Histoarysk Sintrum Ljouwert
It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) is it sintrum foar ynformaasje en aktiviteiten oer de skiednis fan Ljouwert en Ljouwerteradiel. It is yn 2001 ûntstien út it eardere Gemeenteargyf Ljouwert en is it âldste stedsargyf (sûnt 1838) fan Nederlân.
Yn it HSL wurde in hûndertmannich argiven bewarre fan de gemeenten Ljouwert en Ljouwerteradiel en fan partikuliere bedriuwen, persoanen, famyljes en ynstellings; in nijsgjirrige bibleteek en in mânske byldsamling. Dy byldsamling, de topografysk-histoaryske atlas, is de grutste yn iepenbier besit yn Noard-Nederlân. De samling bestiet foar it grutste part út foto's, mar ek út printen, tekeningen, kaarten en oar materiaal.
It HSL spilet in haadrol in de organisaasje fan ferskate jierlikse eveneminten dy't mei elkoar tûzenen besikers lûke, lykas Iepen Monumintedei, de Liwwadderdag en de Dei/Wike fan de Skiednis.
It tal besikers fan it HSL wûn tusken 2001 en 2005 oan fan 7.035 nei 8.647. It berik is lykwols frijwat grutter om't in soad aktiviteiten as gefolch fan de minne husfesting op oare lokaasjes yn de stêd plakfine moatte. Sûnt 2005 is it HSL ek ferantwurdlik foar it behear fan it gemeentlik keunstbesit. Yn 2007 ferhuze it HSL fan de Grutte Tsjerkestrjitte nei nijbou oan de râne fan de Prinsetún, Groeneweg 1. It HCL beheart sûnt 2005 ek it Pier Pander Museum (yn de Prinsetún) en de Pier Pandertimpel (yn de Noarderplantaazje), beide tichteby it nije gebou fan het HCL. Yn 2010 kaam ek de Aldehou ûnder it behear fan it.
Organisatoarysk is it HSL diel fan de sektor Ynformaasjebehear fan de Tsjinst Algemiene Saken fan de gemeente Ljouwert. De sektormanager is ek gemeente-argivaris.