood de film Bronco Billy, dêr't er op 'e nij sels ek de titelrol yn fertolke, mei as tsjinspilers Locke, Scatman Crothers en Sam Bottoms. Sels omskreau Eastwood Bronco Billy letter as ien fan 'e oangenaamste opnames fan syn libben, en neffens syn biograaf Richard Schickel kaam dat alteast foar in part om't it personaazje fan Bronco Billy fan al syn rollen it tichtst yn 'e buert kaam by Eastwood syn eigen karakter. De kritisy fûnen de film moai, mar kommersjeel waard it ta teloarstelling fan Eastwood in flop. Letter datselde jiers spile Eastwood foar de twadde kear frachtweinsjauffeur Philo Beddoe, yn Any Which Way You Can, it ferfolch op Every Which Way But Loose. Dy film krige benammen minne kritiken, mar wie in grut súkses yn 'e bioskopen en hearde ta de top 5 fan meast opbringende films fan it jier.

Eastwood regissearre yn 1982 Honkytonk Man, basearre op 'e roman mei deselde namme fan Clancy Carlile. Hy fertolke sels ek wer de haadrol, diskear fan 'e oan tuberkuloaze lijende countrysjonger Red Stovall, dy't yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren mei muoite syn karriêre geande hâldt, mar dan einlings en te'n lêsten de kâns kriget op in trochbraak mei in optreden 'e Grand Ole Opry yn Nashville. Eastwood wurke yn 'e film gear mei syn eigen soan Kyle, dy't Stovall syn jonge omkesizzer spile. De measte Amerikaanske filmkritisy wiene net wei fan 'e miks fan mylde humor en trageedzje, en inkeld it tydskrift Time joech de film in positive resinsje. Mar yn Frankryk wiene de kritisy yn 'e wolken mei Honkytonk Man, en waard de film ferlike mei The Grapes of Wrath, fan John Ford. Letter waard Honkytonk Man ek yn 'e Feriene Steaten better wurdearre, en tsjintwurdich hat de film op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, it tige hege goedkarringspersintaazje fan 93%.

Itselde jiers as Honkytonk Man kaam ek in oare film út dêr't Eastwood as regisseur, produsint en haadrolspiler by belutsen wie: de aksjefilm Firefox, dy't as tema de Kâlde Oarloch hie en basearre wie op 'e roman mei deselde namme út 1977 fan Craig Thomas. Firefox waard opnommen foàr, mar útbrocht nei Honkytonk Man. Hoewol't in grut part fan it ferhaal yn Ruslân plakfynt, wie it meitsjen fan opnamen yn 'e Sovjet-Uny doe net mooglik, sadat Eastwood him behelpe moast mei Wenen en oare lokaasjes yn Eastenryk. It Amerikaanske tydskrift People omskreau Eastwood syn rol yn Firefox as "Luke Skywalker dy't finzen sit yn 'e siel fan Dirty Harry."

Clint Eastwood yn 1981.

Eastwood striek tsjin dy tiid 60% fan 'e winst op fan alle films dy't er makke, wylst 40% gie nei de filmstudio. Hy hie sels de rezjy fan 'e fjirde Dirty Harry-film, Sudden Impact, wêrfoar't de opnamen yn 'e maityd en simmer fan 1983 plakfûnen. Dy film wurdt beskôge as de dûnkerste en gewelddiedichste fan alle Dirty Harry-films. It wie de lêste kear dat Eastwood gearwurke mei Sondra Locke, dy't yn Sudden Impact in keunstneresse spile dy't tegearre mei har suster tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film it slachtoffer wurden is fan in gewelddiedige groepsferkrêfting. Yn 'e film wol se har wreitsje op 'e dieders fanwegen it koma dêr't har suster yn rekke is as gefolch fan 'e mishanneling troch de ferkrêfters. De tekst "Go ahead, make my day" ("Toe dan, meitsje myn dei mar goed"), dy't troch Eastwood yn 'e rol fan Harry Callahan yn in iere sêne yn 'e film útsprutsen wurdt om in misdiediger oan te fiterjen om nei syn wapen te gripen sadat Callahan in reden hawwe sil om him dea te sjitten, is sûnt ien fan 'e meast oanhelle filmsitaten wurden. It waard sels brûkt troch presidint Ronald Reagan yn in taspraak foar it Amerikaanske Kongres, ûnder de kampanje foar de presidintsferkiezings fan 1984. Sudden Impact wie mei $70 miljoen de op ien nei meast opbringende film út 'e Dirty Harry-rige, nei The Enforcer. Nettsjinsteande it geweld krige de film dochs tige loovjende kritiken omreden fan 'e feministyske aspekten dy't deryn opnommen wiene en it oan 'e oarder stellen fan 'e lichaamlike en psychologyske gefolgen fan ferkrêfting.

Yn Tightrope, út 1984, spile Eastwood mei Geneviève Bujold yn in provokative skriller, dy't ynspirearre wie troch krante-artikels oer in ûngrypbere ferkrêfter yn 'e omkriten fan San Francisco. De film spile lykwols mei sin yn New Orleans, om betizing fan it bioskooppublyk mei de Dirty Harry-films foar te kommen. Wes Block, it personaazje fan Eastwood, is yn 'e film in skieden plysjeman dy't behelle rekket yn 'e tramtearre psychology fan it slachtoffer en har fassinaasje foar sadomasogisme. Tightrope wie sawol populêr ûnder de kritisy as ûnder it bredere publyk en ûntjoech him ta ien fan 'e meast opbringende films fan 1984. Op 22 augustus fan dat jier waard Eastwood eare mei in offisjele seremoanje by it Grauman's Chinese Theater yn Hollywood, dêr't syn hân- en fuotprinten yn beton ferivige waarden. Dêrnei spile Eastwood mei Burt Reynolds yn 'e misdiekomeedzje City Heat (1984), oer in privee-detektive en syn partner dy't it yn 'e tiid fan 'e Drûchlizzing oan 'e stôk krije mei in binde gangsters. Dy film brocht yn 'e Feriene Steaten $50 miljoen op, mar waard alhiel yn it skaad steld troch de aksjekomeedzje Beverly Hills Cop, fan Eddie Murphy, dy't frijwol tagelyk yn 'e bioskopen kaam.

