Jan van der Leij
Jan van der Leij (Grou, 25 april 1952) is in Frysk skriuwer en arsjitekt út Wyns.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan van der Leij is hikke en tein yn Grou, oant syn tweintichste hat er yn it plak wenne. Doe gie er nei Grins om oan de Akademy foar Boukeunst de stúdzje foar arsjitekt te folgjen. Van der Leij is no ek arsjitekt, hy is ferbûn oan it kantoar fan Abe Bonnema silger yn Hurdegaryp. Tegearre mei Bonnema ûntwurp er yn opdracht fan Achmea Fêstgoed de Achmeatoer yn Ljouwert, de 115 meter hege toer is ôflevere yn 2002.
Op fakânsje is Van der Leij begûn mei dingen op te skriuwen, koarte observaasjes waarden ferhaaltsjes dy't bedoeld wiene foar syn fakânsjeplakboek. Dêrnei begûn er ek mei it skriuwen fan langere ferhalen, hy debutearre mei trije ferhalen yn de bondel Tuskenspul. De bondel kaam yn 1997 út en bestiet út keatsferhalen en gedichten. De ferhaaltsjes fan fakânsje wiene yn it Nederlânsk skreaun, mar by de langere ferhalen skeakele er oer nei it Frysk. Om dat goed te dwaan, folge er kursussen by de Afûk. Op kursus by Akky van der Veer learde er mear oer it skriuwen fan ferhalen. Dat wie net foar neat, want yn 2003 krige er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Apart. It jier dêrop krige Van der Leij wer de priis, datkear foar it ferhaal Fertocht. Yn 2005 folge syn debút, by Utjouwerij Venus ferskynde de ferhalebondel De tiid stie even stil. De ferhalen Apart en Fertoch wiene beide opnommen yn dy bondel.
De ferhalen yn de bondel rinne nochal troch inoar, der sit ferskil yn sfear en ûnderwerp, mar dêrneist binne de ferhalen ek ferskillend fan lingte. Guon resensinten fûnen dat Van der Leij syn ferhalen ôfrinne liet sa't Roald Dahl dat docht. De resensinten Abe de Vries en Jitske Kingma priizgen it skriuwerstalint fan Van der Leij.
Yn 2008 ferskynde syn twadde ferhalebondel, it krige de titel De ein fan 'e dyk mei en waard útjûn by de Friese Pers Boekerij. Yn itselde jier ferskynde ek it audioboek fan de ferhalebondel.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1997 : 3 ferhalen yn de bondel Tuskenspul
- 2000 : ferhaal yn 20 Simmerferhalen (sammelbondel)
- 2005 : De tiid stie even stil (ferhalen)
- 2008 : De ein fan 'e dyk (ferhalen)
- 2008 : De tiid stie even stil: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2003 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Apart)
- 2004 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Fertocht)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |