Doelhôftsjerke

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Doelhôftsjerke fan Aldeboarn
Oargel

De Doelhoftsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Aldeboarn. De tsjerke waard boud yn 1753 en stiet mei it Andringahûs op it heechste punt fan de terp. Eartiids stie de hjoeddeiske tsjerketoer der al. Dizze toer is ien fan de heechste doarpstsjerketuorren fan Fryslân, mar waard yn de jierren 1736 - 1737 boud omdat de oare tsjerketoer (Bonifatiustsjerke) rekke wie troch de bliksem. De eardere tsjerke en toer bestiene hielendal út dowestien. De stiennen fan de tsjerke waarden ferkocht. Doe't de nije hjoeddeiske toer klear wie stie it net moai. Boppedat hie de tsjerklike gemeente goed oan de ferkeap fertsjinne en yn datselde jier waard dien mei de tsjerkestiennen. Der blykte by eintsjebeslút noch jild oer te wêzen, mei omdat 25 persint fan de bousom troch de Aldeboarnsters opbrocht wie.

De toer is eigendom fan de boargerlike gemeente. Oan de westside fan de toer is in fraai byldhoude yngongspartij. Yn de bekroaning is it wapen fan Aldeboarn oanbrocht. De toer stie 1,50 meter út it lead. Yn de toer hingje twa klokken. Sintraal yn it ynterieur stiet de preekstoel. Dizze is yn 1753 makke troch de Boarnster timmerman Jan Binnes. Yn 1779 hat Lambertus fan Dam it oargel boud. De Doelhôftsjerke hat in prachtich ferwulf mei de stjerrehimel. Der sit in tinkstien yn de gevel fan de toer. De Tsjerke wie tawijd oan Sint Pankratius.

Jubileum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 ferskynde in jublieumboek fan dr Cor Waringa, âld-Boarnster en letter dûmny op De Jouwer: Kerke-boeck van Aldeboarn. Hy giet dêryn noch fierder werom as 250 jier. Yn de Aldheidkeamer wie in eksposysje en yn it doarpshûs in tentoanstelling fan Boarnster Sint-Merten lampions. Doe is ek it tinkraam ûnthuld, ûntwurpen troch Jan Murk de Vries út Furdgum. It betinkingsrút is foar Boargemaster Van Baerdt van Sminia. Hy waard op de dei fan de Fryske befrijing yn Dútslân deasketten foar in fersetsdie yn Akkrum. Eartiids moatte der wol alve brânskildere ramen yn de tsjerke sitten hawwe. Eartiids waard by jubileums wol faker troch Deputearren in raam skonken.

Op 12 desimber 2003 waard it beslút nomd oer de tsjerkefúzje tusken herfoarmden en lutheranen. By dy gelegenheid waard in sulveren betinkingsleppeltsje makke foar alle belidende leden, mei de tsjerke yn reliëftop. Op de efterkant fan de stâle stie de ynskripsje ‘250 jaar Doelhôftsjerke 11-11-2003’. Twa ‘earste eksimplaren’ waarden oanbean oan de âldste ynwenner Aldeboarn, Hans Jansma (91), en it jongste gemeentelid, dopeling Elianne Marije Smedinga.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Cor Waringa - Kerke-boeck van Aldeboarn (2003)