Douwe de Hoop
Douwe de Hoop (Warkum, 24 maart 1800 - Amsterdam, 27 oktober 1830) wie in Nederlânske keunstskilder en tekener fan Frysk komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hoop waard yn 1800 te Warkum berne as soan fan de houtmûnder Jan de Hoop en Gelida Pieters Hessling. Neffens Kramm woenen syn heit en mem dat er yn 'e hannel gean soe, mar hy woe keunstner wurde. Yn Warkum krige er les fan 'e skilder Joost Zeeman dy't him talei op stillibbens. Dêrnei gong er yn de lear by Cornelis Kruseman yn Amsterdam. Hy krige syn fierdere oplieding oan de âlde Amsterdamske Keunstakadeemje. Al sûnt syn oplieding waard syn wurk mear as ien kear bekroand. De Hoop skildere sjenre- en figuerfoarstellingen, mar ek portretten en stillibbens. Hy hearde ta de lytse groep fan keunstskilders dy't har taleinen op it skilderjen fan foarstellingen by kjersljocht. Hy wie de learmaster fan Petrus Kiers, dy't him ek spesjalisearje soe op it mêd fan kjersljochtfoarstellingen. De Hoop lei yn syn wurk ek de gefolgen fan de stoarmfloed fan 1825 fêst; dêrby wiene ek de diken by syn bertedoarp Warkum trochbrutsen. Fan syn ôfbyldingen fan de ramp waarden in pear printsjes makke.
It wurk fan De Hoop is frij beheind bleaun. Hy stoar al jong yn 1830, 30 jier âld, oan de tarring yn Amsterdam. Wurk fan De Hoop sit ûnder mear de kolleksjes fan it Ryksmuseum Amsterdam, it Frysk Museum en it Frysk Skipfeart Museum yn Snits.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boschma, C. "Een Friese schilder en zijn netwerk: Douwe de Hoop (1800-1830) en het portret van Benjamin Franklin" yn De Vrije Fries, fol. 78, s. 99 o/m 112, 1998
- Boschma, C. "Nogmaals Douwe de Hoop" in De Vrije Fries, fol. 79, s. 151 o/m 152, 1999
-
Fryske famylje (1828)
-
Portret fan Rinse Koopmans (1820/1824)
-
Omkriten fan Nijlân
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Douwe de Hoop fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|