Yn 1985 wurke Eastwood foar it earst as tillefyzjeregisseur. Hy naam in ôflevering fan 'e searje Amazing Stories op, mei as titel Vanessa in the Garden. Dêrfoar keppele er Sondra Locke oan Harvey Keitel as de haadrolspilers. It wie Eastwood syn earste gearwurking mei produsint Steven Spielberg, dy't jierren letter as ko-produsint belutsen wêze soe by Eastwood syn films Flags of Our Fathers en Letters from Iwo Jima. Yn 1985 kearde Eastwood ek nochris werom by it westernsjenre, troch as regisseur, produsint en haadrolspiler de film Pale Rider te meitsjen, dy't eins min ofte mear in remake wie fan 'e klassike western Shane, út 1953. Eastwood spile dêryn op 'e nij in riedseleftige frjemdling sûnder namme, de 'Preker', dy't ûnder de Kalifornyske Goudkoarts fan 1950 út 'e dize fan 'e Sierra Nevada omleech komt om in delsetting fan goudsikers te helpen tsjin in binde dy't harren terrorisearret. De titel fan 'e film wie in ferwizing nei de Fjouwer Ruters fan de Apokalyps út it bibelboek Iepenbiering fan Jehannes, mei't de ruter fan it feale (pale) hynder dêr de Dea is. Foar wa't dy referinsje miste, waard it yn 'e film nochris útlein trochdat Eastwood syn tsjinspylster Sydney Penny krekt de oangeande passaazje út Iepenbiering foarlêst as de Preker foar it earst ferskynt. Wat de mooglik boppenatuerlike eleminten yn 'e film oanbelangen, fertoande Pale Rider dúdlike oerienkomsten mei Eastwood syn eardere western High Plains Drifter. Dat gou ek foar de tema's fan moraliteit en gerjochtichheid. Pale Rider waard ien fan Eastwood syn meast súksesfolle films. De Amerikaanske filmkritisy beskôgen it as ien fan 'e bêste films fan it jier en as de bêste western yn lange tiid.

De hantekening fan Eastwood op it trotwaar fan Hollywood Boulevard.

Mei Marsha Mason spile Eastwood yn 1986 de haadrol yn it militêr drama Heartbreak Ridge, oer de Amerikaanske ynfal yn Grenada, yn 1983. Eastwood, dy't ek wer as regisseur en produsint by de film belutsen wie, spile dêryn in sersjant yn it Amerikaanske Marinierskorps dy't noch meifochten hat yn 'e Koreaanske Oarloch en beseft dat syn militêre wurkpaad sa njonkelytsen op syn 'e rint. De produksje en opnamen fan Heartbreak Ridge waarden bedoarn troch ûnderlinge ûnienichheden tusken Eastwood en syn langjierrige freon en ko-produsint Fritz Manes, en ek troch in skeel mei it Amerikaanske Ministearje fan Definsje, dat iepentlik blyk joech fan minachting foar de film. Doe't Heartbreak Ridge útkaam, wie it mei in opbringst fan $70 miljoen benammen in kommersjeel súkses, mar nei 2000 binne ek de filmkritisy positiver oer de film wurden. Yn 1988 spile Eastwood yn The Dead Pool foar de fyfde en lêste kear de rol fan Harry Callahan. De plot fan 'e film draait om in list fan bekende persoanen dy't grutte kâns rinne mei koarten dea te gean, opsteld troch filmregisseur Peter Swan (spile troch Liam Neeson). Dirty Harry rekket by de saak belutsen as de persoanen op 'e list ek wurklik begjinne te stjerren, mar net troch natuerlike oarsaken. The Dead Pool is ien fan 'e bekendste Dirty Harry-films, mar hy brocht mar $38 miljoen op en de measte kritisy beskôgen him as it swakste diel fan 'e rige.

Nei The Dead Pool foel Eastwood syn karriêre in bytsje stil, wat him lykwols tiid bea om him dwaande te hâlden mei in tal lytsere en mear persoanlike projekten. Sa regissearre en produsearre er yn 1988 Bird, in biografyske film, mei yn 'e haadrol Forest Whitaker, oer jazzmuzikant Charlie "Bird" Parker. Nettsjinsteande krityk fan û.m. de swarte regisseur Spike Lee, dat de film gjin rjocht dwaan soe oan Parker syn persoanlikheid en gefoel foar humor, krige Eastwood foar Bird twa Golden Globes: ien yn 'e kategory bêste regisseur, en dêropta de Cecil B. DeMille Award, in oeuvrepriis. Kommersjeel sjoen waard Bird lykwols in flop, mei in opbringst fan mar $11 miljoen, eat dat Eastwood sels wiet oan in tebekrinnende belangstelling foar jazz ûnder Afro-Amerikanen. Yn 1989 spile Eastwood de manlike haadrol yn Pink Cadillac, oer in ûnskuldige frou (spile troch Bernadette Peters), dy't hjitfolge wurdt troch in preemjejager (Eastwood) en in groep blanke rasisten, en dy't oan al har efterfolgers besiket te ûntkommen yn 'e rôze Cadillac fan har man. De film krige minne resinsjes en wie ek kommersjeel in flop, en markearre ien fan 'e djiptepunten yn Eastwood syn karriêre.

