Springe nei ynhâld

Ie (Noardeast-Fryslân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ie (doarp))
Ie (Noardeast-Fryslân)
Sicht op de Gangulfustsjerke
Sicht op de Gangulfustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 13,26 km², wêrfan:
lân: 13,12 km²
wetter: 0,14 km²
Befolkingsticht. 64 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 6° 6' E
Offisjele webside
Side fan Ie
Kaart
Ie (Fryslân)
Ie

Ie is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Ie leit eastlik fan Eastrum, westlik fan Ingwierrum en súdeastlik fan Jouswier. De doarpskearn leit benammen oan de Achterwei, Uniastrjitte en Stienfeksterwei, dat binne wegen om de terp fan Ie.

De buorskippen It Stienfek, De Tibben, Brânbuorren, Ald Terp, Dykshoarne en in lyts diel fan Grut Midhuzen hearre ek by Ie.

Ie hat (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Ut argeologyske fynsten hat bliken dien dat Ie al begjin fan de jiertelling bewenne wie. Ie hat yn 'e rin fan de tiid in wichtich doarp yn East-Dongeradiel west. It doarp hie 50 stimmen. Guon aadlike slachten hawwe dêrom ek grytmannen levere.

Yn de 16e iuw wiene de Mockema's belangryk foar it doarp mei harren stins op Grut Midhuzen. Nei in fûle striid waard de stins mei kanonnen besketten en ferovere troch de Saksen ûnder lieding fan Schelto Tjaerda, Taeko Heemstra en Tjalling Lieuwes Jellinga. Ek Obbemastate op Ald Terp waard troch de Saksen oermastere en dêrby ferlear Poppe Obbema it libben. De Mockema's waarden fêstset yn de Sjaardema stins yn Frjentsjer. Fjouwer manlju waarden rêdbrake en twa waarden pealle.

Under Ie stie ek de Wattema state, mar it krekte plak is net mear bekend.[3]

Op 11 april 2001 briek der op Grut Midhuzen tongblier út. Der rekken 37 bedriuwen by belutsen. Der moasten 55 kij, jongfee en skiep, dy't fertocht wienen, romme wurde.

Oant de weryndieling fan 2019 lei Ie yn de gemeente Dongeradiel.

Sint-Gangulfustsjerke (ek: Tsjerke op 'e Terp)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt oannaam dat de tsjerke boud is op oantrunen fan it ferneamde kleaster Mariëngaarde by Hallum, dat sûnt 1170 ta de Abdij fan Dokkum hearde. De tsjerke wie wijd oan de hillige Gangulfus of Jarich fan Mariëngaard, dy't abt fan it kleaster Mariëngaard west hat. Yn 'e rin fan de skiednis hawwe der ferbouwings west; de noardmuorre is romaansk en de súdmuorre is goatysk. De 43 meter hege toer is rûnom te sjen; de brekfallige sealtektoer waard om 1840 hinne ôfbrutsen en yn 1869 ferfongen troch in nije toer mei in spits. Yn 1971 is de toer restaurearre.

Yn de tsjerke binne trije hearebanken en oan de muorren hingje njoggen roubuorden fan Iester aadlike slachten. It hûnegat, dêr't de Iesters dy't net om lyk woenen, ynearsten opsletten waarden is der noch.

De mûne oan it haventsje, ± 1930

Ie hie al yn 1636 in nôtmûne, dy't neffens in fan de Steaten fan Fryslân opstelde list net út koe. Op de Schotanuskaarten fan 1664 en 1718 komme ek mûnen foar. Yn de 18e en 19e iuw binne de eigendomsrjochten fan de mûnen bekend. Yn 1809 waard der skreaun oer fjouwer mûnen: twa nôt- en pelmûnen en twa houtseachmûnen. Op ien nei binne dy tusken 1842 en 1855 ôfbrutsen. De lêste mûne, in achtkante boppekruier mei stelling, is op 3 septimber 1962 ôfbaarnd.

Flaaksmuseum It Braakhok

It eardere braakhok is no in flaaksbewurkingsmuseum. Der wurde op fersyk demonstraasjes jûn hoe't it flaaks bewurke waard.

