Rixt (dichteresse)

Ut Wikipedy
Hendrika van Dorssen (Rixt)

Rixt, pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (Grou, 27 septimber 1887 - Colmschate, 31 jannewaris 1979) wie in Fryske dichteresse. Hoewol't har oeuvre mar lyts is hat it wol grutte ynfloed hân yn it Fryske taalgebiet.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rixt gie nei har legere skoaltiid nei de famkes-HBS yn Ljouwert. Dêrnei folge se in oplieding ta ûnderwizeresse, mar se stie nea foar de klas. Se helle in akte foar gemeente-administraasje, wurke fan 1917 oant 1919 op de gemeentesekretary yn Snits en dêrnei oant har pensjoen by de gemeente Dimter, dêr't se it brocht ta waarnimmend gemeentesekretaris.

Untwikkeling as dichteresse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In har jeugd hat Rixt lang tuberkuloaze, wêrtroch't se ferskate kearen yn kueroarden tahâlde moast. Yn it sanatoarium yn Putten moete hja de jonge dichter J. Philip van Goethem, ûnder waans ynfloed se yn it Nederlânsk begûn te dichtsjen. Har earste ferzen waarden yn 1913 publisearre yn it tydskrift Nederland (dat doe noch in tige respektabel blêd wie). Yn Davos rekke Rixt befreone mei oare pasjinten út Fryslân, wêrmei't se mei-inoar Fryske poëzij lies, ûnder oare fan Piter Jelles en Obe Postma. Dat ynspirearre har ta it skriuwen fan gedichten yn har memmetaal. Troch de dichter Jan Jelles Hof, dy't fia in mienskiplike freondinne ferzen fan Rixt ûnder eagen krige hie, waard Rixt oanmoedige dy op te stjoeren nei Onno Harmens Sytstra. Dat late yn 1913 ta de earste publikaasje fan har Fryske fersen yn Forjit my net, it tydskrift fan it Selskip foar Fryske tael- en skriftekennisse.

Fierdere publikaasjes folgen yn It sjongende Fryslân (1917) en De nije moarn (1922), blomlêzingen dy't gearstald waarden troch Douwe Kalma, dy't Rixt priizge om har moed persoanlik tinte leafdesgedichten út te bringen yn it destiids yn harsels kearde Fryslân. Troch Kalma's loovjende krityk waard Rixts namme as dichteresse dy't út it hert spriek yn ien kear fêstige. Har poëzij kundige in nije dichtkeunst oan, dy't yn de saneamde Jongfryske perioade yn de Fryske literatuer ta bloei komme soe. Hjiryn fersette in nije generaasje skriuwers har tsjin de yn harren eagen provinsjale en sterile folksskriuwerij fan minsken as Waling Dykstra. Se bepleiten ynstee dêrfan, krektas de Tachtigers yn it Nederlânske taalgebiet, in mear estetyske en persoanlike literêre keunst. Dy moast it Frysk in plak besoargje tusken oare nasjonale literatueren en in brêge slaan tusken Skandinaavje en Ingelân.

De gouden rider[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grêf fan Hendrika van Dorssen yn Grou

Rixts ienige bondel, dêr't sa goed as al har wurk yn stie, is De gouden rider (1952) dy't se publisearre doe't se al healwei de sechtich wie. Hjiryn is de ûntwikkeling fan de eroatyske lyryk út har jonge jierren nei de ripe wiisheid fan in frou op leeftiid goed te folgjen (Maaie 2017, ;boarne?). Har lettere gedichten binne minder spontaan as har eardere wurk en befetsje ek eleminten fan twifel, berêsting en irony. Foar De gouden rider waard Rixt yn 1953 de Gysbert Japicxpriis takend, de heechste Fryske literêre ûnderskieding. Dit barde lykwols net sûnder protesten, omdat benammen har iere gedichten fanwege harren gefoelichheid en oprjochtheid troch guon as ûnseedlik beskôge waarden.

Betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al is har oeuvre lyts, Rixt hat der likegoed in wichtich plak yn de Fryske literatuer mei ynnomd. Se bleau oan hege leeftiid ta belutsen by alles wat dêrmei te krijen hie en joech as "grande dame fan de Fryske poëzy", sa't se wol neamd waard, allinnich al troch har oanwêzichheid glâns oan mannich literêre gearkomst. Rixt is op 31 jannewaris 1979 yn 'e âldens fan 91 jier ferstoarn yn Colmschate, in earder doarp by en wyls stedsdiel fan Dimter. De gemeente Ljouwert neamde in jier letter in strjitte nei har, de Rixtwei.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1952: De gouden rider (gedichten) (werprintinge yn 1953, 1954 en 1977)
  • 1979: Rixt fortelt, trije oantinkens (oantinkens, taheaksel by it moanneblêd De Strikel)

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]