Rinse Klazes Koopmans

Ut Wikipedy
Rinse Koopmans, skildere troch Douwe de Hoop

Rinse Klazes Koopmans (Grou, 9 maart 1770 - Koudum, 5 septimber 1826) wie in minnistysk teolooch en predikant.

Rinse Koopmans wie in soan fan Klaes Rinses Coopmans, bûterkeapman en likepreker fan de menistegemeente yn Ljouwert. Hy studearre oan it Amsterdamske Menisteseminary en stie dêrnei as predikant yn Bloksyl 1794, Dokkum 1795 en fan 1795 oant 1812 yn Amsterdam.[1] Dêrnei waard er heechlearaar oan it Menisteseminary.

Koopmans skreau in tal Verhandelingen, dy't publisearre waarden. De zoenoffers des Ouden Verbonds en den dood van Christus met derselve vergeleken wûn in priis fan it Teylers Earste Genoatskip, dêr't er yn 1815 ek lid fan waard.

Koopmans syn rede oer Gysbert Japiks yn 1801 brocht fannijs omtinken foar dy 17e-iuwske Fryske dichter.

Yn 1797 boaske er oan Janke Cnoop (stoarn 1823) fan Boalswert. Koopmans stoar yn syn hûs yn Boppebuorren ûnder Koudum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Koopmans, Rinse (1770-1826) yn de Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Koopmans, Rinse Klaasses.