Doarpshûs De Jister is multyfunksjoneel. It hat in sportakkommodaasje en in hoarekapart dy't by grutte eveneminten ta ien seal makke wurde kinne. De feriening foar doarpsbelang út 1947 komt hjir gear en jeugdhonk Skûlplak sit der by yn. It "Iester Nijs" hâldt elts fan alles op 'e hichte. Ienkear yn de trije jier is der in doarpsfeest. De Gearing is de basisskoalle fan it doarp.

Ebenhaëzer tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Sint-Gangulfustsjerke (Ie).

De Protestantske gemeente Ie-Eastrum-Jouswier-Ebenhaëzer Tsjerke hat yn Ie twa tsjerken: de eardere herfoarme tsjerke (tsjintwurdich de Sint-Gangulfustsjerke) en de eardere grifformearde Ebenhaëzer Tsjerke.

Kristlike basisskoalle De Gearing
  • Kristlike basisskoalle De Gearing.
Lytse Loane
  • KMF Lauwers fanfare
  • Freedomsingers - koar
  • Fuotbalferiening Oostergo
  • Gymnastykferiening Wêz Fluch
  • Keatsferiening De Trochsetters
  • Follybalferiening Oer 't Net
  • Karbydferiening
  • Postdoweferiening S.S.A.
  • Tennisferiening Ie

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1879 1889* 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2014 2023
Ynwenners 1.085 993 1.272 1.163 1.085 998 897 780 844 850

* tongblier

Unia Zathe (Omgong 7)
  • Foeke Sjoerds (1713-1770). De histoarjeskriuwer Foeke Sjoerds is yn 1713 yn Ie berne en hat dêr skuonmakker west. Letter waard er skoalmaster yn Moarre en Easternijtsjerk. Syn wurk wurdt no noch rieplachte. Om't er gjin akademyske oplieding hân hie, koe er ynearsten gjin lânhistoarikus wurde. Uteinlik is hy it yn 1770 dochs wurden, mar hy hat noait oan it wurk west, want hy is yn dat jier ferstoarn.
  • Jan Keuning (1850-1926), ûnderwizer en skriuwer.
  • Nyckle Haisma (1907-1943), Frysk skriuwer.
  • Eelkje Tuma (1966-), skriuwster.
Humaldawei 13

Master besocht dûmny yn 't fet te draaien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de jierren 1770 wie Jan Goslings skoalmaster yn Ie. Hy hie it bêste ynkommen fan alle skoalmasters yn East-Dongeradiel, om't er ek bysitter yn it gerjocht wie. Master liet him net folle op skoalle sjen. It lesjaan liet er oan syn soantsje fan 11 jier oer. Der kamen klachten, yn 't lêst skreauwen de âlden in brief op poaten nei de Steaten. Ien fan de nammen dy't ûnder it brief stienen, wie dy fan dûmny Revius.

Goslings fielde him bedrige en socht om in foar him geunstige útwei. Goslings stelde in ferklearring op, wêryn stie dat ds. Revius him misdroegen hie yn de herberch fan Dokkumer Nije Silen. Hy gie dêr mei nei de kastlein Tsjeard Durks. Goslings sei dat hy fjouwer tsjûgen hie en oft Tsjeard ek efkes tekenje woe. Tsjeard lies it en betocht dat Goslings it wol hiel moai makke hie. Hy wegere dan ek om syn namme der ûnder te setten, want op dat stuit hie hy er sels dronken west. Boppedat hie Goslings al fjouwer tsjûgen.

Goslings koe mei lege hannen wer nei Ie werom. Dûmny ûntkende alles, mar hy wist wol hoe't it ferhaal yn 'e wrâld kommen wie. Hy hie nei Kollum west en op Nije Silen soe der efkes oanstekke. Der wie net ien yn 'e herberch. Dûmny hie him doe sels mar betsjinne en letter hie er mei Tsjeard ôfrekkene.

Foeke Sjoerdsstrjitte

Alle strjitten fan Ie

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje