Springe nei ynhâld

Andries Roorda

Ut Wikipedy
Sulveren nachtmielskeal fan de Sint-Pitertsjerke, geskink fan Andries Roorda en syn oarehelte Nolkjen fan Heloma

Andries Roorda, ek Roorda van Velsen (Grou, doopt 13 juny 1649 yn Ljouwert[1] - foar 1697) wie in Nederlânske legerkaptein fan Frysk komôf en skinker fan sulverwurk oan de Sint-Pitertsjerke yn it doarp Grou.

Roorda wie in soan fan de gerechtsscholtus Benedictus fan Velsen en Sophia fan Roorda. Hy wie yn 1669 kaptein fan de ynfantery yn it rezjiment fan Hans Willem fan Aylva. Roorda waard yn it rampjier 1672 finzennaam troch de Frânsen by Lobith. Hy boaske op 5 july 1670 yn Grou mei Nolkjen fan Heloma, dochter fan Tjaerd Michiels Heloma en Froukjen fan Teijens.[2] Carel fan Roorda, grytman fan Idaarderadiel, wie in broer fan syn mem.

Tegearre mei syn frou skonk er in sulveren nachtmielskeal oan de Sint-Pitertsjerke fan Grou. De skeal hat de folgjende tekst:

Laat Andries Roorda met Vrou Nolkjen Heloma
Ter Eeren van Godts Kerk dit silverwerk ons schenken
Wij neemen 't danklijck aan met wensch dat Godt hier naa
Haar beijder liefde plicht in liefde wil gedenken

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Historisch Centrum Leeuwarden [1](deade link), neffens Nederland's Patriciaat soe er berne wêze yn Grou
  2. Nederland’s Patriciaat, 23e jiergong, 1937, s. 106