Springe nei ynhâld

Grou (plak)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grouw)
Grou
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 5.690 (2022) [1]
Oerflak 25,17 km²
lân: 20,96
wetter 4,21 km²
Befolkingsticht. 272 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 08' N 5° 48' E
Offisjele webside
Side Grou
Kaart
Grou (Fryslân)
Grou

Grou is in doarp yn de gemeente Ljouwert. Oant de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim yn 2018 wie Grou it haadplak fan dy gemeente. Under Grou falle ek de buorskippen De Burd, Goattum en Suorein.

It doarp waard foar it earst yn in skriftlike boarne út de 13e iuw neamd as Growe; yn 1412 as Grouwa, yn 1474 as Grou en yn 1504 as to grow. Growe soe wize kinne op in ril of slinke, mar it soe ek ferwize kinne nei in (útdolle) wetterrin.

Sint-Pitertsjerke

Grou ûntstie yn de 8e iuw of earder op in terp. Yn 't earstoan sil it plak net grutter west ha as in buorskip. Alhoewol't it doarp mar lyts wie, waard der yn it begjin fan de 12e iuw in yn ferhâlding ta it plak in grutte tsjerke boud, dy't oan de hillige apostel Petrus (Piter) wijd waard. Fan de oarspronklik romaanske tsjerke binne yn it muorrewurk noch dielen fan dowestien.

Ynearsten wie de ekonomy fan Grou rjochte op lânbou, mar sûnt de 15e iuw waard de hannel en skipfeart jimmeroan wichtiger. Dêrtroch waard it doarp grutter en bloeiend. It doarp wie trochsnien mei fearten en havens. In soad werven en seilmakkerijen sieten yn de havens om Grou hinne. In soad dêrfan is noch werom te finen yn de strjitnammen, dy't ferneamd waarden nei it grutte tal dimpte fearten. Lang wie it doarp allinne oer it wetter te berikken. Pas yn 'e 18e iuw waard Grou ek oer de dyk tagonklik.

Grou foar de oarloch

Yn de 19e iuw naam it belang fan de skipfeart en de fiskerij ôf, mar dat waard goedmakke troch de komst fan it spoar en bettere diken en it ûnstean fan yndystry lykas Halbertsma's Houthannel, it masjinefabryk fan Volma en it suvelfabryk. Mei de fabriken groeide de befolking en waarden nije wenten nedich troch de oanlis fan Easterfjild, de earste wyk bûten it âlde doarp. Fral nei de Twadde Wrâldkriich wreide it doarp him út en hjoed-de-dei is it doarp fjouwerris sa grut as it Grou fan foar 1945.

Yn de rin fan de 20e iuw waard wettersport en toerisme wichtich. Yn Grou fynt alle simmers de start fan it Skûtsjesilen plak.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Grou it haadplak fan de eardere gemeente Idaarderadiel. Nei de oprjochting fan de gemeente Boarnsterhim bleau Grou it haadplak fan de gemeente. Yn 2014 waard Boarnsterhim opheft en sûnt falt Grou ûnder de gemeente Ljouwert.

Loftfoto fan Grou

It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang. "De Grouster" is de online krante fan Grou. De skelnamme foar Grousters is tsiisferdûnsers. De Grousters krigen dy bynamme nei't de spylman op in feest net mei jild betelle wurde koe en syn spyljen mei in tsiis betelle waard.[2]

De Wikipedy hat ek in side Sint-Pitertsjerke (Grou).
De Wikipedy hat ek in side Fermanje fan Grou.

De PKN-gemeente Grou-Jirnsum makket gebrûk fan de midsiuwske Sint-Pitertsjerke. Yn de Haadstrjitte stiet de ûnopfallende skûltjserke fan de Mennistegemeente Mid-Fryslân.

De grifformearde tsjerke waard nei de foarming fan in PKN-gemeente yn 2008 bûten gebrûk steld. Foar it lêst waard dêr yn 2017 in tsjinst fierd. Nei in restauraasje waard de tsjerke as arsjitektenburo yn gebrûk nommen.[3] Tusken 1930 en 1976 hie Grou ek noch in herfoarme kapel oan de 1e Easterfjildstrjitte foar de rjochtsinnich herfoarmen. Nei it sluten waard de kapel ôfbrutsen.

Sûnt 2012 binne de twa basisskoallen op it plak kommen fan it eardere swimbad.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1844 wennen fan de 1.825 minsken 1.429 minsken yn de doarpskearn. De rest (23%) fan de befolking wennen op it lân en yn de buorskippen. Troch it ferdwinen fan it tal boerebedriuwen en it groeien fan de doarpskearn wenne yn de jierren 1980 noch mar 4% fan de Grousters yn it bûtengebiet.[4]

Jier 1844 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2010 2015 2020
Ynwenners 1.825 3.453 3.522 3.880 4.129 4.600 5.869 5.615 5.768 5.768
Jier 2022
Ynwenners 5.690
Sint-Piter op it Fryske hynder

De patroanhillige fan it doarp is Sint-Piter, dy't ek beskermhillige fan de fiskers is. De midsiuwske tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Sint-Piter en wurdt ek no noch sa neamd. De feestdei fan Sint-Piter falt neffens de tradysje op 22 febrewaris, mar neffens de kristlike tradysje wurdt it fierd op de jûn foar dy dei. Sint-Piter komt op de sneon foar 21 febrewaris yn Grou oan en op 21 febrewaris giet Sint-Piter by de skoallen del. it Sint-Piterfeest fan Grou waard yn 2018 byskreaun yn de Ynvintaris Immatrieel Erfgoed Nederlân.

Bruorren Halbertsma

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bruorren Halbertsma binne yn Grou hikke en tein. Se hawwe in soad dien foar it Frysk. Hja skreaunen bg.‘Rimen en Teltsjes’. Eeltsje Halbertsma (1797-1858), wie húsarts en skreau de tekst fan it Fryske Folksliet. By de tagong fan it Wilhelminapark stiet in boarstbyld út 1904 fan him. Yn Museum de Trije Gritenijen is in soad werom te finen fan dizze bruorren.

Op 23 desimber 2007 hat Grou in sportprimeur troch in earste iisbaan fan keunststof yn de iepenloft te iepenjen. It saneamde "Glice-iis" is betocht troch Eric Sinnema út Aldtsjerk en is neffens Sinnema net te fergelykjen mei keunststofiisbanen dy't yn de Feriene Steaten foarkomme.

Behalve oer it wetter is Grou fia de wei en oer it spoar te berikken. It is ien fan de stasjons oan it spoar fan Swol nei Ljouwert, en it leit oan de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Hjirmei hat Grou ek in part op-en-del-reizgers. Mei busline 28 kin reizge wurde nei Ljouwert en nei It Hearrenfean.

Haven Grou

Grou leit oan de Pikmar, it Prinses Margrietkanaal en it âlde rivierke de Grou. Troch de lizzing by al dat wetter krige it doarp de foarm fan in arsjipeldoarp (besteande út lytse eilantsjes) en is der in soad wettersport en toerisme. Under oaren is Grou it plak fan sylferiening Eastergoa, fan it SKS-skûtsje it Doarp Grou, en fan de sylskoalle Oer 't Hout yn kombinaasje mei Stayokay Grou. Ek binne der yn Grou ferskate jachtwerven te finen.

De strjitten yn Grou.

Eardere gemeentehûs fan Boarnsterhim

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dorpsfilm van Grouw is in film dy't Johan Adolfs yn 1964 oer it doarp makke hat. De film (44:35, sûnder lûd) is by it Frysk Film Argyf bedarre en hjir te besjen.

  • Sander Douma, Henk Popma, Bina Koster - Grou 2000
  • Anneke Hylkema, Bauke Hooghiemster, Hepke Hiemstra, Joh. Brouwer, Ype Sytema - Paad troch Grou
  • Ulke Brolsma - Oorlog in en om Grou 1940-1945
  • Ulke Brolsma - Werom nei Grou

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje