Sint-Pitertsjerke (Grou)

Ut Wikipedy
Sint-Pitertsjerke fan Grou
Súdkant Sint-Pitertsjerke

De Sint-Pitertsjerke is in yn de 13e iuw boude romaanske tsjerke yn it doarp Grou.

De tsjerke waard boud yn it begjin fan de 13e iuw. Yn de bûtenmuorre fan it koar is de romaanske gevelfersiering dúdlik te sjen yn de foarm fan in klimmend bôgefries en in horizontaal bôgefries. De tsjerke is yn de rin fan de tiid meardere kearen ferhege en fergrutte. Dowestien en bakstien wikselje elkoar dêrby ôf. Yn de 15e iuw waard de tsjerke fannijs útwreide en waard de hjoeddeiske toer boud. Nei de herfoarming krige it koer in oare bestimming. Oant 1832 is dat part fan de tsjerke brûkt as rjocht- en riedhûs. De finsters yn de koermuorre komme út dy perioade. Inkelde fan de gevels binne wer tichtmitsele. Nei 1832 kaam dêr de kosterswentening en noch wer letter waard de romte geskikt makke om as konsistoarje brûkt te wurden.

Op in spitsbôgich timpaan yn de toer wurdt neamd, dat der yn 1672 trije iken skonken binne troch de doetiidske grytman fan Idaarderadiel, jonker fan Burmania en syn frou. De tekst ferwiist nei de roerige tiden, wêryn't it lân oerspield waard troch de macht van Frans en Brit (sjoch ôfbyld). De folsleine tekst is:

Doen men sestyn eeuwen sach, int jaer seventig en twee,
Doen ons landt het weegeklach overstroomde als een see
Door de macht van Frans en Brit, ondersteund door Myterheeren,
Die veel menschen haar besit Roofden, k hoop Godt salt voorts weren,
Doen sijn deese Eeske boomen, hier van Cornium ghekoomen
En door onse last geset,
K hoop Idaerderdeel sal bloijen, t volk gelijck laurijren groijen
Dat s ons wens en ons gebet.
Gegeuen door ons jh. La BURMANIA diestijt Grietman over
Idaerderderdeel doch Anno 1673 ghekoren tot Grietman over Leeuwarderadeel
ende Juffr. JULIANA AGATA VAN AYLVA sijn huisvrouw desen 13 Augusti 1675.

Yn it ynterieur steane in 17e iuwske preekstoel en twa 18e-iuwske hearebanken, de Roordabank en de Kamstrabank. It oargel komt út de 19e iuw en is makke troch de firma L. van Dam. Oan de westlike muorre hinget in saneamd geboadeboerd; oars as de measte geboadebuorden stiet dêrop net de tekst fan de Tsien geboaden, mar de gearfetting út it evangeelje fan Mattéus en in tekst út it evangeelje fan Jehannes (sjoch ôfbyld). It boerd waard skonken troch de grytman fan Idaarderadiel, Carel fan Roorda. De ôfbylde sulverene jûnsmielskaal is in geskink fan Andries Roorda en syn frou Nolkje fan Heloma. Op de skaal stiet te lêzen:

Laat Andries Roorda met Vrou Nolkjen Heloma
Ter Eeren van Godts Kerk dit silverwerk ons schenken
Wij neemen 't danklijck aan met wensch dat Godt hier naa
Haar beijder liefde plicht in liefde wil gedenken

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: