1946
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 | 1949 | 1950 | 1951 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1946 MCMXLVI |
Ab urbe condita | 2699 |
Armeenske kalinder | 1395 ԹՎ ՌՅՂԵ |
Etiopyske kalinder | 1938 – 1939 |
Hebriuwske kalinder | 5706 – 5707 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2001 – 2002 |
- Shaka Samvat | 1868 – 1869 |
- Kali Yuga | 5047 – 5048 |
Iraanske kalinder | 1324 – 1325 |
Islamityske kalinder | 1365 – 1365 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4642 – 4643 壬酉 – 癸戌 |
1946 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1946.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 11 jannewaris - Yn Albaanje wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepubyk Albaanje, mei Enver Hoxha as earste presidint.
- 9 febrewaris - Yn Nederlân wurdt de Partij fan de Arbeid oprjochte.
- 21 febrewaris - Yn Finlân wurde by de saneamde Oarlochsferantwurdlikheidsprosessen swiere straffen oplein oan politisy dy't yn 1941 ferantwurdlik wiene foar it ferbûn mei nazy-Dútslân. Under harren is ek âld-presidint Risto Ryti, dy't tsien jier finzenisstraf mei twangarbeid oplein kriget.
- 6 maart - Yn 'e nije Grûnwet fan Japan wurdt de macht fan 'e keizer sterk beheind.
- 15 maart - It Feriene Keninkryk stimt yn mei de folsleine ûnôfhinklikheid fan Britsk-Ynje.
- 30 maart - De Grykske Boargeroarloch brekt út tusken it regear en kommunistyske opstannelingen.
- 7 maaie - Yn Nederlân wurdt NSB-lieder Anton Mussert foar lânferrie terjochtsteld.
- 25 maaie - Jordaanje (yn 't earstoan noch ûnder de namme Transjordaanje) wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 26 maaie - Nei in ferkiezingsoerwinning komme yn Tsjechoslowakije de kommunisten oan 'e macht.
- 1 juny - Yn Roemeenje wurdt de eardere faksistyske diktator fan dat lân, Ion Antonescu, terjochtsteld.
- 2 juny - By it Italjaansk referindum oer de monargy stimt in krappe mearderheid tsjin: Itaalje wurdt in republyk. De lêste kening, Umbert II, giet yn ballingskip.
- 19 juny - Hadj Amyn al-Hûsseini, de grutmûfty fan Jeruzalim, dy't himsels ûnder de Twadde Wrâldoarloch nau ferbûn hie mei nazy-Dútslân, kriget asyl yn Egypte.
- 4 july - De Filipinen wurde ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten.
- 4 july - By it Bloedbad fan Kielce, in anty-Joadske pogrom yn 'e Poalske stêd mei dy namme, komme 39 minsken om
- 17 july - Yn 'e Joegoslavyske haadstêd Belgrado wurdt generaal Dragoljub Mihailović, de lieder fan 'e yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei nazy-Dútslân kollaborearjende Četniks, terjochtsteld.
- 23 july - De terroristyske Joadske organisaasje Irgun fiert yn it mandaatgebiet Palestina de oanslach op it King David Hotel út, wêrby't 91 deaden falle.
- 26 juny - Fuotbalferiening Harkemase Boys wurdt oprjochte.
- begjin augustus - Hotze Schuil fan Harns, Æbe Haima fan Doanjum en Riemer Reinalda fan Winsum winne yn Frjentsjer de PC.
- 25 augustus - De RON, in foarrinner fan Omrop Fryslân, begjint mei it útstjoeren fan Nederlânsktalige radioprogramma's, rjochte op Fryslân.
- 15 septimber - Yn Bulgarije wurdt kening Simeon II ôfset. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepublyk Bulgarije.
- 20 septimber - It Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes wurdt foar it earst holden.
- 1 oktober - Yn 'e Prosessen fan Neurenberch wurde deafûnissen útsprutsen tsjin Hermann Göring, Joachim von Ribbentrop, Wilhelm Keitel, Ernst Kaltenbrunner, Alfred Rosenberg, Hans Frank, Wilhelm Frick, Fritz Sauckel, Alfred Jodl, Julius Streicher en Arthur Seyss-Inquart. Lange finzenisstraffen wurde oplein oan Rudolf Hess, Walther Funk, Erich Raeder, Albert Speer, Baldur von Schirach, Konstantin von Neurath en Karl Dönitz. Hjalmar Schacht, Franz von Papen en Hans Fritzsche wurde frijsprutsen.
- 16 oktober - Yn Neurenberch wurde de op 1 oktober l.l. útsprutsen deafûnissen útfierd. Hermann Göring wit oan 'e ophinging te ûntkommen troch koart tefoaren selsmoard te dwaan troch in him tasmokkele syaankalypil yn te nimmen.
- 27 oktober - By ferkiezings yn Bulgarije komme de kommunisten oan 'e macht.
- 23 novimber - De Frânske marine besjit by it saneamde Ynsidint fan Hải Phòng de opstannige Fjetnameeske stêd Hải Phòng, wêrby't mear as 6.000 Fjetnameeske boargers omkomme.
- 19 desimber - Yn Fjetnam brekt de Earste Yndosineeske Oarloch út tusken de Viet Minh, in kommunistyske organisaasje dy't stribbet nei ûnôfhinklikheid, en de Frânske koloniale machthawwers.
- sûnder datum - Emily Greene Balch en John Raleigh Mott ûntfange de Nobelpriis foar de Frede.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Rick Hurst, Amerikaansk akteur
- 3 - Ursul de Geer, Nederlânsk presintator, akteur en regisseur († 2020)
- 3 - John Paul Jones, Ingelsk bassist
- 6 - Johan Veenstra, Stellingwerfsk skriuwer en ferteller
- 6 - Syd Barrett, Ingelsk sjonger en gitarist († 2006)
- 12 - Cas Spijkers - Nederlânsk tillefyzjekok († 2011)
- 26 - Gene Siskel, Amerikaansk filmkritikus († 1999)
- febrewaris
- 10 - Klaasje Postma, Frysk aktrise en toanielskriuwster
- 21 - Alan Rickman, Ingelsk akteur († 2016)
- 23 - Cees Bijlstra, Frysk redakteur en komponist († 2004)
- maart
- 6 - David Gilmour, Ingelsk sjonger en gitarist
- 10 - Jack Talstra, Frysk-Kanadeesk politikus († 2014)
- 12 - Liza Minnelli, Amerikaansk aktrise en sjongster
- 22 - Martha van Wichen-Schol, Frysk wurdboekgearstalster en dichteresse († 2004)
- 25 - Stephen Hunter, Amerikaansk skriuwer en filmkritikus
- 26 - Ljûdmila Titova, Russysk reedrydster
- 28 - Wubbo Ockels, Nederlânsk natuerkundige en astronaut († 2014)
- april
- 1 - Baukje Wytsma, Frysk skriuwster en sjoernaliste († 2022)
- 10 - Armand, Nederlânsk protestsjonger († 2015)
- 25 - Johan Cruijff, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener († 2016)
- maaie
- 1 - Valeri Moeratov, Russysk reedrider
- 2 - Lesley Gore, Amerikaansk sjongster en aktrise († 2015)
- 21 - Meindert Fennema, Frysk Heechlearaar Politikology († 2023)
- 31 - Ytsje Hettinga, Frysk toanielaktrise, skriuwster en oersetster
- 31 - Ivo Niehe, Nederlânsk programmamakker
- juny
- 2 - Tineke Steenmeijer-Wielenga, Frysk konservatrise, leararesse en skriuwster
- 15 - Demis Roussos, Gryksk sjonger en bassist († 2015)
- 18 - Wout Muller, Nederlânsk keunstskilder († 2000)
- 18 - Hanny Alders, Nederlânsk skriuwster († 2010)
- 20 - Bote Wilpstra Nederlânsk politikus († 2021)
- july
- 6 - George W. Bush, presidint fan 'e Feriene Steaten
- 6 - Tiemen Groen, Frysk hurdfytser
- 20 - Cobi Doevendans, Frysk byldzjend keunstneres
- 26 - Thom van der Goot, Nederlânsk teäterdirekteur en regisseur († 2023)
- augustus
- 2 - Feike Salverda, Frysk sjoernalist († 1996)
- 2 - Anny de Jong, Frysk skriuwster
- 9 - Rinus Gerritsen, Nederlânsk bassist
- 14 - Alexander Curly, Nederlânsk sjonger en filmmakker († 2012)
- 18 - Leonard George, Kanadeesk akteur († 2017)
- 19 - Bill Clinton, presidint fan 'e Feriene Steaten
- septimber
- 5 - Loudon Wainwright III, Amerikaansk sjonger, lietsjeskriuwer en humorist
- 5 - Freddie Mercury, Ingelsk sjonger († 1991)
- 5 - Auke Bijlsma, Frysk politikus († 2012)
- 10 - Jim Hines, Amerikaansk atleet († 2023)
- 12 - Steve Biko, Súdafrikaansk anty-apartheidsaktivist († 1977)
- 30 - Rense Westra, Frysk akteur († 2015)
- oktober
- 6 - Gosse Blom, Frysk taalkundige († 2014)
- 10 - Charles Dance, Ingelsk akteur
- 14 - Dan McCafferty, Skotsk sjonger († 2022)
- 17 - Piet van der Wal, Frysk aksjefierder, gemeentepolitikus en dosint († 2019)
- 18 - Binne Lútzen Boarnstra, Frysk dichter, skriuwer, skipper en histoarikus († 2011)
- 27 - Kenneth Turan, Amerikaansk filmkritikus
- novimber
- 4 - Laura Bush, Amerikaansk presidintsfrou
- 5 - Herman Brood, Nederlânsk muzikant en byldzjend keunstner († 2001)
- 19 - Piet Hemminga, Frysk bestjoerskundige en publisist
- desimber
- 3 - Joop Zoetemelk, Nederlânsk hurdfytser
- 4 - Geert Mak, Nederlânsk jurist, sjoernalist en skriuwer
- 8 - Paladine Roye, Amerikaansk keunstner († 2001)
- 14 - Ruth Fuchs, Dútsk atlete en politika († 2023)
- 15 - Piet Schrijvers Nederlânsk fuotballer († 2022)
- 16 - Benny Andersson, Sweedsk sjonger
- 17 - Sybe Krol, Frysk dichter († 1990)
- 24 - Jan Akkerman, Nederlânsk muzikant
- 30 - Gerlof Smit, Frysk byldzjend keunstner († 2014)
- 31 - Zakia Meghji, Tanzaniaansk politika
- datum ûnbekend
- Della Warrior, Amerikaansk politika en bestjoerster
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 21 - jonkhear T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, Frysk abbekaat en oersetter (* 1869)
- april
- maart
- 24 - Aleksander Aljechin, Russysk skaker (* 1892)
- 31 - Robert E. Strahorn, Amerikaansk sjoernalist (* 1852)
- augustus
- 2 - Johannes Jurres, Frysk keunstskilder en heechlearaar (* 1875)
- 13 - H.G. Wells, Ingelsk skriuwer (* 1866)
- 21 - Rudolf Gundersen, Noarsk reedrider (* 1879)
- septimber
- 7 - Régis de l'Estourbeillon, Bretonsk politikus (* 1858)
- oktober
- 15 - Hermann Göring, Dútsk oarlochsmisdiediger (* 1893)
- 25 - Hendrik Wouda, Frysk arsjitekt en meubelûntwerper (* 1885)
- desimber
- 22 - Gerrit Keizer, Frysk artyst en lyts minske (* 1874)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- prizen
- De Switserske skriuwer Hermann Hesse wint de Nobelpriis foar de Literatuer
- romans
- Bertus Aafjes, Bevrijdingsdag
- Simon Vestdijk, Ierse Nachten (skreaun yn 1942)
- Arthur van Schendel, Het Oude Huis
- Simone de Beauvoir, Tous les Hommes sont Mortels
- Bertus Aafjes, De Zeemeerminnen
- poëzij
- Bertus Aafjes Een Voetreis naar Rome
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Al Jolson Story
- La Belle et la Bête
Byldzjende keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Pferde (1946) Willy Reetz
Boukeunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Paltamo-tsjerke, Finlân (1946) Ilmari Launis
Jierren: | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 | 1949 | 1950 | 1951 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|