Springe nei ynhâld

Pibo Ovittius fan Abbema

Ut Wikipedy
Hantekening fan Pibo Ovittius fan Abbema

Pibo(nni) Ovitius van Abbema, werklike namme Pibe Wytthiesoan fan Abbema, (Grou, ± 1542 - 1618) wie in Nederlânsk apteker en dûmny fan Frysk komôf.

Pibe ferhuze nei Aldeboarn, troude mei Waeb Syrcksdochter en krige bern. Oarloch twong him de wyk te nimmen nei Grins, dêr't hy in twadde frou troude en in bern krige. Doe't dizze bigamy út kaam, sette it Hof fan Fryslân him finzen, en úteinlik waard hy band út Fryslân. Syn 'echte' frou Waeb Syrcksdochter waard op 17 augustus 1594 yn de Doelhôftsjerke yn Aldeboarn begroeven.

Pibe fan Abbema begûn doe in einleaze swalktocht, wêrby't hy earst as medikus, dêrnei as pastoar en by eintsjebeslút as dûmny yn syn libbensûnderhâld foarseach. As pestdokter dûkte er efterinoar op yn Delft, Amersfoart en Duisburg. Nei preesterwijïng yn Keulen waie hy pastoar yn it Linmburchske Kessel en dêrnei yn it Kleefse lân (Orsoy en Weeze). As grifformeard dûmny wurke hy yn Terborg, Ochten, Werkhoven, op it eilân Wieringen, yn Didam, Ynskedee, Hagestein, Nigtevecht en Zuilen. As pastoar/dûmny liet Pibe him Ovittius neame. De libbensrin fan Pibe liket hast in skelmeroman. Hieltiten wist hy foar koarte tiid it betrouwen fan heechpleatste persoanen yn tsjerke en polityk te winnen. Sa wist hy twaris de steun te krijen fan Maria van den Bergh, de sus fan Willem fan Oranje. Dat koe lykwols net foarkomme dat hy kear op kear flechte moast, omdat hy ynhele waard troch geroften oer syn ferline. Mei betrekking ta syn amoureuze libbenswannel waard dúdlik dat "er oan ien frou blykber net genôch hie".

Ek op tsjerklik mêd koe hy as pastoar of as dûmny mei grut gemak ferskillende hearen tsjinje. As medikus hied er de twifeleftige reputaasje fan tsjoender en wearwolf. Hy wie in man mei in soad gesichten; ien dy't syn tiidgenoaten yn betizing brocht mei syn faak wikseljende gedaanteferwikselingen. It ferhaal fan Pibo Ovittius spilet op it momint dat de yngripende tsjerklike en maatskiplike feroarings barre oan de ein fan de 16e iuw. Syn libbensrin lit treffend sjen hoe tin de skiedslinen tusken katolyk en protestantsk en tusken Spaansk en Steatsk noch lange tiid west hawwe.

Nettsjinsteande syn net ûnbesprutsen gedrach waard noch yn syn libben yn 1612 in tegeltableau foar him oanbrocht yn de súdmuorre fan de Doelhôftsjerke yn Aldeboarn. It earebetoan hie hy te tankjen oan syn soan Wytse, dy't as siketreaster yn East- en West-Ynje yn de spoaren fan syn heit gie en sels dy syn namme (Ovittius Abbema) oernaam. De grêfstien fan Waeb Syrcksdochter en it tegeltableau binne no noch te bewûnderjen.

De yn Ynskedee op 30 july 1923 oprjochte Nederlânsk-herfoarme Ovitius-stichting is nei him neamd as earste grifformearde predikant dêre.

De Romeinske dichter Ovidius, nei wa't syn latinisearre namme likegoed ferwiist as nei Wytsessoan, hat opmerklike oerienkomsten mei Pibe. Beiden fielden de pine fan ballingskip, fier fan hûs en hurd, en wienen elk op harrren eigen manier masters fan de metamorfoaze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.H.A.M. Abels -Ovittius’ metamorphosen. De onnavolgbare gedaantewisselingen van een (zielen)dokter in de Reformatietijd., Delft, 2003, ISBN 9051669925