Springe nei ynhâld

Fermanje fan Grou

Ut Wikipedy
Fermanje
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Grou
adres Haadstrjitte 44
koördinaten 53° 5' N 5° 50' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Mennistegemeente
Arsjitektuer
boujier 1819
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22889
Webside
Side fan de doopsgesinde gemeente Mid-Fryslân
Kaart
Fermanje fan Grou (Fryslân)
Fermanje fan Grou

De Fermanje fan Grou is de tsjerke fan de minnistegemeente Mid-Fryslân.

De Grouster minnistegemeente is yn 'e twadde helte fan de 16e iuw ûntstien. Ynearsten kamen de dopersken thús of yn oare provisoaryske ûnderkommens by inoar. Yn 1659 waard op it plak fan de hjoeddeiske fermanje de earste skûltsjerke boud. In skuorring yn 'e gemeente late lykwols ta opsplitsing. De mear behâldende leden, fakentiden besteande út boeren en gewoan folk, ferhûzen nei in skuorre yn 'e stege noardlik fan it hûs oan 'e Haadstrjitte 2. Dêrfoaroer holden de frijsinnigen (it mear begoedige folk lykas de Halbertsma's) de skûltsjerke.

Ynterieur

Mei't yn 'e rin fan 'e tiid de grutte ferskillen ferdwûnen en de hege heffings yn de Frânske tiid hast net mear op te bringen wiene, kamen de beide gemeenten wer by inoar. Op it plak fan de skûltsjerke waard in nije sealtsjerke boud. By de tsjinsten bleaune de twa gemeenten noch wol in skoft apart sitten: yn de noardlike kant fan it paad siet it begoede folk, wylst de boeren en it gewoane folk yn it súdlike diel sieten.

Yn 1872 kaam der in ein oan 'e foarsjonger, doe't in nij oargel troch de bruorren Adema boud waard. It ynstrumint besiet alve registers, ferdield oer ien manuaal en oanhongen pedaal.

It Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 1920 en wreide it út mei in twadde manuaal oant tolve registers. Foar it lêst waard it oargel restaurearre yn 1991 troch Hendriksen & Reitsma út Nunspeet.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: