Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De moanne.

De moanne is de natuerlike satellyt fan 'e Ierde. Dit himellichem wurdt ornaris oantsjut as "de moanne", mar soms ek wol as "de Moanne", mei in haadletter, om te fertsjutskjen dat it om in namme giet. Om it ferskil mei moannen yn it miene te fergrutsjen, wurdt (benammen yn wittenskiplike fermiddens) ek wol de Latynske namme Luna brûkt. It eigenskipswurd dat by de Moanne heart, is lunêr, in ferbûging fan 'e Latynske namme.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Moanne had in diameter fan 3.475,6 km. Yn ús sinnestelsel is dat grut, mar der binne in pear moannen dy't noch grutter binne. It ferhâld ta de planeet, de Ierde, dêr't de Moanne omhinne draait, is noch bysûnderder. De diameter fan de Moanne is likernôch in fearn fan dy fan de Ierde. Allinnich Garon is, yn ferhâld ta Pluto, noch grutter. De diameter fan Garon is de helte fan dy fan Pluto.

De massa fan de Moanne dy't it wetter nei him ta lûkt, jout it tij. De ôfstannen en diameters fan de Ierde, de Moanne en de Sinne binne sa dat as se op in rige stean, der in sinnefertsjustering of in moannefertsjustering komme kin. As se net op in rige stean is sjoen fan de Ierde in part fan de moanne ferljochte. Dit hjitte de skynfoarmen fan de moanne.

Minsken op 'e Moanne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minsken hawwe lang besocht op de Moanne te kommen. Der binne ek in protte ferhalen oer skreaun. Al om it jier 160 hinne skreau Lusianus fan Samosata Vera Historia, oer in seeskip dat troch in stoarm yn de loft blazen wurdt en op de moanne bedarret. It ferneamdste ferhaal is faaks In Reis nei de Moanne fan Jules Verne.

Op 14 septimber 1959 berikke de Luna 2 út de Sowjetuny as earste de Moanne, troch der tsjin te pletter te slaan. In pear jier letter wie it de Luna 9 dy't op 3 febrewaris 1966 om 18.44.52 (UTC), as earste romteskip op de Moanne lâne. It duorre oant 20 july 1969 eart NASA der as earste, en oant no ta as ienige, yn slagge minsken op de moanne lânje te litten. Op 21 july 1969 sette Neil Armstrong as earste minsk foet op de Moanne, mei de wurden: That's one small step for man, one giant leap for mankind ("Dat is in lytse stap foar in minske, (mar) in geweldige ljep foar de minsk.") Yn totaal hawwe tolve minske op de Moanne west. De lêste misje wie de Apollo 17, dy't op 11 desimber 1972 de moanne berikte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moannefazen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kartografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]