Yn 1990 regissearre en produsearre Eastwood, en spile er de haadrol yn, White Hunter Black Heart, in filmadaptaasje fan 'e roman fan Peter Viertel oer regisseur John Huston en hoe't dy de filmklassiker The African Queen (1951) makke. White Hunter Black Heart wie yn 'e simmer fan 1989 op lokaasje yn Simbabwe opnommen. Doe't er útbrocht wie, ûntfong de film lof fan 'e filmkritisy, mar hy draaide mar yn in beheind tal bioskopen en brocht sadwaande mar $8,4 miljoen op. Letter yn 1990 regissearre Eastwood the buddy cop film The Rookie, dêr't er sels ien fan 'e haadrollen yn spile as in âldere plysjeman dy't in jonge kollega (spile troch Charlie Sheen) it fak leare moat. De measte resinsinten fûnen de wikselwurking tusken de beide haadpersoanen net oertsjûgjend, mar priizgen de aksjesênes yn 'e film. Trochdat Eastwood dêrnei behelle rekke yn in slepende rjochtsaak, om't er mei syn fiertúch mei opsetsin de auto fan in frou raamd hawwe soe, kamen der yn 1991 gjin films fan him út. Uteinlik wûn er de saak, en doe't er oanbea om 'e abbekatekosten fan 'e frou te beteljen as dy net yn heger berop gie, stimde hja dêrmei yn.

Yn 1992 makke Eastwood op 'e nij in western, yn in tiid dat dat sjenre alhiel út 'e graasje rekke wie. De film hiet Unforgiven en Eastwood wie regisseur, produsint en haadrolspiler. Senario's foar dy film, ûnder titels as The Cut-Whore Killings en The William Munny Killings, bestiene al sûnt 1976, mar Eastwood hie besletten om it projekt út te stellen oant er sels âld genôch wie om 'e haadrol te fertolkjen. Hy spile William Munny, in âld-bandyt op jierren dy't syn libben bettere hat, mar beslút om noch ien kear syn âlde berop op te nimmen, dêryn bystien troch syn swarte maat, spile troch Morgan Freeman. Se nimme it dêrby op tsjin in tirannike sheriff, spile troch Gene Hackman. Unforgiven waard in ûnbidich súkses en krige fan alle kanten de heechste lof taswaaid. Hy waard nominearre foar njoggen Oscars, en wûn dêr fjouwer fan, wêrûnder twa foar Eastwood sels: de prizen yn 'e kategoryen bêste film en bêste regisseur. Eastwood wûn mei de film ek de Golden Globe foar bêste regisseur, en waard nominearre foar de Oscar foar bêste akteur en de BAFTA Awards foar bêste film en bêste regisseur. Yn juny 2008 waard Unforgiven troch it Amerikaansk Film Ynstitút (AFI) yn 'e top 10 fan bêste westerns aller tiden op it fjirde plak set, efter Shane, High Noon en The Searchers.

Yn 1993 hie Eastwood de haadrol yn 'e aksjefilm In the Line of Fire, dy't regissearre waard troch Wolfgang Petersen. Hy spile Frank Horrigan, in agint op jierren fan 'e Secret Service, dy't noch altyd lijt ûnder skuldgefoelens om't er yn 1963 it libben fan presidint John F. Kennedy net rêde kinnen hat. As in moardner (spile troch John Malkovich) it op 'e hjoeddeistige presidint foarsjoen hat, kriget er lykwols einlings de kâns om it goed te meitsjen, wylst er tusken de bedriuwen troch yn in romantyske relaasje behelle rekket mei in jongere froulike kollega (spile troch Rene Russo). In the Line of Fire brocht allinnich al yn 'e Feriene Steaten $102 miljoen yn 't laadsje en hearde ta de tsien meast opbringende films fan it jier. Letter yn 1993 regissearre Eastwood A Perfect World, dêr't er sels de wichtichste byrol yn spile fan in Texas Ranger dy't yn 'e 1960-er jierren efter in ûntsnapte krimineel oan sit, wêrby't de krimineel, spile troch Kevin Costner, in auto stelt mei in lyts jonkje deryn. Neffens filmkritika Janet Maslin, fan The New York Times, wie A Perfect World it absolute hichtepunt fan Eastwood syn wurk as regisseur.

Clint Eastwood op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes yn 1994.

Op Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes ûntfong Eastwood yn maaie 1994 de Ordre des Arts et des Lettres, ien fan 'e heechste Frânske ûnderskiedingen. Yn maart 1995 waard him by de útrikking fan 'e Oscars de Irving G. Thalberg Memorial Award takend foar syn hiele oeuvre. Syn folgjende film wie de bernefilm Casper, út 1995, dêr't er in kameoroltsje yn hie as himsels. Letter dat jiers wreide er syn wenstige rippertwaar út troch as tsjinspiler fan Meryl Streep yn it romantyske drama The Bridges of Madison County te spyljen, in film dy't er ek regissearre en produsearre. It ferhaal, basearre op 'e roman fan Robert James Waller, gie oer Robert Kincaid (Eastwood), in fotograaf foar it tydskrift National Geographic, dy't yn 'e 1960-er jierren Madison County yn Iowa besiket om dêr foto's te meitsjen fan 'e ferneamde oerkape brêgen, en dan fereale rekket op en in bûtenechtlike relaasje kriget mei de pleatslike boerinne Francesca (Streep). Hoewol't de roman troch literatuerkritisy min ûntfongen wie en beskôge waard as ûngaadlik materiaal foar in ferfilming, makke Eastwood fan The Bridges of Madison County in film dy't sawol de filmkritisy tefreden stelde as in kommersjeel súkses waard. De film waard nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste film, en wûn de César du Cinéma, de wichtichste Frânske filmpriis, foar bêste bûtenlânske film. Streep waard foar har rol ek nominearre foar sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste aktrise.

Yn 1996 waard oan Eastwood de oeuvrepriis (Life Achievement Award) fan it Amerikaansk Film Ynstitút (AFI) takend. Yn 1997 wie Eastwood as produsint, regisseur en akteur belutsen by de skriller Absolute Power. Dêryn spile er de rol fan Luther Whitney, in master-ynbrekker dy't ûnder in ynbraak yn in filla tsjûge is fan 'e oerhoer mei en moard op 'e frou fan in politike bûnsgenoat fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten. De dieder is nimmen oars as de presidint sels (spile troch Gene Hackman). De film krige mingde reäksjes fan 'e resinsinten en waard ek yn 'e bioskopen gjin grut súkses. Neitiid regissearre en produsearre Eastwood Midnight in the Garden of Good and Evil (1997), dêr't er sels noris net yn spile. Dy film wie basearre op 'e roman fan John Berendt en de haadrollen waarden fertolke troch John Cusack, Kevin Spacey en Jude Law. Midnight in the Garden of Good and Evil krige krekt as Absolute Power mingde kritiken.

Eastwood regissearre en produsearre yn 1999 de skriller True Crime, dêr't er sels de haadrol yn spile fan Steve Everett, in sjoernalist en opbetterjend alkoholist, dy't ferslach dwaan moat fan 'e deastraf fan in feroardiele moardner (spile troch Isaiah Washington). Dyselde hâldt út dat er ûnskuldich is. Yn 't earstoan is de synyske Everett skeptysk, mar stadichoan rekket er oertsjûge fan 'e ûnskuld fan 'e man, en dan beweecht er himel en ierde om 'e terjochtstelling tsjin te kearen. True Crime krige in tuskenbeiden ûntfangst fan 'e kritity, en flopte yn 'e bioskopen. Fan it budget fan $55 miljoen waard mar rûchwei de helte weromfertsjinne, dat it wie ien fan Eastwood syn minst prestearjende films.

Yn 2000 wûn Eastwood de Gouden Liuw foar it Oeuvre op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Datselde jiers wied er regisseur, produsint en ien fan 'e haadrolspilers yn Space Cowboys, oer in fjouwertal âlde knarren dy't as astronauten de romte yn stjoerd wurde om in âlde Sovjet-satellyt te reparearjen. As tsjinspilers hie Eastwood yn dy film Tommy Lee Jones, Donald Sutherland en James Garner. Foar Space Cowboys komponearre Eastwood, tegearre mei Lennie Niehaus, ek de filmmuzyk. De film waard goed ûntfongen en brocht yn 'e bioskopen allinnich al yn 'e Feriene Steaten mear as $90 miljoen op, mear as Eastwood syn twa foargeande films mei-inoar. Sels waard Eastwood foar Space Cowboys nominearre foar Saturn Awards yn 'e kategoryen bêste akteur en bêste regisseur. De folgjende film fan Eastwood wie Blood Work, út 2002, dêr't er behalven as akteur op 'e nije ek by belutsen wie as regisseur en produsint. Hy fertolke dêryn de rol fan âld-FBI-agint Terry McCaleb, dy't in herttransplantaasje ûndergien hat en by de jacht op in sadistyske moardner (spile troch Jeff Daniels) belutsen rekket as er de dea fan 'e frou begjint te ûndersykjen fan wa't er it hert krigen hat. De film, dy't basearre wie op 'e roman út 1998 mei deselde namme fan Michael Connelly, krige mingde resinsjes en mislearre yn 'e bioskopen mei in ferlies fan krapoan $24 miljoen op in budget fan $50 miljoen. Nettsjinsteande dat wûn Eastwood mei Blood Work àl de Future Film Festival Digital Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

Yn 2003 regissearre en produsearre Eastwood it misdiedrama Mystic River, dêr't er ek de filmmuzyk sels foar skreau, mar dêr't er net yn spile. It wie in film dy't moard, figilantisme en seksueel misbrûk as tema's hie, mei yn 'e haadrollen Sean Penn, Kevin Bacon en Tim Robbins. Mystic River waard priizge troch de filmkritisy, makke allinnich al yn 'e Feriene Steaten $60 miljoen winst, en wûn twa Oscars: ien foar bêste akteur, foar Penn, en ien foar bêste manlike byrol, foar Robbins. Eastwood sels waard foar de film nominearre foar twa Oscars, foar bêste film en bêste regisseur, en ek foar de Golden Globe foar bêste regisseur. Boppedat wûn Mystic River de César du Cinéma foar bêste bûtenlânske film.

Clint Eastwood by de útrikking fan 'e Oscars yn 2007, mei njonken him syn frou Dina Ruiz.

De folgjende film fan Eastwood wie it sportdrama Million Dollar Baby, dêr't er by belutsen wie as regisseur, produsint, komponist fan 'e filmmuzyk en haadrolspiler. It wie de earste film sûnt Unforgiven wêryn't Eastwood op 'e nij gearwurke mei Morgan Freeman. It tragyske ferhaal gie oer in bokstrainer op jierren (Eastwood) dy't in jonge froulike bokser (spile troch Hilary Swank) ûnder syn hoede nimt. De film wûn fjouwer Oscars, foar bêste film en bêste regisseur (Eastwood), bêste aktrise (Swank) en bêste manlike byrol (Freeman). Eastwood waard ek nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste akteur. Hy wie doe mei 74 jier de âldste regisseur dy't ea in Oscar foar bêste regisseur wûn hat, en teffens wied er ien fan 'e trije regisseurs (mei Miloš Forman en Francis Ford Coppola), dy't twaris in Oscar foar bêste film krigen hawwe. Hy wûn mei Million Dollar Baby ek de Golden Globe foar bêste regisseur en de César du Cinéma foar de bêste bûtenlânske film. Fierders waard er foar de film nominearre foar in Grammy en in Golden Globe foar bêste filmmuzyk, wylst Million Dollar Baby ek nominearre waard foar in Screen Actors Guild Award foar bêste cast. De Golden Globe foar bêste regisseur waard oan Eastwood útrikt troch syn eigen dochter Kathryn Reeves, dy't by de útrikkingsseremoanje yn 2005 Miss Golden Globe wie.

Yn 2006 makke Eastwood, as regisseur en produsint, mar net as akteur, twa films dy't allebeide oer de Slach om Iwo Jima giene, yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan. Foar beide films wurke Eastwood gear mei Steven Spielberg. De earste, Flags of Our Fathers, gie oer de Amerikaanske mariniers dy't de Amerikaanske flagge op 'e top fan 'e berch de Suribachi op it eilân Iwo Jima planten. Yn dy film makke Eastwood syn soan Scott syn akteardebút. Foar Flags of Our Fathers waard Eastwood nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur. De twadde film wie Letters from Iwo Jima, dy't draaide om 'e ûnderfinings fan 'e Japanske ferdigeners fan it eilân en de brieven dy't hja dêrwei nei hûs skreaune. It wie de earste Amerikaanske oarlochsfilm dy't in militêr treffen hielendal fanút it perspektyf fan in fijân fan 'e Feriene Steaten sjen liet. Foar Letters from Iwo Jima waard Eastwood nominearre foar de Oscars foar bêste film en bêste regisseur, wylst ek it senario in Oscarnominaasje krige. De (Japansktalige) film wûn fierders de Golden Globe foar bêste film yn in bûtenlânske taal en waard nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste regisseur. Yn 2009 waard Eastwood foar syn bydrage oan 'e ferbettering fan 'e Amerikaansk-Japanske relaasjes troch keizer Akihito fan Japan beneamd yn 'e Oarder fan de Rizende Sinne.

Yn 2006 waard Eastwood troch de Kalifornyske gûverneur Arnold Schwarzenegger en first lady Maria Shriver ynhuldige as lid fan 'e California Hall of Fame, dy't fêstige is yn it Kalifornysk Museum foar Skiednis, Froulju en de Keunsten yn Sacramento. Begjin 2007 ûntfong Eastwood by in seremoanje yn Parys it Légion d'Honneur, de heechste Frânske boargerlike ûnderskieding, út 'e hannen fan presidint Jacques Chirac, dy't him by dy gelegenheid fertelde dat er "it bêste fan Hollywood" belicheme. Eastwood krige yn dyselde snuorje ek trije earedoktoraten útrikt, yn 2006 fan 'e Universiteit fan de Stille Oseaan yn Sacramento en San Francisco, en yn 2007 fan it Berklee College of Music en it Monterey Jazz Festival. Yn 2009 krige er ek in earedoktoraat fan it Amerikaansk Film Ynstitút en in Gouden Earepalm op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Clint Eastwood yn 2008 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

In oare film dy't Eastwood regissearre en produsearre, mar dêr't er net yn spile, wie Changeling, út 2008. Dy wie basearre op in wier ferhaal út 'e ein fan 'e 1920-er jierren, wêryn't in mem (spile troch Angelina Jolie) nei jierren weriene wurdt mei har fermiste soan, mar op in stuit ûntdekt dat it om in bedrager giet. Changeling waard troch de kritisy mei in protte lof ûntfongen; sa bewearde Damon Wise yn it tydskrift Empire, dat de film "sûnder lek of brek" wie. De film brocht mear as $110 miljoen op, mar it meastepart dêrfan kaam fan bûten de Feriene Steaten. Eastwood waard foar Changeling nominearre foar in Oscar en in Golden Globe foar bêste filmmuzyk, twa Saturn Awards foar bêste regisseur en bêste filmmuzyk, en in BAFTA Award foar bêste regisseur.

Nei Changeling beëinige Eastwood in selsoplein fjouwerjierrich skoft yn syn aktearkarriêre troch de haadrol te spyljen yn 'e dramafilm Gran Torino, dy't er dêrnjonken ek regissearre en produsearre en dêr't er mei syn soan Kyle en Jamie Cullum ek de filmmuzyk foar skreau. De film gie oer Walt Kowalski (Eastwood) in synyske en bittere âlde widner dy't neat fan syn buorlju (in etnyske Hmong-famylje) en likemin fan syn eigen bern en pakesizzers hawwe moat, mar úteinlik freonskip slút mei syn buorjonge en buorfamke en it om harren opnimt tsjin in strjitbinde dy't de buert terrorisearret. Eastwood syn biograaf Marc Eliot omskreau it personaazje fan Walt Kowalski as "in gearraning fan 'e Man sûnder Namme, Dirty Harry en William Munny." Gran Torino wie in grut súkses en brocht yn it wykein fan 'e Amerikaanske premiêre allinnich al $30 miljoen op. De úteinlike, wrâldwide opbringst bedroech $268 miljoen, wat it (rekken hâldend mei ynflaasje) ta de kommersjeel súksesfolste film út Eastwood syn hiele karriêre makke. Gran Torino wie de trêde film fan Eastwood dy't de César du Cinéma yn 'e kategory bêste bûtenlânske film wûn. Ek waard Eastwood der foar nominearre foar de Golden Globe foar bêste filmmuzyk.

Clint Eastwood yn 2010.

Yn 2009 makke Eastwood wer in film dêr't er allinnich as regisseur en produsint by belutsen wie. Dat wie Invictus, in sportfilm basearre op it wiere ferhaal fan it Súdafrikaanske rugbyteam yn 'e Rugby World Cup fan 1995, mei yn 'e haadrollen Matt Damon as François Pienaar, de oanfierder fan it rugbyteam, en Morgan Freeman as presidint Nelson Mandela. De film krige oer it generaal positive resinsjes, en Eastwood waard derfoar nominearre foar in Golden Globe foar bêste regisseur en foar de César du Cinéma foar bêste bûtenlânske film. Yn 2010 regissearre en produsearre Eastwood Hereafter, op 'e nij mei Matt Damon yn 'e haadrol, dy't diskear in heldersjende spile. De film gie yn septimber yn premiêre op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto en waard neitiid yn in beheind tal bioskopen útbrocht. Hereafter krige mingde kritiken, hoewol't de rezjy fan Eastwood oer it algemien priizge waard.

In folgjende film dêr't Eastwood útslutend efter de skermen oan wurke, yn 'e hoedanichheid fan regisseur, produsint en komponist, wie J. Edgar (2011), in biografyske film oer de beruchte FBI-direkteur J. Edgar Hoover, mei Leonardo DiCaprio yn 'e titelrol. De film krige mingde reäksjes fan 'e resinsinten, hoewol't de aktearprestaasje fan DiCaprio rûnom as geweldich beskôge waard. Yn jannewaris 2011 waard bekendmakke dat Eastwood yn ûnderhanneling wie mei sjongster Beyoncé Knowles, om har de haadrol spylje te litten yn in trêde remake fan 'e klassiker A Star Is Born, út 1937. Dat projekt waard lykwols op 'e lange baan skood doe't Beyoncé yn ferwachting rekke. Dêrop gie Eastwood oan 'e slach mei it honkbaldrama Trouble with the Curve (2012), dat er produsearre en dêr't er de haadrol yn spile, mar dat regissearre waard troch Robert Lorenz, dy't earder as assistint-regisseur mei Eastwood oan ferskate oare film gearwurke hie. Eastwood spile yn dy film de rol fan Gus Lobel, in honkbalscout op jierren, dy't foar syn lêste scoutingreis syn dochter (spile troch Amy Adams) meinimt om't syn eagen sa min binne dat er de wedstriden sels net mear goed sjen kin.

