Springe nei ynhâld

Ulke Brolsma

Ut Wikipedy

Ulke Brolsma (Grou, 29 desimber 1943) is in Frysk skriuwer út Saandam.

Ulke Brolsma is hikke en tein yn Grou. Op de kweekskoalle op It Hearrenfean folge er de oplieding foar ûnderwizer, om dêrnei de skoalle foar sjoernalistyk yn Utert te dwaan. Earst waard er yn Wageningen gemeentefoarljochter, letter waard er dat yn Saandam. Ek wie er haadredakteur fan it Universiteitsblêd fan de Lânbou Universiteit fan Wageningen.

Ulke Brolsma komt út in skriuwerslaach: syn heit Lieuwe Brolsma (1912-1976) hat trije romans, ferskate ferhalen en de earste Frysk strip: 'Kopkewoartel' op syn namme stean en pake Reinder Brolsma (1882-1953) wie foar in lang tal jierren ien fan de meast produktive en meast lêzen Fryske skriuwers. Ulke begûn pas op lettere leeftyd te skriuwen, hy die dat earst fral as gemeentefoarljochter. Nederlânske stikjes skreau er foar de Maatstaf en De Groene Amsterdammer. Sûnt Doeke Sijens in biografy skreaun hie oer syn pake, begûn Ulke Brolsma ek serieus te skriuwen. It earste ferhaal dat er opstjoerde hiet fan It hûs, it waard yn juny 1999 publisearre yn it tydskrift Trotwaer. Dêrnei ferskynde fan syn hân ek ferhalen by Kistwurk, Farsk en Ensafh. Yn 2000 krige Brolsma de Rely Jorritsmapriis foar syn ferhaal Ioana. Yn septimber 2001 ferskynde syn debút, dat ek de titel Ioana hie, by de Friese Pers Boekerij. Guon fan de ferhalen spylje har ôf yn Fryslân, oare krekt yn lannen as Frankryk, Roemeenje en Perû. Ien fan de sintrale tema’s is de relaasjeproblematyk en ûnmooglike leafdes. Besprekker Jabik Veenbaas wie ridlik posityf oer it debút fan Brolsma.

Yn 2006 ferskynde it twadde boek fan de hân fan Brolsma, it hiet Een slagje hier en daar : De Tsiendeiske Fjildtocht fan Hessel Brolsma en ferskynde by Utjouwerij Bornmeer. It is in dokumintêre roman oer syn oer-oer pake Hessel Brolsma. It boek is basearre op de brieven dy't Hessel Brolsma oan syn âlden skreaun hat. Hy skreau dy brieven yn de perioade dat er tsjinne yn it Nederlânsk leger, dat wie yn de tiid fan de Tsoemdeiske Fjildtocht tsjin de Belgyske opstân (1831-1836). Yn 2009 kaam ûnder de titel Werom nei Grou syn tredde boek út. Yn 2006 hat Brolsma foar de krante De Midfrieslander in stikmannich stikjes skreaun oer syn jeugd yn Grou mei as titel Efkes werom nei Grou. Yn 2007 kamen noch mear fan dy ferhalen. Foar it nije boek hie Brolsma de ferhalen flink bewurke en útwreide, ek kamen der nije ferhalen by. Nei in jier wie it boek fierhinne útferkocht. It jier derop ferskynde it boek Werom nei Fryslân, dat boek befettet ferhalen dy't in byld jouwe fan Brolsma syn aventoeren yn de jierren sechtich. Skildereftige persoanen en allerhande lokaasjes komme oan de oarder. It boek waard presintearre yn Boekhandel Friso yn Grou, de earste eksimplaren wiene foar twa pakesizzers fan Brolsma: sjonger-skilder Gerrit Breteler en aktrise Anke Bijlsma. Yn 2016 ferskynde it boek Oarloch yn en om Grou, it ferhaal fan de oarlochsjierren 1940 - 1945 yn Grou.

  • 2001 : Ioana (ferhalen)
  • 2006 : Een slagje hier en daar : De Tsiendeiske fjildtocht fan Hessel Brolsma (dokumintêre roman)
  • 2009 : Werom nei Grou
  • 2010 : Werom nei Fryslân
  • 2016: Oarloch yn en om Grou

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: