Springe nei ynhâld

Sulver

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sulveren)
Sulver
In sulverkristal (dendryt).
Relykskryn yn sulver

Sulver is in skiekundich elemint mei symboal Ag en atoomnûmer 47. It is in sulverkleurich oergongsmetaal. (dendryt)

Sulver wurdt al foar it begjin fan ús jiertelling brûkt foar fersiersels en as betelmiddel. Ut opgravings blykt dat al 4000-3500 f.Kr. sulver skieden waard fan lead op eilannen yn de Egeyske See en Anatoalje. Faak waard sulver assosearre mei de moanne, de see en ferskate goaden. Yn de algemy waard foar sulver it symboal fan in heale moanne brûkt en algemisten neamden it Luna. Fan it metaal kwik waard tocht dat it in soarte sulver wie. Yn sommige talen blykt dat noch út de namme dy't kwik hat lykas quicksilver yn it Ingelsk of kwiksulver (= libben sulver). Folle letter die bliken dat it om twa ferskillende eleminten gie.

De namme sulver is fia it Aldheechdútsk silabar ôflaat fan de germaanske woartel silubra. Yn it Latyn hjit sulver argentum, dêr't sulver it symboal Ag oan tankt.

Sulver stiet tsjintwurdich symboal foar it twadde plak yn wedstriden en foar 25-jierrige jubilea.

Sulver waard lange tiid benammen as sulverhalogeniden yn de fotografy brûkt. Oare tapassings fan sulver binne:

  • De goede elektryske gelieding fan sulver makket it in tige geskikt materiaal yn elektryske en elektroanyske produkten. Yn sirkwys wurdt sulver (of sulverlegearings) brûkt om komponinten mei elkoar te ferbinen. Foar langereferbiningen is sulver te djoer.
  • Foar spegels fan tige hege kwaliteit is sulver geskikt omdat it goede ljocht reflektearjende eigenskippen hat. Mar meastal wurdt hjirfoar aluminium brûkt omdat it folle goedkeaper is.
  • Yn sommige lannen befet muntjild noch sulver, mar hjirfoar wurde hieltiten faker oare metalen brûkt. Der binne minstens 14 talen wêryn foar sulver en jild itselde wurd brûkt wurdt. * De glâns fan sulver makket dat it yn trek is foar sieraden. Yn Europa wurdt sulver brûkt foar bestek, skalen, kandlers en tsjinblêden. Der bestietn o fersulvere en massyf sulver. Meastal wurdt hjirfoar earste en twadde gehalte sulver brûkt. Earste gehalte (925/1000) is in legearing fan 92,5% sulver en 7,5% koper. Yn sommige Ingelsktalige lannen wurdt de term "Sterling" brûkt.
  • Yn de toskhielkunde wurdt sulver wyls net mear brûkt omdat it dan wol relatyff maklik yn de goede foarm te meitsjen is, mar dochs wat toksyske eigenskippen hat.
  • Fanwegen de desynfektearjende eigenskippen wurdt sulver tsjintwurdich ek wer brûkt foar it suverjen of suver hâlden fan drinkwetter. Spesjaal foar lytse mannichten wetter (100 liter - 100 x 100 x 10 sm) is sulver (as sulvernitraat, ienfâldiger te dosearjen en ta te passen as gloar. Yn de genêskunde waard kolloïdaal sulver eartiids as antibiotikum brûkt, yn de alternative genêskunde wurdt it noch altiten foar dizze tapassing brûkt.
  • As katalysator wurdt sulver yn de yndustry brûkt foar bygelyks de produksje fan formaldehyde en eteenokside

In tige singelier tapassing fan sulver is as sulverjoadide dat fyn fernevele brûkt wurdt om mist te redusearjen om fleanfjilden.

Opmerklike eigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sulver is in ienfâldich te bewurkjen metaal dat in bytsje hurder is as goud. Sulver hat fan alle metalen de bêste elektryske gelieberheid. Sulver geliedt sels better as goud of koper. Mar goud wurdt faker brûkt omdat it net korrodearret. Dêrneist geliedet sulver fan alle metalen waarmte it bêste en hat it de heechste optyske refleksje (tenminsten as it sichtber ljocht betreft; ultrafiolet ljocht reflektearret it minste). Sulverhalogeniden binne gefoelich foar ljocht. As sulver bleatsteld wurdt oan wetter of lucht, dat Ozon of Wetterstofsulfide befet, foarmet him in swarte laach fan Sulver-sulfide.

  • It raanpunt fan sulver is 961,78 °C (1234,93 K) of 1763,2 °F.
  • It kôkpunt fan sulver is 2162 °C (2434 K) of 3924 °F.

Yn de natuer komt sulver sawol net-bûn as yn kombinaasje mei lead, swervel, arsenikum, gloar en oare eleminten foar. De wichtichste boarnen binne te finen yn Meksiko, Kanada, Perû en de Feriene Steaten.

Yn it ferline koe de ûntdekking fan sulver de oanset wêze ta in opskuor fan Sulverkoarts.

Meast stabile isotopen
Iso RO (%) Ferfaltiid FF FE (MeV) FP
107Ag 51,839 stabyl mei 60 neutroanen
108Ag syn 418 j EF 2,027 108Pd
109Ag 48,161 stabyl mei 62 neutroanen

Fan sulver komme der yn de matuer twa stabile isotopen (107Ag en 109Ag) foar yn ûngefear likense ferhâlding. Dêrneist binne der ûngefear 28 radioaktive isotopen, wêrûnder sulver-103, bekend mei ferfaltiden fariearjend fan inkele hûnderten jierren oant inkele minuten.

Sulver stiet yn it periodyk systeem yn deselde groep as koper. Krektas koper hat ook sulver de falinsjes 1+ en 2+, neist metallysk sulver. Oars as koper, dat standert as twaweardich ion foarkomt, is it meast foarkommende sulver-ion de ienweardige foarm. De twaweardige foarm is allinnich stabyl neist tige sterke oksidators, bygelyks yn sulver(II)fluoride. Yn de kompleksometry is sulver in metaal dat twa liganden ferbine kin, byfgelyks yn AgCl2.

Yn de analityske gemy wurdt sulver, yn de foarm fan sulvernitraat tapast yn de kwalitative- en kwantitative analyze fan halogeniden, benammen gloaride.

Toksikology en feilichheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metallysk sulver is net skealik mar in protte sulver befetsjende ferbiningen binne wol giftich en kinne kankerferwekkend wêze. Sommige sulverferbiningen kinne de sykte argyry feroarsaakje dy't permaninte grize of swarte flekken feroarsaket op de hûd. Hoewol't dat net skealik is, wurdt in lijer hjir net oantrekliker op.

Yn de taal wurdt sulver ek brûkt as oantsjutting foar "weardefol" en/of "duorsum", lykas:

Sulver is ek de oantsjutting foar ljochtgrizige metallic-kleur.