Clint Eastwood spilet golf op in goeddiedichheidsevenemint yn 2015.

Yn 2014 regissearre en produsearre Eastwood Jersey Boys, in biografyske musical basearre op 'e mei in Tony Award bekroande toanielmusical mei deselde namme, oer de band The Four Seasons. Datselde jiers regisearre en produsearre Eastwood ek de kontroversjele film American Sniper, basearre op 'e autobiografy fan Chris Kyle, in slûpskutter foar it Amerikaanske Leger. Eastwood naam dêrby it plak yn fan Steven Spielberg, dy't ûnder de preproduksje ôfheakke. Hy hie sels in kameoroltsje yn 'e film as in tsjerkegonger. Nettsjinsteande dat, of miskien just trochdat American Sniper troch in soad resinsinten en oare waarnimmers feroardiele waard om't de film bûtenrjochtlik moardzjen yn opdracht fan 'e Amerikaanske oerheid ferhearlikje soe, waard de film in grut súkses yn 'e bioskopen, mei in opbringst fan $350 miljoen yn 'e Feriene Steaten en yn totaal $547 miljoen wrâldwiid. American Sniper waard ek nominearre foar in Oscar foar bêste film.

De folgjende film dy't Eastwood regissearre en produsearre, Sully (2016), hie Tom Hanks yn 'e haadrol fan Chesley Sullenberger, de piloat dy't op 15 jannewaris 2009 US Airways-flecht 1549 feilich wist te lânjen op 'e rivier de Hudson yn New York, nei't der in flecht guozzen yn 'e motors flein wie. Dat waard op 'e nij in grut kommersjeel súkses foar Eastwood, mei in wrâldwide opbringst yn 'e bioskopen fan $238 miljoen. De folgjende film dy't er regissearre en produsearre, de histoaryske skriller The 15:17 to Paris wie in ferfilming fan 'e mislearre oanslach op 'e Thalys, de hegesnelheidstrein fan Amsterdam nei Parys, op 21 augustus 2015. Eastwood liet dêrby Spencer Stone, Anthony Sadler en Alek Skarlatos, de Amerikaanske mariniers dy't tafallich as passazjiers yn 'e trein oanwêzich wiene en de oanslach wisten foar te kommen, harrensels spylje. De film krige oer it algemien negative kritiken, dy't benammen te krijen hiene mei de aktearprestaasjes fan 'e trije haadrolspilers, dy't fansels gjin profesjonele akteurs wiene.

Clint Eastwood (rj.) yn july 1987 mei presidint Ronald Reagan (l.).

Ein 2018 brocht Eastwood foar it earst yn sân jier wer in film út dy't er net inkeld regissearre en produsearre hie, mar dêr't er sels ek de haadrol yn spile. It wie The Mule, wêryn't er de rol fertolke fan Earl Stone, in 90-jierrige dahliakweker dy't om oan jild te kommen as drugskoerier (Ingelske sprektaal: mule, "mûldier") begjint te wurkjen. Eastwood wie sels 88 jier doe't er The Mule makke. Hy krige foar de film en foar syn rol dêryn fan alle kanten lof taswaaid. Yn 2019 regissearre en produsearre Eastwood de biografyske film Richard Jewell, oer de heldhaftige befeiligingsman mei deselde namme, dy't yn 1996 falsk beskuldige waard fan 'e bomoanslach op 'e Olympyske Spullen yn Atlanta. Yn septimber 2021 kaam Cry Macho út, in neo-western dy't net inkeld troch Eastwood regissearre en produsearre waard, mar wêrfoar't er mei 91 jier as haadrolspiler ek op 'e nij yn it seal kroep, as in âlde cowboy yn 'e moderne tiid. De film wie lykwols gjin kommersjeel súkses. Yn [novimber]] 2023 ferskynde Juror No. 2, in rjochtbankdrama ûnder rezjy fan Eastwood mei as akteurs û.o. Nicholas Hoult, Toni Collette, Zoey Deutch, Kiefer Sutherland en J.K. Simmons. De film waard troch Warner Bros. yn 'e Feriene Steaten mar yn in beheind tal bioskopen útbrocht, en der waard fan grute dat it Eastwood syn lêste film wêze soe.

Karriêre yn 'e polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn karriêre yn 'e Amerikaanske filmyndustry hat Eastwood syn hiele libben lang belangstelling foar polityk hân. Hy is net lid fan 'e Republikeinske of de Demokratyske Partij, de beide grutte politike partijen yn 'e Feriene Steaten, mar ynstee fan 'e lytse Libertaryske Partij, dy't yn 'e Amerikaanske polityk mar in marzjinale rol spilet. Yn syn hoedanichheid as lid fan 'e Libertaryske Partij waard Eastwood yn 1986 keazen ta boargemaster fan syn wenplak Carmel-by-the-Sea, yn noardlik Kalifornje, in funksje dy't er ien folle termyn fan twa jier útoefene, oant en mei 1988.

Yn 2001 stelde de Kalifornyske gûverneur Gray Davis Eastwood oan as lid fan 'e steatskommisje foar parken en rekreaasje. Hy waard fise-foarsitter fan dat bestjoersorgaan en fierde yn dy funksje de opposysje oan tsjin it trochlûken fan 'e California State Route 241, in seisbaansdyk, dwers troch it Steatsstrân San Onofre, dat in beskerme natoergebiet wie. Syn termyn as kommisjelid einige yn 2008. By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012 stipe Eastwood de Republikeinske kandidaat Mitt Romney tsjin 'e sittende presidint Barack Obama. Op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan dat jier loek er de oandacht (en frijwat satiryske neibearings) mei in taspraak dy't er hold foar in lege stoel dy't Obama symbolisearre.

Stuntfrou Roxanne Tunis, de mem fan Eastwood syn dochter Kimber.

Relaasjes en bern

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastwood hat in ferskaat oan serieuze en flechtige relaasjes mei froulju hân, dêr't, ynsafier bekend, acht ûnderskate bern út fuortkommen binne. De helte fan dy bern waard pas tsientallen jierren letter troch Eastwood as sines erkend. Yn 1953 sette er in bern oan by frou yn Seattle, wa har namme nea bekend makke is. Har dochter Laurie kaam yn 1954 te wrâld en waard oannommen troch in Clyde en Helen Warren fan Seattle. Wylst de mem fan Laurie al swier fan him wie, troude Eastwood yn 1953 mei Maggie Johnson, en harren houlik hold stân oant it yn 1984 yn in skieding einige. Hja krigen twa bern: soan Kyle Eastwood (1968), dy't jazz-muzikant waard, en dochter Alison Eastwood (1972), dy't yn har heite fuotleasten folge as aktrise en regisseur. Under syn houlik mei Johnson begie Eastwood oan 'e rinnende bân oerhoer mei oare froulju, hoewol't Johnson dêr nei't it skynt fan ôfwist en ynstimd hie mei in iepen houlik. Sa hie Eastwood fan 1959 oant 1973 in bûtenechtlike relaasje mei aktrise en stuntfrou Roxanne Tunis, dêr't dochter Kimber Tunis (1964) út berne waard. Mids 1970-er jierren skieden Eastwood en Johnson lykwols fan tafel en bêd, hoewol't se foar de wet troud bleaune.

Dêrnei wenne Eastwood fan 1975 oant yn septimber 1989 gear mei aktrise Sondra Locke, mei wa't er gjin bern krige. Sy wie sûnt 1967 troud mei in Gordon Leigh Anderson, mar dat wie in ferstânshoulik om Anderson, dy't homo wie, it oansjen fan fatsoen te jaan yn in tiid dat homoseksualiteit yn 'e Feriene Steaten maatskiplik net akseptearre waard. Harren houlik soe yn namme fuortduorje oant Locke har ferstjerren yn 2018. Locke miende dat se in monogame ferhâlding mei Eastwood hie, en harren relaasje einige foar har dan ek yn triennen doe't se ûntdiek dat Eastwood ûnderwilens trochgien wie mei it hawwen fan românses mei oare froulju. Sa wied er yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren lange tiid behelle yn in affêre mei stewardess Jacelyn Reeves, by wa't er twa bern oansette: Scott Eastwood (1986), dy't ek akteur waard, en Kathryn Reeves (1988), in model. Nei de brek mei Locke wenne Eastwood fan likernôch 1990 oant septimber 1995 gear mei aktrise Frances Fisher, mei wa't er in dochter krige, Francesca Eastwood (1993), dy't aktrise en model waard. Yn 1996 troude Eastwood foar de twadde kear, no mei nijslêzeresse Dina Ruiz, mei wa't er ek in bern krige, Morgan Eastwood (1996). Mei Ruiz wied er troud oant harren skieding yn 2013. Sûnt dy tiid is Eastwood mei ferskate oare froulju sjoen.

De kroech Hog's Breath Inn, yn Carmel-by-the-Sea, dy't ienris eigendom wie fan Eastwood.

Hoefolle bern oft Eastwood no eins krekt hat, is net alhiel dúdlik. Sels hat er dêr altyd frijwat dizenich oer dien. Doe't er yn 1997 yn in fraachpetear yn it Amerikaanske tillefyzjeprogramma 60 Minutes troch presintator Steve Kroft frege waard: "Hoefolle bern hawwe jo?" antwurde er: "Ik haw in stik as wat." En yn 2009, doe't er te gast wie yn it praatprogramma Late Show with David Letterman, sei David Letterman tsjin him: "Jo hawwe uh... sân bern, leau 'k?" Dêr't Eastwood op antwurde: "Uh, op syn minst." Dat docht er mei sin, sa joech er yn 2004 yn in fraachpetear mei it tillefyzjenetwurk CBS oan, want sa seid er: "[I]t binne kwetsbere minsken. Ik kin mysels wol ferdigenje, mar sy kinne dat net." Yn in artikel yn The Sunday Times fan 7 augustus 2011 fertelde syn dochter Alison lykwols: "Us heit hat acht bern by seis froulju." Eastwood syn biograaf Patrick McGilligan hat dêrfoaroer yn 2012 foar de kamera ferklearre dat ek foar him it totale tal bern fan Eastwood ûndúdlik is, mar dat "[Eastwood] al ien krige doe't er noch op 'e middelbere skoalle siet." As dy útspraak op wierheid berêst, soe Eastwood teminsten njoggen bern hawwe.

Eastwood iepene yn 1971 yn Carmel-by-the-Sea in kroech dy't ynrjochte wie as in âlde Ingelske pub, mei as namme Hog's Breath Inn. Dy hat er letter ferkocht. Tsjintwurdich hat er yn Carmel-by-the-Sea in oare horekagelegenheid yn besit, it Mission Ranch Hotel and Restaurant. Eastwood is ek eigner fan 'e Tehàma Golf Club, en hat jild ynvestearre yn 'e bekende Pebble Beach Golf Links, bewesten Carmel.

Eastwood fertelde yn 1973 oan filmkritikus Gene Siskel dat er net yn God leaude. Yn in fraachpetear yn 2010 wreide er dêroer út: "Ik haw altyd myn fatsoen bewarre foar minsken oer dy't djip religieus wiene, om't ik altyd tocht haw dat it wichtich foar harren wêze moat as se harsels dêroan oerjûn hawwe. Mar ast troch it libben gean kinst sûnder soks, dan is dat ek goed. It is mar wat dy it bêste past. Ik leau wol yn selfhelp. Ik bin gjin new age-eftich persoan, mar ik leau wol yn meditaasje, en dêrom haw ik altyd niget hân oan 'e boedistyske religy. Doe't ik yn Japan wie, haw ik boedistyske timpels besocht om dêr te meditearjen en dat leanne wol, fûn ik."

Filmografy as akteur en regisseur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1955 Allen in Movieland sealfeint akteur; tillefyzjefilm
1955 Highway Patrol Joe Keeley akteur; ôfl. Motorcycle A
1956 Death Valley Days John Lucas akteur; 6 ôfl.
1957 The West Point Story ûnbekend akteur; ôfl. White Fury
1958 Navy Log Burns akteur; ôfl. The Lonely Watch
1959 Maverick Red Hardigan akteur; ôfl. Duel at Sundown
1959–1965 Rawhide Rowdy Yates akteur; 217 ôfl.
1962 Mister Ed himsels akteur; ôfl. Clint Eastwood Meets Mister Ed
1985 Amazing Stories n.f.t. regisseur; ôfl. Vanessa in the Garden
2003 The Blues n.f.t. regisseur; ôfl. Piano Blues
2009 Johnny Mercer: The Dream's On Me himsels akteur, ek útfierend produsint
films
1955 Revenge of the Creature labtechnikus Jennings akteur; net neamd op 'e ôftiteling
1955 Francis in the Navy Jonesy akteur
1955 Lady Godiva of Coventry earste Sakser akteur; net neamd op 'e ôftiteling
1955 Tarantula lieder strieljagersquadron akteur; net neamd op 'e ôftiteling
1956 Never Say Goodbye Will akteur; net neamd op 'e ôftiteling
1956 Star in the Dust Tom akteur; net neamd op 'e ôftiteling
1956 Away All Boats mariniershospik akteur; net neamd op 'e ôftiteling
1956 The First Traveling Saleslady luitenant Jack Rice akteur
1957 Escapade in Japan Dumbopiloat akteur; net neamd op 'e ôftiteling
1958 Lafayetteville Escadrille George Moseley akteur
1958 Ambush at Cimarron Pass Keith Williams akteur
1964 A Fistful of Dollars de Man sûnder Namme akteur
1965 For a Few Dollars More de Man sûnder Namme akteur
1966 The Good, the Bad and the Ugly de Man sûnder Namme akteur
1967 Le Streghe Carlone / Charlie akteur
1968 Hang 'Em High Jed Cooper akteur
1968 Coogan's Bluff Walt Coogan akteur
1968 Where Eagles Dare luitenant Schaffer akteur
1969 Paint Your Wagon Pardner akteur
1970 Two Mules for Sister Sara Hogan akteur
1970 Kelly's Heroes soldaat Kelly akteur
1971 The Beguiled John McBurney akteur
1971 Dirty Harry Harry Callahan akteur
1971 Play Misty for Me David Garver akteur en regisseur
1972 Joe Kidd Joe Kidd akteur
1973 High Plains Drifter de Frjemdling akteur en regisseur
1973 Breezy man yn kloft folk op pier akteur (kameo) en regisseur
1973 Magnum Force Harry Callahan akteur
1974 Thunderbolt and Lightfoot John 'Thunderbolt' Doherty akteur
1975 The Eiger Sanction Jonathan Hemlock akteur en regisseur
1976 The Outlaw Josey Wales Josey Wales akteur en regisseur
1976 The Enforcer Harry Callahan akteur
1977 The Gauntlet Ben Shockley akteur en regisseur
1978 Every Which Way but Loose Philo Beddoe akteur
1979 Escape from Alcatraz Frank Morris akteur
1980 Bronco Billy Bronco Billy McCoy akteur en regisseur
1980 Any Which Way You Can Philo Beddoe akteur
1982 Firefox Mitchell Grant akteur en regisseur
1982 Honkytonk Man Red Stovall akteur en regisseur
1983 Sudden Impact Harry Callahan akteur en regisseur
1984 Tightrope Wes Block akteur
1984 City Heat resjersjeur Speer akteur
1985 Pale Rider de Preker akteur en regisseur
1986 Heartbreak Ridge sersjant Thomas Highway akteur en regisseur
1988 The Dead Pool Harry Callahan akteur
1988 Bird n.f.t. regisseur
1989 Pink Cadillac Tommy Nowak akteur
1990 White Hunter, Black Heart John Wilson akteur en regisseur
1990 The Rookie Nick Pulovski akteur en regisseur
1992 Unforgiven William Munny akteur en regisseur
1993 In the Line of Fire Frank Horrigan akteur
1993 A Perfect World Red Garnett akteur en regisseur
1995 The Bridges of Madison County Robert Kincaid akteur en regisseur
1995 Casper himsels akteur (kameo); net neamd op 'e ôftiteling
1997 Absolute Power Luther Whitney akteur en regisseur
1997 Midnight in the Garden of Good and Evil n.f.t. regisseur
1999 True Crime Steve Everett akteur en regisseur
2000 Space Cowboys Frank Corvin akteur en regisseur
2002 Blood Work Terry McCaleb akteur en regisseur
2003 Mystic River n.f.t. regisseur
2004 Million Dollar Baby Frankie Dunn akteur en regisseur
2006 Flags of Our Fathers n.f.t. regisseur
2006 Letters from Iwo Jima n.f.t. regisseur
2008 Changeling n.f.t. regisseur
2008 Gran Torino Walt Kowalski akteur en regisseur
2009 Invictus n.f.t. regisseur
2010 Hereafter n.f.t. regisseur
2011 J. Edgar n.f.t. regisseur
2011 Kurosawa, la Voie himsels dokumintêre
2012 Trouble with the Curve Gus Lobel akteur
2014 Jersey Boys n.f.t. regisseur
2014 American Sniper tsjerkegonger akteur (cameo), net neamd op 'e ôftiteling, en regisseur
2016 Sully n.f.t. regisseur
2018 The 15:17 to Paris n.f.t. regisseur
2018 The Mule Earl Stone akteur en regisseur
2019 Desenterrando Sad Hill himsels dokumintêre
2019 Richard Jewell n.f.t. regisseur en produsint
2021 Cry Macho Mike Milo akteur, regisseur en produsint
2024 Juror No. 2 n.f.t. regisseur en produsint

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.